Fries | niveau 3 | De koma-korrektor

De koma-korrektor

De koma-korrektor

Zijlstra, Baukje
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2018
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
254
Genre
  • roman
Tags
  • oarloch
  • heit-dochterrelaasje
  • reizgje
  • koloanjes
  • minsklike ferantwurdlikheid
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Baukje Zijlstra (Dokkum, 1967) is skriuwer en redakteur. Oait is se begûn as redakteur by de Ljouwerter Krante. Se skriuwt Frysk en Nederlânsk. Sy hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút fan de foarôfgeande fiif jierren foar har roman De koma-korrektor. Har ferhalen steane yn literêre tydskriften. Baukje Zijlstra hat it boekewikegeskink 2019 oerset yn it Frysk.

Inhoud

Op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is mei in boek oer it Yndoneezjeferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma en nei it sikehûs. Siemen wie fan 1945 oant 1948 as frijwillige soldaat yn Ynje, mar is dêr weirekke, omdat er tidens in aksje it befel wegere. Sa is Betty teminsten altiten ferteld. Betty konstruearret it ‘echte‘ ferhaal foar safier’t dat mooglik is.

De roman lit sjen dat oer ien en deselde sitewaasje mear ferhalen ferteld wurde kinne en dat dy allegearre in kearn fan wierheid befetsje, mar ek allegearre mar in lyts part fan de wierheid fertelle.

Leesaanwijzingen

Haadstikken oer hjoed en earder wikselje inoar ôf. Ferskate kanten fan it ferhaal wurde beljochte troch in ferskaat oan perspektiven yn it ferhaal te ferwurkjen. Ast deroan fêsthâldst dat Betty de wichtichste ferteller is en sy de oaren it wurd jout, kinst de tried fan it ferhaal maklik fêsthâlde. Alhoewol't it om in swier tema giet, is de toan fan it ferhaal dat net. It boek is frij eksplisyt en de lêzer wurdt by de hân nommen by bygelyks de titelferklearring en de yndieling fan de haadstikken.

Yn de boekekast fan Omrop Fryslân kinst op de smaak brocht wurde mei in fragmint út De koma-korrektor.

Om over na te denken

Wannear meist opdrachten fan de baas wegerje? Oan wa bist úteinliken ferantwurding skuldich foar dyn dieden? Wat fertelsto letter oan dyn eigen bern oer dyn eigen jonge jierren? Binne der by dy thús ûnderwerpen dêr’t net oer praat wurde mei?

Waardering

‘Knap is it hoe’t de skriuwster dit gauris swiere ûnderwerp tagonklik makket foar de lêzer. Knap ek hoe’t se it barren yn Yndonesië, spegelet mei de reorganisaasje by de krante: de heit hat in befel wegere en hat letter nee sein tsjin rehabilitaasje, de dochter blykt ek in stânfêstige kant te hawwen en hat de kop yn de wyn smiten.’
Sjueryrapport Douwe Tammingapriis 2019.

‘Soms moatst erkenne datsto net witst hoe’t it krekt sit. Dan follest dingen oan mei fantasij, of litst krekt fragen iepen. It is net allinne in ferhaal fan ús, mar ek fan de Sinezen, de Indiërs, de Molukkers, it ferhaal wurdt hieltyd breder. It is in ferhaal dat lang net folslein is, nettsjinsteande dat it hieltyd groeit en altyd trochgiet. Guon ferhalen sprekke inoar tsjin. Literatuer lit dy lagen sjen.’
Resinsje Jelma Knol, Ensafh, jiergong 10, nûmer 3 2018, pp. 53-54.

Opmerkingen

It tinken oer de Nederlânske skiednis feroaret troch de jierren hinne. Wat earder ferswijd waard of wêr’t men grutsk op wie, krijt in oare lading. Dat makket in diskusje mooglik oer identiteit, diskriminaasje en gelykheid.




Leestips/meer weten

Sjoch op tresoar.nl: boekprofyl mei resinsjes.
De skriuwster hat in eigen website.
Op de Boekekast fan Omrop Fryslân is in podcast mei in fragmint fan De koma-korrektor te finen.

