Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | De dei dat Farah Bezaz ferdwûn

De dei dat Farah Bezaz ferdwûn

De dei dat Farah Bezaz ferdwûn

Meer, Aggie van der
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2008
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
142
Genre
  • sosjale roman
Tags
  • earwraak
  • famylje
  • islam
  • man-frouferhâlding
Taalniveau
B2

Over de auteur

Aggie van der Meer (1927) skriuwt graach oer maatskiplik relevante ûnderwerpen. Se hat fjouwer dichtbondels, seis toanielstikken en fiif romans skreaun. Ien dêrfan, Lytse roman fan Jon Fels (2002), giet oer pedofily en is oerset nei it Nederlânsk. Aggie van der Meer skriuwt byldzjend en ryk. Yn har wurk sitte in soad ferwizings nei de bibel, nei oare boeken, nei de natuer en de klassiken. Se hie fan jongs ôf niget oan skriuwen mar se kaam pas op lettere leeftyd mei publikaasjes nei bûten ta. Se komt út Boalsert en hat dêr ek altyd wenne.

Inhoud

Farah Bezaz is in islamitysk famke fan 16. Se sit op skoalle en hat ferkearing mei Josh, in Fryske jonge dy't net leauwich is. Farah wol graach fierder leare en mei Josh wêze, mar har heit wol har úthoulikje oan in neef. Dêrom sjocht Farah gjin oare mooglikheid as flechtsje fan hûs. De minsken dy't witte dat se flechte is, reagearje hiel ferskillend. Allegearre besykje se foar te kommen dat Farah it slachtoffer wurdt fan earwraak.

Leesaanwijzingen

It boek is opdield yn koarte haadstikken fan soms mar twa siden. Silst fernimme dat der in soad personaazjes yn it boek foarkomme en dat it perspektyf yn elk haadstik feroaret. Yn it begjin is dat lestich, mar ast trochlêst herkenst gau wa’t oan it wurd is en wat de personaazjes mei-inoar te meitsjen ha.

Om over na te denken

Hearst dy te gedragen nei de regels dy't by dyn kultuer hearre? Wat soest dwaan as dyn heit en mem foar dy bepale mei wa'st trouwe moatst? Wat hast oer foar dyn eigen frijheid?

Waardering

'It is de fertsjinste fan dizze skriuwster dat se de problematyk fan benammen moslimfroulju fan in soad kanten beljochtet. Se makket dúdlik dat binnen dy wrâld hiel ferskillend tocht wurdt oer de ûnderdrukte posysje fan froulju.'
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante

'De stijlvolle manier van schrijven, beeldend, beheerst, helder en de vaart in het verhaal waarin naar een dramatische gebeurtenis toe gewerkt wordt, maken deze roman heel leesbaar en spannend voor een literair en ook wel iets breder publiek.'
Jelle van der Meulen op syn Friese-literatuursite

Opmerkingen

Aggie van der Meer hat tegearre mei skriuwster Marga Claus it kadoboek fan 2016 skreaun, Neiskrift. Kinst sjen wat se oer dat boek fertelle by dizze keppeling.

Leestips/meer weten

Aggie van der Meer, eigen website
Boekprofyl op Sirkwy
Aggie van der Meer op Sirkwy

Samengesteld door

Gerbrich de jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op ferskillende personaazjes

Opdracht

1. Hjirûnder steane fiif personaazjes. Wa fan dy fiif fûnst it sympatykst? En wa fûnst júst it minst sympatyk? Meitsje in top fiif en set it meast sympatike karakter op ien. Jou ek in taljochting by dyn top fiif.

Aana
Gryt
Hero
John
Lev

2. Hjirûnder sjochst in oantal karaktereigenskippen dy’tst brûke kinst om in personaazje te beskriuwen. Kies foar alle personaazjes út fraach 1 twa dúdlike eigenskippen út en ljochtsje dyn kar ta. Ferwiis yn dyn útlis nei foarbylden yn it boek.

freonlik, ûnfatsoenlik, dom, yntelligint, drok, rêstich, nijsgjirrich, ûnferskillich, pessimistysk, optimistysk, ferlegen, gesellich, lulk, sterk, moedich, egoïstysk, meigeand, driftich, sletten, behelpsum, fleurich, jaloersk, romantysk, leaf, gemien, dominant, gefoelich, bemuoisuchtich.

