Fries | niveau 2 | De fûgel

De fûgel

De fûgel

Riemersma, Trinus
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2006
Uitgeverij
Utjouwerij Venus
Plaats
Frjentsjer
Aantal pagina's
77
Genre
  • novelle
Tags
  • doarpslibben
  • fûgel
  • bûtensteander
  • mienskip
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Trinus Riemersma is ien fan ús grutte Fryske skriuwers. Hy hat in soad titels op syn namme stean: proaza, poëzy, toaniel, essees, wittenskiplik wurk en kollums. Hy skriuwt faak eksperiminteel en dat kin dan ‘alle kanten opgean.’ Hy is berne yn Ferwert (1938). Hy wie earst skoalmaster yn Gau en Hjerbeam. Dat paste net goed. Hy lei him ta op de stúdzje fan de Frisistyk en op syn skriuwerskip. Yn syn literêre boeken besocht er hieltiten wer wat nijs út mei de foarm en de ynhâld. Yn Fryslân waard er besjoen as literêr firtuoas, mar net elkenien wurdearre syn wurk. Hy krige twa kear de Gysbert Japicxpriis, ien kear foar de roman Fabryk (1964) en ien kear foar de roman De reade bwarre (1995). Riemersma hat hast syn hiele libben yn Frjentsjer wenne. Hy stoar yn 2011 yn it sikehûs fan Ljouwert.

Inhoud

It ferhaal spilet him ôf yn in typysk Noard-Italjaansk doarpke dat idyllysk boppe-op in heuvel leit. Hiel lang lyn wie it in doarp fan oansjen, mar no is it der wat ynsliept en stil. Op in dei hinget der in hiel grutte fûgel yn de loft. De ynwenners witte wol dat dat net folle goeds bringt, want de âlderen kenne dy kolossale fûgel noch út harren bernetiid.

Leesaanwijzingen

Fuort op de earste side silst foar dy sjen wat der op in dei yn in rêstich en stil Italjaansk doarke bart: ‘As in helikopter hong er yn de loft.’ It ferhaal sil dy pakke en meinimme.
Der is yn de novelle net ien spesjaal persoan dy’t de haadrol hat en yn wa’tst dy ynlibje kinst. It is earder in ‘doarpstoaniel’ mei in protte personaazjes.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan ast witst dat earne in grizelich bist ferskûle lei, klear om dy te pakken? Soest safolle mooglik yn 'e hûs bliuwe, soest der ien op ôf stjoere of soest wat oars dwaan?

Waardering

"Ek dyn wenplak hat sa'n fûgel, sa'nien dy't samar komt en like hurd wer fuort is. Ien dy't saken ferdwine lit en minsken bang makket."
Hessel Yntema, studint learare-oplieding Frysk

"In novelle neamt Trinus Riemersma it … Dêrby giet om de doarpsmienskip, net sasear om it yndividuele belibjen: net allinne troch de yllustraasjes, ek yn de sfearfolle beskriuwing sjochst it doarp sa foar dy."
Elske Schotanus op har eigen webside

Opmerkingen

De novelle hie as wurktitel De wrekingel. Dat is dus úteinliken De fûgel wurden. It ferhaal is ek te beharkjen as mp3. Sjoch dêrfoar www.luisterrijk.nl of op de webside fan de bibleteek.




Leestips/meer weten

- Besprek fan Jelle van der Meulen, De fûgel. Yn: Besprekingen van het werk van de Friese auteur Trinus Riemersma (frieseliteratuur.nl)
- Besprek fan Elske Schotanus, De fûgel. Yn: De fûgel, Trinus Riemersma – Elske Schotanus
- Fragmint oer De fûgel yn it onlinedeiboek fan Henk van der Veer (16 maart 2011): Henk van der Veer
- Beskriuwing fan de skriuwersbiografy op Sirkwy: Riemersma, Trinus (tresoar.nl)

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Riemersma, Trinus De fûgel
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswurden omsette yn lûd en byld
Learst

de beskriuwingen fan de fûgel nochris yn detail te lêzen en gear te fetsjen

Opdracht

Fuort op de earste bledside komst al mei de heimsinnige grutte fûgel yn oanrekking. Sa no en dan komt er werom.

