Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | Ik, Anna

Ik, Anna

Ik, Anna

Dykstra, Lida
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2009
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
124
Genre
  • histoaryske roman
Tags
  • 18de iuw
  • hoflibben
  • Ingelân
  • leafde
Taalniveau
B1

Over de auteur

Lida Dijkstra (1961) groeide op yn in lyts doarp yn Fryslân en studearre yn Leien. Nei de berte fan har dochter naam se it beslút om har te setten ta kreatyf skriuwen. Yn 1994 ferskynde har earste berneboek en no is skriuwen har berop. Lida Dykstra skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har earder fakgebiet. Har boeken hawwe in soad fantasij en humor. Lida Dykstra hat gâns prizen krigen foar har wurk, dêrby twa kear de Simke Kloostermanpriis, de wichtichste Fryske priis foar jeugd- en berneboeken.

Inhoud

De Anna yn Ik, Anna is de Ingelske prinsesse Anna fan Hannover. Dy giet yn 1733 in ferstânshoulik oan mei de Fryske steedhâlder Willem Karel Hendrik Friso, de lettere steedhâlder fan de Nederlannen Willem IV. De twa jonge minsken mei har ûnfolkommenheden – sy skeind troch pokken en oergewicht en hy misfoarme troch in fergroeide rêchbonke – slagje deryn inoar te finen. Lida Dykstra hat in leafdesferhaal fol faasje skreaun, dat in yndruk jout fan it hoflibben en de politike yntriizjes yn ’e 18de iuw.

Leesaanwijzingen

Dit boek spilet yn Londen yn 1733 en 1734. It ferhaal nimt dy daliks mei! Anna fertelt har ferloofde Willem, wylst dy siik en yn djippe sliep op bêd leit, ferhalen oer har famylje en ek oer har eigen gefoelens. Achteryn it boek wurde de persoanen dy’t yn dy ferhalen in rol spylje yn in stambeam mei harren folsleine namme ôfbylde. As Willem wer op fuotten is, rint it ferhaal oer Anna en him fierder en fine sy de leafde by inoar.

Om over na te denken

Kenst ien dy’t lichaamlik wat hat dat him/har oars makket as oaren, of miskien wol skeint? Hat dy persoan dêr sels it measte lêst fan of binne it oaren dy’t it  dreech meitsje en gean dêrmei om? Wurdt dy persoan der wolris mei pesten? Behinderet it him/har yn it deistich libben?
Hoe soe it wêze om troch dyn âlden úthoulike te wurden? Wat soest dan dwaan? Kinne minsken dy’t mei inoar trouwe sûnder dat se inoar kenne in leafdesbân opbouwe?

Waardering

‘Ik hie Ik, Anna útsocht om’t ik graach histoaryske romans lês. Mar ik fûn foaral it ferhaal hoe’t Anna en Willem elkoar kennen leare en fan elkoar begjinne te hâlden, hiel moai.’
Marjolein (5h)

‘Ut brieven dy’t bewarre bleaun binne, blykt lykwols dat it arranzjearre houlik in leafdesrelaasje waard. Lida Dykstra jout dy stal en kleur en lit sjen hoe’t se elkoar kennen learden en dêrby sljocht op elkoar waarden. De ferantwurding leart dat it fêst net sa gien is as beskreaun, mar it hie, sjoen de bewarre bleaune brieven, samar kinnen.’
Elske Schotanus

‘We hawwe hjir in moai skreaun en prachtich útfierd boek oer in lid fan de stedhâlderlike famylje dy’t yn Ljouwert wenne hat.’
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante

Opmerkingen

Ik, Anna is skreaun yn opdracht fan de stichting Nassau en Friesland om’t it yn 2009 trijehûndert jier lyn wie dat Anna fan Hannover berne waard. Yn de maitiid fan 2017 krige Ljouwert syn 'Anna van Hannoverlaantje', sjoch LC 22-03-2017.

Leestips/meer weten

Website skriuwster
Lida Dykstra op sirkwy.nl
Leeuwarden, bakermat Nederlands koningshuis, Geshiedenis Beleven.nl
Stichting Nassau en Friesland

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Dykstra, Lida Ik, Anna
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel en omslach
Learst

om nei te tinken oer titel en omslach

Opdracht

1
Fynst dat de titel Ik, Anna past by de ynhâld fan it boek? Lis dyn antwurd út.

2
Wa tochtsto dat dy Anna wie?

3
Hoe komst derachter oer watfoar Anna dit boek giet?

4
Sykje op ynternet op wat by in boek in ‘ûndertitel’ is.
a. Wat is de betsjutting fan in ûndertitel?
b. Betink in ûndertitel dy’tst by Ik, Anna passend fynst.