3. Fan wa fûnst it it maklikst om it karakter te beskriuwen en fan wa it dreechst? Hoe soe dat komme?

4. Wa is dyn favorite personaazje yn dit boek? Lis út wêrom.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen oer it ferhaal. Reagearje op dy stellingen troch oan te jaan oftst it der mei iens bist of net. Doch dat sa: 'Ik bin it wol/net mei dizze stelling iens, want...' en lis dan dyn antwurd út mei foarbylden út it boek. Brûk foar alle stellingen minimaal hûndert wurden.

1. It ferhaal fan Farah is realistysk.
2. It wichtichste personaazje yn it boek is net Farah, mar Hero.
3. Farah hie har mar better dellizze kind by de kar fan har heit.
4. Ik bin troch dit boek mear te witten kaam oer de islamityske kultuer.
5. De titel fan it boek is tapaslik.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op in wichtich personaazje

Opdracht

1. Jou dyn miening oer Gryt. Fynst har sympatyk? Lis dyn antwurd út.

2. Op side 68 wurdt oer Gryt sein: ‘It wie in soad dat se dwaan moast en noch mear wat se litte moast.’ Wa seit dat? Is it Gryt sels of in oar dy’t dêr oan it wurd is?

3. Wat wurdt bedoeld mei de dingen dy’t Gryt dwaan moat? En wat mei de dingen dy’t se litte moat? Lis út dat dit sitaat in soad seit oer Gryt.

4. Fan Gryt kinst sizze dat se yn it boek in ûntjouwing trochmakket en dus in round charachter is (sjoch by boarnen). Wat komst oer Gryt te witten oan it begjin fan it boek? Wat is har rol oan ’e ein fan it boek?

5. Wa is neffens dy it belangrykste personaazje yn it boek? Ljochtsje dyn antwurd ta.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmtwatal, fjouwertal of byneed yndividueel
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op in moreel fraachstik

Opdracht

Diskusearje mei inoar oer de folgjende stelling:

‘Famkes as Farah kinne har it bêste dellizze by wat har heit wol.’

1. Praat ôf wa’t foar en wa’t tsjin de stelling is.

2. De foarstanners betinke safolle mooglik arguminten foar de stelling en de tsjinstanners betinke safolle mooglik arguminten tsjin de stelling. Bliuw sa ticht mooglik by de feiten út it ferhaal.

3. Hâld it debat. Folgje de debatregels út jim lesmetoade fan Nederlânsk of sjoch nei de falkûlen op de site fan it debatynstitút (ûnder boarnen). Freegje in klasgenoat om it debat op te nimmen mei telefoan of tablet.

4. Besjoch mei-inoar it debat en stel fêst wa’t syn stânpunt it bêste útleit.

N.B. Ast dizze opdracht allinnich dwaan wolst, dan kin dat ek. Betink dan foar dysels oftst it al of net iens bist mei de stelling en betink safolle mooglik arguminten om foar of tsjin de stelling te brûken. Skriuw dan op basis fan dy argminten in betooch fan minstens 250 wurden.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN3/3
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in personaazje

Opdracht

Der binne twa personaazjes yn dit boek dy’t opsletten sitte: John sit yn ’e finzenis en Farah ferberget har foar har famylje. Wa’t opsletten sit, hat in soad tiid om nei te tinken en te skriuwen. Farah en John skriuwe beide brieven.

Ferpleats dy yn ien fan beide personaazjes en skriuw in brief oer hoe’tst dy fielst. Skriuw de brief oan in personaazje dat ticht stiet by John of Farah, ien dêr’tst dus fertroulik oan skriuwe kinst. Yn it gefal fan John soe it Gryt wêze kinne en yn it gefal fan Farah soe it Josh wêze kinne. Skriuw in brief fan minstens 300 wurden. Gean yn op dyn gefoelens en sjoch werom op wat der de ôfrûne tiid bard is. Sjoch ek foarút en beskriuw dyn hoop en dyn ferwachtingen foar de takomst. Soargje dat de brief oanslút by wat yn it boek beskreaun wurdt.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmperspektyf
Fokusyndividueel
Learst

om te reflektearjen op it perspektyf

Opdracht

1. Op de earste side fan it boek wurdt wat ferteld oer Lev. Sykje dy der nochris by. Wat wurdt der oer him sein?

2. Troch wa syn eagen ‘sjogge’ we nei Lev? Wêr fernimst dat oan?

3. Sjoch ûndersteand sitaat.
‘Mo is in echten-ien,’ sei Lev.
‘Ja,’ hie er sein en fielde him mislik wurden.
(s. 7)
Wat bedoelt Lev mei ‘in echten-ien’? Wêrom wurdt Hero mislik?

