Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | Paradys oan de baai

Paradys oan de baai

Paradys oan de baai

Kootstra, Douwe
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2010
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
168
Genre
  • reisferhalen
Tags
Taalniveau
B1

Over de auteur

Douwe Kootstra hat ûnderwizer west oan in basisskoalle yn Eastersee en oan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Hy rekke ynteressearre yn it Frysk en yn it ferskynsel twatalichheid. Nei 23 jier foar de klasse krige er in funksje by it Taalsintrum Frysk fan it GCO Fryslân, no Cedin. Hy wurket dêr no yn dieltiid. Sa hâldt er tiid oer foar reizgjen en skriuwen.
Kootstra skriuwt gjin reisferslaggen, mar reisferhalen. Hy beskriuwt net allinnich wat er sjocht en belibbet, mar hat ek in miening oer wat er meimakket. Hy fertelt  oer de faak opmerklike moetings dy’t er hat mei allerhanne nijsgjirrige minsken en syn ûntdekkings fan histoaryske en literêre fynplakken. De moanne op ’e rêch (1987) is syn earste boek mei literêre reisferhalen. Paradys oan de baai is al wer de fiifde bondel.
Douwe Kootstra is ek aktyf as ferhaleferteller, benammen fan âlde folksferhalen út Fryslân en dêr hat er in soad sukses mei.

Inhoud

Yn Paradys oan de baai fertelt Douwe Kootstra oer syn reizen nei Tsjechië, Noarwegen, Dútslân, Nova Scotia (Kanada), en Curaçao. Bysûnder is it ferhaal ‘Drachten en Rome’. Dy reis liedt net allinne nei Eastenryk mar ek nei de skiednis fan Drachten. Fan 1937 oant 1970 sieten dêr roomske geastliken yn it Minderbruorrekleaster. De net-roomske famylje Kootstra hie kontakt mei har. Jierren letter besiket Douwe Kootstra de Drachtster pater Schilder yn Wenen, dy’t dêr dan pastoar is.

Leesaanwijzingen

De seis reisferhalen litte har maklik lêze. Yn oerlis mei dyn dosint kinst ek in kar meitsje en lês ien of in pear ferhalen. Sykje ferhalen út dy’t oer in lân/gebiet geane, dat dy oansprekt en dêr ’tst mear fan witte wolst. Miskien datst in kaart en/of wikipedia even ynsjen kinst foardatst it ferhaal lêst. It ferhaal ‘Drachten en Rome’ is it langst en giet oer twa plakken: Drachten en Wenen. It is sawol in histoarysk ferhaal as in reisferhaal. Bisto ynteressearre yn de skiednis fan dyn eigen provinsje dan is dit ferhaal miskien in goede kar. It jout ek in moai byld fan it Roomske libben sa’t dat nei iuwen út Fryslân hast fuort west te hawwen wêrom komt.

Om over na te denken

Ast op fakânsje giest nei oare lannen, wat sprekt dy dêr dan oan: it lânskip, de gebouwen, de kultuer, de skiednis of de minsken?  En hoe tinkst oer bûtenlanners dy’t hjir hinne komme foar wurk of as flechtling? Praatst mei harren, ferdjippest dy yn harren kultuer, skiednis, leauwe?

Waardering

‘It ferhaal ‘Drachten en Rome’ lit fral sjen wat Douwe Kootstra kin, ...’
A.IJ. van den Berg yn ensafh

‘It is de styl fan de skriuwer dy’t it reisferhaal goed makket en Kootstra hat in noflike styl fan fertellen.’
Jetske Bilker yn de Leeuwarder Courant

‘In ferteller dy’t syn fernuvering dokumintearret en dielt mei de thússittende lêzer, dát is miskien wol de kearn fan literatuer op reis.’
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

Opmerkingen

Douwe Kootstra skreau yn 2001 it boekewikegeskink Berjochten út Boedapest

Leestips/meer weten

Website fan de skriuwer
Sirky, biografyske skets en boekprofyl

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Kootstra, Douwe Paradys oan de baai
NûmerN2/1
nivo2
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om it sjenre fan it boek te werkennen

Opdracht

Yn de Yntroduksje fan it boek stiet: ‘Douwe Kootstra skriuwt gjin reisferslaggen, mar reisferhalen.’