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusidentifikaasje mei it haadpersonaazje
Learst

dy te ferpleatsen yn de sitewaasje fan it doetiids noch jonge haadpersonaazje troch te konkretisearjen

Opdracht

Lês side 60-63 oer de hutkoffer dy’t Siemen meinaam nei wat doe Nederlânsk Ynje neamd waard en no Yndoneezje. Elke kist wie oars, mei de eigen namme fan de soldaat derop en syn nûmer. Sjoch foar foto’s: http://www.berghapedia.nl/index.php/Scheepskisten

1. Siemen mient dat de hutkoffer is foar grutte en swiere dingen dy’t net alle dagen nedich binne.
Wat hat neffens de roman op de hinnereis grif yn de koffer sitten?

Krús oan wat neffens de roman yn de hutkoffer sitten hat en neam de bledside dêr’t dat neamd wurdt:

O Unifoarm foar in waarm klimaat          Bledside:
O Unifoarm foar de kjeld
O Swiere rinskuon (kistjes)
O Slûpskuon
O Lêsboek
O Foto’s
O Kamera
O Sigaretten
O Skriuwark (brievepapier, pinne)
O Bûslampe

2. Wat soesto meinimme atsto yn Siemen syn skuon stien hiest en do soest foar langere tiid nei it bûtenlân ta? Neam ien ding dat net yn boppesteande list stiet.

3. Betty jout oan dat Ynjegongers nei ôfrin fan har soldatetiid hutkoffers werom nei Nederlân stjoerden. Dêr sieten dan faak sûveniers yn, lykas kofje, tee en krûden, miskien postsegels. Sy hat de kiste fan har heit letter yn gebrûk naam as bysettaffeltsje, mar doe siet der al neat mear yn. Betty en dy hawwe kontakt mei de famylje Meulman. Dy hiene wol mear guod út Ynje yn ‘e hûs. Lês dêrfoar s. 129-132.

Beäntwurdzje de folgjende fragen:
Wat hiene sy neffens de roman oan Ynjesûveniers yn de hûs?
Wat foar Yndyske gewoanten hiene se?
Hoe falt te ferklearjen dat famylje Meulman wol in soad Yndysk guod yn ‘e hûs hie en ek fêsthâlde oan Yndyske gewoanten?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferliking realiteit en klisjee/stereotyp
Learst

tekst om te setten yn bylden

Opdracht

Broer Benno skriuwt mails fanút Yndoneezje. Hy beslút syn mails oan Betty hieltiten mei ‘Dit is wat ik sjoen ha’ (realiteit) en ‘Dit is wat ik net sjoen ha’ (klisjee).
Sykje by trije mails fan Benno in tapaslike foto dy’t it klisjeebyld fan Yndoneezje befestiget en sykje in foto fan it werklike Yndoneezje.
Jou by elke mail in koarte ferantwurding en lis út wêrom’tst fynst dat de beide foto’s goed by de tekst passe en wat it ferskil is tusken realiteit en klisjee.
Doch dat mei trije mails fan Benno. Do sikest dus seis foto’s en joust trije kear in koarte skriftlike útlis. Skriuw oan de ein in pear rigels oer ferskil en oerienkomsten tusken klisjee en werklikheid wat it Yndoneezjebyld oangiet.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

it motto yn relaasje te sjen ta de ynhâld fan de roman

Opdracht

1. Op side 10 fan de roman lêst wa’t it ferhaal fertelle. Wa binne dy fjouwer fertellers?

2. Neam by elke ferteller fan side 10 in tekstfragmint dêr’tst út ôfliede kinst dat dat personaazje bedoeld is. Neam ek de bledsidenûmers derby.

3. Wat foar ynformaasje jout elke ferteller? Mei oare wurden: typearje de ynformaasje dy’t elk fan de fjouwer fertellers jout.

4. Op bledside 8 sjochst in tal korreksjetekens dêr’t korrektoaren by kranten gebrûk fan meitsje. Wat hat Betty mei korreksjetekens? Watfoar korreksjetekens komme werom yn de roman en wat is harren funksje yn de tekst?