4. Lês ûndersteand sitaat.

‘De blauwe fûgel Nikky soe op it dak fan ’e skoalle sitte om te hearren wat Mare sei en hoe lang’t se stil wêze moast. As er syn nocht hie, soe er fluitsje of probearre er syn nije flerkjes út.’ (s. 41)

Fertel watst witst oer Nikky. Wat fynst fan de passaazjes oer Nikky? Hoe lang duorre it foardatst trochhiest wat Nikky is?

5. Lês de ynformaasje oer perspektyf ûnder de boarnen. Wat foar perspektyf is brûkt yn dit boek?

6. Lês no haadstik 21 op side 78 nochris oer. Tinkst der no noch itselde oer? Lis út wat der oan ’e hân is mei it perspektyf yn dit koarte haadstik.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om kritysk te reflektearjen op de ynhâld

Opdracht

1. Jetske Bilker (sels skriuwster) freget har yn in resinsje oer dit boek ôf: 'Moslims dy’t Frysk prate, is dat net wat nuver? Ymmigranteproblematyk behannelje yn ‘e Fryske literatuer, wol dat wol?'
Se sizze wolris: de fraach stelle is him beäntwurdzje. Wat soe Bilker har beswier wêze tsjin moslims dy’t Frysk prate en tsjin it behanneljen fan ymmigranteproblematyk yn it Frysk?

2. Wat is neffens dy it antwurd op de fragen dy't Bilker stelt?

3. Wat foar ferhalen krije we fia de media faak te hearren as it giet om moslims? Neam ris trije dingen dy’t dy sa yn ’t sin komme fan de ôfrûne tiid.

4. Fynst dat byld yn dit boek werom?

5. Hjirûnder stiet in sitaat út de resinsje fan Jetske Bilker (te finen ûnder boarne 1). ‘Dochs is dit boek (…) net altyd like realistysk. Sa binne de autochtoanen om Farah hinne wol super korrekt, op foaroardielen binne se net te betraapjen.’
Bist it iens mei dy opmerking fan Jetske Bilker? Beärgumintearje dyn antwurd troch te ferwizen nei it boek.

6. Yn diskusjes oer maatskiplik gefoelige ûnderwerpen wurdt fan ien wolris sein dat dat dy ‘polityk korrekt’ is.
a. Wat betsjut dy útdrukking?
b. Is it in positive of negative kwalifikaasje? Lis út
c. Is Aggie van der Meer neffens dy polityk korrekt yn dit boek?

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Aggie van der Meer (1927) skriuwt graach oer maatskiplik relevante ûnderwerpen. Se hat fjouwer dichtbondels, seis toanielstikken en fiif romans skreaun. Ien dêrfan, Lytse roman fan Jon Fels (2002), giet oer pedofily en is oerset nei it Nederlânsk. Aggie van der Meer skriuwt byldzjend en ryk. Yn har wurk sitte in soad ferwizings nei de bibel, nei oare boeken, nei de natuer en de klassiken. Se hie fan jongs ôf niget oan skriuwen mar se kaam pas op lettere leeftyd mei publikaasjes. Se komt út Boalsert en hat dêr ek altyd wenne.

Ynhâld

Farah Bezaz is in islamitysk famke fan 16. Se sit op skoalle en hat ferkearing mei Josh, in Fryske jonge dy't net leauwich is. Farah wol graach fierder leare en mei Josh wêze, mar har heit wol har úthoulikje oan in neef. Dêrom sjocht Farah gjin oare mooglikheid as fan hûs flechtsje. De minsken dy't witte dat se flechte is, reagearje hiel ferskillend. Allegearre besykje se foar te kommen dat Farah it slachtoffer wurdt fan earwraak.  

Swierte

Oantreklik foar in N3-lêzer is dat dit boek giet oer in aktueel maatskiplik en kultureel tema. Fierders wurdt de psychology fan de personaazjes bot útdjippe. It boek lit wat sjen fan ferskillende maatskiplike groepen en is dêrmei in sosjale roman. De ynhâld appelearret oan fraachstikken dy't foar in N3-lêzer nijsgjirrich binne, sa as leafde, ferantwurdlikheid en rjochtfeardichheid. Lestich kin wêze dat der in soad ferskillende perspektiven en personaazjes yn it boek foarkomme.
Foar in N2-lêzer is dit in pittich boek. Wat it lykwols oantreklik makket foar in N2-lêzer, is dat it net dik is en in spannende reade trie hat. It reflektearjen fan personaazjes op harren eigen persoanlikheid sil in N2-lêzer lykwols minder boeiend fine. Boppedat kin de metafoaryske en ymplisite skriuwstyl foar in N2-lêzer problematysk wêze.
Foar in N4-lêzer sil de skriuwstyl krekt in oantreklik aspekt wêze. In N4-lêzer sil boppedat minder problemen ha mei de ymplisite perspektyfwiksels dy't in soad foarkomme yn it boek.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N3-lêzer, mei ynteresse foar maatskiplike kwestjes, sil nocht ha om oan dit boek te begjinnen. Omdat de posysje fan de frou in sintraal tema foarmet, soe it kinne dat it famkes mear oansprekt as jonges (sjoch ynhâld).

