Fries | niveau 2 | Skamte

Skamte

Skamte

Peanstra, Auck
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2011
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
160
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • adolesinsje
  • famylje
  • hûdsykte
  • jeugdûnderfiningen
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Auck Peanstra (1954-2016) wie jierrenlang skoaljuf yn Bitgummole. Sy is bekend fan har berneboeken, dêr't sy ferskillende prizen foar krigen hat. Se krige de Simke Kloostermanpriis foar Yn piama de dyk oer. Dêrneist krige se trije kear in sulveren spjelde fan de berneboekesjuery. Auck Peanstra skriuwt ek foar folwoeksenen. Njonken proaza skriuwt Auck Peanstra gedichten, dy't geregeld brûkt wurde troch dielnimmers oan it Ferstival. Yn Skamte binne autobiografyske eleminten opnaam. Auck Peanstra hat in realistyske styl fan skriuwen, dy't har boeken hiel tagonklik makket.

Inhoud

Anke fynt har dochter Debby bewusteleas op bêd: Debby hat besocht om selsmoard te plegen. Wylst Debby op de intensive care leit, besiket Anke út te finen wêrom't har dochter net mear libje woe. It antwurd fynt sy yn Debby har deiboek. De ûnderfiningen fan Debby roppe by Anke oantinkens op oan har eigen bernetiid. It docht bliken dat Debby mei deselde gefoelens sit as Anke eartiids.

Leesaanwijzingen

It boek begjint mei in spannende sêne. Ast begjinst, sitst fuort yn it ferhaal. Fierder silst fernimme datst benijd bist wêrom't Debby in ein oan har libben meitsje woe. Sa bliuwt it ferhaal hieltyd spannend.

Om over na te denken

Mei in mem it deiboek fan har dochter lêze? Kin in mem in selsmoardpoging fan har dochter foarkomme? Hoe wichtich is de bân tusken mem en dochter?

Waardering

'It boek giet oer in ynteressant ûnderwerp: psoriasis. Ik hie dêr noch noait fan heard. It boek lêst hiel flot. Ik fyn it wol mear in boek foar famkes.'
Sytske (5v)

'It is in realistysk ferhaal. Ik woe hieltyd witte hoe't it fierder gong dat ik hie it samar út.'
Ingeborg (4h)

'Skamte lêst hiel flot en der stean net in soad drege wurden yn. Ik fûn it in moai boek.'
Hetty Nienhuis op www.auckpeanstra.nl [webside bestiet net mear]

Opmerkingen

Yn Sitebuorren, myn eigen paradys skiuwt Auck Peanstra oer har eigen jeugd. Foar dy roman krige se de Rink van der Veldepriis.




Leestips/meer weten

tresoar.nl, profyl oer Skamte

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Peanstra, Auck Skamte
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in personaazje

Opdracht

Jim sitte yn de redaksje fan it BNN-programma Je zal het maar hebben (boarne 1). Der komt in spesjale útstjoering oer hûdsyktes en Debby is frege om te fertellen oer har libben mei psoriasis.

1. Betink fiif fragen dy't jim stelle wolle oan Debby.

2. Betink tegearre de antwurden dy't Debby jaan sil.

Bronnen

BNN-programma Je zal het maar hebben

 

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Peanstra, Auck Skamte
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening oer it boek te formulearjen

Opdracht

Hjirûnder steane fiif útspraken oer it boek. Jou per útspraak yn minstens fyftich wurden oan oftst it iens bist mei dy útspraak of net, en wêrom. Brûk by dyn antwurden foarbylden út it boek.

1. Skamte is mear in boek foar famkes as foar jonges.

2. Skamte is in spannend boek.

3. Troch Skamte ha ik in byld krigen fan hoe't it is om te libjen mei in hûdsykte.

4. Skamte lêst maklik.

5. Anke is in sympatyk haadpersoan.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Peanstra, Auck Skamte
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan de titel

Opdracht

Auck Peanstra hat it ferhaal oer Anke en Debby Skamte neamd.

1. Op wat foar manieren komt skamte yn it boek foar en by wa? Jou minstens fjouwer situaasjes. Fermeld ek de sidenûmers.

2. Fynst de titel goed passen by it boek? Motivearje dyn antwurd.

3. Stel dy foar dat Skamte net de titel wie. Wat hie dan in oare geskikte titel west? Motivearje dyn kar.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Peanstra, Auck Skamte
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskarakters
Learst

om dy yn in personaazje te ferpleatsen

Opdracht

Oan 'e ein fan it boek komt Debby by út har koma. It boek einiget mei har wekkerwurden en wy witte net hoe't it fierder giet.

