Fries

It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Oer de skriuwer

Arjen Terpstra is yn 1948 yn Weidum berne. Hy skreau al op syn tolfde en op syn achttjinde wûn er in literêre priis foar in toanielstik. Hy bleau skriuwen: heale romans, toanielstikken, films en gedichten, mar alles kaam op in grutte steapel. Om oan de kost te kommen hat Terpstra in protte by de ein hân. Sa wie er ûnder oare stjoerman op de grutte feart, ûndernimmer yn Amearika, freelance sjoernalist en kameraman. As er ferlear begûn er op 'en nij. Dat ferbynt him mei Amearika, it lân dêr't er him bûten Fryslân it meast thúsfielt.
Yn 2008 debutearre er mei De Hearen fan Fryslân, dêr't er yn 2010 de Rink van der Veldepriis foar krige.

Ynhâld

It Eagleton Segel is it epos fan de Ierske famylje Eagleton dy't al yn de midsieuwen in kastiel bewenje op Mount Eagleton. Troch de Ingelske besetting fan Ierlân nei 1649 rekket de famylje fan it kastiel ôf. Se hâlde in spesjaal segel as bewiis dat it kastiel fan har is. Yn 1846 slacht Patrick Eagleton it segel yn twaën. Syn beide soannen, Shay en John, krije elk in part. De bruorren moatte flechtsje om't se in Ingelske lânhearre fermoarde ha. It ferhaal folget de neikommelingen fan Shay en John dy't elkoar út it each ferlieze en ûnder oare telâne komme yn Skotlân, Amearika en Fryslân. As yn 1954 kandidaat-gouverneur John Hamilton fan de steat Montana delsketten wurdt troch in froulike Eagleton komme de twa famyljelinen en ek de twa segel-parten wer by elkoar. In wichtich tema yn it boek is de magyske ferbûnens fan de Eagletons mei de kening fan de loften, de earn (Ingelsk: 'eagle').

Lêsoanwizings

De struktuer fan It Eagleton Segel is lestich. It ferhaal wurdt net gronologysk ferteld. Om yn it ferhaal te kommen moatst even trochsette! In twadde aspekt dat lestich is, is it grut tal persoanen dat yn it ferhaal foarkomt. Foaryn it boek is in stambeam opnommen dy't helpe kin om de minsken út inoar te hâlden. Dêr sitte lykwols in pear flaters yn. Op www.arjenterpstra.nl is ûnder it kopke 'Boeken/Het Eagleton Zegel' de goede stambeam te finen. It ferhaal lêst fierder flot, it taalgebrûk is net dreech.

Om oer te prakkisearjen

Wat dochst ast flechtsje moast út dyn lân wei? Wat dochst mei dyn besittingen ast flechtsje moast?
Hawwe jim yn de famylje ek famyljetradysjes of famyljebesittingen? Hoe wurdt dêr mei omgongen?  Hoe fier giest ast famyljebesittingen werom ha wolst dy't troch omstannichheden net mear yn de famylje binne?

Wurdearring

'It moaiste boek dat ik oait lêzen ha.'
Fenna (5v)

'Het Eagleton Zegel
is een aanrader voor iedereen die zin heeft in een 'meeslepend epos over een Ierse dynastie'.
Natascha van der Stelt op Crime Zone

'Een indrukwekkende roman, machtig in zijn historische reikwijdte, boeiend in zijn beeldende anekdotes en overtuigend in zijn hartstocht.'
Ellen ten Damme

Mear witte?

In oantal resinsjes fynst op Sirkwy by it boekprofyl

Skreaun troch

Ans Wallinga

Suggestjes


It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Opdrachten

BoekTerpstra, Arjen, It Eagleton Segel*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om karaktereigenskippen te keppeljen oan in romanfiguer

Opdracht

Yn It Eagleton Segel draait it foar in grut part om John Hamilton (berne yn 1914) en Sinead van der Zee (berne yn 1927). Fan beide personaazjes krigest yn it boek in goede yndruk fan har karakter.

1. Hjirûnder steane in tsien karaktereigenskippen. Folje de list oan mei noch tweintich karaktereigenskippen. Brûk eventueel ynternet, in wurdboek of de metoade foar it fak Nederlânsk by dy op skoalle. Set de wurden yn dat gefal oer nei it Frysk.

Karaktereigenskippen: koppich, eigenwiis, sjarmant, kreatyf, earlik, jaloersk, yntelligint, soarchsum, freonlik, grutsk.

2a. Keppelje fiif karaktereigenskippen oan John Hammilton.
2b. Jou in passaazje út it boek dêr't ien karaktereigenskip fan John goed nei foarren komt.

