Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | Hierbak

Hierbak

Hierbak

Sietse de Vries
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2018
Uitgeverij
Bornmeer
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
237
Genre
  • misdiedroman
Tags
  • misdied
  • kriminelen
  • polityk
  • sjoernalistyk
  • thriller
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

https://bit.ly/3nqdGUC

Over de auteur

Sietse de Vries waard yn 1955 berne op De Tynje. Hy wurke jierrenlang as sjoernalist by de Leeuwarder Courant. De Vries stiet bekend om syn plysjeromans. Yn 1998 debutearre hy mei De boargemaster, letter folgen noch de thrillers De dea fan Nico Dekema (1999) en Kûgels foar Kant (2002). Yn 2012 skreau hy Bak ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek. Yn 2015 is it boek ferfilme. Hierbak (2018) is in (selsstannich te lêzen) ferfolch op dat boek. Der komt ek noch in tredde diel. De boeken fan De Vries binne skreaun yn in flotte, lêsbere styl en hy stipt faak hjoeddeiske tema’s en politike en maatskiplike kwestjes oan yn syn wurk.

Inhoud

Yn Hierbak komt Sjerp Bak foar in lestige kar te stean: in pear kriminelen út de wei romje of sels fermoarde wurde? Fierders folgje wy deputearre Kerst Sorgdrager dy’t him út polityk gewin swart betelje lit foar in ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. Stadichoan wurdt it oan de ein fan it ferhaal dúdlik hoe’t dy beide ferhalen mei-inoar te krijen ha. En wat wol Loes, in âlde leafde dy't him wer opsiket, eins fan Sjerp Bak?

Leesaanwijzingen

Hast geniete fan Bak? Dan kinst fierder mei dit ferfolch. Mar ek ast Bak (noch) net lêzen hast kinst dit ferhaal lêze, want Sietse de Vries begjint dit boek mei ‘Wat foarôfgie’, sadatst witst wat de skiednis fan it personaazje Sjerp Bak is. Hierbak fan Sietse de Vries is tagonklik skreaun: der sit faasje yn it ferhaal en der steane in protte dialogen yn de roman. De struktuer is net ienfâldich troch de flashbacks yn de haadstikken en de twa personaazjes dy’tst folgest yn it boek (yn it begjin is ek net dúdlik wat dizze twa mannen mei-inoar te krijen ha). It ferhaal oer Sjerp Bak wurdt hieltyd spannender troch de kriminelen dy’t op syn paad komme, mar it boek giet ek in protte oer politike en maatskiplike tema’s.

Om over na te denken

Meist minsken út 'e wei romje ast sels bedrige wurdst? Kinst as politikus ûnôfhinklik wêze?

Waardering

‘(…) it is werklik in wûnder hoe’t it de skriuwer op ’e nij slagget in prachtich spannend, tragykomysk én satirysk ferhaal te meitsjen oer de ûnopfallende en wat snústerige Bak, dy’t him op totaal ûnbekind terrein bejout.’

Doeke Sijens, Leeuwarder Courant, 1 juny 2018

Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: biografyske skets op Sirkwy
Besprek Hierbak yn Leeuwarder Courant
Fraachpetear mei Sietse de Vries oer Hierbak yn Leeuwarder Courant
Sietse de Vries lêst foar út Hierbak by Omrop Fryslân

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Sietse de Vries Hierbak
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel (yn twatallen kin ek)
Fokusbyfigueren
Learst

om nei te tinken oer in byfiguer

Opdracht

Yn Hierbak wurdt Sjerp Bak konstant lestichfallen troch de Piter, de lieder fan in kriminele organisaasje. Bak komt mar net fan dy man ôf.

Miskien kenst de Netflix-searje World's Most Wanted (sjoch boarnen). Alle ôfleveringen rjochtsje har op in flechte krimineel. Meitsje in Most Wanted-poster om Piter sa gau mooglik te pakken te krijen. Brûk foar de poster alle ynformaasje (uterlik, gedrach, ensafh) út it boek dy'tst oer Piter te witten kaam bist, soms ek troch de gedachten fan Sjerp Bak. Dizze man moat sa gau mooglik pakt wurde! Kinst Adobe Photoshop brûke foar de poster, mar ek op ynternet fynst handige tools om in fergeze poster te meitsjen.

