Fries | niveau 1 | De twadde hûd

De twadde hûd

De twadde hûd

Talsma, Hilda
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2011
Uitgeverij
Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
222
Genre
  • relaasjeroman
Tags
  • bernewinsk
  • chicklit
  • doarpslibben
  • leafde
  • merke
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (is de trilogy, foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (is de trilogy, foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Hilda Talsma waard berne yn 1971 yn Alde Leie en wennet no mei man en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert. Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen folge. De twadde hûd is har debútroman. Yn har boeken stiet de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

Inhoud

Elske de Groot rint nei de fjirtich en wennet yn Frisum. Har man Sjoerd hat in pear jier lyn in ûngelok hân dêr't er de rêch by brutsen hat. Fan in sportive man en heit is er feroare yn in wrak dy't de moed opjûn liket te hawwen.
Elske en Sjoerd hawwe in puberdochter: Lys. Elske longeret lykwols nei noch in bern en de tiid driuwt. Noch in bern mei Sjoerd kin net, want dy is ûnfruchtber wurden nei it ûngelok. Yn in dronken bui nimt se in ympulsyf beslút.
De keardel dy't se útsiket om har dream útkomme te litten foldocht likemin oan har winsk. De jûns foar de merke set se him oan 'e dyk.
En dan stiet dy âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme boppe. Unferwachts stiet se each yn each mei har eardere leafde Ronny.

Leesaanwijzingen

De twadde hûd is maklik skreaun: de sinnen binne koart, der sitte hast gjin lestige wurden yn en de struktuer is ienfâldich. It kin lestich wêze om dy yn it libjen yn de haadpersoan, in frou fan hast fjirtich jier dy't fêstsit yn har houlik en noch graach in bern hawwe wol. It hâlden en dragen fan Lys, de 15-jierrige dochter fan Elske, sil werkenber wêze. It ferhaal is sa skreaun dat it maklik nei te kommen is. It is in meinimmend boek.

Om over na te denken

Wat soe in frou dwaan kinne as se graach (noch) in bern ha woe en har man wie ûnfruchtber? Wat soesto dwaan ast de leafde fan dyn libben tsjinkaamst, wylst al in relaasje hiest?

Waardering

'Een ontspannend en humoristisch debuut.'
Henk van der Veer yn de Friesland Post

'Hilda Talsma bewiist dat se it fertellen yn 'e fingers hat.'
Abe de Vries op syn bloch Seedyksterfeartfisk

Opmerkingen

De twadde hûd is it earste boek fan in leafdestrilogy. Flammen (2012) en It geloksbern (2013) binne diel 2 en 3.




Leestips/meer weten

Website fan Hilda Talsma
In wiidweidich fraachpetear mei de Hilda Talsma is te finen op Ensafh

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om oer personaazjes nei te tinken en dyn oardiel te jaan

Opdracht

Yn De twadde hûd draait it yn it foarste plak om Elske. Yn it ferhaal spylje har dochter en trije manlju in rol yn har libben.

1. Set in krúske yn it skema achter de beoardielingswurden as se neffens dy jilde foar de betreffende personaazje.

 Personaazje

 Elske

 Lys

 Sjoerd

 Gerke

 Ronny

 Aardich

 

 

 

 

 

 Betrouber

 

 

 

 

 

 Grappich

 

 

 

 

 

 Gemien

 

 

 

 

 

 Jaloersk

 

 

 

 

 

 Blier

 

 

 

 

 


2. Wa fan de fiif personaazjes sprekt dy it meast oan? En wêrom?

3. Wa fan de personaazjes sprekt dy it minst oan? En wêrom?

4. Lys stiet mei har 15 jier it tichst by de learlingen út de boppebou fan it fuortset ûnderwiis. Soest in freon/freondinne fan har wêze wolle? Wêrom wol of net?
(Ast Lys al neamd hast by punt 2 of 3, kinst punt 4 oerslaan).