3a. Keppelje fiif karaktereigenskippen oan Sinead van der Zee.
3b. Jou in passaazje út it boek dêr't ien karaktereigenskip fan Sinead goed nei foarren komt.

4 Hokker fan beide romanfigueren (John of Sinead) sprekt dy it meast oan? Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga



BoekTerpstra, Arjen, It Eagleton Segel*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswerklikheid en fiksje
Learst

om út te sykjen hoe't in oantal histoaryske barrens yn it boek foarkomme

Opdracht

Yn It Eagleton Segel wurdt werklikheid fermongen mei fiksje: it ferhaal spilet him ôf tsjin de eftergrûn fan bepaalde foarfallen út de skiednis. Sa hat de hongersneed yn Ierlân yn de njoggentjinde ieu echt plakfûn.

1 Lês ûndersteande artikels (sjoch boarnen) oer de hongersneed yn Ierlân. Meitsje der in gearfetting (300 wurden) fan. Beskriuw ûnder oare de oar-saken en gefolgen fan de hongersneed.

2. Wat is fan de hongersneed werom te finen yn It Eagleton Segel?
Jou de siden oan dêr't de hongersneed yn beskreaun wurdt.

3. Jou noch in foarfal út de skiednis dat in rol spilet yn It Eagleton Segel.
Jou ek wer de siden oan dêr't it foarfal werom te finen is.
Omskriuw it foarfal feitlik oan de hân fan ynformaasje fan ynternet.

Boarnen

Wikipedy, Ierske hongersneed (1845-1850)
Celtic Britain, De aardappelcrisis (1845-1849)
Landenweb, Ierland, geschiedenis

Makke trochAns Wallinga




It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Opdrachten

BoekTerpstra, Arjen, It Eagleton Segel*
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferhaallinen
Learst

om it ferbân tusken twa ferhaallinen te ûndersykjen

Opdracht

It ferhaal yn it boek It Eagleton Segel wurdt net gronologysk ferteld. Op in stuit spjalt it ferhaal yn twaën. De lêzer folget dan de ferhalen fan Shay en John Eagleton. Yn dizze opdracht ûndersikest de oerienkomsten en ferskillen yn it libben fan de twa bruorren.

1. Beskriuw yn tsien punten it libbensferhaal fan Shay Eagleton.
Begjin by syn berte (jiertal) en neam dêrneist noch njoggen wichtige foarfallen út syn libben.

2. Doch datselde foar John Eagleton.

3. Neam trije oerienkomsten tusken de beide libbens.

4. Neam trije ferskillen tusken de beide libbens.

Makke trochAns Wallinga



BoekTerpstra, Arjen, It Eagleton Segel*
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusrelaasjes
Learst

om relaasjes te analisearjen

Opdracht

Elkenien hat wol wat dat er berikke wol op termyn. Dat kin in goed sifer op skiednis of wiskunde wêze. In finaleplak yn The Voice of Holland. In nij mobyltsje by elkoar garje mei in fakânsjebaantsje, gelokkich wurde of in jier nei it bûtenlân.

Om dat doel helje te kinnen, hast grif oare minsken nedich. Of hast ferlet fan bepaalde saken, sa as bygelyks 'talint' ast Nederlânsk kampioen hurdfytsen wurde wolst.

Der kinne lykwols ek saken of minsken wêze dy't dy bewust of ûnbewurst tsjinwurkje.


A
Skriuw in pear doelen op dy'tst berikke wolst. It meie ek doelen op langere termyn wêze. Skriuw derby wa of wat dy stypje kin(ne). En wat kinne tûkelteammen op dyn paad wêze?


B
John Hamilton (berne yn 1914) hat ek doelen dy't er yn syn libben berikke wol. Dêr wurdt er by holpen troch bepaalde minsken en wurdt er ek yn tsjinwurke.

1. Wat is syn wichtichste doel(en)?

2. Slagget er dêr yn? Motivearje dyn antwurd.

3. Wa of wat hat John holpen en hoe? Jou foarbylden út it boek.

4. Wa of wat hat John tsjinwurke en hoe? Jou foarbylden út it boek.

Makke trochAns Wallinga




It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Opdrachten

BoekTerpstra, Arjen, It Eagleton Segel*
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst ien persoan 6 slu | twatal 3 slu p.p.
Wurkfoarmyndividueel of twatal
Fokuswearde-oardiel
Learst

om in wearde-oardiel te formulearjen

Opdracht

Meitsje in powerpointpresintaasje of in presintaasje yn prezi oer it boek fan likernôch tsien minuten. De presintaasje is bedoeld foar dyn klasgenoaten.