1. Mario en Enrico binne de earsten dy’t de fûgel sjogge. Nim fan de earste twa siden de beskriuwing fan de fûgel oer. Wat sizze Mario en Enrico as earste reaksje?
2. De fûgel komt dêrnei noch mar ien kear werom yn it doarp. Beskriuw wêr’t yn it ferhaal dat is en wat der dan krekt bart (20-30 wurden).
3. Wat is de aksje dy’t de mannen fan it doarp - Alfredo, Enrico, Frederico, Rino, Luigi en Marco – ûndernimme as de poppe fan Allesandra meinaam is?
4. Nim op dyn mobyl in floch op en doch ferslach fan wat der bart yn it ferhaal oant dan ta.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Trinus De fûgel
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynlibje yn in personaazje
Learst

om te sjen nei hoe’t de skriuwer in personaazje delset (en ynformaasje weilit)

Opdracht

Allesandra is in bûtensteander yn it doarpke. Se is in frou-allinne. Se wurdt aardich berabbe, der wurdt dus in soad oer har praten.

1. Doch as bist in ynwenner fan it doarp en nim op dyn mobyl in audio op mei wat der oer har sein wurdt yn haadstik 7 en begjin dy mei: “Hast it al heard?...” (1-2 minuten).
2. Foardat oppasfamke Valeria it yn de rekken hat, nimt de fûgel de poppe fan Alessandra mei, heech de loft yn. Hoe reagearret Alessandra yn haadstik 8? Hoe reagearje de manlju en froulju út it doarp rjochting Alessandra?
3. Wat fynst fan de reaksje fan Alessandra, dus foar in mem dy’t har bern op dizze manier kwytrekket? Skriuw it petear út dat Alessandra en Elena neffens dy hân hawwe yn haadstik 8, sadat it hielendal past yn de ferhaalline. Brûk 150 wurden.

Bronnen

Besprek fan Elske Schotanus, De fûgel. Yn: De fûgel, Trinus Riemersma – Elske Schotanus

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Riemersma, Trinus De fûgel
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspanning opbouwe yn in ferhaal
Learst

hoe’t yn in ferhaal spanning oproppen wurde kin              

Opdracht

Besjoch dit filmke op YouTube: Meisje (8) gegrepen door mega-arend - YouTube.

1. Komt it neffens dy faker foar dat grutte fûgels bern oanfalle of meinimme? Kenst in ferhaal of in film dêr’t dat ek bart? As dat sa is, neam dan in foarbyld.
2. It ferhaal fan De fûgel begjint spannend op de earste bledsiden. Wat wurdst gewaar oer de fûgel yn haadstik 1 fan it boek? Beskriuw yn dyn eigen wurden de fûgel yn 25 wurden neffens de ynformaasje yn haadstik 1.
3. Dêrnei ferskynt de fûgel noch mar ien kear yn it doarp. Wannear is dat? Hoe wurdt de fûgel dan beskreaun?
4. Hoe meitsje de minsken yn it doarp inoar bang foar de fûgel? Lis dyn antwurd út mei twa foarbylden út it ferhaal.
5. Pak no dyn útwurking fan fraach 2 derby, dus de beskriuwing fan de reuzefûgel yn 25 wurden. Meitsje no de beskriuwing fan it ferhaal folle spannender troch dyn eigen fragmint út te wreidzjen en fan 25 nei 75-100 wurden te bringen.
Under it kopke (literêre) teory hjirûnder kinst ynspiraasje fine hoe’t dat kinne soe.
6. Eventueel kinst oare learlingen dyn útwurking foarlêze en fan kommentaar foarsjen.

Literaire theorie

Spanning

In wichtige reden om troch te lêzen yn in boek is datst benijd bist nei de ôfrin. In avontuereroman is faak spannend, omdatst witte wolst hoe’t de held him út lestige sitewaasjes rêdt en in leafdesroman is spannend, omdatst witte wolst oft se inoar krije. Foar elk soart ferhaal is spanning dus wer wat oars.

Der binne ferskate techniken om spanning yn in ferhaal te bringen:

  • Op in spannend momint ophâlde en oerstappe op in oare ferhaalline;
  • De ûntknoping útstelle;
  • De lêzer mear ynformaasje jaan as it personaazje;
  • De lêzer op de ferkearde foet sette;
  • Op it toppunt fan de spanning alle ferhaallinen byinoar komme litte (‘klimaks’).