5. Lis út wat de korreksjetekens mei de titel fan it boek te krijen hawwe.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel of yn gearwurking
Fokusmoraal en etyk
Learst

morele en etyske fragen út de tekst oan de kaak te stellen  

Opdracht

Yn de roman nimt Siemen in oantal kearen in beslút:

  • Om nei Ynje ta te gean om de lângenoaten dêr te befrijen (s. 50-51)
  • Om it befel fan syn meardere Kamp te wegerjen (s. 139-140, 207-208)
  • Om syn maat Willy net te rêden (s. 187-188, 224-225, s. 236-237)
  • Om de gouden ring dy’t er fynt yn de finzenistún te hâlden (s. 192-103)

Beneam per beslút oftsto itselde dien hiest as Siemen. Doch dat yn in pear sinnen.
Lis de fjouwer kwestjes ek foar oan in klasgenoat en freegje wat dy yn Siemen syn plak dien hie.

Stadichoan nimt Betty yn dit ferhaal in beslút oer it al of net trochsetten fan har baan. Hoe tinkt se oer har wurk? Beneam in tal sitewaasjes dy’t bydrage ta har beslút en jou de bledsiden oan. Watfoar arguminten jouwe by har de trochslach foar har beslút (3)? Wurkje dizze opdracht út yn 10-20 rigels.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusauteursyntinsje
Learst

de auteursyntinsje ûnder wurden te bringen en kritysk te beskôgjen

Opdracht

De auteursyntinsje is de manier wêrop’t de skriuwer fertelt hoe’t in boek bedoeld is. Lês hjirfoar ek de literêre teory hjirûnder. Betty besiket om op basis fan ynformaasje dy’t se garret oer it Ynjeferline fan har heit syn ferhaal kompleet te meitsjen:

‘Wêr yn de goedichheid bin ik, binne wy mei dwaande. Ik sykje minsken op, belje by har oan of belje har op, stel fragen dy’t har hiele libben oer ‘e kop helje, skriuw alles op yn in oantekenboekje, knik noch wat, sis ja en amen, fersis dat ik nochris weromkomme sil of nochris belje sil, ek as ik al wit dat dat net wier is, ek as ik sjoch of hear dat se iensum binne, dan gean ik hastich op hûs oan, tikje alles oer op myn laptop, skrabje tekst byinoar as it rôversguod, ferhalen, fragminten, wurde, ik tel de wurden, want ik stel my foar dat hoe mear wurden ik haw, hoe tichter ik by de wierheid kom. As dat gjin waansin is… ‘ (s. 229).

Ta wat foar konklúzje komt Betty oan ‘e ein fan har syktocht nei de wierheid oer har heit? Ferantwurdzje dyn antwurd op dy fraach troch bewizen yn de tekst. Kinst in link lizze mei de skeanprinte tekst op side 7?

Wa fertelt eins dit ferhaal? Is it de man ûnder it wite lekken, mei it stal fan in berketwiichje en it hert fan in hinde? Is it de man mei it fiskeach om de nekke, dy’t sjocht wat in oar net sjocht, dy’t ….

Wat wie de yntinsje fan Betty har broer Benno om nei Yndoneezje ôf te reizjgen? Wat is syn konklúzje oan de ein fan syn reis? Neam sinnen út de tekst om dyn antwurd krêft by te setten.

Wat is de wearde fan in rekonstruksje fan de wierheid, lykas dy fan Betty? Mei oare wurden: wat sjit Betty mei dit ferhaal op as it dochs noait de komplete wierheid fertelt? Wurkje de antwurden op boppesteande fragen út op papier.

Literaire theorie

Auteursyntinsje: https://nl.wikipedia.org/wiki/Auteursintentie

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmaatskiplike kontekst fan literatuer
Learst

Yndoneezje breder te lûken yn de maatskiplike kontekst

Opdracht

Betty skriuwt op side 177: ‘Eins wie it oeral itselde: yn Yndoneezje, yn Noard-Korea, yn Libanon, yn Irak, yn Afganistan, en gean sa mar troch: de gewoane soldaat waard oer it algemien ûnder … net-optimale omstannichheden de rotsoai ynstjoerd, en as it ferkeard gie of op syn minst net hielendal nei ’t sin, dan waarden sy mei de nekke oansjoen. Net de hege militêren, en al hielendal net polityk ferantwurdliken, dy’t harrren om te begjinnen dy rotsoai ynstjoerd hienen.’