Soargje dat ûndersteande punten yn de presintaasje nei foarren komme:
- de wichtichste personaazjes;
- de plakken dêr't it ferhaal him yn ôfspilet;
- de tiden dat it ferhaal spilet;
- in (koarte) gearfetting;
- sterke en swakke punten fan it boek.

Klaai de presentaasje oan mei byldmateriaal. Dat kinne stikjes film of foto's/tekeningen wêze. Fansels is ynternet in geweldige boarne. Dat kinne jimme brûke, mar jou wol oan wêr't de ynformaasje wei komt.

Brûk noait ynformaasje dy'tst sels net hielendal begrypst. Freegje dysels altyd ôf: 'Kin ik dit útlizze as immen der in fraach oer stelt?'

Makke trochAns Wallinga



BoekTerpstra, Arjen, It Eagleton Segel*
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokussfear
Learst

om te reflektearjen op de sfear fan it ferhaal

Opdracht

Muzyk is in hiel moai middel om sfear wer te jaan.

1. Om't it ferhaal him oer meardere ieuwen en yn mear lannen ôfspilet, makkest earst in list fan trije mominten/sênes/fragminten út it ferhaal dy't dy oansprekke. Omskriuw yn it koart dy passaazjes en neam de siden út it boek.

2. Keppelje oan elk fan de trije passaazjes in liet dat de sfear fan dat fragmint werjout.
Dat meie Frysk- of Ingelsktalige lieten wêze. Brûk (eventueel) Spotify om fergees nûmers te downloaden.
Skriuw titel en artyst op en beskriuw by elk nûmer yn ûngefear 50 wurden wêrom't dat nûmer sa goed by dy passaazje heart.

Boarnen

Spotify

Makke trochAns Wallinga




It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
It Eagleton Segel* - Terpstra, Arjennivo 3

It Eagleton Segel*

skriuwer :Terpstra, Arjen
Jier:2010
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Ljouwert
Oantal siden:479
Sjenre:histoaryske roman
Stekwurden:Amearika, emigraasje, fantasy, Ierlân, spanning en aventoer
ERK-nivo : B1
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel

 

Yntroduksje

Arjen Terpstra is yn 1948 yn Weidum berne. Syn heit wie de bekende sjoernalist-skriuwer Piter Terpstra. Arjen begûn al mei skriuwen op syn tolfde en yn syn jonge jieren hie er sukses mei in oantal (eksperimintele) tonielstikken dy't troch Tryater spile. waarden. Hy hat letter ek in protte skreaun: heale romans, toanielstikken, films en gedichten, mar alles kaam op in grutte steapel. Om oan de kost te kommen hie er fan alles by de ein. Sa wie er ûnder oare stjoerman op de grutte feart, ûndernimmer yn Amearika, freelance sjoernalist en kameraman. Hy wie de earste dy't cd's mei klassike muzyk útjoech bûten de gewoane ferkeapkanalen en dat lei him gjin wynaaien, hy boude bedriuwen op en as er ferlear begûn er wer op 'en nij. Yn de jierren 00 wie er in oantal jierren direkteur fan it mediabedriuw  Foreign Media Group. Syn ûndernimmendheid ferbynt him mei Amearika, it lân dêr't er him bûten Fryslân it meast thúsfielt.
Yn 2008 debutearre er mei De Hearen fan Fryslân, dêr't er yn 2010 de Rink van der Veldepriis krige.

Ynhâld

It Eagleton Segel is it mânske heldeferhaal fan de famylje Eagleton, fiere neikommelingen fan High King Brian Bóroimhe. De High King rêdt op in stuit it libben fan in eaglejong. Sûnt dy tiid beskermje eagles syn neiteam.
Brian Eagleton (berne yn 956), soan fan High King Brian Bóroimhe, lit in kastiel bouwe op Mount Eagle.
Op âldjiersnacht 1653 ferlit Henry Eagleton it kastiel op Mount Eagle. De Ingelske besetters easkje it kastiel op. Henry komt oerien dat as Ierlân wer in frije naasje wurdt, de Eagletons wer op it kastiel wenje meie. As bewiis lit Henry in segel en in dokumint meitsje troch de muontsen fan de Sacred Brotherhood.
Fan Henry Eagleton oant Patrick Eagleton giet it segel fan heit op soan oer.
Yn 1846 fermoardzje dy syn soannen John en Shay Eagleton in Ingelske lânhear. De bruorren moatte flechtsje. Patrick slacht it segel midstwa en de jonges krije elk in helte fan it segel mei. Se beslute apart fan elkoar te flechtsjen, want sa ha se mear kâns.
Fan dat momint ôf wurdt it ferhaal yn twaën spjalte: it ferhaal fan John en syn neiteam en it ferhaal fan Shay.
Yn 1954 wurdt kandidaat-gûverneur John Hamilton op in kiezersfeest yn Montana delsketten. As John Hamilton de dieder moetet, komme de ferhaallinen wer byelkoar en liket it paad frij nei it kastiel op Mount Eagle.

