Fries | niveau 1 | Fete

Fete

Fete

Braaksma, Skelte
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2019
Uitgeverij
Afûk yn gearwurking mei Striplân
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
91
Genre
  • histoarysk stripferhaal
Tags
  • Fryske frijheid
  • lette midsiuwen
  • boargeroarloch
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Over de auteur

Skelte Siweris Braaksma (1995) út Marrum hat de oplieding Art en Design dien oan ROC Friese Poort yn Drachten. Yn maart 2017 is er úteinset as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener.
Yn 2010 publisearre er syn earste stripboek, F.K.P. It gong oer de oarloch tusken Fryslân en Grinslân mei de Frysk Kommunistyske Partij as middelpunt.
Foar de strip Het Front, ynspirearre op 1984 fan George Orwell, krige Braaksma yn 2017 de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.
Fete is Braaksma syn sechsde stripboek. Lês mear oer Skelte Braaksma by Tresoar.

Inhoud

Tusken 1413 – 1422 hearske der yn it Fryslân fan doe (sjoch ôfbylding hjirûnder) in boargeroarloch.
De oarloch wie yn East-Fryslân ûntstien as gefolch fan in út de hân rûne fete tusken Keno II tom Brok (Skieringer) en Hisko Abdena út Emden.
Dy twist eskalearde doe’t Keno II tom Brok it Emden fan Abdena besette.
Nei dy ynvaazje keas elk yn Fryslân partij. Der bruts in boargeroarloch tusken de stridende partijen fan de Skieringers en de Fetkeapers. 
De oarloch kaam ta in ein op 1 febrewaris 1422. Yn de stêd Grins kamen de partijen by-elkoar om frede te sluten (frede fan Grins).


It Fryslân fan de 14e en 15e iuw tusken Fly en Wezer (boarne: Wikipedia).

Leesaanwijzingen

It boek begjint mei in oersjoch fan de wichtichste personaazjes út it ferhaal. Dat is in handich helpmiddel om werom te sjen wa’t wa is.
It ferhaal folget gronologysk de fjildslaggen tusken de Skieringers en de Ferkeapers tidens de Grutte Fryske Oarloch fan 1413 oant en mei it tekenjen fan de soen op 1 febrewaris 1422 yn Grins. Elke wichtige fjildslach en de ferjilding dêrop wurdt yn it giel oanjûn boppe-oan de bledside.

Om over na te denken

Wat docht in boargeroarloch mei in lân? Wat docht in boargeroarloch mei de ‘gewoane’ boarger?
Soe it tinkber wêze dat der yn it Nederlân/Fryslân fan hjoed-de-dei in boargeroarloch ûntstean kinne soe? Wêr soe in boargeroarloch yn Nederlân/Fryslân eventueel oer gean kinne?
Wat soest dwaan as der in boargeroarloch yn ús lân útbrekke soe?

Waardering

“De foarm, in byldferhaal of strip, fyn ik tige nijsgjirrich. De hjitte fan ’e striid komt sa goed ta syn rjocht. Yn it byldferhaal is in soad dialooch en dat lêst hiel flot, wylst it dêrtroch dochs net tefolle fan it histoaryske ferhaal ôfwykt, al ha ik dat net kontrolearre.”

Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga, Heit en mem.

Opmerkingen

De Fryske Frijheid is in finster yn de kanon fan de Fryske skiednis.
Yn in filmke wurdt útlein hoe’t Fryslân der yn dy tiid hinne lei.
Filmke: https://bit.ly/2vbLIWE (oant 9:26 min.)




Leestips/meer weten

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Braaksma, Skelte Fete
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuslêsûnderfining
Learst

om dyn lêsûnderfining te ferwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder steane in oantal bewearingen oer Fete.
Reagearje op fiif bewearingen troch oan te jaan oftst it der mei iens bist of net.
Motivearje dyn antwurd, wêr mooglik mei in foarbyld út it boek.

Bewearing 1
It ûnderwerp yn Fete fyn ik orizjineel.

Bewearing 2
Doe’t ik Fete lies, wie ik hiel benijd nei de ôfrin.

Bewearing 3
Ik fyn de personaazjes yn de strip hiel oannimlik.

Bewearing 4
Troch dit boek haw ik in dúdlik byld fan Fryslân oan it begjin fan de 15e iuw.

Bewearing 5
It taalgebrûk yn Fete fyn ik goed te begripen.

Bewearing 6
Dit stripboek is geskikt foar learlingen fan in middelbere skoalle, mar ek foar folwoeksenen.

Bewearing 7
It ferhaal hat in sletten ein, want as lêzer bliuwst net mei fragen sitten.

Bewearing 8
Op guon mominten fyn ik Fete grappich.