1. Sykje in trijetal tekstuele bewizen/foarbylden yn de roman foar dizze bewearing fan Betty. Neam de bledsidenûmers.

2. Undersykje by twa fan de boppesteande brânhurden oft de omstannichheden foar de soldaten min wiene en oft soldaten achterôf mei de nekke oansjoen binne. Beantwurdzje ek hoe’t oare minsken letter tsjin de oarloch yn twa fan dizze gebieten oanseagen. Kinst dêr ynternet by brûke en neam dyn boarnen.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Zijlstra, Baukje De koma-korrektor
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmaatskiplike kontekst fan literatuer
Learst

Yndoneezje breder te lûken yn de maatskiplike kontekst    

Opdracht

Lês dizze taspraak fan Mark Rutte by de jierlikse Ynjebetinking yn 2020.

1.
Mark Rutte neamt dat Yndoneezje yn syn bernejierren noait fier fuort wie. Watfoar foarbylden neamt er by dy útspraak?

Sjochst dizze foarbylden ek yn it ferhaal fan Betty werom? Neam by elk foarbyld fan Rutte in foarbyld út de roman.

2. Rutte hellet de Nederlânske skriuwster Marion Bloem oan as dy seit: ‘Onze ouders zwegen en legden hun verleden in hutkoffers op zolder.’ Wat seit Betty oer dizze ‘swijende’ generaasje? Neam fiif foarbylden út de roman.

3. Wurdt by dy thús oeral iepen oer praten of kinst dy oer bepaalde ûnderwerpen better stilhâlde? Wat foar ûnderwerpen binne dat? Wêrom binne dy ûnderwerpen net besprekber? Neam as dat kin foarbylden fan sokke ûnderwerpen en skriuw se op.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Baukje Zijlstra (Dokkum, 1967) is skriuwer en redakteur. Oait is se begûn as redakteur by de Ljouwerter Krante. Se skriuwt Frysk en Nederlânsk. Sy hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút fan de foarôfgeande fiif jierren foar har roman De koma-korrektor. Har ferhalen steane yn literêre tydskriften. Baukje Zijlstra hat it boekewikegeskink 2019 oerset yn it Frysk.

Ynhâld

Op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is mei in boek oer it Yndoneezjeferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma en nei it sikehûs. Siemen wie fan 1945 oant 1948 as frijwillige soldaat yn Ynje, mar is dêr weirekke, omdat er tidens in aksje it befel wegere. Sa is it Betty teminsten altiten ferteld. Betty konstruearret it ‘echte‘ ferhaal. De roman lit sjen dat oer ien en deselde sitewaasje mear ferhalen ferteld wurde kinne en dat dy allegearre in kearn fan wierheid befetsje, mar ek allegearre mar in partsje fan de wierheid fertelle. In ûnderwerp yn it boek is foar josels en foar oaren opkomme.

Swierte

Foar de N2-lêzer is De Koma-korrektor in yndrukwekkend boek, want der sit wol aksje yn en de ferhaallinen binne meislepend en dramatysk. De N2-lêzer kin him maklik ynlibje yn de personaazjes, ek om’t der in protte dialogen yn it boek sitte. Der sitte perspektyfwikselingen yn en sprongen yn de tiid, dy’t foar de N2-lêzer miskien wat dreech binne, mar dy binne meast eksplisyt en helder oanjûn. De N2-lêzer sil miskien muoite hawwe mei de tsjokte fan it boek. Foar de N3-lêzer is it boek krekt op nivo mei in ienfâldige literêre struktuer en styl. De N4-lêzer kin him konsintrearje op de manier fan literêr fertellen en op parallellen tusken de ferskate ferhaallinen. De N4-lêzer kin wierskynlik goed troch it boek hinne komme, ek al freget it tiid en ynspanning.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Foar N2-lêzers is it faaks lestich om in wat tsjokker boek as dit te kiezen en út te lêzen. Yn it boek sitte perspektyfwiksels en it ferhaal wurdt net hielendal gronologysk ferteld. Yn it ferhaal wurdt wol oanjûn wêr’t sprongen yn de tiid en de fertellers sitte.

 

Ynteresses

Ynteresse yn wat der bard is yn ‘Nederlânsk Ynje’/Yndoneezje is wol in fereaske. Lêzers moatte nocht hawwe om mei Betty mei te gean en de puzzel oer it ferline fan har heit op te lossen.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske om it boek te begripen. Histoaryske kennis oer Nederlânsk Ynje/Yndoneezje wurdt yn de roman jûn. De lêzer kin dy’t dat wol, kin ekstra kennis op ynternet sykje.