1. Sykje op ynternet útlis oer: reisgids, reisferslach en reisferhaal.
Skriuw in koarte omskriuwing fan elk op.

2. Sykje ien ferhaal út de bondel Paradys oan de baai út. Kopiearje út in reisgids in stik oer it lân of de streek dêr’t dat ferhaal spilet.

3. Sykje op ynternet in reisferslach. Bewurkje dat evt. sadat it in reisferslach wurdt fan ien A4 mei dêrneist in oantal ôfbyldings.

4. Sykje in stik tekst út it reisferhaal fan Douwe Kootstra fan maksimaal ien side en kopiearje dat ek.

5. Wat fynst dat de opfallendste ferskillen binne tusken de stikken út de reisgids en it reisferslach oan de iene kant en it stik fan it reisferhaal út Paradys oan de baai oan de oare kant? Jou minimaal trije ferskillen.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Kootstra, Douwe Paradys oan de baai
NûmerN2/2
nivo2
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel mar kin ek yn twatal; fanwegen fraach 5 en 6 kin it ek mei trije of seis persoanen
Fokustitel en omslach
Learst

om nei te tinken oer de titel en de omslach

Opdracht

Paradys oan de baai

In titel fan in boek ferwiist nei de ynhâld fan it boek. Eins is it in hiele koarte gearfetting. De titel moat nijsgjirrich wêze en de oandacht fêstigje op it boek.

De titel fan it boek is Paradys oan de baai.

1. Watfoar foarstelling hast fan in paradys oan in baai? Beskriuw dyn foarstelling yn fiif sinnen.

2. Nei watfoar ferhaal ferwiist neffens dy de titel Paradys oan de baai? Lis dyn antwurd út.

3. Besjoch it omkaft fan it boek sa’t dat hjirboppe stiet. Past dat goed by dyn foarstelling yn fraach 1? Past it by it ferhaal datst by 2 keazen hast?

4. Sykje yn it kolofon foaroan yn it boek wêr’t de foto op it omslach weikomt.
By watfoar ferhaal heart de titel? (Foar betsjutting fan it wurd ‘kolofon’, sjoch by de boarnen)

5. De titel hat net te krijen mei de hiele ynhâld fan it boek. Wêrom net? Betink in titel dy’t dêr wol by past.

6. It is dreech en meitsje ien omkaft dat by alle ferhalen past. Der binne seis ferhalen en in omkaft is mar lyts. Meitsje dêrom in (digitale) kollaazje mei seis ôfbyldingen, fan elk ferhaal ien, op in ôfmjitting fan ien A4. Set ek de titel, de skriuwer en it sjenre fan it boek op de kollaazje.

6. Lis de kar fan dyn ôfbyldings op de kollaazje út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Kootstra, Douwe Paradys oan de baai
NûmerN3/1
nivo3
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

1. Sykje by twa ferhalen út de bondel Paradys oan de baai in liet, in gedicht, in folksferhaal/mearke of in resept. Kies twa ferskillende dingen, dus net twa kear in liet.

Om dy op gong te helpen, hjirûnder fan elk in foarbyld:
Resept foar Gulaschsuppe, in ferhaal oer trollen, in liet oer de leafde by de Freiherr, dy’t sawol in tige lokkige as ûngelokkige leafde kend hat, en fansels: oer de leafde binne ek gedichten.

2. Jou de titel fan it earste ferhaal fan dyn kar en de tekst fan it liet, gedicht,  folksferhaal/mearke of resept. Fermeld ek de boarne.

