Fries

Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Oer de skriuwer

Akky van der Veer is berne yn it hjoeddeiske Damwâld yn 1943. Doe't se jong wie krige se TBC en moast se nei in sanatoarium. Dêr lies se in soad en skreau se ek har earste ferhalen. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt. Koartsluting kaam út yn ien bân mei Hoogspanning fan de Nederlânske skriuwer Jan Terlouw. Oare boeken dy't se skreaun hat binne de histoaryske romans Kuneara en Grutte wurden en it non-fiksjeboek Brieven oan ús mem. Oer it generaal is der in protte wurdearring foar har wurk. It lêste boek is in útiensetting fan in libbensfizy; de resinsjes dêrfan binne kritysk.

Ynhâld

Harry Stobbe hat jild liend om gokke te kinnen. Hy hat it fergokt yn in kasino. Hy sit no sûnder jild en om de liening ôf te beteljen moat er fytsen stelle foar Sjors. Yn in tunneltsje by Camminghabuorren yn Ljouwert komt Harry Yfke Jorritsma tsjin. Har heit is eigner fan de Hifi-shop. Der sjit him ynienen in idee yn 'e holle om mei help fan Yfke fan syn skulden ôf te kommen. Hy moat hiel wat lige om syn geheime libbentsje foar syn mem ôf te skermjen. Op it lêst komt der koartsluting yn 'e ferhâlding mei syn mem.

Lêsoanwizings

Dit boek bringt dy ynde wrâld fan Harry, de fytsedief. De skeanprinte stikken binne wolris wat dreech, mar de aksje en de humor meitsje datst wol trochlêze wolst!.

Om oer te prakkisearjen

Wat is koartsluting? Wannear krigest koartsluting yn de ferhâlding mei minsken om dy hinne? Hoe soe it wêze om elke dei in fyts stelle te moatten? En om yn de tange te sitten fan in misdiedige heelder?

Wurdearring

'Twa skriuwers ha de opdracht krigen om in jeugdboek te skriuwen oer enerzjy. It boek fan Akky van der Veer wurdt dan heger achte as it boek fan Jan Terlouw. Bleau it boek fan Terlouw wat yn uterlike avontueren hingjen, de Frysktalige helte fan it boek dolt djipper. Ek literêr is dat ferhaal nijsgjirriger as dat fan har hollânsktalige kollega.'
Jant van der Weg yn it Frysk Deiblêd

Mear witte?

In koart besprek fan de ferhalen fan Terlouw en Van der Veer, Leeuwarder Courant 17-05-1991.

Skreaun troch

Syb van der Ploeg

Suggestjes


Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Opdrachten

BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN1/1
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te gean hokker relaasjes de persoanen ûnderling ha

Opdracht

De wichtichste personaazjes yn Koartsluting binne: Harry Stobbe, mem Swaan Stobbe, Sjors de Vries, Van der Velde (de skriuwer fan in boek oer de PEB), Jurre van der Velde, Yfke Jorritsma, Yvonne, Kak, Piet de Groat, Foekje. Yn de Literêre teory kinst lêze hoe't in skriuwer syn 'personaazjes op papier' foarmjaan kin.

Meitsje de personaazjes en har ûnderlinge relaasjes sichtber yn in sosjogram.

Doch dat sa.

1. Set de namme fan Harry Stobbe  yn it midden fan in A3-papier.

2. Skriuw dêrûnder de leeftyd, wat foar wurk oft Harry docht, oft hy nei skoalle giet, hoe't syn uterlik en karakter is. Doch dat foar sa fier it boek dêr ynformaasje oer jout.

3. No komme de oare personaazjes fan it boek. Skriuw har nammen ek yn it sosjogram, yn in rûnte om dy fan Harry hinne. Set om elke namme in kaderke. Jou de relaasje oan dy't de personaazjes meielkoar ha en mei Harry. Jou dy relaasjes oan mei linen. Skriuw by dy linen op hoe't de persoanen meielkoar yn ferbân brocht binne.