Bronnen

Trailer Netflix-searje World’s Most Wanted

Makke trochBart Temme
Boek Sietse de Vries Hierbak
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskarakter
Learst

om te reflektearjen op it karakter fan personaazjes

Opdracht

1. De measte personaazjes yn boeken hawwe net allinnich mar in goed of min karakter. Notearje fan de ûndersteande personaazjes watsto goed fan him of har fynst en watst minder goed oan it karakter fynst:

- Sjerp Bak
- Kerst Sorgdrager
- Loes
- Piter
- Albert Hofstra

2. Meitsje no in ranking fan de personaazjes: it meast sympatike personaazje setst boppeoan.

3. Lês de literêre teory hjirûnder. Notearje dêrnei efter alle personaazjes oft se in flat of in round character binne.

4. Skriuw no noch twa dingen op dy'tst goed fynst fan it personaazje datst boppeoan set hast en twa dingen dy'tst min fynst fan it personaazje dat ûnderoan einige is.

5. Oer hokker personaazje(s) krigest ûnder it lêzen in oare miening? Wêrtroch kaam dat?

6. Hoe bot hat dyn miening oer de personaazjes te meitsjen mei de wize wêrop't Sietse de Vries it ferhaal skreaun hat? Ljochtsje dyn antwurd ta troch foarbylden te neamen út it boek.

Literaire theorie

In flat character of statysk personaazje is yn 'e narratology in personaazje mei in simpel, ferienfâldige karakter, yn tsjinstelling ta in round character. Flat characters bliuwe troch it hiele ferhaal itselde. Se ûntjouwe har net en har hâlden en dragen is foarsisber. De skriuwer kin flat characters brûke om de haadpersonaazjes yn perspektyf te pleatsen. In round character of dynamysk personaazje is yn 'e narratology (bgl. yn in roman of in film) in personaazje mei in kompleks karakter, yn tsjinstelling ta in flat character. De lêzer of sjogger komt oer in round character in soad te witten, en it personaazje ûntjout him yn it ferhaal ûnder ynfloed fan wat der bart. De haadpersoanen fan ferhalen binne meastentiids round characters.

Bronnen

https://fy.wikipedia.org/wiki/Flat_character
https://fy.wikipedia.org/wiki/Round_character

Makke trochBart Temme

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Sietse de Vries Hierbak
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te jaan oer in boek

Opdracht

1. Jou dyn miening oer de ûndersteande fjouwer aspekten fan Hierbak:
a. Foarfallen - fynst wat der bart yn it boek bygelyks skokkend, ûnferwacht, werkenber, frjemd, heftich, ensfh.?
b. Personaazjes – wat fynst fan de personaazjes? Koest mei ien of mear personaazjes meilibje? Soest itselde dwaan yn har situaasje?
c. Opbou - wat fynst fan hoe't it ferhaal ferteld wurdt? Fynst it lestich dat twa ferhaallinen trochinoar rinne?
d. Styl – wat fynst fan de skriuwstyl fan Sietse de Vries? Fynst syn taalgebrûk maklik of lestich? Fynst dit boek soms ek humoristysk?

2. Lês no de resinsje fan Doeke Sijens út de Leeuwarder Courant (sjoch boarnen). Hy hat miskien oer guon aspekten in oare miening as datsto hast. Skriuw by alle aspekten in ferskil tusken dyn miening en dy fan Sijens.

3. Tinksto troch it lêzen fan de resinsje fan Sijens oars oer Hierbak? Wie it nedich om dyn miening by fraach ien oan te passen? Ljochtsje dyn antwurd ta.

Bronnen

Doeke Sijens, ‘Ut eangst, frustraasje en lilkens’, Leeuwarder Courant, 1 juny 2018.

Makke trochBart Temme
Boek Sietse de Vries Hierbak
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustiid
Learst

om de gronology te rekonstruearjen

Opdracht

1. Meitsje in tiidbalke en set dêr de tsien wichtichste foarfallen út it boek op.

2. Jou dêrnei, troch de foarfallen te nûmerjen, de folchoarder oan fan it foarkommen fan dy foarfallen yn it boek.

3. Wêrom soe Sietse de Vries de foarfallen net yn gronologyske folchoarder beskreaun hawwe? Brûk foar dyn antwurd ek de teory oer in flashback yn de boarne (sjoch hjirûnder). Belûk yn dyn antwurd wat dat docht mei dy as lêzer.