3. Lis út wêrom’tst fynst dat dyn kar past by it ferhaal.

4. Doch foar it twadde ferhaal itselde as by it earste lykas omskreaun yn opdracht 2 en 3.

5. Is der in gearhing tusken de ferhalen? Sjoch nei: it lân/de streek, de minsken, de ferhalen dy’t de skriuwer ûndersiket. Wêr giet it de skriuwer eins om: om it lân en de minsken dy’t er treft of om himsels, hoe’t hy it sjocht? Lis út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Kootstra, Douwe Paradys oan de baai
NûmerN3/2
nivo3
Stúdzjelêst 2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld fan it ferhaal ‘Drachten en Rome’

Opdracht

Lês it ferhaal ‘Drachten en Rome’ side 42 o/m 80.

1. It ferhaal is net yn ien en itselde lettertype printe as de oare reisferhalen yn it boek. Wat is der oars oan en wêrom is dat?

2. Lis de titel fan it ferhaal ‘Drachten en Rome’ út.

3. Watfoar soarte ferhaal fynst it kursive part fan it ferhaal? Lis dyn antwurd út.

4. Beskriuw de ynhâld fan it kursive part oant healwei side 71 yn minstens in heal A4. Doch dat ek fan side 74: Umbrië, maaie 2006 oant side 78 mei as lêste wurd As...
Wat part fynst it meast passen by de oare ferhalen yn it boek? Wêrom?

4. Watfoar soarte ferhaal is neffens dy it net-kursyf printe diel fan it ferhaal? Lis dyn antwurd út.

5. Meitsje ûndersteande tiidbalke ôf mei de jiertallen en de histoaryske feiten oer de Roomsk-Katolike tsjerke dy’t Kootstra neamt yn it ferhaal.

                                      1500             1580                                1933

  Gloarje fan de kleasters

 

                       
6. Beskriuw yn maksimaal fiif sinnen wat neffens dy de miening fan Kootstra is oer de Katolike tsjerke.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Kootstra, Douwe Paradys oan de baai
NûmerN4/1
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresinsjes en miening
Learst

om mieningen/oardielen oer it boek te fergelykjen

Opdracht

Lês de resinsjes fan Jetske Bilker en IJsbrand van den Berg oer Paradys oan de baai.  Sjoch de boarnen.

1.
a. Wat seit Jetske Bilker oer de styl fan Kootstra? Wat fynt sy de reade tried yn de ferhalen?
b. Neam twa positive en twa negative punten fan Jetske Bilker oer it ferhaal 'Drachten en Rome'.
c. Wat is har konklúzje oer it ferhaal?
d. Wat is de miening fan Jetske Bilker oer Paradys oan de baai?

2.
a. Hokker ferhalen besprekt IJsbrand van den Berg yn syn resinsje?
b. Neam de positive en negative punten dy’t er neamt oer beide ferhalen.
c. Wat is syn konklúzje oer de beide ferhalen?
d. Wat is de miening fan IJsbrand van den Berg oer Paradys oan de baai?

3.
a. Komme de mieningen fan Jetske Bilker en IJsbrand van den Berg oer de ferhalen dy’t se beskriuwe mei elkoar oerien?  Lis dyn antwurd út.
b. Komt it oardiel oer it boek Paradys oan de baai mei elkoar oerien? Lis dyn antwurd út.

4.
Skriuw oer twa ferhalen út Paradys oan de baai dy’tst lêzen hast in koarte resinsje.
Neam de titel en jou in koarte ynhâld fan de ferhalen. Jou twa positive en/of negative punten oer beide ferhalen. Jou oan watfoar ferhaal oftst it bêste fynst en jou dêr twa redenen foar. Wat is dyn miening (op grûn fan de ferhalen dy’tst lêzen hast) oer it boek Paradys oan de baai?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Kootstra, Douwe Paradys oan de baai
NûmerN4/2
nivo4
Stúdzjelêst 1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om it motto fan it boek te analysearjen

Opdracht

1. Douwe Kootstra jout syn boek Paradys oan de baai twa sitaten mei as motto.
Skriuw beide op en lis se yn dyn eigen wurden út.

2. It earste sitaat is fan Cees Noteboom. Sykje mear ynformaasje oer him op ynternet.
Wêrom sil Kootstra foar in sitaat fan dizze skriuwer as motto keazen ha?