4. Skriuw by de personaazjes fan fraach 3 yn it sosjogram ek op wat it boek oer harren seit. Dat mei gean oer de leeftyd, berop, skoallegea of it uterlik en karakter.

Boarnen

Joke van Balen e.a. Basisboek literatuur. Grins, 2009, s. 106-108.

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN1/2
nivo1
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferdjipjen yn de haadpersoan

Opdracht

Jou dyn miening oer fiif stellingen dy't te krijen ha mei haadpersoan Harry. Bist it mei de stellingen iens of net, en wêrom?
Helje dyn arguminten út it boek.

nr

Stelling

Iens/net mei iens

Arguminten

1

Harry mient it goed mei syn mem.

 

 

2

Harry hat in goede relaasje mei Sjors de Vries.

 

 

3

Harry hat it bêste mei Yfke foar.

 

 

4

Harry is in gemiene krimineel.

 

 

5

Harry stiet hieltyd ûnder spanning yn dit boek.

 

 

 

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN1/3
nivo1
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokusboekferfilming
Learst

om nei te tinken oer aspekten fan boekferfilming

Opdracht

Koartsluting hie ferfilme wurde kind. Dat is noch net bard, mar dochs meitsje wy in plan foar in film. Do tinkst nei oer útdagingenen dêr't in regisseur foar komt te stean. Jou antwurd op de folgjende fragen:

1. Wat is dreech by it skriuwen fan in filmsenario? Sjoch it artikel yn de boarne.  Notearje fiif swierrichheden.

2. Wa moat de rol fan Harry Stobbe spylje? Wa de rol fan Jurre? Wa dy fan Yfke? Wa de rol fan mem Stobbe? En wa dy fan Sjors de Vries? Wa dy fan Pyt de Groat? Sykje Fryske akteurs  út de searjes 'Baas boppe Baas', 'Ikaros', 'de Keet' ensfh.

3. Harry wennet yn Ljouwert, de film soe dan ek yn dy stêd opnaam wurde moatte. Skriuw de fiif wichtichste opnamelokaasjes fan it boek op. Foldogge dy plakken ek oan easken dy't yn 'e teory link steld wurde?

4. Hokker fiif foarfallen út Koartsluting moatte yn dizze film te sjen wêze? Neam twa foarfallen út Koarsluting dy'st wol weilitte kinst.

5. Hokker muzyk soest yn de film brûke wolle? Lis út wêrom.

6. Yn in film sitte faak in protte dialogen. Werskriuw side 49 en 50 as filmskript yn dialoochfoarm. Set der ek by wa't wêr is en wa't, wat seit.

7. Soe de film 'Koartsluting' in kassukses wurde kinne? Wêrom wol of        wêrom net?

Boarnen

Inez Risseeuw op boekschrijven.nl

Makke trochSyb van der Ploeg




Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Opdrachten

BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om wat der yn it boek mei Harry bart út in oar perspektyf wei te sjen

Opdracht

Koartsluting is skreaun út personaal perspektyf wei, dus út Harry wei (en ek soms út Jurre wei).

1 Lês yn de literêre teory it stik oer perspektyf

2. Fertel earst wat oer de lêste rûzje dy'tsto hiest mei dyn âlden. Gean yn op de ûndersteande fragen.
* Wêr gie it oer?
* Wat foar arguminten brûktesto?
* Wat wiene de arguminten fan dyn âlden?
* Hoe soe it kinne dat jimme sa ferskillend oer de saak tochten?

Sykje no út de ûndersteande gedielten de trije passaazjes dy'tsto it moaist fynst en werskriuw dy út it perspektyf wei fan Harry syn mem. Brûk dêrby in ik-perspektyf, dus de 'ik' yn dyn nije stikken is Harry syn mem.

nr

side

Stik út it boek begjnt mei..

side

 o/m dit stik út it boek

1

9

Wat doest nou …....

9

 dy't dij achter de broek aansit.

2

10

Se hie it …....

10

Waar liekt dat nou op?