5
Besjoch it omslach fan it boek.
a. Wat stiet der oan ynformaasje foar op it omslach?
b. Wat stiet der oan ynformaasje achter op it omslach?
c. Fynst de ynformaasje foar en achter op it omslach fan belang? Lis dyn antwurd út.

6
Besjoch nochris it omslach fan it boek, benammen de ôfbylding foarop.
a. Beskriuw de ôfbylding sa detaillearre mooglik.
b. Lis de dingen dy’tst sjochst út oan de hân fan watst yn it boek lêzen hast.
c. Lis it gebrûk fan de kleuren grien (sjoch side 72 of 117), read en goud út.
d. Wa hat de ôfbylding op it omslach makke en wêr yn it boek kinst dat fine?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Dykstra, Lida Ik, Anna
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustaheakke stambeam
Learst

om nei te tinken oer it nut fan in stambeam yn in roman

Opdracht

1
Hast de stambeam brûkt by it lêzen fan Ik, Anna?
Sa, ja, neam ien part fan it boek dêr’tst de stambeam by brûkt hast.
Sa nee, sykje ien part yn it boek dêr’tst de stambeam by brûke kind hiest.

2
Beäntwurdzje de folgjende fragen út de holle, dus sûnder it antwurd yn it boek op te sykjen. As oaren út de klasse it boek ek lêzen hawwe, kinne jimme der in kwis fan meitsje.
a. Wa út it hûs fan Hannover waard as earste kening fan Ingelân?
b. Yn it boek komt trije kear in Sophia Dorothea foar. Neam fan twa wat harren famyljerelaasje mei Anna wie.
c. Wa wie de Frederick dy’t Anna fertocht Willem kwea dwaan te wollen?
d. Wat wie de namme fan Anna har heit?
e. De hoefolste kening fan Ingelân waard hy?
e. Hoefolle suskes en hoefolle broers hie Anna?

3
Sykje de antwurden op yn de stambeam.
a. Hoefolle antwurden hiest goed by fraach 2?
b. Hoefolle antwurden koest mei help fan de stambeam fine?
c. Hiest by fraach 3 mear, like folle of minder antwurden goed?

4
Fynst no dat in taheakke stambeam in boek as Ik, Anna ferdúdliket?
Lis dyn antwurd út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Dykstra, Lida Ik, Anna
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersoan
Learst

om in beskriuwing te jaan oer de haadpersoan

Opdracht

1

Meitsje op fakebook fan ‘Classtools’ in profyl oan fan Anna (sjoch by de ‘boarnen’).

Set yn it profyl:
Anna har bertedatum en –plak,
houliksdatum en –plak,
de plakken dêr’t se wenne hat,
wa’t har âlden wienen,
wa’t har pake en beppe wienen,
mei wa’t se troud wie,
wa’t har skoanâlden wienen,
en de bern dy’t se krigen hat mei harren bertedata
har uterlik,
har karakter,
wat se leard hat en wat se kin.
har hobbys

Foar opdracht 1 brûkst sa folle mooglik de ynformaasje út Ik, Anna.
Sjoch ek op side 121 en 122. Dat kinst oanfolje mei ynformaasje út oare boarnen. Dy boarnen brûkst ek by fraach 2 en 3.


2
Sykje op ynternet ôfbyldings op fan Anna, har man Willem, har skoanmem en har bern en set dy mei de nammen ek op fakebook.


3
Sykje paleizen op dêr’t Anna wenne hat en set in ôfbylding fan ien dêrfan yn Ingelân, yn Ljouwert en yn De Haach op fakebook.


4
Wat binne Anna har kwaliteiten? Sjoch op wikipedia wat dêr oer har kwaliteiten sein wurdt.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Dykstra, Lida Ik, Anna
NûmerOpdracht N3/2
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om nei te tinken oer de tematyk fan it boek

Opdracht

Yn it boek steane twa motto’s.

1
a. Skriuw it earste motto foar út it boek op.
b. Set it motto oer yn it Frysk.
c. Wêrom is it motto yn it Dútsk?
d. Fan wa is dit motto?
e. Wat is de persoan by d. syn funksje en wat syn famyljerelaasje mei Anna?
f. Past dit motto neffens dy by Ik, Anna? Lis dyn antwurd út yn sa’n hûndert wurden. Ast fynst dat it motto past, jou in part of haadstik oan yn it boek dêr’t dat út blykt.