Bronnen

https://fy.wikipedia.org/wiki/Flashback

Makke trochBart Temme

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Sietse de Vries Hierbak
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel (twatal kin ek)
Fokuspersonaazje
Learst

om nei te tinken oer it personaazje

Opdracht

Yn in fraachpetear mei de Leeuwarder Courant sei skriuwer Sietse de Vries: ‘Sjerp Bak is wat dat oangiet myn oade oan de midsmjittigens.’

1. Bestudearje de ûndersteande boarne.
2. Fertel yn eigen wurden wat neffens dy de definysje is fan it wurd ‘midsmjittigens’. Do meist dêrfoar ek in (online) wurdboek brûke.
3. Wêr doelt Sietse de Vries neffens dy op as hy it hat oer ‘midsmjittigens’? Watfoar byld hasto by dit begryp?

Skriuw in betooch fan op syn heechst 300 wurden dêr'tst yn sjen litst datst it iens of ûniens bist mei de útspraak fan De Vries. Meist it betooch ek mûnling dwaan troch in fideo op te nimmen. Helje yn elts gefal ek yn dyn arguminten situaasjes út it ferhaal oan, sadatst in ûnderbouwing joust fan dyn miening. Yn de earste alinea formulearrest dyn stelling; de lêste alinea befettet in dúdlike konklúzje; yn it middenstik wurkest per alinea in argumint út.

Bronnen

Rixt Oenema, ‘Oade oan de midsmjitte’, Leeuwarder Courant, 6 april 2018.

Makke trochBart Temme
Boek Sietse de Vries Hierbak
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusspanning
Learst

om nei te tinken oer de opbou fan spanning

Opdracht

De skriuwer fan Hierbak docht syn bêst om spanning te skeppen yn syn ferhaal. Mar hoe docht Sietse de Vries dat krekt?

  1. Hoe spannend fynst Hierbak? Jou in sifer tusken ien en de tsien en ljochtsje dyn antwurd ta.
  2. Lês de literêre teory hjirûnder en sykje by eltse wize om spanning op te bouwen twa foarbylden út Hierbak.
  3. Hokker wize om spanning te meitsjen komt it meast foar yn Hierbak? Fynst dat goed, minder goed of min? Wêrom?
  4. Hokker wize om spanning te meitsjen spruts dy it meast oan? Ljochtsje dyn antwurd ta oan de hân fan de foarbylden út it boek.
  5. Lês side 213 oant 219 fan haadstik achttjin. Werskriuw dy siden om de sêne mei Bak, Siger van Loon en Marijke noch spannender te meitsjen. Brûk dêrfoar de techniken dy’t hjirûnder by de teory steane.
Literaire theorie

In belangrike reden om as lêzer fierder lêze te wollen yn in roman of in ferhaal, is dat dy witte wol hoe't it ôfrint. Der binne ferskillende techniken om spanning yn in ferhaal te bringen.

  • Op in hiel spannend momint ophâlde fan fertellen en mei in oare ferhaalline fierdergean;
  • De ûntknoping útstelle troch it ferhaal te fertraagjen mei fertragingstechniken;
  • Soargje dat de lêzer mear wit as it personaazje dêr't er oer lêst;
  • De lêzer misliede troch ynformaasje te jaan dy't letter net wier blykt te wêzen;
  • Fragen oproppe dy't pas folle letter beäntwurde wurde.
Bronnen

https://fy.wikipedia.org/wiki/Spanning_(ferhaal)

Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje 

Sietse de Vries waard yn 1955 berne op De Tynje. Hy wurke jierrenlang as sjoernalist by de Leeuwarder Courant. De Vries stiet bekend om syn plysjeromans. Yn 1998 debutearre hy mei De boargemaster, letter folgen noch de thrillers De dea fan Nico Dekema (1999) en Kûgels foar Kant (2002). Yn 2012 skreau hy Bak ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek. Yn 2015 is it boek ferfilme. Hierbak (2018) is in (selsstannich te lêzen) ferfolch op dat boek. Der komt ek noch in tredde diel. De boeken fan De Vries binne skreaun yn in flotte, lêsbere styl en hy stipt faak hjoeddeiske tema’s en politike en maatskiplike kwestjes oan yn syn wurk.

