Fries | niveau 2 | Sex to the Max

Sex to the Max

Sex to the Max

Kingma, Bart
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2019
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
127
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • seksualiteit
  • identiteit
  • maatskippij
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Over de auteur

Bart Kingma (1970) waard berne yn Wommels. Hy studearre sjoernalistyk en wurket no foar Omrop Fryslân as programmamakker en skriuwer. Hy makket ûnder oaren materiaal foar skoaltelefyzje, lykas de filmkes fan 'De kanon fan de Fryske skiednis'. Kingma hat lietteksten fan Leonard Cohen oerset nei it Frysk. Sex to the Max is it twadde boek dat Kingma skriuwt foar it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo, nei De deikoersen fan Remco (2016). 

Inhoud

Dit boek bestiet út de oantekeningen fan Max Wouda, dy't er makke hat foar syn profylwurkstik oer seksualiteit. Om mear oer it ûnderwerp te witten te kommen, hat er minsken ynterviewd út syn direkte omjouwing dy't iepenhertich mei him prate. Hy wol fral witte hoe't it sit mei homoseksualiteit en hoe't dêr yn ferskillende tiden en kultueren tsjinoan sjoen wurdt. It boek begjint mei in foaropwurd fan de heit en mem fan Max, dêr't út bliken docht dat Max by in skoaltripke ferstoarn is en dat sy der nei syn dea foar kieze om syn oantekeningen te publisearjen.

Leesaanwijzingen

Dit boek bestiet út allegearre koarte stikjes tekst en (oan)tekeningen fan Max. Silst fernimme dat Max en minsken mei wa't er praat hiel iepenhertich prate oer seks. Mooglik moatst dêr oan wenne.

Om over na te denken

Hoe wurdt hjoed-de-dei omgien mei homoseksualiteit? Hoe maklik praatsto oer (dyn eigen) seksualiteit? Wat makket it út oft ien homoseksueel of heteroseksueel is?

Waardering

'It boek is net plat. It sjocht mei in romme blik nei de problematyk.'
(Skriuwer Bart Kingma)

'Wêrom te heftich? Bern fan de leechste klassen fan it fûortset ûnderwiis witte ommers allang wat seksualiteit is. It tema, útfine fan de eigen seksualiteit (en net allinnich it homo-wêzen, de haadpersoan liket my mear biseksueel as homoseksueel) is in hiel aktueel tema en in hiel wichtich ûnderdiel fan dy faze yn dyn libben.'
('Faber' op www.itnijs.frl)

Opmerkingen

It folsleine boek is te beharkjen op YouTube. Dêr fynst ek de flog Jennifer to the Max, dy't by it boek heart.




Leestips/meer weten

Sjoch op de side fan Lês no.

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Kingma, Bart Sex to the Max
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om personaazjes te beskriuwen

Opdracht

1. Kies trije personaazjes út it boek dy't neist Max in belangrike rol hawwe yn it boek. Lis koart út wêrom't se belangryk binne.

2. Meitsje in beskriuwing fan Max syn karakter, troch it format hjirûnder yn te foljen en te kiezen út de eigenskippen dy't jûn wurde.

As ik kieze moat tusken de eigenskippen ûnferskillich en nijsgjirrich, soe ik sizze dat Max ... is, want yn it boek ... .

In oare karaktertrek dy't goed op Max fan tapassing is, is dat er ... (bretaal/ferlegen/direkt/foarsichtich) is. Dat fyn ik omdat ... In foarbyld dêrfan is it momint dat ...

Ik soe Max earder ... (moedich/bang) as ... (moedich/bang) neame wolle, omdat ...

In lêste karaktertrek dy't ik goed by Max passen fyn is ... (sels ynfolje).