Makke trochAns Wallinga
Boek Braaksma, Skelte Fete
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om in ferhaal/stripboek te beoardieljen

Opdracht

Dyn oardiel kinst dúdlik meitsje mei allerhanne wurden.

a.
Kies hieltyd ien fan de twa beoardielingswurden dat neffens dy it meast op it ferhaal fan tapassing is. Nim de wurden oer en set in streek ûnder it wurd dat neffens dy it bêste fan tapassing is. Let op! It giet by dizze opdracht om it ferhaal, net om de tekeningen.

1. spannend / saai
2. begryplik / ûnbegryplik 
3. set my oan it tinken / lit my kâld 
4. werkenber / net werkenber 
5. dreech / maklik
6. learsum / net fan nut
7. leauweardich / net oannimlik
8. yndrukwekkend / neatsizzend
9. gefoelich / ûnferskillich 
10. ferrassend / foarsisber 
11. flot ferteld / langtriedderich 
12. lit my meilibje / docht my neat

b.
Kies hieltyd ien fan de twa beoardielingswurden dat neffens dy it meast op de tekeningen fan tapassing is. Nim de wurden oer en set in streek sette ûnder it wurd dat it bêste fan tapassing is. Let op! It giet by dizze opdracht om de tekeningen, net om it ferhaal.

1. grappich / saai
2. orizjineel / stereotyp
3. sfearfol / sfearleas
4. bernich / foar myn leeftiid of alle leeftiden
5. spannend / net spannend
6. oersichtlik / betiizjend
7. apart / gewoan
8. in protte aksje / gebeurt hast neat
9. drok / rêstich
10. moai / ûnsjoch

c.
Skriuw in beoardieling fan sa’n 120 – 150 wurden en ferwurkje dêryn tips en tops.
Brûk fan a. en b. beide 3 beoardielingswurden. Mear mei.

d.
Lêst in ferhaal yn in strip oars as in ferhaal yn in boek? Motivearje dyn antwurd.

Makke trochAns Wallinga
Boek Braaksma, Skelte Fete
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

learst nei te tinken oer de betsjutting fan de titel

Opdracht
  1. Wat fynst fan de titel Fete? Sprekt er dy oan? Wêrom wol of net?
  2. Alternative titels soene wêze kinne:
    * It ferhaal fan de Skieringers en Fetkeapers
    * Heldemoed
    * De Grutte Fryske Oarloch

    Lis by elk fan boppesteande titel út watst der goed en minder goed oan fynst. Jou ek oan oftst de titel better of minder goed fynst as Fete.

  3. Betink sels noch twa titels en lis út wêrom't dy titel by it boek past.

  4. Wat foar titel is by einbeslút de bêste: Fete, ien fan de trije titels dy't by punt 2 neamd binne of ien fan dyn eigen betochte titels?
    Motivearje dyn antwurd.
Makke trochAns Wallinga

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Braaksma, Skelte Fete
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspanning
Learst

om nei te tinken oer ferskillende soarten spanning yn in boek

Opdracht

‘Spanning’ (Ingelsk ‘suspence’) is in elemint yn in boek dat der foar soarget datst trochlêze wolst. As lêzer wolle je witte wat der gebeurt of gebeurd is en hoe’t it ferhaal ôfrint.

A.
1. Wat makket foar dy in ferhaal spannend?
2. Neam de titel fan in boek datst lêzen hast en datst hiel spannend fûnst.
Wat makke dat boek sa spannend?

B.
In skriuwer ferwurket bewust allegearre saken yn in ferhaal dy’t foar spanning soargje.
Wat soarget foar spanning yn Fete?
Om dy fraach wiidweidiger beäntwurdzje te kinnen sjochst nei ûndersteande ‘spanningseleminten’.
Foar alle ûndersteande fragen jildt datst se motivearje moatst. Ek as it antwurd ‘nee’ is.

1. Geheimen
Spilet it spanningselemint ‘geheimen’ in rol yn Fete?
Witte bepaalde figueren wat dat oaren beslist net witte meie? Driigje geheimen ferklapt te wurden?
Jou (eventueel) twa foarbylden

2. Plak/romte
It plak dêr’t him wat ôfspilet kin foar spanning soargje.
Spylje bepaalde plakken yn it ferhaal foar spanning? Hokker?

3. Personaazjes
Binne der personaazjes dy’t eangst oproppe? Hokker en wannear?

4. Taal
Is der in bepaalde manier fan praten (of krekt swijen) dy’t foar spanning soarget? Motivearje dyn antwurd.

5. Waarnimmingen
Soargje waarnimmingen (wat persoanen sjogge, hearre, fiele of rûke) foar ekstra spanning?

6. Ferwachtingen
Gebeure der hiele oare dingen yn it ferhaal as dy’tst ferwachtest? Untstiet der in skrikeffekt by bepaalde sênes? Motivearje dyn antwurd.