1. Hoe tinkst dat Debby reagearret as sy hearre soe dat har mem har deiboek lêzen hat?

2. Hoe soest sels reagearje as dyn mem dyn deiboek lies?

3. Skriuw op wat Debby neffens dy yn har deiboek skriuwt as sy wer thús is. Meitsje der in tekst fan fan likernôch trijehûndert wurden.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Peanstra, Auck Skamte
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusrelaasjes
Learst

om te reflektearjen op de relaasje tusken mem en dochter

Opdracht

Hjirûnder sjochst trije sitaten út it boek, dy't oanknopingspunten jouwe by it meitsjen fan dizze opdracht.

Se soe it akseptearje moatte, leare der mei om te gean. Har ôfslute foar sokke haatlike reaksjes fan minsken dy't sels gjin lêst fan ien of oare krupsje ha en oaren, soms sûnder it yn de gaten te hawwen, der mei kwetse. Ik hie neat sein, op dat stuit hie se gjin ferlet fan myn wize lessen, hie 'k it gefoel.
s. 101

Ik fûn it knap fan har dat se der de oare kear wer gewoan hinne gie. Ik wit net as ik it nei sa'n snuter doard hie. Wêrom haw ik dat eins noait tsjin har sein?
s.101

'Drege dei hân?'
'Hm!'
Net trochseure no. Har de tiid gunne om der sels oer te begjinnen.
s. 137


1. Fynst dat Anke genôch belangstelling toant foar de problemen fan har dochter foardat Debby besiket harsels tekoart te dwaan? Feroaret Anke dêryn?

2. Tinkst dat it belangryk is foar Debby om mei har mem oer har problemen te praten? Fertel wêrom.

3. Prate Anke yn har jeugd sels in soad mei har mem?

4. Hoe goed is de bân tusken Anke en Debby? Lis út wêrom oftst dat tinkst.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Peanstra, Auck Skamte
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel, twatal of fjouwertal
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op it gedrach fan Anke

Opdracht

Hâld mei jim twaën of mei jim fjouweren in debat oer de stelling:
Anke hie de selsmoardpoging fan har dochter foarkomme kind.
(As der gjin klasgenoaten binne dy't dit boek ek lêzen ha, kinst dizze opdracht ek allinnich útfiere, sjoch hjirûnder).

1. Praat ôf wa't foar en wa't tsjin de stelling is.

2. De foarstanners betinke safolle mooglik arguminten (minstens trije) om de stelling te ferdigenjen en de tsjinstanners betinke safolle mooglik stellingen (minstens trije) om de stelling te bestriden. Bliuw by de feiten dy't yn de roman oan de oarder komme.

3. Hâld it debat. Folgje de debatregels fan jim lesmetoade of fan it debatynstitút (sjoch boarne 1). Freegje in klasgenoat om it debat te filmjen mei syn tillefoan of syn tablet.

4. Besjoch meiinoar de film fan it debat en stel fêst wa't it debat wûn hat.

Ast de opdracht allinnich makkest, kiest in stânpunt foar of tsjin de stelling en skriuwst in betooch dêr'tst minstens trije arguminten joust foar dyn stânpunt. Nim ek minstens twa tsjinarguminten yn dyn betooch op en wjerlis dy.

Bronnen

www.schooldebatteren.nl

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Auck Peanstra (1954-2016) wie jierrenlang learkrêft yn Bitgummole. Sy is bekend fan har berneboeken, dêr't sy ferskillende prizen foar krigen hat. Se waard trije kear foar de Simke Kloostermanpriis nominearre en krige dy priis yn 1998 foar Yn piama de dyk oer. Dêrneist krige se trije kear in sulveren spjelde fan de berneboekesjuery. Auck Peanstra skriuwt ek foar folwoeksenen. Foar har autobiografyske roman Sitebuorren, myn eigen paradys krige se de Rink van der Veldepriis yn 2008.
Njonken proaza skriuwt Auck Peanstra gedichten, dy't geregeld brûkt wurde troch dielnimmers oan it FeRstival. Yn Skamte binne autobiografyske eleminten opnaam, dy't de lêzer ek weromken yn Sitebuorren, myn eigen paradys. Auck Peanstra hat in realistyske styl fan skriuwen, dy't har boeken hiel tagonklik makket.

Ynhâld

Anke fynt har dochter Debby bewusteleas op bêd: Debby hat besocht om selsmoard te plegen. Wylst Debby op de intensive care leit, besiket Anke út te finen wêrom't har dochter net mear libje woe. It antwurd fynt sy yn Debby har deiboek. De ûnderfiningen fan Debby roppe by Anke oantinkens op oan har eigen jonge jierren. It docht bliken dat Debby mei deselde gefoelens sit as Anke eartiids.