3

32

Dat boek over it PEB …...

33

….. om te fergokken yn it kasino.

4

35

Harry, wat hewwe jou? ...

36

...Wat mutte jou dan

5

37

Maar waarom mutte jou ...

37

… Net ferjitte

6

48

'Harry! Wat bin ik bliid …..

50

… Meens, hou je hasses! rôp er lilk.

7

59

It fleach Harry ynienen oan.

60

… Noch net iens in simpel boskje blommen.

8

60

'Hannen foor de ogen moeke!' …...

61

…. 'Wat in groat kado!'

9

91

'Moeke,' flústere Harry....

91

…..., siet der noch......

(Literêre) teory

Joke van Balen e.a. Basisboek literatuur. Grins 2009, s. 101-106

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearje op de titel

Opdracht

1. Nei hokker foarfallen ferwiist de titel fan it boek Koartsluting?
Sjoch nei de trije sitaten yn 'e boarne.

2. Wêrom binne dizze foarfallen sa wichtich dat dit boek dêr de titel oan ûnlient.
3. Wat fynst goed oan dizze titel en wat fynst net sa goed?

4. Wiene dizze titels ek better west?
A. De fytsedief
B. Harry en Yfke
C. Jurre en Yfke
D. Harry en Sjors

Lis by elke titel út watst der goed oan fynst en watst der minder goed oan fynst. Sis ek datst de titel better of minder fynst as de titel Koartsluting.

5. Betink sels trije titels en lis út wêrom't dyn titel better is.

6. Hokker titel fynst no better: de titel dy't Akky van der Veer oan har boek jûn hat, de fjouwer fan opdracht 4 of de trije dysto sels betocht hast? Jou arguminten foar dyn kar.

Boarnen

De titel 'Koartsluting' hat dan ek minder mei it produkt fan de jubilaris (PEB 75 jier, elektrisiteit) te krijen mar alles mei de relaasjes fan de ferhaalfigueren ûnderling.
   Jant van der Weg yn it Frysk Deiblêd, 18 july 1991.

De 'koartsluting' tussen Harry en zijn moeder en tussen Jurre en Yfke wordt opgelost.
   Baukje Wytsma en Marja Boonstra yn de Ljouwerter Krante, 17 maaie 1991

Jurre is smoar op Yfke, mar troch allerhande omstannichheden ûntstiet der koartsluting.
   Henk van der Veer. Sneeker Nieuwsblad, 18 july 1991

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN2/3
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusindetifikaasje
Learst

om dy yn te libjen yn personaazjes

Opdracht

Lês it lêste haadstikje XIII nochris troch. It jout it slot fan it ferhaal.

1. Stel datsto de mem (moeke) bist. Skriuw in mailtsje fan sa'n 300 wurden oan dyn bêste freondinne. Do skriuwst oer de pine en ellinde dy't dyn soan Harry trochstien hat. Fertel wêr'tsto him helpe koest en wêr net. Skriuw oan 'e ein fan 'e brief hoe'tsto de takomst fan Harry sjochst en hokker rol dêr foar dy, as mem yn weilein is.

2. Harry is folwoeksen wurden. Nei jierren sjocht er op it barren yn Koartsluting werom. Hokker útspraak soe it bêste by him passe en wêrom?
a. By mem fielde ik my feilich en gelokkich.
b. Mem die der alles oan om my in goed libben te jaan mar sels ha ik dat wol ferballe.
c. By mem fielde ik my feilich en gelokkich want mem die der alles oan om my in goed libben te jaan. mar sels ha ik dat wol ferballe.
d. Ik bin yn 'e problemen kaam, omdat ik gjin heit hie.

Makke trochSyb van der Ploeg



BoekVeer, Akky van der, Koartsluting*
NûmerN2/4
nivo2
Stúdzjelêst 1 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokusferhaallinen
Learst

om ûnderskied te meitsjen yn ferhaallinen en dy byelkoar komme te litten

Opdracht

Yn dit boek binne twa ferhaallinen: ien fan Harry en ien fan Jurre.

