Fries | niveau 1 | Brekber

Brekber

Brekber

Talsma, Hilda
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2014
Uitgeverij
Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
314
Genre
  • relaasjeroman
Tags
  • chicklit
  • hynders
  • leafde
  • autisme
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Hilda Talsma waard yn 1971 yn Alde Leie berne en wennet no mei man en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert.
Hilda Talsma begûn jierren lyn mei skriuwen en hat ferskate kursussen folge. De twadde hûd út 2011 is har earste roman, Brekber de fjirde. Yn har boeken steane de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

Inhoud

Sinne is in jonge frou dy't it dreech fynt om relaasjes oan te gean. Dêr stiet tsjinoer dat se ferskuorrend goed mei hynders oerwei kin. Se wurket dan ek mei in soad nocht op in maneezje. Mar as de maneezje in nije baas kriget, feroaret dat. De nije baas is tige kreas en alle froulju falle as in blok foar him. Sinne lykwols net. Sy fynt dat Richard te rûch en saaklik mei hynders omgiet. Der folget dan ek in striid tusken dy twa.
Op in stuit giet Sinne mei har suster en har âlden foar in wike nei Sardinië om foar it earst har pake en beppe te moetsjen. Sinne wurdt dêr fereale op in jonge, Bruno, en se hat in geweldige wike mei him. Oant it momint dat se derachter komt dat alles oars yn elkoar stekt as dat se tocht hie. Desyllusionearre komt se werom.
Op de maneezje krije Sinne en Richard yn de rin fan de tiid wat mear respekt foar elkoar. Mar as Sinne Richard dêrnei nochris betrapet op it wreed omgean mei hynders, beslút se dat hy mar ris letterlik fiele moat wat er hynders oandocht. In wrede died fan Sinne, dy't syn útwurking op him, mar ek op har net mist.

Leesaanwijzingen

Brekber is maklik skreaun: de sinnen binne koart en der sitte hast gjin lestige wurden yn. Der sitte wol tiidsferspringings yn it ferhaal, mar dy binne logysk en goed nei te kommen. It is in behoarlik dik boek, mar silst sjen dat it dy meinimt en dat it dy spyt as it boek út is!

Om over na te denken

Wat dochtst as jonge frou ast it dreech fynst om (leafdes)relaasjes oan te gean? Hoe reagearrest ast immen dingen dwaan sjochst dy't oer dyn grinzen geane?

Waardering

'Mei Talsma's wurk is de Fryske literatuer in sjenre riker, dat ek geskikt is foar de wat jongere froulju en dêrmei it gat tusken jongerein- en folwoeksene literatuer opfollet.'
Nienke Jet de Vries op de digitale De Moanne.

Opmerkingen

Promoasjefilmke oer Brekber




Leestips/meer weten

Website fan de skriuwster
In wiidweidich fraachpetear fan Hedwig Terpstra mei Hilda Talsma
is te finen op Ensafh
Ynterview fan Sietse de Vries mei Hilda Talsma, LC 09-11-2012

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda Brekber
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferbylding
Learst

om in ûnderwerp, sfear en tematyk te ferbyldzjen

Opdracht

Meitsje in opfallende poster oer Brekber. De poster is bedoeld om it boek ûnder de oandacht fan lêzers te bringen. De poster moat net allinne de oandacht lûke en der moai útsjen, it moat ek in yndruk jaan fan de ynhâld fan it boek.

Soargje dat ûndersteande saken op de poster komme te stean:
- titel;
- auteur;
- in sitaat út it boek;
- in beoardieling (dyn beoardieling);
- in yllustraasje (dat mei net itselde wêze as de omslach fan it boek!).

Tip: Kinst de website www.postersw.com brûke.
Gean nei de site, klik op ‘poster’ yn de blauwe balke oan de rjochterkant, klik yn de menubalke boppe-oan op Download, download it programma en folgje de oanwizings.

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda Brekber
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskwestje
Learst

om nei te tinken oer in foarfal tusken twa persoanen.

Opdracht

Understeande fragen geane oer it foarfal tusken Sinne en Richard fan side 282 - 302.

  • Wat fynst fan de aksje fan Sinne?
  • Hat Richard fertsjinne wat Sinne him oandocht? Motivearje dyn antwurd. 
  • Stiet de straf fan Sinne yn ferhâlding ta wat Richard dien hat? Motivearje dyn antwurd.
  • Wat hie Sinne neffens dy oars dwaan kinnen?

Stel Richard docht oanjefte fan wat Sinne him oandien hat en it ynsidint komt foar it rjocht. 

Kies út ien fan trije neikommende opdrachten.