2
a. Skriuw it twadde motto foar út it boek op.
b. Set dit motto ek oer yn it Frysk.
c. Wêrom is it motto yn it Ingelsk?
d. Fan wa is dit motto, wat wie syn berop en wêr komt de sin út wei?
f. Past dit motto neffens dy by Ik, Anna? Lis dyn antwurd út yn sa’n hûndert wurden. Ast fynst dat it motto past, jou in part of haadstik oan yn it boek dêr’t dat út blykt.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Dykstra, Lida Ik, Anna
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswize fan vertellen
Learst

om ynsjoch te krijen yn de literêre begripen ramtfertelling (raamvertelling) en ferhaalline

Opdracht

1
Sykje op wikipedia of yn materiaal dat op skoalle brûkt wurdt de betsjutting op fan it begryp ramtfertelling (raamvertelling) en skriuw dy op.

2
Beskriuw yn it koart wat de ramtfertelling is yn Ik, Anna.

3
Beskriuw yn it koart de twadde ferhaalline fan Ik, Anna.

4
Hoe kinst oan de drukte tekst fan it boek sjen wat de ramtfertelling is en wat de twadde ferhaalline is?

5
Hoe ûntstiet de twadde ferhaalline?

6
Folje it ûndersteande skema yn:

  Fragen

  Ramtfertelling

  Twadde ferhaalline

 Wa is de haadpersoan of binne de haadpersoanen?

 

 

 Wat is ûnderwerp of binne ûnderwerpen?

 

 

 Yn watfoar tiid spilet it?

 

 

 Wat is it perspektyf?

 

 

 Watfoar gearhing is der tusken beide ferhalen?

 

 

 Is der in iepen of in sletten ein?

 

 

 Is it ferhaal feit of fiksje?

 

 

 Ferdiel de ferhalen yn haadstikjes

 Foarbyld:
 1. sykte Willem

 1. houlik fan George II en Sophia

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Dykstra, Lida Ik, Anna
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersoan
Learst

om nei te tinken oer de haadpersoan dy’t yn in oare tiid libbet

Opdracht

1
Hjirûnder steane acht stellingen oer Anna. Jou oan oft in stelling wier of net wier is en sykje dêr arguminten foar yn Ik, Anna. Skriuw dy hiel koart op.

a. Anna koe der min oer dat sy as famke en frou ûndergeskikt wie oan har
broers.

b. Anna wie bang foar in ferstânshoulik troch minne erfarings om har hinne.

c. Anna hie in minderweardichheidskompleks.

d. Anna hie in passy foar muzyk.

e. Anna fûn Willem te min as har echtgenoat.

f. Anna fielde har as in skaakstik dat hieltyd op ’e nij ferset waard.

g. Anna fûn har houlik mei Willem in houlik sûnder leafde.

h. Anna hie in grutte hekel oan âlde beppe Sophia.


2
Watfoar stellings hawwe te krijen mei de tiid dêr’t Anna yn libbe? Lis dyn antwurd út.


3
Guon fan de ûnderwerpen dy’t yn de stellingen neamd wurde komme yn dizze tiid ek foar.Hokker ûnderwerpen binne dat?
Komme dy ûnderwerpen hjoeddedei troch deselde oarsaken en om deselde redenen foar as doe, of sitte der oare oaraken en redenen achter? Lis dyn antwurd út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Lida Dijkstra (1961) groeide op yn in lyts doarp yn Fryslân en studearre yn Leien.
Nei de berte fan har dochter naam se it beslút om har te setten ta kreatyf skriuwen. Yn 1994 ferskynde har earste berneboek en no is skriuwen har berop. Lida Dykstra skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har earder fakgebiet. Har boeken hawwe in soad fantasij en humor. Lida Dykstra hat gâns prizen krigen foar har wurk, dêrby twa kear de Simke Kloostermanpriis, de wichtichste Fryske priis foar jeugd- en berneboeken.Twa fan har boeken komme foar op de IBBY-honourlist.

Ynhâld

Ik, Anna is skreaun yn opdracht fan de stichting ‘Nassau en Friesland’ om’t it yn 2009 trijehûndert jier lyn wie dat Anna berne waard, de Ingelske prinsesse Anna fan Hannover. Sy giet yn 1733 in ferstânshoulik oan mei de Fryske steedhâlder Willem Karel Hendrik Friso, de lettere steedhâlder Willem IV fan de Nederlannen. De twa jonge minsken – sy skeind troch pokken en oergewicht en hy misfoarme troch in fergroeide rêchbonke – slagje deryn inoar te finen. Lida Dykstra hat in leafdesferhaal fol faasje skreaun, dat in yndruk jout fan it hoflibben en de politike yntriizjes yn ’e 18de iuw. Yn it boek folget de lêzer de gedachten fan Anna.