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusskuldgefoel
Learst

om skuldgefoel te analysearjen

Opdracht

1. Elkenien fielt him wol ris skuldich oer saken dy't hy/sy dien hat. Do grif ek. Betink twa saken dêr'tst dy skuldich oer fielst/field hast en folje skema 1 yn. Der is al in foarbyld ynfolle.

2. Sjoerd fielt him ek in pear kear skuldich. Bygelyks as hy en Elske rûzje makke ha (side 25). Dêrnei realisearret er him dat der wat feroarje moat.
Op side 67 - 69 hawwe Elske en hy noch ris rûzje. Nei dat trelit en in besite oan de dokterswacht komt er mei in oplossing foar in probleem dêr't er him skuldich oer fielt. Folje foar Sjoerd twa regels yn skema 2 yn.

3. Elske fielt har ek in pear kear skuldich yn it boek. Folje foar har ien regel yn skema 2 yn.

4. Besjoch de boarne op ynternet. Hjir binne allegearre tips te lêzen oer hoe't je mei skuldgefoel omgean kinne. Komme de oplossingen oerien mei de oplossingen yn skema 1 en 2? Motivearje dyn antwurd.

5. Skriuw in mail oan Elske of Sjoerd. Gean yn op de oarsaak fan harren skuldgefoel en jou in oardiel oer hoe't se mei harren skuldgefoel omgongen binne.


Skema 1

 Wêr fieldest dy skuldich oer?

 Wêrom fieldest dy dêr skuldich oer?

 Wat hast dien om fan dyn skuldgefoel ôf te kommen?

 Hat it holpen?

 As bern ha ik in kearke in potsje kraaltsjes meinommen by de V&D.

 Ik hie stellen!

 De kraaltsjes ferstoppe en folle letter opbychte oan myn âlden dat ik stellen hie

 De kraaltsjes ferstopje net, it allegear opbychtsje wol

 1

 

 

 

 2

 

 

 


Skema 2

 Namme

 Fielt him/har skuldich oer …?

 Wat docht hy/sy der oan?

 Helpt it?

 Sjoerd (1)

 

 

 

 Sjoerd (2)

 

 

 

 Elske

 

 

 

 

Bronnen

'Hoe kom ik van mijn schuldgvoel af?', sjoch Hoedoe.nl

Makke troch
Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusemoasjes
Learst

om emoasjes by foarfallen yn kaart te bringen

Opdracht

1. Beskriuw in foarfal út dyn libben dat in protte yndruk op dy makke hat. Hokker assosjaasjes hasto mei dat foarfal? Besjoch earst it foarbyld hjirûnder en folje dêrnei dan sa'n tabel yn foar dyn foarfal.

Foarfal - de earste dei nei it fuortset ûnderwiis
Emoasje - ûnrêst en spanning

Ofbylding -  Cartoon Wat moat ik dwaan

Doch datselde foar in foarfal út dyn eigen libben.

2. Yn De twadde hûd kriget Elske mei in soad foarfallen en emoasjes te krijen.
Bygelyks:
* Side 15 → rûzje mei Lys
* Side 40 → as Sjoerd fertelt dat er Lys in hûn op har jierdei jaan wol
* Side 140 - 143 (1/2) → Gerke fergrypt him oan Elske
* Sels noch in foarfal útsykje.

Wurkje de foarfallen út neffens it foarbyld by punt 1.

3. Besjoch boarne 1 en 2.
Meitsje fan it libben fan Elske in moodboard oan de hân fan de foarfallen dy'tst by punt 2 neamd hast. Folje dat oan mei noch mear ôfbyldings en stekwurden dy't by Elske passe.

Eventueel ekstra
4. Presintearje it moodboard oan dyn dosint / de klasse.

Bronnen

1. Googleje 'moodboard' en klik op afbeelding foar foarbylden.
2. 'Een moodboard maken doet u zo', op infonu.nl

Makke trochAns Wallinga

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn twatal
Fokusferfilming
Learst

om nei te tinken oer de ferfilming fan it ferhaal

Opdracht

Stel dat De twadde hûd ferfilme wurde soe. As tarieding dêrop tinkst nei oer in tal keuzes dy't de regisseur nimme moat.