Swierte

De dregens fan It Eagleton Segel sit yn de struktuer fan it boek en it tal personaazjes dat yn it ferhaal foarkomt. In echte haadpersoan is der net of it moat it Eagleton segel sels wêze dat as eigendomsbewiis tsjinnet fan it kastiel op Mount Eagle yn Ierlân. Fan psychologyske djipgong is lykwols gjin sprake.
It ferhaal fljocht dwers troch de tiid hinne en wer, tusken likernôch 926 en 1975, en spilet him ôf op ferskate plakken op de wrâld: fan Ierlân oant Montana en fan it easten yn Ruslân oant Skiermuontseach.
It is in hiele toer om de nammen fan de personaazje en de relaasjes oer en wer út inoar te hâlden.
Benammen foar in N2-lêzer sil dat lestich wêze. Dêr stiet tsjinoer dat wannear't in N2-lêzer ynteresse hat foar skiednis en nije wrâlden it in hiel nijsgjirrich en meinimmend boek wêze kin.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It Eagleton Segelis in tsjok boek mei in ferhaal dat net gronologysk ferteld wurdt. Dat soe in N2-lêzer ôfskrikke kinne. Dêr stiet tsjinoer dat it ferhaal dramatysk en mei-slepend is. Dat sil de N2-lêzer tige oansprekke.
De lêzer sil him oerjaan moatte oan it 'fantasy'-aspekt fan it ferhaal.

Ynteresses

Benammen foar lêzers dy't ynteressearre binne yn skiednis en hâlde fan fantasy is It Eagleton Segel in nijsgjirrich boek.

Algemiene kennis

Net fereaske, want alles wurdt útlein.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is hjoeddeisk. De skriuwer hat troch it geregeld brûken fan Ingelske wurden in ynternasjonaal sauske oer it ferhaal getten. De lêzers sille dêr lykwols gjin probleem mei hawwe.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en net kompleks.

Styl

Terpstra hantearret in beskriuwende styl. Der sitte relatyf in bytsje dialogen yn it ferhaal. As se wol foarkomme, binne se koart. Dat freget fan in N2- en N3-lêzer trochsettingsfermogen. Foar in N4-lêzer sil dat in útdaging wêze.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de roman sit in protte aksje. Lykwols troch de wiidweidige beskriuwingen fan de foarfallen en persoanen, kin it ferhaal ek wol traach oankomme.
Oan de oare kant wurde de realistyske histoaryske foarfallen hiel oannimlik en spannend beskreaun.

Gronology

It ferhaal wurdt net gronologysk ferteld. Der wurde per haadstik flinke sprongen troch de tiid hinne naam: fan it jier 926 nei 1924 en fan 1653 nei 1975. Al mei al slute de haadstikken wol by elkoar oan, der sitte gjin iepen plakken yn it ferhaal. Per haadstik wurdt oanjûn wêr't en wannear't it him ôfspilet.

Ferhaalline(n)

Yn it begjin fan it boek is der ien ferhaalline. Dan wurdt op in stuit it ferhaal splitst, as it segel troch de omstannichheden yn twaën slein wurdt, om oan de ein fan it ferhaal wer byelkoar te kommen. Foar in N2-lêzer kin dat dreech wêze. Foar de N3- en N4-lêzer leit dêr in útdaging.

Perspektyf

Der is sprake fan in wikseljend auktoriaal en personaal perspektyf.

Betsjutting

It ferhaal hat gjin djippere betsjuttingslagen. It giet om de aksje en it spannende ferhaal.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der binne in protte karakters, dy't gjin ûntjouwing yn it karakter trochmeitsje.

Oantal karakters

It tal karakters is grut. It oantal personaazjes dat wêzentlik is foar it ferrin fan it ferhaal is folle lytser. N3-lêzers dy't boeid binne troch it ferhaal sille har dêrtroch net ôfliede litte. Lêzers dy't minder ynteressearre binne, kinne ôfheakje.

Untjouwing fan de karakters

De karakters binne flat en stereotype. Sa wurde bygelyks de manlike Eagletons faak delset as macho's: sterk, ynteger, rjochtfeardich en yntelligint. It ûntbrekt harren net oan wiisheid en krêft.

Relevante  boarnen foar dosinten

Sirkwy, oan de ein fan it boekprofyl, resinsjes
Sirkwy, Biografyske skets fan de skriuwer

Skreaun troch

Ans Wallinga