Swierte

Hoewol't it boek beänderet oan it ferlet fan N1-lêzers oan spanning en emoasjes, kin it lestich wêze foar de N1-lêzer om him te ferpleatsen yn de psychology fan de personaazjes. Foar in N2-lêzer is dat minder problematysk. It boek giet om ûnderfiningen fan Debby en dy fan Anke. De ferskillende perspektiven fan it boek binne net dreech, omdat dy frij eksplisyt oanjûn wurde. It boek en de besprutsen problematyk wurde hieltyd besjoen út it each fan in puber en dat makket it boek foar N2-lêzers werkenber en boeiend, omdat it realistysk is. Foar N3-lêzers is Skamte in boeiend boek oer in psychologyske kwestje en sil it gjin swierrichheden opsmite. Heechút is it lestich om te betinken wat foar les oft der út it boek helle wurde kin.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De dramatyk en de emoasjes yn dit ferhaal binne oansprekkend foar N1- en N2-lêzers. In N3-lêzer sil nocht ha oan it boek omdat it giet oer in psychologysk fraachstik en de bân tusken mem en dochter. It is út in famke wei skreaun, dat famkes sille it miskien makliker fine om har mei de haadpersoan te identifisearjen..

Ynteresses

Lêzers moatte in sekere ynteresse ha foar relaasjes en emoasjes om wat oan dit boek te finen.

Algemiene kennis

Om dit boek te begripen moat de lêzer it fermogen ha om him yn in oar te ferpleatsen. Dat fermogen kin by N2- en N3-lêzers ferûndersteld wurde, benammen omdat it him ôfspilet yn in werkenbere wrâld, mar by N1-lêzers miskien noch net.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Linich, hjoeddeisk Frysk, mei hjir en dêr nijfoarmingen (sa as fellekiker foar hûddokter) of ferdwûne wurden dy't nij-betocht lykje (smyksem foar salve).

Sinskonstruksjes

 De sinnen binne ienfâldich en de tekst hat in soad dialooch.  

Styl

Hjir en dêr útdrukkings dy't net elke learling ken (troch de mostert fiterje) en nijfoarmingen. De kontekst biedt genôch hâldfest om dy te begripen. 

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek begjint mei in aksjesêne: Anke is ûnderweis nei it sikehûs, dêr't har dochter hinnebrocht wurdt. Fierders troch it hiele boek allegearre oantinkens oan jeugdûnderfiningen. Foar in N1-lêzer genôch aksje om wat oan dit boek te finen.

Gronology

De fertelde tiid binne de dagen dat Debby yn it sikehûs leit. Fia de gedachten fan Anke en de deiboekoantekenings fan Debby wurdt de lêzer hieltyd mei werom yn de tiid naam nei eardere gebeurtenissen. Goed nei te kommen, al is it foar de N1-lêzer miskien al even wennen dat der hieltyd flashbacks binne. 

Ferhaalline(n)

Der is ien dúdlike ferhaalline mei hieltyd flashbacks en oantinkens fan Anke oan har jonge jierren.    

Perspektyf

It boek is skreaun yn ik-perspektyf, út Anke wei. De deiboeken fan Debby binne fanselssprekkend ek yn ik-perspektyf skreaun, mar dan út Debby wei. It is hieltyd dúdlik wannear't it om Anke har oantinkens of om Debby har deiboekoantekeningen giet.

Betsjutting

Foar in N1- en N2-lêzer kin it dreech wêze om ta in betsjutting fan de tekst te kommen. In N3-lêzer fynt it miskien aardich om oer dy betsjutting te diskussearjen. Giet it om de oerienkomsten tusken mem en dochter? Sit der in boadskip yn: Anke hie mear mei Debby prate moatten? Giet it om de earnst fan in hûdsykte? Of noch wat oars?

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Foar in N1-lêzer kin it dreech wêze om boeid te wêzen troch de psychology fan Anke en Debby. Alle ûnderfiningen geane oer de bernetiid, ek dy fan Anke, dat se spylje yn in werkenbere wrâld. Foar N2- en N3-lêzers sil it gjin probleem wêze.

Oantal karakters

Tekst docht gjin berop op it ûnthâlden fan in soad karakters. Debby en Anke steane sintraal. Oaren spylje byrollen.

Untjouwing fan de karakters

Anke wurdt troch de selsmoardpoging fan Debby iepenhertiger nei har dochter ta en kin dêrom in round character neamd wurde. De oare karakters binne flat.

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske skets fan Auck Peanstra op tresoar.nl.
De skriuwster oer Skamte, fraachpetear mei Hedwig Terpstra op Ensafh.