Nei: Basisboek literatuer (2015)

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Trinus De fûgel
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuslokaasje
Learst

om te sjen nei it belang fan in goede lokaasjebeskriuwing

Opdracht

Foar in lêzer fan in boek is it fan belang dat er him in foarstelling meitsje kin fan it plak dêr’t it ferhaal him ôfspilet. De lêzer moat rûke, fiele, hearre en priuwe wêr’t it ferhaal him ôfspilet. Lês de ynformaasje dy’tst oer lokaasje en romte fynst ûnder it kopke Literêre teory.

1. Hjir flak boppe steane de fiif sintugen neamd: sjen, rûke, fiele, hearre en priuwe. Nim de novelle De fûgel derby en neam foarbylden wêr’t de skriuwer ien fan de personaazjes sjen, rûke, fiele, hearre en priuwe lit (en dy as lêzer dus ek). Neam fiif sitewaasjes en de bledsidenûmers.
2. Trinus Riemersma makket yn De fûgel gjin ferliking tusken doarpen yn Toskane en yn Fryslân. Dochs is it wol dúdlik dat De fûgel likegoed yn Fryslân spylje kinnen hie.
Foar dizze opdracht setst elk Toskaansk foarbyld by 1 oer nei in sitewaasje yn Fryslân, dy’tst sels betinkst. Sa sjochst dat Toskaanske doarpen net folle oars binne as doarpen yn Fryslân.

Foarbyld:

Sintúch

Yn De fûgel (Itaalje) en bledside

Foarbyld fan hoe’t it yn Fryslân wêze kinne soe.

Foarbyld: Sjen

Mario en Enrico sjogge de fûgel ferskinen wylst se oan it wurk binne yn de druvestrûken (side 5-7)

Marius en Hindrik binne op it lân oan it wurk mei de kij dwaande.

Sjen

 

 

Rûke

 

 

Fiele

 

 

Hearre

 

 

Priuwe

 

 

3. Fryske boeken spylje har meastal ôf yn Fryslân. Betink in koart ferhaal of reportaazje foar Omrop Fryslân fan ûngefear 300 wurden dêr’tst it ferhaal fan De fûgel ferpleatst nei Fryslân. Meist in ferhaal skriuwe, in reportaazje of in opname meitsje.

Literaire theorie

Lokaasje/Romte

Lokaasje of romte is tige fan belang yn in ferhaal. It is in breed begryp en kin gean oer bygelyks in keamer, hûs, strjitte, doarp, stêd, lân of lânskip. Ast de romte yn in ferhaal beskriuwst, sjochst watfoar sfear der hinget en hoe’t it personaazje de romte belibbet. Dat seit ommers ek in soad oer himsels. De romte kin ek helpe om de beskriuwing fan in sitewaasje of hanneling krêft by te setten.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Riemersma, Trinus De fûgel
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusop de titel fan it boek
Learst

te tinken yn alternativen

Opdracht

Skriuwer en dichter Henk van der Veer hat Trinus Riemersma goed kennen. Hy skriuwt syn bloch yn it Snekers:

‘In november 2005 krij ik yn novelle fan Trinus onder ogen met ut fersoek om hem te fertellen ‘oft dit ferhaal de muoite fan it útjaan wurdich is?’. In de brief skrieft Trinus: Hjirby de novelle De wrekingel. As titel fan it manuskript lees ik De wrekfûgel en as it boekje in 2006 ferskynt ut met as titel De fûgel.’

Dit deiboekfragmintsje lit sjen dat de novelle earst De wrekingel hiet, doe De wrekfûgel en dêrnei útkaam as De fûgel.