Ynhâld

Yn Hierbak komt Sjerp Bak foar in lestige kar te stean: in pear kriminelen út de wei romje of sels fermoarde wurde? Fierders folgje wy deputearre Kerst Sorgdrager dy’t him út polityk gewin swart betelje lit foar in ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. Stadichoan wurdt it oan de ein fan it ferhaal dúdlik hoe’t dy beide ferhalen mei-inoar te krijen ha. En wat wol Loes, in âlde leafde dy't him wer opsiket, eins fan Sjerp Bak?

Swierte

De misdiedroman Hierbak fan Sietse de Vries is frij tagonklik skreaun: De Vries syn sinnen binne net koart, mar syn wurdgebrûk is wol ienfâldich. Fierders steane der yn de roman in protte dialogen, wat faasje jout oan it ferhaal. Foar N1- en N2-lêzers is dat allegear tige oantreklik. Dy lêzers sille de plot fan Hierbak wurdearje; it ferhaal fan De Vries is spannend. Foar N3-lêzers is de styl miskien minder útdaagjend, mar sy fine útdaging yn ’e struktuer troch de flashbacks (oer deputearre Kerst Sorgdrager) yn de haadstikken. Foar dy lêzers falt der genôch te heljen yn dit boek. It boek hat oan de ein iepen plakken, net alle saken wurde opheldere. Dat is oantreklik foar N3-lêzers, de iroanyske humor fan De Vries sil har ek útdaagje, lykas de maatskiplike en politike tema’s dy’t yn it boek besprutsen wurde. Yn it algemien: lêzers (miskien yn it bysûnder jonges) sille de wrâld fan kriminelen en in kriminele organisaasje nijsgjirrich fine. Jonge lêzers kinne har wierskynlik net goed identifisearje mei de haadpersonaazjes yn dit boek: Sjerp Bak is in man fan fyftich jier sûnder frou of bern dy’t libbet yn in soad smoargens en Kerst Sortdrager is in deputearre dy’t him omkeapje lit troch in oannimmer.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De jongere N1- en N2-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan de haadpersonaazjes Sjerp Bak, in man fan yn de fyftich, en in deputearre (Kerst Sorgdrager). Personaazjes dy’t net direkt oanslute by de belibbingswrâld fan de jonge lêzers. Dêr moat de dosint rekken mei hâlde. Foar N3-lêzers sit dêr just de útdaging, ek omdat dy mear iepen stean foar politike en maatskiplike kwestjes dy’t ek sterk oan bod komme yn it ferhaal.

Ynteresses

N1- en N2-lêzers hâlde fan spannende, meinimmende ferhalen. De Vries jout har sa’n ferhaal. It ferhaal oer Sjerp Bak en de kriminele organisaasje is spannend; dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. Mar der sitte ek in protte politike saken yn de roman, benammen yn de ferhaalline oer deputearre Kerst Sorgdrager; dat sil net alle N1- en N2-lêzers oansprekke. De stêd Ljouwert komt hiel werkenber werom yn it boek; dat kin lêzers oansprekke.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net nedich. Der komme wol politike (gemeenteried, politike partijen) en maatskiplike saken (romtlike oardering, ynternasjonale misdiedorganisaasje) oan bod, mar dy saken binne goed te begripen út de kontekst.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane net folle lestige wurden yn ’e roman. Hierbak is yn gongber Frysk skreaun.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen fariearret wol yn Hierbak, mar it is opfallend dat De Vries faak (lange) bysinnen brûkt. Foar N2- en N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen.