C.
Yn hoefiere wurket in byld, de tekeningen, mei oan de spanning yn dit boek?
Oars steld: Troch de tekeningen wurdt it ferhaal noch spannender of krekt net?
Motivearje dyn antwurd.

D.
Ast de spanning yn Fete beoardielje moatte soest op in skaal fan 1 (absolút net spannend) oant 10 (ôfgryslik spannend), wêr soest Fete dan pleatse? Motivearje dyn antwurd yn sa’n 50 wurden.

Bronnen
Makke trochAns Wallinga
Boek Braaksma, Skelte Fete
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushistoaryske kontekst
Learst

om nei te tinken oer de perioade dêr't it ferhaal yn Fete him yn ôfspilet

Opdracht

Yn Fete folgje fjildslaggen en konflikten mekoar op. Om in better oersjoch te krijen fan it ferrin fan de Grutte Frysk Boargeroarloch makkest in tiidline mei de wichtichste foarfallen.

A.
Yn de neikommende jiertallen fûn der fjildslaggen plak. Skriuw de jiertallen ûnder elkoar op (op papier of digitaal): 1400, 1413, 1415, 1417, 1418, 1419, 1420, 1420, 1420, 1421, 1422, 1422.
(It kloppet dat guon jiertallen meardere kearen foarkomme).

Notearje achter elk jiertal it plak dêr’t de fjildslach him ôfspile en beskriuw koart wa’t tsjin wa focht en wêr’t it konflikt oer gong.

B.
Sjochst troch it meitsjen fan de tiidline oars tsjin de Grutte Fryske Boargeroarloch en it boek oan?

Kies út ûndersteande stellingen de stelling dy’t it meast op dy fan tapassing is. Motivearje dyn kar yn ûngefear 80 wurden.

Stelling 1     Troch de opdracht begryp ik it ferrin fan de oarloch better.
Stelling 2     Troch de opdracht sjoch ik oars nei it boek Fete.
Stelling 3     Troch de opdracht sjoch ik net oars nei it boek Fete.
Stelling 4     Troch de opdracht is it stripboek Fete leuker wurden.
Stelling 5     Oars, nammentlik…

Makke trochAns Wallinga
Boek Braaksma, Skelte Fete
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn twatal
Fokusferfilming
Learst

om nei te tinken oer de ferfilming fan it ferhaal

Opdracht

A.
1. Wat is in goede oarlochsfilm? Neam de titel.
2. Wêrom fynsto dat in goede film?
3. Wêr moat in goede oarlochsfilm oan foldwaan?

B.
Stel dat Fete ferfilme wurde soe. As tarieding dêrop tinkst nei oer in tal keuzes dy't de regisseur nimme moat.

Beäntwurdzje neikommende fragen:

1. Wa moatte Hisko Abdena, Jarich Koppen en Keno tom Brok spylje? Motivearje dyn kar.

2. Wêr soe de film opnaam wurde moatte? Notearje ferskillende lokaasjes.

3. Wat foar fiif foarfallen moatte yn alle gefallen yn de film foarkomme?
Hokker foarfallen út it boek soene fuortlitten wurde kinne?

4. Wat foar muzyk kin yn de film brûkt wurde? Neam eventueel titels fan ferskes. En wa (artyst of band) soe dy muzyk dan fersoargje moatte?

5. Soe ferfilming fan Fete in súkses wurde kinne ast sjochst nei it ferhaal? Wêrom wol/net?

Foar punt 1, 2 en 4 jildt dat it sawol Fryske of Nederlânske akteurs, lokaasjes, ferskes en artysten wêze meie.

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Skelte Siweris Braaksma (1995) út Marrum hat de oplieding Art en Design dien oan ROC Friese Poort yn Drachten. Yn maart 2017 is er úteinset as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener.
Yn 2010 publisearre er syn earste stripboek, F.K.P. It gong oer de oarloch tusken Fryslân en Grinslân mei de Frysk Kommunistyske Partij as middelpunt.
Foar de strip Het Front, ynspirearre op 1984 fan George Orwell, krige Braaksma yn 2017 de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.
Fete is Braaksma syn sechsde stripboek. Lês mear oer Skelte Braaksma by Tresoar

Ynhâld

De Grutte Fryske Boargeroarloch fan 1413 - 1422 foarmet de boarne foar it ferhaal yn it stripboek Fete. De oarloch wie yn East-Fryslân ûntstien as gefolch fan in út de hân rûne fete tusken Keno II tom Brok (Skieringer) en Hisko Abdena út Emden. Dy twist eskalearde doe’t Keno II tom Brok it Emden fan Abdena besette. Nei dy ynvaazje keas elk yn Fryslân partij. Der bruts in boargeroarloch tusken de stridende partijen fan de Skieringers en de Fetkeapers. It ferhaal folget gronologysk wichtige fjildslaggen. De oarloch kaam ta in ein op 1 febrewaris 1422. Yn de stêd Grins kamen de partijen by-elkoar om frede te sluten (frede fan Grins).