1. Watfoar fan dizze trije titels fynsto it bêste passen by dit boek? Jou fan elke titel in pluspunt en in minpunt.
2. Allesandra is in bûtensteander yn it doarp. Se komt en se giet. Se liket dêryn ek wol wat op de fûgel. Wêryn liket se noch mear op de fûgel? 
3. Wat fynsto fan De fûgel en hoefolle stjerren krijt De fûgel fan dy? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

Deiboek 16 maart 2011. Henk van der Veer

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Riemersma, Trinus De fûgel
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel en mei oare learlingen
Fokuspersonaazjes
Learst

de personaazjes as doarpstypes te sjen   

Opdracht

It doarp as gehiel bestiet út yndividuele ynwenners. Riemersma skriuwt: ‘In doarp hat in stikmannich rollen dy’t troch persoanen spile wurde moatte, lykas de swetshals, de dogeneat, de stille, it knypkoekje, de stinder. Foar froulju binne der it nijsblêd, de rabbelskûte, de gleone, it fiiske, it flittergat, de hittepetit.’ (s. 39).

1. Meitsje in tabel mei 12 rigels en trije kolommen. Skriuw yn de earste kolom de alve wurden dy’t kursyf hjirboppe stean ûnderinoar. Sykje op taalweb.frl de betsjutting op en skriuw dy derachter yn kolom 2.
2. Yn kolom 3 skriuwst de namme fan de persoan dy’t yn De fûgel dy rol hat. Net oan elke rol is in personaazje te keppeljen.

Rol

Betsjutting neffens taalweb.frl

Wa yn it doarp?

Rabbelskûte

In frou dy’t faak kweasprekt fan oaren

Roberta

 

 

 

 

 

 

3. Komme by dy yn it doarp ek minsken foar dy’t sa bekend steane? Betink trije foarbylden, mar dy hoechst net op te skriuwen.
4. By it wurkjen mei fêste en stereotype rollen yn it doarp soarget Riemersma der yn De fûgel foar dat net de losse personaazjes, mar it doarp as ien gehiel (mienskip) hast ien grut personaazje liket.

Dat is bygelyks te sjen by de begraffenistsjinst fan Luigi as de kapelaan sprekt (haadstik 9): ‘Wat wol dy fint te lekskoaien!’ klonk it ynienen. Der waard lake en in oarenien foel de sprekker by: ‘Lit him syn bek hâlde!’ […] ‘Bliuw mei dyn smoarge bek fan Luigi ôf!’.

Beskriuw yn 5-10 rigels de begraffenis fan Luigi.

5. Witst út dyn eigen libben ek foarbylden fan doarps- of stedsbewenners dy’t grutsk binne op har doarp of stêd en gjin krityk fan bûtensteanders ferneare kinne? Lis dyn antwurd út yn 5 rigels.
6. Bepraat dyn antwurden mei oare learlingen. Sjoch oft jim beide typyske doarpsbewenners (opdracht 2) kenne yn jim doarp en beneam wêr’t dyn doarps- of stêdsgenoaten as doarp/stêd meiinoar grutsk op binne.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje 

Trinus Riemersma is ien fan ús grutte Fryske skriuwers. Hy hat in soad titels op syn namme stean: proaza, poëzy, toaniel, essees, wittenskiplik wurk en kollums. Hy skriuwt faak eksperiminteel en dat kin dan ‘alle kanten opgean.’ De novelle De fûgel is lyts en ienfâldich, mar likegoed sfearfol en spannend. It ferhaal is foarsjoen fan kryttekeningen. Mindere oefene lêzers sille it ferhaal en de taal goed benei komme kinne. Wa’t nocht hat oan it wurk fan Riemersma, kin fierder lêze yn syn wurk oant en mei nivo 6 ta. De roman is in moai opstapke nei oar wurk fan Riemersma.

Ynhâld

It ferhaal spilet him ôf yn in typysk Noard-Italjaansk doarpke dat idyllysk boppe-op in heuvel leit. Hiel lang lyn wie it in plak fan oansjen, mar no is it der wat ynsliept en stil. Op in dei hinget der in hiel grutte fûgel yn de loft. De ynwenners witte wol dat dat net folle goeds bringt, want de âlderen kenne dy kolossale fûgel noch út harren bernetiid.