Styl

De styl fan De Vries is tagonklik. Foar N1- en N2-lêzers is dat oantreklik. De tema’s binne troch De Vries eksplisyt beskreaun. De goede N3-lêzer wol miskien mear útdaging. De Vries skriuwt bytiden wol iroanysk. Dat kin lestich wêze foar N1- en N2-lêzers, mar foar N3-lezers is dat útdaagjend.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Hierbak sit aksje, op ferhaalnivo en op psychologysk nivo. Sil Sjerp Bak de kriminelen út ’e wei romje? Komt hy fan Piter ôf? Hoe rint it ôf? En: hoe lit Kerst Sorgdrager him bespylje troch oannimmer Hofstra? Hoe fier giet er foar polityk gewin? De aksje by Sjerp Bak is oantreklik foar N1- en begjinnende N2-lêzers, it ferhaal oer Sorgdrager sil N2- en N3-lêzers oansprekke.

Gronology

De struktuer fan de roman is net ienfâldich. Dêr moatte lêzers fan it foarige boek, Bak, rekken mei hâlde. Yn dat boek sieten net folle werom- of foarútferwizings, de gronology sleat oan by de N1- en N2-lêzers. Yn Hierbak sit yn alle haadstikken in flashback oer it ferhaal fan Kerst Sorgdrager. De flashbacks wurde wol dúdlik oanjûn en beneamd. De iepen plakken yn it ferhaal sille N3-lêzers mear wurdearje as N1- en N2-lêzers.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline fan De Vries is goed te folgjen, mar de lêzer krijt wol twa ferhalen (mei elk in haadpersonaazje) presintearre. De oergong fan dy ferhaallinen is wol dúdlik, dus de lêzer hat gau troch wannear't hy it ferhaal fan Bak folget en wannear't hy it ferhaal fan Sorgdrager folget. Yn it begjin is net dúdlik wat beide mannen mei-inoar te krijen ha, mar wurdt nei de ein ta hieltiid dúdliker. Der binne by dy ferhaallinen net in protte sydlinen.

Perspektyf

Der binne perspektyfwiksels yn it ferhaal: wy folgje it ferhaal fan Sjerp Bak en fan Kerst Sorgdager. Hierbak wurdt ferteld út yn personaal en auktoriaal perspektyf wei (dat wurdt ôfwiksele). We lêze de gedachten fan Sjerp Bak en Kerst Sorgdrager, we folgje syn hannelingen, mar soms is ek dúdlik de ferteller fan it ferhaal oan it wurd, dy’t saken seit dy’t de personaazjes sels net sjen, sizze of witte kinne. Foar N1-lêzers sil dat net altyd maklik wêze.

Betsjutting

It tema fan de roman is dúdlik, it wurdt eksplisyt beskreaun sadat de N2-lêzer der net op hoecht te stinnen. Oare betsjuttingseleminten, lykas abstrakte motiven, wurde ek frij eksplisyt neamd.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de hannelingen fan twa personaazjes. Dat is net hiel lestich om te oersjen. Allinnich: de kwa karakters steane net tichtby de jongerein. Foar N1- en N2-lêzer sil dit lestiger wêze as foar N3-lêzers dy’t har miskien better ferpleatse kinne yn de haadpersoanen en har hannelingen, ynteresses, ensfh.

Hoemannichte

De hoemannichte personaazjes yn Hierbak is te oersjen foar N2-lêzers, mar de lêzer krijt mei in protte nammen te krijen (benammen yn de ferhaalline fan Sorgdrager; nammen fan minsken út de polityk). Sjerp Bak en Kerst Sorgdrager binne de sintrale persoanen yn de twa ferhaallinen. Piter, Loes en oannimmer Hostra binne bygelyks belangrike byfigueren.

Untjouwing fan karakters

De ferhâldingen tusken personaazjes yn Hierbak binne net kompleks; De Vries beskriuwt nammentlik de lêzer dúdlik hoe't dy ferhâldingen binne en wat de tinzen fan de personaazjes binne. Dat is foar N2-lêzers goed nei te kommen.

Relevante  boarnen foar dosinten

Doeke Sijens, ‘Ut eangst, frustraasje en lilkens’, Leeuwarder Courant, 1 juny 2018.
Rixt Oenema, ‘Oade oan de midsmjitte’, Leeuwarder Courant, 6 april 2018.
Biografy oer Sietse de Vries op Sirkwy.
Boekprofyl op Sirkwy.