Swierte

Lida Dykstra hat foar Ik, Anna in soad ûndersyk dien nei de histoaryske feiten. Se is deryn slagge en fyn in moai lykwicht tusken dy feiten en de fiksje. It boek is goed te lêzen. Yn koarte sinnen en tagonklik Frysk fertelt Anna it ferhaal oer de keninklike famylje en harsels. De persoanen út de keninklike famylje dêr’t Anna ta heart steane achter yn it boek yn in stambeam fermeld. Dat makket it boek dêr’t in soad nammen yn foarkomme tagonkliker. Foar N3- en N4-lêzers is Ik, Anna net te swier of te dreech. Foar lêzers op N2-nivo jildt dat ek, mar foar harren is miskien ynteresse foar it ûnderwerp wat mear nedich om de kar foar dit boek te meitsjen.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it libben fan in prinsesse oan it Ingelske hof yn de 18de iuw en har famyljeskiednis.   

Ynteresses

Ynteresse yn de histoarje yn de 18de iuw is in pree.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.
De ferhalen dy’t Anna fertelt, litte har ek sûnder byg. histoaryske kennis goed lêze.
De nammen fan de belangrike persoanen yn de famylje fan Anna wurde yn de stambeam achter yn it boek mei in ôfbylding ferdúdlike. De mear betûftere en yn histoarje ynteressearre lêzers sille miskien mear niget ha oan it lêzen fan dizze roman. 

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is oer it algemien net dreech. Mar soms brûkt Lida Dykstra krekt as yn har oar wurk net sa gongbere Fryske wurden. Dat makket it boek net te dreech foar N2-lêzers, wylst it foar lêzers fan hegere lêsnivo’s krekt wat mear aardichheid jout.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn binne ienfâldich sûnder al te lange bysinnen. Dat makket it ek foar N2-lêzers net dreech.

Styl

It boek is skreaun yn de styl sa’t dy fan Lida Dykstra bekend is: meinimmende dialogen, heldere plots, gjin sydspoaren en ynboude ‘cliffhangers’ (sjoch byg. side 26 en 60).

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de ferhalen dy’t Anna fertelt oan har ferloofde wylst er bewusteleas is, sitte  rúzjes, yntriizjes, leafde, haat ensafh. Sy geane oer it eardere libben fan har pake en beppe, heit en mem en har broers en susters. Soms is it ferhaal komysk en leafdefol, mar ek tragysk. Anna fynt dat sy en har famyljeleden as pionnen yn in skaakspul brûkt wurde. Dat sil benammen de N3- en N4-lêzers oansprekke. Yn it ferhaal oer Anna en Willem bloeit nei de heimlike besites de leafde op.

Gronology

De ferhalen dy’t Anna fertelt oer har famylje binne gronologysk fan opbou. De besites fan Anna oan Willem en wat dêrnei bart binne ek gronologysk.

Ferhaalline(n)

Yn it ramtferhaal wurdt Anna opfierd as de fertelster fan har famyljeskiednis oan it siikbêd fan har ferloofde. Dy fragminten famyljeskiednis  foarmje de oare ferhaalline. Se iepenje en slute mei in apostrof en binne yn in krekt wat oar lettertype set. Foarbyld: ûnderoan side 19 stiet in koarte ûnderbrekking fan Anna har fertelling dy’t sjen lit wat se sels tinkt en docht. Dy past yn de trochgeande ferhaalline fan wat him om it siikbêd fan Willem ôfspilet.Op side 20 rigel 3 giet se dan wer fierder mei fertellen. Sa wikselje de twa teksten inoar ôf. Ramtferhaal en ynbêde fertelling beslagge elk ûngefear de helte fan it oantal siden.  Foar N2-lêzers kin de ôfwikseling wat dreech wêze. 

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan Anna wei yn de ik-foarm.

Betsjutting

Lida Dykstra hat Ik, Anna skreaun foar folwoeksenen. Lykwols kinne jongeren fan sa’n 15 jier en âlder it ek goed lêze en wurdearje.
De betsjutting is dat it boek de machtsspultsjes sjen lit dy’t der spile waarden yn de keninklikerûnten fan de 18de iuw. Fierder wurdt mei dit boek it oantinken oan Anna fan Hannover en har rol yn de Fryske en Nederlânske skiednis libben holden.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It karakter fan Anna sels is it meast dúdlik en dêrnjonken dat fan Willem. Yn alle ferhalen dy’t Anna fertelt, spylje meardere karakters in (haad)rol. Guon dêrfan wurde mear útdjippe as oaren.

Oantal karakters

It oantal karakters dat der ta docht is yn elk op himsels steand ferhaal beheind. It grutte tal nammen fan histoaryske figueren kin foar N2-lêzers in beswier wêze, al helpt it dat der in stambeam achter yn it boek sit.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan Anna en har ferloofde Willem hat de grutste ûntjouwing.

Ferantwurding

Website Lida Dykstra
Lida Dykstra op sirkwy
Stichting Nassau en Fryslân

Relevante  boarnen foar dosinten

Anna fan Hannover op wikipedy
Steedhâlder Willem IV op wikipedy.