It koloaniaal ferline fan Nederlân wurdt behannele by it fak skiednis op HAVO en VWO (Kenmerkend aspect 41) en is in finster yn de Nederlânske skiedniskanon (Anton de Kom).

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It boek bestiet út mono- en dialogen en mails yn deistich Frysk. Dat makket dat it wurdgebrûk maklik nei te kommen is.

Sinskonstruksjes

It boek bestiet benammen út mono- en dialogen en mails. Sinskonstruksjes binne dêrtroch net yngewikkeld.

Styl

Gjin bysûnderheden. De skriuwstyl is konkreet en ynformeel, mar soms wat omslachtich.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de ferhaallinen sit aksje en avontuer. Dat makket it foar N2-lêzers oantreklik. Betty fertelt har ferhaal oer har heit foar safier’t se dat rekonstruearje kin. Broer Benno docht ferslach fan syn reis nei Yndoneezje op syk nei spoaren fan syn heit. Heit Siemen fertelt troch syn boek mei oantinkens en it âlde foto-album. Dy syn maat Jappy praat mei Betty oer it ferline. Dêrnêst spylje der spanningen tusken personaazjes dy’t ek aksje opleverje.

Gronology

It ferhaal is net gronologysk ferteld. Foar it begryp fan de N2-lêzer ropt dat lykwols gjin problemen op, want der sit safolle aksje yn dat de lêzer wol trochlêst.

Ferhaalline(n)

De haadferhaalline is dy fan Betty dy’t anno 2018 it ferhaal fan har heit besiket te rekonstruearjen. Dêrfoar brûkt se boarnen dy’t besjoen wurde kinne as aparte ferhaallinen: hallusinaasjes fan har heit, mails fan Benno, ferhalen fan Jappy (âlde maat fan har heit). Betty brûkt korreksjetekens om oan te jaan om watfoar ferhaalline it giet. Dêrmei makket se foar de N2-lêzer eksplisyt om wat foar ferhaalline it giet en wat it plak dêrfan is yn har grutte puzel.

Perspektyf

It perspektyf is benammen dat fan Betty en Benno. De heit hat ek oanpart yn it ferhaal mei’t de lêzer meisjocht yn syn boek en foto-album. Dat lêste fertelperspektyf ropt hjir en dêr wat ûndúdlikheid op: wa is de (troch-)ferteller fan dizze fertelline, hoesa liket it of fertelt in man yn koma in ferhaal? Men soe ommers tinke dat alle ynformaasje jûn wurdt fanút it ik-perspektyf fan Betty. Dat is lykwols foar de lêzer op gjin inkeld nivo in in behindering foar it begryp fan it ferhaal.

Betsjutting

In N2-lêzer identifisearret him wierskynlik mei de ik-ferteller Betty en de avontueren fan har heit yn Ynje/ Yndoneezje. Hy giet mei Betty it avontuer fan de syktocht oan. De N3-lêzer kin him ôffreegje wat hy dwaan soe yn in ferlykbere sitewaasjes. De N4-lêzer kin neitinke oer it motto fan de roman en oer morele en etyske fragen dy't yn de roman nei foaren komme. Foar de N4-lêzer binne fragen oer de konstruksje fan werklikheden ek nijsgjirrich.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Haadkarakter is Betty en fia har krijt de lêzer ynformaasje oer Siemen. Dy ynformaasje wurdt levere troch heit Siemen, broer Benno en oaren, lykas maat Jappy. Oare personaazjes binne bygelyks kollega’s fan Betty op it wurk, mar sy spylje mar sydlings in rol.

Hoemannichte

It tal karakters is lyts en smyt foar de lêzers gjin problemen op.

Untjouwing fan de karakters

De karakters litte in ûntjouwing sjen, benammen Betty yn har tinken oer har heit en oer it konstruearjen fan in ferhaal. Broer Benno tinkt oan de ein fan it ferhaal nuansearre oer Yndoneezje, ferline en takomst.

Ferantwurding

-

Relevante  boarnen foar dosinten

Sjoch op tresoar.nl: boekprofyl mei resinsjes.
De skriuwster hat in eigen website.

It Nederlânske ferline yn Ynje is geregeld yn it nijs en der is in protte oer te finen op ynternet.