3. Fan wa is it twadde sitaat? Sykje de namme op en omskriuw wêr’t dizze figuer in rol yn spilet en wa’t de skriuwer fan dy ferhalen is. Kinst dat opsykje op Wikipedy. Kopiearje in ôfbylding fan him.
Wêrom sil Kootstra foar in sitaat fan dizze figuer keazen ha?

4. Watfoar sitaat fynst it bêste passen by Paradys oan de baai? Lis dyn antwurd út.

5. It earste sitaat past goed by de ik-figuer, de skriuwer Douwe Kootstra.
Jou oan oftst it dêrmei iens bist of net en jou dêr twa redenen foar.

6. Betink in sprekwurd of siswize dy’t by it twadde sitaat past.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Douwe Kootstra (1951, Drachten) folge de oplieding ta ûnderwizer oan de Ryks Pedagogyske Akademy en waard ûnderwizer oan in basisskoalle yn Eastersee. Nei seis jier ferruile er dy foar de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Op de PA rekke er al ynteressearre yn it Frysk en yn it ferskynsel twatalichheid; foar ûnderwiisblêd De Pompeblêden skreaun er dêroer. Nei’t er 23 jier foar de klasse stien hie, krige er in funksje by it Taalsintrum Frysk fan it GCO Fryslân, no Cedin. Hy wurket yn dieltiid, sadat er tiid oerhâldt foar reizgjen en skriuwen.
Kootstra skriuwt gjin reisferslaggen, mar reisferhalen. Hy registrearret net allinnich wat er sjocht en belibbet, mar hat ek in miening oer wat er meimakket. Hy fertelt  oer de faak opmerklike moetings dy’t er hat mei allerhanne nijsgjirrige minsken en syn ûntdekkings fan histoaryske en literêre fynplakken. Sûnt De moanne op ’e rêch (1987) stiet er bekend as de earste literêre reisferhaleskriuwer fan Fryslân. Paradys oan de baai is de fiifde bondel mei reisferhalen.
Douwe Kootstra is ek aktyf as ferhaleferteller. Hy leit him benammen út op âlde folksferhalen út Fryslân en hat dêr in protte sukses mei.

Ynhâld

Yn Paradys oan de baai fertelt Douwe Kootstra oer syn reizen nei Tsjechië, Noarwegen , Dútslân, Nova Scotia (Kanada), en Curaçao. Bysûnder is it ferhaal oer de bân fan de net-roomske famylje Kootstra mei de geastliken yn it Minderbruorrekleaster yn Drachten, dy’t dêr fan 1937 oant 1970 sieten. Jierren letter siket Douwe Kootstra de Drachtster pater Schilder yn Wenen op, dy’t dêr dan pastoar is. ‘Drachten en Rome’ bringt in unyk stik skiednis fan Drachten op ’e nij ta libben

Swierte

Douwe Kootstra skriuwt yn syn reisferhalen tagonklik Frysk. It lânskip, de skiednis en bysûndere foarfallen, de moetings mei minsken en hoe’t sy mei elkoar libje beskriuwt er, mar hy jout dêr ek in miening oer. Dat docht er op orizjinele wize en mei humor. Wat it taal- en sinsgebrûk oanbelanget binne de ferhalen foar elk nivo wol nei te kommen. Paradys oan de baai is literêre non-fiksje. Lêzers fan de legere nivo’s lêze meastentiids fiksje. N1-lêzers sil it boek net gau oansprekke, dêrfoar fine se de ferhalen te langtriedderich en sit der te min aksje yn. Datselde soe ek jilde kinne foar N2-lêzers. Se fine der te min herkenning yn om har boeie te litten. Fanwege it plak dêr’t it ferhaal him ôfspilet sil it iene ferhaal ek in N3-lêzer mear oansprekke as it oare, ôfhinklik fan de ynteresse.