Swierte

Foar de N1-lêzer is Fete in spannend ferhaal út de Fryske skiednis. Trochdat it ferhaal yn stripfoarm ferteld wurdt, is it tige geskikt foar de N1-lêzer. Tagelyk is it boek ek geskikt foar N2-lêzers om’t it in dramatysk ferhaal is mei amper obstakels (ien ferhaalline, gjin perspektyfwiksels). De tiidsprongen wurde hiel dúdlik oanjûn. Foar de N3-lêzer jout it ferhaal ferdjipping fan de histoarje fan Fryslân oan it begjin fan de 15e iuw.
De lêzer moat him/har bewust wêze dat Fryslân der yn dy tiid oars hinne lei as hjoed-de-dei. Under it kopke Frij en Frysk foar de prolooch op side 1 wurdt útlein hoe’t Fryslân yn dy tiid bestjoerd waard en hoe’t de Grutte Fryske Oarloch ûntstean koe.
Om’t de tekeningen net ynkleure binne, lykje de personaazje somtiden op elkoar. It is dan lestich om te sjen wa’t wa is. It oersjoch fan de personaazjes foaryn it boek is in nuttich helpmiddel.

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it midsiuwske Fryslân fan it begjin fan de 15de iuw, de tiid fan de Grutte Fryske Boargeroarloch, d.w.s. de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers.

Ynteresses

Ynteresse yn de let-midsiuwske maatskippij yn de Fryslannen is in pree. Foar de N1-lêzer kin dat in útdaging wêze.

Algemiene kennis

Foar de prolooch (side 1) wurdt útlein hoe’t Fryslân der yn dy tiid bestjoerlik hinne lei.
In lêzer dy't yn it foar wat mear witte wol oer Fryslân oan it begjin fan de 15e iuw kin op Wikipedia it ien en oar neilêze.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

 

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is oan 'e iene kant tagonklik en somtiden  fan dizze tiid. Oan de oare kant komme der ek net gongbere Fryske wurden foar dy't meast passe by de tiid fan it ferhaal. Guon begripen wurde ûnderoan de side ferklearre. 

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich mei net te folle en al te lange bysinnen.

Styl

De styl is direkt.  

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der komt in hiele protte aksje yn it ferhaal foar. Benammen N1- en N2-lêzers sille dat bot wurdearje kinne.

Gronology

It ferhaal is gronologysk opboud en sil gjin problemen opsmite.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline. De ferhaalline wurdt foarme troch de ferskate fjildslaggen tusken 1413 – 1422.

Perspektyf

De voice-over/alwittende ferteller foarmet it ramt fan de fertelling. Binnen dat ramt wurdt it hy-perspektyf hantearre. Dat sil foar de lêzers gjin problemen opsmite, om’t de gongbere foarm yn de measte stripboeken is.

Betsjutting

Dit histoaryske stripferhaal byldet de Grutte Fryske Boargeroarloch fan 1413 – 1422 út. De ûndertitel fan it boek is: ‘It nea earder fertelde ferhaal’.

Ferantwurding troch de auteur:

Opdroegen oan alle minsken

dy’t belutsen rekken by

dit ûngenedige konflikt,

dat harren ynspanningen

net fergetten wurde sille.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters wurde net bot útdjippe. Se bliuwe allegearre flak. Foar de N1- en N2-lêzer is dat noflik. Mooglik biedt dat foar de N3-lêzer wat te min útdaging.

Hoemannichte

Der komme in soad persoanen yn it ferhaal foar. Foardat it ferhaal begjint, is der in oersjoch (portrettekening plus namme) fan de personaazjes yn it  ferhaal.

Dat is in hiel handich helpmiddel. Omdat de tekeningen net ynkleure binne is it dreech om de personaazjes útelkoar te hâlden.

Untjouwing fan de karakters

De karakters steane yn tsjinst fan de striid. De karakters ûntjouwe harren allinne mei it ferrin fan dy striid. Fierder bliuwe de karakters oerflakkich. Foar de N1- en N2-lêzer is dat noflik. Foar de N3-lêzer kin dat mooglik te min útdaging jaan.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

-      https://fy.wikipedia.org/wiki/Grutte_Fryske_Oarloch

-      https://fy.wikipedia.org/wiki/Skieringers_en_Fetkeapers