Beäntwurdzje neikommende fragen:

1. Wa moat Elske spylje? En wa Sjoerd, Lys, Gerke en Ronny?

2. Wêr soe de film opnaam wurde moatte? Notearje ferskillende lokaasjes.

3. Wat foar fiif foarfallen moatte yn alle gefallen yn de film foarkomme?

4. Wat foar muzyk kin yn de film brûkt wurde? Neam twa titels fan ferskes. En wa (artyst of band) soe dy muzyk dan fersoargje moatte?

5. Soe ferfilming fan De twadde hûd in súkses wurde kinne ast sjochst nei it ferhaal? Wêrom wol/net?

Foar punt 1, 2 en 4 jildt dat it sawol Fryske of Nederlânske akteurs, lokaasjes, ferskes en artysten wêze meie.

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening oer in boek te ferwurdzjen en te ûnderbouwen

Opdracht


Alle dagen fynst wol ergens wat fan. Tink oan it waar, de dosinten op skoalle, dyn âlden, muzyk, in boek, minsken yn it ferkear dy'tst tsjinkomst ensafuorthinne.

1. Wat foar beoardielingswurden brûksto faak? Bygelyks: 'moai', 'saai', 'stom', 'fet', 'leuk' ensafuorthinne. Der binne fansels noch folle mear beoardielingswurden as hjirboppe neamd binne.

2. Wat foar beoardielingswurden binne neffens dy fan tapassing op De twadde hûd? Neam fjouwer.

3. Wat is wichtich foar dy oan in ferhaal? Kies fiif fan ûndersteande kritearia út.

 

Eigenskip

Kritearium

1

Oannimlikens
(geloofwaardigheid)

de foarfallen en de personaazjes moatte foar my oannimlik wêze

2

Realistysk karakter

it ferhaal moat wier bard wêze kinne

3

Tiidsferrin

it ferhaal moat gronologysk ferteld wurde

4

Ferhaallinen

der moat ien ferhaalline wêze

5

Dramatyk

der moat in dramatyske draai ferwurke wêze yn it ferhaal.

6

Skriuwstyl

der meie gjin drege wurden yn it ferhaal foarkomme en de sinnen meie net te lang wêze.

7

Aksje

it ferhaal moat in protte aksje befetsje en mei net tefolle beskriuwe

8

Dialogen

it ferhaal moat in protte dialogen befetsje

9

Meinimmendheid

ik moat my 'ferlieze' kinne yn it ferhaal

10

Identifikaasjemogelikheid

personaazjes moatte net te fier fan my ôf stean, bgl. as it giet om leeftiid en karakter.

 

4. Nûmerje de fiif kriteria dêr'tsto foar keazen hast. Set dêrby de wichtichste op nûmer 1 en de minst wichtichste op nûmer 5. En jou oan wêrom'tsto foar dizze kriteria keazen hast.

5. Bepaal oft De twadde hûd oan dyn kriteria (by nûmer 4) foldocht. Skriuw op wêrom wol of net.

Makke trochAns Wallinga
Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de titel

Opdracht

Op grûn fan de titel De twadde hûd krijst noch gjin goede yndruk oer de ynhâld fan it boek.

1. Wêr ferwiist De twadde hûd nei?

2. Wat fynsto goed of net goed oan de titel?

3. Alternative titels soene wêze kinne:

Merke yn Frisum
Elske en har mannen of Elske en de manlju
Langstme
It bern, de hûn en de merke

Lis by elk fan boppesteande titel út watst der goed en minder goed oan fynst. Jou ek oan oftst de titel better of minder goed fynst as De twadde hûd.