  1. Do bist advokaat fan Sinne. Skriuw in tekst fan sa’n 250 wurden datst foarlêze kinst as ferwar tsjin de oanklacht fan Richard.
  2. Do bist advokaat fan Richard. Skriuw in tekst fan sa’n 250 wurden datst foarlêze kinst as motivaasje foar de oanjefte tsjin Sinne. 
  3. De parse komt achter de saak. Skriuw in krante-artikel fan 250 wurden oer it foarfal.

Hoe’tst in krante-artikel skriuw moatst stiet yn ûndersteande link:
https://maken.wikiwijs.nl/119430/Hoe_schrijf_je_een_krantenartikel_#!page-4094461

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda Brekber
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusrealiteitsgehalte
Learst

om de oannimlikens fan in ferhaal te ferwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen oer Sinne en oer har hanneljen. Notearje by elke stelling oftst it dermei iens bist of net. Jou in argumint by dyn miening.

A

1. Sinne is in persoan dêr’tst in soad fan leare kinst.

2. Sinne is in persoan dêr’t ik wol befreone mei wêze wolle soe.

3. De personaazje Sinne is aardich, betrouber, rjochtfeardich ... (eventueel sels noch in karaktereigenskip ynfolje).

4. It hie better foar Sinne west as se net safolle tiid yn hynders stekke soe, mar mear yn minsken.

5. Sinne hat alle rjocht om Richard oan de ein fan it boek te fiter te nimmen.


B

Skriuw in útiensetting fan sa’n 200 wurden oer it realiteitsgehalte fan it boek. Soe it ferhaal echt bard wêze kinne? Binne de personaazjes, en dan benammen Sinne, oannimlik (= geloofwaardig)? Binne de konflikten, leafdes en foarfallen oannimlik?

Makke trochAns Wallinga

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda Brekber
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskarakters
Learst

om ûnderskied te meitsjen tusken round en flat characters

Opdracht

A

1. Notearje trije nammen fan minsken út dyn omjouwing dy’tst goed kenst en beskriuw harren karakter yn likernôch 50 wurden.

2. Hat sa’n persoan dy’tst goed kenst wol ris wat dien, datst net achter him of har socht hiest? Lis út.

3. Yn boeken learst guon personaazjes goed kennen en oaren minder goed. Sykje op ynternet (sjoch boarnen hjirûnder) wat in ‘flat character’ en wat in ‘round character’ is. Notearje de kenmerken dy’t jûn wurde foar beide typen.

4. Nim ûndersteand skema oer. Folje it yn en jou fan elk personaazje oan oft it neffens dy in round of flat character is. Motivearje dyn kar mei ien of twa sinnen.

 

 Flat of round character

 Motivaasje

 Sinne

 

 

 Richard

 

 

 Marit

 

 

 Elena

 

 

 Jorrit

 

 

 

B

1. Hokker personaazje feroaret it meast yn Brekber? Skriuw op syn minst trije saken op dêr’t dit personaazje oars oer begien is te tinken.

2. Hoe komt it dat it personaazje datst neamd hast by punt 1 yn de rin fan it ferhaal oars oer bepaalde saken tinkt?

Bronnen

[1] Wikipedy, Flat character en Round character
[2] Over boeken gesproken, Personages

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda Brekber
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld

Opdracht

It ferhaal oer Sinne yn Brekber wurdt net hielendal gronologysk ferteld.

1. Bring it ferhaal werom nei minimaal tsien wichtige foarfallen.
Set dy foarfallen yn gronologyske folchoarder.

2. Wêrom soe in skriuwer derfoar kieze om in ferhaal net gronologysk te fertellen?

3. Wat fynst fan dizze opbou foar dit boek? Lis út.

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda Brekber
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusautisme
Learst

om in personaazje mei in stoarnis yn it autistysk spektrum te ferlykjen mei de teory oer dy stoarnis

Opdracht

Sinne fynt it dreech om mei minsken om te gean. Se begrypt minsken faak net en de minsken begripe Sinne ek faak net. Neffens Marit is Sinne in Asperger (side 129 en 132).

1. Sykje út wat it syndroom fan Asperger presys ynhâldt.
Under ‘boarnen’ steane twa ynternetsites mei goede ynformaasje, mar meist ek oare sites of boarnen brûke.
Skriuw puntsgewiis de kenmerken fan it syndroom fan Asperger op.

2. Binne de kenmerken dy’tst by punt 1 opskreaun hast oan Sinne te keppeljen?
Nim ûndersteand skema oer en folje it yn foar fiif kenmerken fan ‘Asperger’.

  Kenmerken fan it syndroom fan Asperger

  Jildt wol/net foar Sinne

  Foarbyld út it boek + sidenûmer

 1.

 

 

 2.

 

 

 3.

 

 

 4.

 

 

 5.