Ekstra ynformaasje by de opdrachten, foar de dosint

Opdracht N2/1
It is foar fraach 1 en 2 net nedich it hiele boek te lêzen: der kin folstien wurde mei de ynhâldsopjefte. Foar 3 en 4 soe it goed wêze de beide lêste ferhalen te lêzen. Tagelyk wurdt dêrmei in sterke hint jûn nei de antwurden. Wurdt der yn in groepke fan trije of seis learlingen wurke oan fraach 5 en 6 dan kin elk de twa ferhalen of it iene lêze dêr’t er in ôfbylding fan makket.
Opdracht N2/2
Foar de opdracht kin folstien wurde mei it lêzen fan ien ferhaal.
Opdracht N3/1
De learling lêst twa ferhalen út it boek.
Opdracht N3/2
De learling lêst it ferhaal ‘Drachten en Rome’.
Opdracht N4/1
De learling lêst it ferhaal ‘Drachten en Rome’ en minstens ien oar ferhaal.
Opdracht N4/2
De learling lêst minstens twa ferhalen út it boek

Opmerking
Boppesteande jout de minimum easken foar it meitsjen fan de opdrachten. It stiet jo frij en freegje fan de learling om mear ferhalen te lêzen of it hiele boek.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn oare plakken op de wrâld en de minsken dy’t dêr wenje én om losse ferhalen te lêzen.

Ynteresses

Ynteresse yn oare parten fan de wrâld, it lânskip, de skiednis en de minsken dêr en hoe’t sy libje, is in pree.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is net dreech en tagonklik foar lêzers fan elk nivo.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich mei net al te lange bysinnen.

Styl

Douwe Kootstra hat in hiel ferhalende styl: hy skriuwt sa’t er ek as ferteller te wurk giet. Hy beskriuwt in plak, lânskip ensafh. mar jout tuskentroch ek anekdoates oer wat der plak fûn hat, oer skiednis, bysûndere minsken en plakken. Faak jout er syn miening ek. Dat docht er mei humor en iroanysk. Troch N2- en seker troch N1- lêzers sil dat net oppakt wurde.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De ferhalen fan de reizen wurde meast fan dei oant dei beskreaun. It iene plak is boeiender as it oare, dat fynt de skriuwer oars sels ek. It ferskil wurdt bepaald troch wat foar minsken de skriuwer moetet en watfoar ferhalen er heart en oan de lêzers troch fertelt.

Gronology

De ferhalen binne gronologysk opboud. Fan de reis nei it plak fan bestimming ôf oan de ein fan ’e reis ta.

Ferhaalline(n)

Elk reisferhaal hat syn eigen ferhaalline. Soms is de skriuwer op syk nei bepaalde foarfallen út it heden of it ferline.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan de reizger wei, de skriuwer, de ik-persoan.

Betsjutting

Douwe Kootstra jout gjin reisferslach sa’t de measte reizgers meitsje. Hy jout de lêzer in byld oer oare lannen en soms tiden sa’t hy it sjocht. De minsken, hoe’t se libje, foarfallen, skiednis fan in plak ensafh. wurde ek sa beskreaun en faak jout er dêr in miening oer. Soms, as er earder op in plak west hat, skriuwt er oer de ferskillen tusken doe en no of fertelt er wat er fan dy ûntwikkeling fynt.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Yn alle ferhalen spylje ferskillende minsken in rol dy’t de skriuwer moetet, by wa’t er ûnderdak fynt, persoanen út de skiednis of sels út mearkes. Haadpersoan is de skriuwer sels

Oantal karakters

By in soad karakters bliuwt it by in flechtige moeting, by inkelde om in wat yntinsivere.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de pastoar út ‘Drachten en Rome’ hat de measte ûntjouwing mar dat is mear in reis troch de tiid as in reis nei in oar plak. De skriuwer, de ik-figuer, makket ek in ûntjouwing troch.

Ferantwurding

Website Douwe Kootstra
Biografyske ynformaasje oer Douwe Kootstra op sirkwy.nl

Relevante  boarnen foar dosinten

IJsbrand van den Berg op Ensafh 12-11-2010
Jetske Bilker, LC 26-11-2010
Jaap Krol, FD 29-01-2011