Swierte

De fûgel spilet him ôf yn in wrâld dy’t in protte learlingen fan N1 oant N6 wol kenne fan har eigen fakânsjes of út film- en tv-bylden fan de Toskane. N1-lêzers sille har net gau werkenne kinne yn de personaazjes, want dêr is it ferhaal net foar bedoeld. N1-lêzers sille har grif fermeitsje mei De fûgel as meinimmend skreaun ferhaal mei wat aksje deryn. N2-lêzers werkenne de doarpske types en sille har oansprutsen fiele troch de spanning dy’t it ferskinen fan de fûgel by de minsken opropt. N3-lêzers kinne reflektearje op it doarp dat as ien organisme op de fûgel reagearret, want dêr leit de djippere laach yn it ferhaal. Yn it wurk fan Riemersma is de beskriuwing fan in doarp as ien organisme in faker foarkommend ûnderwerp. De fûgel hat in beheind tal bledsiden en dat jout begjinnende lêzers de kâns om ek wat fan Trinus Riemersma te lêzen.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek begjint pakkend en is opdield yn haadstikken. It ferhaal is foarsjoen fan tekeningen dy’t it ferhaal ‘lucht’ jouwe en dat is noflik foar N1-lêzers. De N1-, N2- of N3-learling sil it net dreech fine om deryn te begjinnen.

Ynteresses

It boek is nijsgjirrich foar N1-learlingen dy’t fan in ferhaal mei wat aksje hâlde dat ek kwa taal net al te dreech is. N2-lêzers kinne mei De fûgel in positive lêsûnderfining opdwaan mei’t se de sitewaasjes dy’t Riemersma delset maklik foar har sjogge. N3-lêzers kinne op syk nei djippere lagen yn in skynber oersichtlik ferhaal.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske om it ferhaal nei te kommen. It is wol fan belang om jin te realisearjen dat it net spesjaal in jongereinboek is.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It boek is skreaun yn natuerlik en geef Frysk.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne skreaun yn natuerlik Frysk, ek wol sprektalich.

Styl

De styl is soms lichtiroanysk. Dat kin lestich wêze foar mindere oefene lêzers op N1 en N2. Se misse net folle oan ynhâld as de iroany net pakke. Foar N3-lêzers bringt de irony wat nijs om oer nei te tinken.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it boek sit wol aksje en dat sil benammen de lêzers op N1- en N2-nivo helpe om troch it ferhaal hinne te lêzen.

Gronology

It ferhaal is gronologysk ferteld mei koarte en langere flashbacks. Dy binne net steurend foar begjinnende lêzers om de ferhaalline beet te hâlden.

Ferhaalline(n)

Der is mar ien grutte ferhaalline, dy fan it doarp en de grutte fûgel. Der wurde ek libbensferhalen fan doarpsynwenners ferteld en dat binne lytse fragmintsjes.

Perspektyf

It perspektyf is alwittend. In fiktive ferteller rjochtet him ta in fiktyf publyk fan lêzers dêr’t wy ek by hearre. It ferhaal is tradisjoneel ferteld, hast as in folksferhaal.

Betsjutting

N1-lêzers sille dit boek beskôgje as in spannende ferhaal oer in doarpke yn Noard-Itaalje. N2-lêzers sille it noflik fine dat de lokaasje werkenber is. Se kinne har meislepe litte troch it spannende ferhaal. Foar de reflektearjende N3-lêzer sil dit boek betsjutting ha om nei te tinken oer doarpske ferhâldingen dêr’t bygelyks bûtensteanders in eigen rol yn hawwe.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der komme yn De fûgel is soad nammen foar, mar it is net needsaaklik om dy allegearre te ûnthâlden.

Hoemannichte

In tal karakters yn dit boek is frij heech. It giet om ‘doarpstypes.’ It giet der net om om de nammen te ûnthâlden. Eins spilet it doarp de haadrol.

Untjouwing fan de karakters

De personaazjes binne mear types as útwurke karakters, it binne by wize fan sprekken doarpsfigueren yn ‘sketches’.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

- Besprek fan Jelle van der Meulen, De fûgel. Yn: Besprekingen van het werk van de Friese auteur Trinus Riemersma (frieseliteratuur.nl)
- Besprek fan Elske Schotanus, De fûgel. Yn: De fûgel, Trinus Riemersma – Elske Schotanus
- Fragmint oer De fûgel yn it onlinedeiboek fan Henk van der Veer (16 maart 2011): Henk van der Veer
- Beskriuwing fan de skriuwersbiografy op Sirkwy: Riemersma, Trinus (tresoar.nl)