3. Doch no itselde foar ien fan de oare persoanen dy'tst by fraach 1 neamd hast.

4. Yn de literatuer wurdt ûnderskied makke tusken round en flat characters (sjoch de tekst ûnder 'boarnen'). Watfoar personaazje is Max, round of flat? Lis dyn antwurd út. Beäntwurdzje de fraach ek foar it personaazje datst by fraach 3 keazen hast en lis dyn antwurd út.

Bronnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Kingma, Bart Sex to the Max
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen

Opdracht

1. Yn it foaropwurd litte Jacob en Nellie Wouda witte wêrom't se derfoar keazen hawwe om Max syn oantekeningen te publisearjen. Lis yn eigen wurden út wat de reden is dat se it boek publisearje.
2. Tinkst dat sy mei de publikaasje fan dit boek harren doel berikke?
3. Reagearje op de oprop yn it foaropwurd: lit de âlders fan Max witte watst fan it boek fûnst troch harren in e-mail te stjoeren dêr'tst dat yn fertelst. Jou minstens trije arguminten en ferwurkje ek dyn antwurd op fraach twa yn dyn e-mail. Kinst dyn mail opbouwe lykas hjirûnder.

Bêste menear en mefrou Wouda, bêste Jacob en Nellie,

Foar skoalle ha ik it boek Sex to the Max lêzen. Yn it foaropwurd roppe jim learlingen op om te reagearjen. Yn dizze mail lit ik jim witte wat ik fan it boek fûn.

Yn it earste plak fûn ik it in ... boek, want ...

Dêrneist fûn ik it boek ..., omdat ...

It moaiste/nijsgjirrichste/spannendste part fan it boek fûn ik ...

Jim doel mei dit boek wie om ... (ferwurkje dyn antwurd op fraach 1). Ik tink dat jim dat doel wol/net berikke, want ...

Mei freonlike groetnis,
...

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Kingma, Bart Sex to the Max
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy yn te libjen yn in personaazje

Opdracht

1. Yn de tekst ûnder 'boarnen' kinst neilêze wat it ferskil is tusken in haadfiguer en in byfiguer. Is Sylvia in haadfiguer of in byfiguer yn it boek? Lis dyn antwurd út.
2. Max syn hâlding tsjin Sylvia oer is net troch it hiele boek gelyk. Hoe sjocht er yn it begjin fan it boek nei Sylvia? En hoe oan de ein? Wêrom seit er yn ien fan syn brieven oan har 'soms fyn ik it spitich dat wy al sa lang freonen binne'?
3. Troch de oantekeningen fan harren soan te publisearjen, kieze Jacob en Nellie Wouda derfoar om yntime ynformaasje tagonklik te meitsjen foar in grutte groep. Tink dy yn datst Sylvia bist, hiesto dan tastimming jûn oan de âlders fan Max om dit boek te publisearjen? Wêrom wol of net?
4. Yn it boek steane ferskillende brieven fan Max dy't er skreaun hat oan Sylvia, mar noait ferstjoerde. Tink dy yn datst Sylvia bist en dat Max de brief op side 17-19 wol nei dy opstjoerd hie. Skriuw in reaksje fan minstens 300 wurden nei Max.

Bronnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Kingma, Bart Sex to the Max
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Max syn bedoeling wie om in profylwurkstik (pws) te skriuwen oer seksualiteit, mar sa fier is it net kaam. Hy hat wol in hiel soad ynformaasje sammele. As Max syn pws ôfmeitsje kind hie, hie er de ynhâld derfan presintearre oan klassegenoaten en dosinten. Meitsje in PowerPoint, Prezi of oare presintaasje dêr'tst de wichtichste punten fan Max syn ûndersyk yn nei foaren komme litst. Brûk yn dyn presintaasje sitaten út Max syn oantekeningen.