4. Betink sels noch trije titels en lis út wêrom't dy titel by it boek past.

5. Wat foar titel is by einbeslút de bêste: De twadde hûd, ien fan de fjouwer titels dy't by punt 3 neamd binne of ien fan dyn eigen betochte titels?
Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda De twadde hûd
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken or it perspektyf yn dit boek

Opdracht

1. Bestudearje de literêre teory oer perspektyf.

2. Wat is it perspektyf yn De twadde hûd? Ut hokker personaazje(s) wei wurdt/wurde de foarfallen beskreaun?

3. Kies in passaazje fan likernôch in heale side út it boek en werskriuw dy yn it ik-perspektyf.

4.Wat feroaret der dan? Soe it boek der better of minder fan wurden en wêrom?

Bronnen

Joke van Balen en oaren, Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 101 - 106.
Wikipedia, Vertelperspectief

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Hilda Talsma waard berne yn 1971 yn Alde Leie en wennet no mei man en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert. Se is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen folge. Mar it grutbringen fan fjouwer bern mei de dêrby hearrende húshâlding hie de prioriteit. No't de bern grutter wurde en de tiid rommer, hat se har skriuwen fierder ûntwikkele. Yn har boeken stiet de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal. De twadde hûd is har debút.

Ynhâld

Elske de Groot rint nei de fjirtich en wennet yn Frisum. Har man Sjoerd hat in pear jier lyn in ûngelok hân dêr't er de rêch by brutsen hat. Fan in sportive man en heit is er feroare yn in wrak dy't de moed opjûn liket te hawwen.
Elske en Sjoerd hawwe in puberdochter: Lys. Elske longeret lykwols nei noch in bern en de tiid driuwt. Noch in bern mei Sjoerd kin net, want dy is ûnfruchtber wurden nei it ûngelok. Yn in dronken bui nimt se in ympulsyf beslút.
De man dy't se útsiket om har dream útkomme te litten foldocht likemin oan har winsk. De jûns foar de merke set se him oan 'e dyk.
En dan stiet dy âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme boppe. Unferwachts stiet se each yn each mei har eardere leafde Ronny.

Swierte

Foar N1-lêzers is De twadde hûd tige tagonklik: de sinnen binne koart, der sit in protte aksje en dialooch yn it boek en de struktuer is gronologysk.
Foar N2-lêzers kinne de personaazjes en de problematyk in útdaging wêze, om't dy aspekten net daliks oanslute by de belibbingswrâld fan jongeren.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in boek mei in froulike haadpersoan fan likernôch fjirtich jier.  

Ynteresses

De tema's (longerje nei in bern, folwoeksen relaasjeproblemen) steane oer it algemien net ticht by de doelgroep. Oan de oare kant sil it realistyske, hjoeddeistige ferhaal lêzers oansprekke.

Algemiene kennis

Net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn De twadde hûd is eigentiidsk.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang en net kompleks.

Styl

De styl yn De twadde hûd is tige tagonklik.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in protte aksje yn it boek. Der binne in protte ûntwikkelingen achter elkoar.

Gronology

De ferhaal yn De twadde hûd wurdt gronologysk ferteld.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline yn De twadde hûd is goed te folgjen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

It ferhaal hat in personale fertelsituaasje en wurdt út Elske wei ferteld.

Betsjutting

De tema's yn De twadde hûd wurde eksplisyt beskreaun. De lêzers bliuwe net mei fragen sitten oer de haadpersoanen yn relaasje ta de tema's.
It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen. It is in meinimmend en ferdivedearjend boek.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan hat net deselde leeftiid as de doelgroep. Dat makket se benammen foar de N1-lêzer net sa werkenber. Dêr stiet tsjinoer dat in soad hannelings (rûzje, ûntrou, relaasjeproblemen) wol te begripen binne. De karakters binne goed te folgjen. Lys, de fyftjinjierrige dochter fan Elske en Sjoerd, slút wol oan by de jongere lêzers.

Hoemannichte

It tal karakters yn De twadde hûd is net grut en goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

Benammen Elske en Sjoerd meitsje in ûntjouwing troch. Dy ûntwikkelingen wurde sa beskreaun dat se dúdlik en te begripen binne.

Relevante  boarnen foar dosinten

 Ynterview mei Hilda Talsma LC 09-11-2012