Lês it stik oer 'tiid' yn de Literêre teory.

Yn dizze opdracht dogge jimme ûndersyk nei wat de beide ferhaallinen mei elkoar út te stean ha.

1

Yn duo

Wa nimt de ferhaalline fan Harry en wa dy fan Jurre?
Praat dat ôf.

2

Yndividueel

De iene makket in listje fan de 10 belangrykste foarfallen út it ferhaal fan Harry.
De oare docht itselde mei de ferhaalline fan Jurre

3

Yndividueel

Set dy foarfallen yn gronologyske folchoarder en jou de foarfallen in nûmer. In nûmer ien oan it earste foarfal en nûmer tsien oan it lêste foarfal

4

Yn duo

Tekenje op ien fel papier twa tiidbalken. De boppeste foar Harry en de ûnderste foar Jurre. Set yn de boppeste de nûmers fan de foarfallen fan Harry en yn de ûnderste dy fan Jurre. Lûk in lijn fan de tiidbalke fan de iene nei de oare as se tagelyk spylje.

5

Yn duo

Op hokker mominten reitsje de ferhaallinen elkoar?

6

Yndividueel

Wat falt dy fierder op by dit ûndersyk fan de beide ferhaallinen? Skriuw trije dingen op.

7

Yn duo

Fergelykje jimme befiningen .

(Literêre) teory

Joke van Balen e.a. Basisboek literatuur. Grins, 2009, s. 110-112

Makke trochSyb van der Ploeg




Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Opdrachten

[Er zijn geen opdrachten gevonden voor dit niveau.]
Koartsluting* - Veer, Akky van dernivo 1

Koartsluting*

skriuwer :Veer, Akky van der
Jier:1991 [2de pr. 2014]
Utjouwer:Friese Pers Boekerij
Plak fan útjefte:Drachten/Ljouwert
Oantal siden:91
Sjenre:jongereinboek
Stekwurden:enerzjy, leafde, lytse kriminaliteit, mem-soanrelaasje
ERK-nivo : A2
 
learlingen
dosinten
  set yn myn boekenkast

Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.

 

Yntroduksje

Akky van der Veer is berne yn 1943 yn it hjoeddeiske Damwâld. Doe't se jong wie krige se TBC en moast se nei in sanatoarium. Dêr lies se in soad en skreau se ek har earste ferhalen. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek isSwart op wyt.Koartslutingkaam út yn ien bân mei de titelHoogspanningfan de Nederlânske skriuwer Jan Terlouw. It waard skreaun yn opdracht fan it PEB, it provinsjaal enerzjybedriuw, doe't dat 75 jier bestie. Oare boeken dy't Akky van der Veer  skreaun hat binneKuneara, Grutte wurdenenBrieven oan ús mem. Oer it generaal wurdt har wurk loovjend ûnthelle. De resepsje fan it lêste boek, mear in traktaat oer in libbensfizy as in fiksjoneel wurk, is minder posityf.

Ynhâld

Harry Stobbe hat jild liend om gokke te kinnen. Hy hat it fergokt yn in kasino. Hy sit no sûnder jild en om de liening ôf te beteljen moat er fytsen stelle foar Sjors. Yn in tunneltsje by Camminghabuorren yn Ljouwert komt Harry Yfke Jorritsma tsjin. Har heit is eigner fan de Hifi-shop. Der sjit him ynienen in idee yn 'e holle om mei help fan Yfke fan syn skulden ôf te kommen. Hy moat hiel wat lige om syn geheim libbentsje foar syn mem ôf te skermjen. Op it lêst komt der koartsluting yn 'e ferhâlding mei syn mem. It ferhaal fan Harry is noch altyd aktueel.

Swierte

Dit boek is net dreech om te lêzen. Der sit spanning en waarmte yn en it hat in ûnferwachte ûntknoping. De lange kursive stikken helje de gong út it boek. Foar in N1-lêzer is dat in obstakel, in N2-lêzer sil dat minder dreech fine.

Didaktyske en letterkundige analyse

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze  om him te ferpleatsen yn it libben fan in fytsedief en syn motiven om sa te dwaan.

Ynteresses

It stellen fan fytsen is wol in ûnderwerp dat de ynteresse fan lêzers fan it ynstapnivo en fan de N2-lêzer hat.

Algemiene kennis

It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan foar de mobyltsjes, doe't in telefoansel noch wichtich wie en in kleuretv mei teletekst it nijste fan it nijste. Dat is foar de lêzers gjin grut obstakel.

Spesifike literêre en kulturele kennis

 

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der wurdt yn dit boek yn 'e regel Frysk praat, mar Harry, syn mem en de âld man by de tunnel brûke it stêdfrysk fan Ljouwert. Der wurde yn it hiele ferhaaltekst fan it boek gjin drege wurden brûkt. Allinne yn 'e gedielten dêr't it oer enerzjy giet komt wolris in wat dregere term foar. Meastentiids wurde dy wol útlein. It wurdgebrûk is eigentiids.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net kompleks, dialogen binne fersoarge. De N1-lêzer sil dêr gjin problemen mei ha

Styl

De styl is helder en dúdlik. Koartsluting is konsintrearre skreaun, strak komponearre sûnder omhaal fan wurden. Foar N1-lêzers is dit hiel gaadlik.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit wol aksje en humor yn dit boek, N1-lêzers sille dêrfan genietsje kinne. Humor is benammen te finen yn de rol fan de âldere man yn it ferhaal.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld.

Ferhaalline(n)

De twa ferhaallinen, dy fan Harry en dy fan Jurre, komme goed byelkoar sûnder tafallichheden en keunstgrepen.

Perspektyf

Der is in personaal perspektyf, de skriuwster beskriuwt it ferhaal út Harry en Jurre wei. De wikseling fan perspektyf is dúdlik, dêrom is it oer it generaal goed nei te kommen; guon N1-lêzers soene it noch wolris dreech fine kinne.

Betsjutting

De skriuwster fynt de ferhâlding tusken minsken in wichtich elemint yn har boeken. Dat tema hat se ek yn dit boek ferwurke. As lêzer priuwe je it belang fan de goede ferhâlding tusken mem en soan. De jierdei fan Harry syn mem is him fergetten. Hy jout syn mem in televyzje op 'e jierdei om dat goed te meitsjen. Oan 'e ein fan it boek as er slim ferwûne yn it sikehûs belânet moat mem by him bliuwe en dat docht se ek.
It boek jout ek in goed byld fan in mooglik motyf om op it kriminele paad te gean en telâne te kommen yn it wrâldsje fan de fytsestellerij en de agressive heelder Sjors de Vries.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan is in round character, de oare persoanen binne flat characters. N1-lêzers sille de haadpersoan goed folgje en begripe kinne, hy bliuwt sympatyk en kwetsber. De karakters binne libbene kreatueren dy't de skriuwster delset troch it (doe) eigentiidske taalgebrûk, shit's en bullshit's binne net fan 'e loft.

Oantal karakters

Der is in oersichtlik oantal figueren dy't faak ek meielkoar te krijen ha. Harry syn mem wurket by de heit fan Jurre. Jurre sjocht hoe't Harry in fyts stelt. Harry brûkt Yfke foar syn grutte slach. Jurre is ferlyfd op Yfke.

Untjouwing fan de karakters

Untjouwing sjogge je allinne by de haadperoan Harry.

Ferantwurding

 

Oer Akky van der Veer, sirkwy.nl, bioskets.

Relevante  boarnen foar dosinten

 

Jelma Sytske Knol yn Frysk en Frij 02-05-1991
'Energiebewust dubbelboek van Terlouw en Van der Veer. 'Hoogspanning-Koartsluting'.' Hendrik van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 18-07-1991.
K. Dantuma yn Frysk en Frij 22-08-1991

Skreaun troch

Syb van der Ploeg