Meitsje yn dyn presintaasje dúdlik:
- hoe't yn de jierren '70 tsjin homo's oansjoen waard;
- hoe't it neffens Max komt dat fanút it kristendom negatyf tocht wurdt oer homoseksualiteit;
- wat misfettingen binne oer homoseksualiteit;
- wêrom't út de kast komme flauwekul is, neffens Max;
- hoe't hjoed-de-dei tsjin homoseksualiteit oansjoen wurdt en watsto dêr fan fynst.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Kingma, Bart Sex to the Max
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te jaan oer de geskiktheid fan de ynhâld

Opdracht

Sex to the Max is skreaun foar it projekt LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt. Alle earsteklassers fan 22 skoallen hawwe it boek krigen. Doe ûntstie der diskusje oer hoe geskikt oft dit boek is foar dy doelgroep. In pear skoallen woenen it boek net behannelje, omdat se de ynhâld te heftich fûnen. 

Stel: dyn dosint Frysk freget dy om advys om it boek wol of net te lêzen mei de learlingen yn klasse 1. Skriuw op wat dyn advys wêze soe. Bou dyn reaksje op lykas hjirûnder:

Bêste menear/mefrou ...,

Jo ha my frege oft Sex to the Max neffens my geskikt is om te lêzen mei earsteklassers. Yn dizze mail lis ik út wat ik dêrfan tink.

De tematyk fan it boek is neffens my wol/net te heftich foar learlingen yn klasse 1, want ...

Boppedat fyn ik ...

As lêste argumint foar/tsjin soe ik oandrage wolle dat ...

Mei freonlike groetnis,

....

Bronnen

Website LêsNo

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Kingma, Bart Sex to the Max
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmoraal
Learst

om nei te tinken oer de moraal fan it boek

Opdracht

Fan in boek kinst wat leare. Fral boeken dy't skreaun binne foar de jongerein hawwe faak in didaktysk doel, wat betsjut dat de lêzer der wat fan opstekke kin. Yn dizze opdracht tinksto dêr oer nei.

1. De âlders fan Max Wouda hawwe in reden om de oantekeningen fan harren soan te publisearjen. Wat is dy reden? Ast it net út 'e holle witst, kinst it foaropwurd noch ris lêze.
2. Tinksto dat it doel dat sy foar eagen hawwe berikt wurdt? Lis út.
3. Max skreau syn profylwurkstik oer seksualiteit omdat er dêr mear oer te witten komme woe. Wat is neffens dy it wichtichste wat hy fan syn ûndersyk leard hat?
4. Jarich Klein en Goffe Zuidersma fertelle yn de ynterviews iepenhertich oer harren ûnderfiningen mei seksualiteit. Wat is it wichtichste dat Jarich leard hat oer himsels? En wat hat Goffe leard?
5. Wat hasto fan dit boek leard? Neam minstens twa dingen en lis út watsto no wol witst datst foar it lêzen noch net wist.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje 

Bart Kingma (1970) waard berne yn Wommels. Hy studearre sjoernalistyk en wurket no foar Omrop Fryslân as programmamakker en skriuwer. Hy makket ûnder oaren materiaal foar skoaltelefyzje, lykas de filmkes fan De kanon fan de Fryske skiednis. Kingma hat lietteksten fan Leonard Cohen oerset nei it Frysk. Sex to the Max is it twadde boek dat hy skriuwt foar it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo, nei De deikoersen fan Remco (2016). 

Ynhâld

Dit boek bestiet út de oantekeningen fan Max Wouda, dy't er makke hat foar syn profylwurkstik oer seksualiteit. Om mear oer it ûnderwerp te witten te kommen, hat er minsken ynterviewd út syn direkte omjouwing dy't iepenhertich mei him praat hawwe. Hy wol fral witte hoe't it sit mei homoseksualiteit en hoe't dêr yn ferskillende tiden en kultueren tsjinoan sjoen wurdt. It boek begjint mei in foaropwurd fan de heit en mem fan Max, dêr't út bliken docht dat Max by in skoalreiske ferstoarn is en dat sy der nei syn dea foar kieze om syn oantekeningen te publisearjen.