Ynteresses

It boek giet oer in kultuer dêr't yn de aktualiteit in soad om te dwaan is. It giet benammen yn op de posysje fan de frou en earwraak.

Algemiene kennis

In learling dy’t wat op ’e hichte is fan de aktualiteit en de islamityske kultuer hat genôch kennis om dit boek ynhâldlik nei te kommen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Aggie van der Meer hat in byldzjende styl fan skriuwen en ferwiist wolris nei saken bûten it boek dy’t learlingen mooglik net werkenne. In foarbyld is ‘it grutte each fan Grutte Broer’ (s. 75). Dy ferwizings steane it folgjen fan it ferhaal lykwols net yn ’e wei.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der komme wurden en útdrukkings foar yn it boek dy’t learlingen sels net brûke, mar it wurdgebrûk smyt gjin problemen op. It is earder de styl dy’t yngewikkeld wêze kin.

Sinskonstruksjes

Sinskonstruksjes binne út en troch aardich kompleks, mei mear as twa bysinnen. Dy wurde ôfwiksele mei sinnen fan mar in pear wurden. Utdaagjend foar in N2-lêzer, te dwaan foar in N3-lêzer.

Styl

De styl is frijwat metafoarysk en ymplisyt en dat kin lestich wêze foar lêzers dy’t noch net in soad ûnderfining ha mei in literêre styl fan skriuwen. Foarbyld: ‘(...) nei in barre tocht troch syn hiele referinsjekader, wie de affêre Farah ek yn syn fleis fêstheakke.’ (s. 79)

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It ferhaal bestiet foar in grut part út petearen tusken personaazjes. De konstante driging fan earwraak hâldt it ferhaal spannend. De bespegelingen fan Hero en Aana oer harren relaasje en persoanlikheid sille foar de lêzer wat minder spannend wêze.

Gronology

It ferhaal ferrint gronologysk, dus op dit punt binne der gjin swierrichheden. Fia de gedachten fan personaazjes wurdt ynformaasje jûn oer wat earder bard is.

Ferhaalline(n)

Der binne meardere ferhaallinen en it duorret even foar’t dy byinoar komme. It sil foar de N3-lêzer net dreech wêze om dy ferbining te lizzen, mar in N2-lêzer hat der klauwen oan.

Perspektyf

It perspektyf wikselet hieltyd tusken fiif ferskillende personaazjes. Oan de ein fan it boek is der in alwittende ferteller oan it wurd. It smyt gjin problemen op foar in N3-lêzer, mar foar in N2-learling kin it in obstakel wêze.

Betsjutting

It boek draait om de fraach hoe’t moslims omgeane mei harren leauwe en harren tradysjes yn in moderne westerske maatskippij. It boek lit sjen dat der binnen de moslimmienskip hiel ferskillend tocht wurdt oer de posysje fan de frou.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It trochgrûnjen en neikommen fan de psychology fan de (folwoeksen) personaazjes foarmet in dreech aspekt fan dit boek. Hoewol’t in N3-lêzer by steat is om him yn te libjen yn in wrâld dy’t net syn eigen is, kin dit ek foar in N3-lêzer dreech wêze. In N2-lêzer sil dêr ek muoite mei ha.  

Oantal karakters

In tal personaazjes ferget yn it begjin fan it boek ynspanning fan de lêzer. De nammen binne ûngewoan (ek dy fan de Fryske personaazjes).

Untjouwing fan de karakters

Guon ferhâldingen tusken personaazjes binne lestich te trochgrûnjen foar jonge lêzers. De ferhâlding tusken Hero en Farah en Hero en syn (eks)frou is aardich kompleks. In soad bliuwt ymplisyt en moat troch de lêzer sels ynfolle wurde.

Relevante  boarnen foar dosinten

Jetske Bilker, ‘Farah flechtet fan hûs’, LC 14-11-2008
Elske Schotanus, ‘Fryskpratende islamiten’, eigen webside