 

 

 

3. Is Sinne neffens boppesteand skema in foarbyld fan immen mei it syndroom fan Asperger? Motivearje dyn antwurd.

4. Op side 130 seit Marit:
‘Ik begryp earlik sein ek net wêrom’t heit en mem noait mei dy nei in psycholooch west hawwe. Dan hiest no in folle sosjaler libben hân.’

Wat fynst fan Marit har útspraak? Lis út.

Bronnen

[1] Balans digitaal, Kenmerken van het syndroom van Asperger
[2] Asperger, Kenmerken

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Hilda Talsma waard yn 1971 yn Alde Leie berne en wennet no mei man en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert.
Se is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen folge. Mar it grutbringen fan fjouwer bern mei de dêrby hearrende húshâlding hie de prioriteit. No't de bern grutter wurde en de tiid rommer, hat se har skriuwen fierder ûntwikkele. Yn har boeken stiet de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
Talsma is tige produktyf. Har debútroman De twadde hûd (2011) waard yn 2012 folge troch Flammen en yn 2013 troch It geloksbern. Dizze trije titels foarmje mei-inoar de Frisum-trilogy. Yn 2014 kaam Brekber út en yn 2015 de skûtsjeroman Wyn fan feroaring.

Ynhâld

Yn Brekber draait it om de 25 jierrige Sinne. Se kin har net goed ynlibje yn minsken, sosjale struktueren fynt se lestich en freonen hat se net. Dêr stiet tsjinoer dat se mei hynders lêze en skriuwe kin. Se wurket op in maneezje, dêr't se it tige nei it sin hat. Mar as de eigner fan de maneezje siik wurdt en de lieding yn hannen komt fan Richard feroaret dat. Sinne giet hiel weardich mei hynders om en dat strykt net mei de hurde en saaklike oanpak fan Richard.
Mei har âlden en suster Marit giet se in wike nei Sardinië om de pake en beppe fan har heitekant te moetsjen. Dêr wurdt dúdlik dat Sinne de leafde en it talint foar hynders fan har beppe hat. Lykwols rint dy fakânsjewike út op in fiasko en desyllusjonearre yn de leafde komt Sinne werom.
Yn de rin fan de tiid krije Sinne en har nije baas wat mear respekt foar elkoar. Mar as Sinne Richard dêrnei nochris betrapet op it wreed omgean mei hynders, beslút se dat hy mar ris fiele moat wat er hynders oandocht.

Swierte

Foar N1-lêzers is Brekber tige tagonklik: de sinnen binne koart, der sit in protte aksje en dialooch yn it boek. It is neffens de kritearia foar N1 wol in grou boek, mar dat wurdt grif goedmakke trochdat it boek sa meinimmend is. Foar N2-lêzers kinne de personaazjes en de relaasjeproblematyk in útdaging wêze.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in boek dêr't leafde en relaasjes in wichtige rol yn spylje.

Ynteresses

It ferhaal is tige nijsgjirrich foar minsken dy't fan hynders hâlde.

Algemiene kennis

Net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn Brekber is flot en hjoeddeistich.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang en kompleks.

Styl

De styl yn Brekber is tige tagonklik.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in protte aksje yn it boek. Hiel wat ûntwikkelingen folgje mekoar yn rap tempo op.

Gronology

Der sitte tiidsferspringings yn it ferhaal, mar dy binne logysk en goed nei te kommen.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline yn Brekber is goed te folgjen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

It ferhaal hat in personale fertelsituaasje en wurdt út Sinne wei ferteld. Op side 22/23 wikselet it perspektyf eefkes en wurde de tinzen fan de heit fan Sinne werjûn.

Betsjutting

De tema's yn Brekber wurde eksplisyt beskreaun.
It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen. It is in meinimmend en ferdivedearjend boek.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Yn Brekber draait it om Sinne. Se is in jonge frou, dy't muoite hat mei leafde en relaasjes, mar dy't hiel goed mei hynders oerwei kin. Foar de N1-lêzer smyt it karakter fan Sinne gjin problemen op, want alles wurdt wiidweidich beskreaun en útlein. Foar de N2-lêzer sil it autistyske karakter fan Sinne in útdaging foarmje.

Hoemannichte

Der komme in soad personaazjes foar yn it boek, dy't allegearre by de namme neamd wurde. Dêr komme de nammen fan de ferskillende hynders nochris by.

Untjouwing fan de karakters

Benammen Sinne en Richard meitsje in ûntjouwing troch. Dy ûntwikkelingen wurde sa beskreaun dat se dúdlik en te begripen binne.

Relevante  boarnen foar dosinten

 Ynterview fan Sietse de Vries mei Hilda Talsma, LC 09-11-2012