Swierte

Wat lestich wêze kin oan dit boek, is dat de dea fan Max in iepen ein bliuwt. De lêzer bliuwt dus mei fragen sitten en fral de N1-lêzer kin dat lestich fine. Fierders moat de lêzer ree wêze om in boek te lêzen oer in tema dat mooglik fier fan him ôfstiet en/of yngiet tsjin syn eigen ideeën. Boppedat is it boek fragmintarysk opboud: dy relatyf koarte stikken tekst kinne it boek oantreklik meitsje foar de begjinnende lêzer, mar it kin der ek foar soargje dat de ferhaalline net fuort dúdlik is.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek sjocht der eigentiidsk út, is net tsjok en bestiet út koarte fragminten. Benammen de N1-lêzer sil dat oantreklik fine. De tematyk is de grutste stroffelstien.

Ynteresses

Learlingen moatte ynteresse hawwe yn it tema seksualiteit om wat oan dit boek te finen.

Algemiene kennis

In learling moat op 'e hichte wêze fan hoe't maatskiplik sjoen reagearre wurdt op homoseksualiteit en biseksualiteit. Learlingen beskikke troch de media wol oer dy algemiene kennis. Dit smyt dus gjin problemen op.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It boek is tagonklik skreaun. Mooglik moat de lêzer wenne oan stylfigueren lykas 'steatige stekpeal'. Der komme ek gauris eigentiidske Ingelske wurden yn it boek foar, want foar jonge lêzers gjin problemen opsmite sil.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en goed te begripen, omdat Max yn syn eigen wurden skriuwt. Fierders befettet it boek in soad dialooch.

Styl

Yn it boek wurdt seks ridlik eksplisyt beskreaun. Dat sil net elke learling op 'e selde manier wurdearje.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek is opboud út koarte fragminten. In wat langer beskriuwend stik wurdt ôfwiksele mei in flog of in tekening. Dat is foar de begjinnende lêzer oantreklik. De ferhaalline fan Goffe en Jarich fereasket in wat langere spanningsbôge, dy't foar N1-lêzers mooglik lestich op te bringen is. Foar de N2- en N3-lêzer smyt it gjin problemen op.

Gronology

De oantekeningen en materialen fan Max binne gronologysk oardere, sadat de ferhaallinen goed te folgjen binne.

Ferhaalline(n)

Der binne ferskillende ferhaallinen dy'tst fia Max syn materiaal ta dy nimst: dat fan Max syn eigen syktocht, mar ek it ferhaal fan Goffe en Jarich.

Perspektyf

Troch de ynterviews en de flogs dy't Max makke hat, komme der ferskillende minsken oan it wurd en krijt de lêzer ferskate perspektiven te lêzen.

Betsjutting

In N1-lêzer sil dit boek lêze as in wat drûch ferhaal mei sensasjonele parten dêr't iepenlik oer seks praat wurdt. De N2-lêzer sil it boek lêze as in seksuele syktocht fan in werkenber personaazje. De N3-lêzer kin troch dit boek oan it tinken set wurde oer hoe't yn de eardere en hjoeddeiske maatskippij mei (homo)seksualiteit omgien wurdt.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De measte karakters dy't oan it wurd komme binne folwoeksen en prate iepen oer harren seksualiteit. Foar in N1- en N2-lêzer kin dat lestich wêze, omdat dy har ferpleatse moatte yn personaazjes dy't kwa leeftyd en tinken fier fan har ôfsteane.

Oantal karakters

Der binne aardich wat personaazjes yn dit boek, mar it tal is goed nei te kommen. De measte personaazjes bliuwe flak en meitsje gjin ûntjouwing troch.

Untjouwing fan de karakters

De ferhâldingen tusken de folwoeksen personaazjes kinne foar begjinnende lêzers lestich te trochgrûnjen wêze, omdat dy fier fan har ôfsteane. De N3-lêzer sil him dêr goed mei rêde kinne.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten