De parallaks
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2019
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Leeuwarden
- Aantal pagina's
- 131
- Genre
-
- psychologyske roman
- Tags
-
- frouljuslibben
- homoseksualiteit
- leafde
- natuer
- identiteit
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
De parallaks - Janneke Spoelstra | gedrukt boek | Bibliotheek.nl
De parallaks - Janneke Spoelstra | gesproken boek | Bibliotheek.nl
Over de auteur
Janneke Spoelstra waard yn 1962 berne yn Hijum. Spoelstra wurket sûnt 2001 by de Fryske Akademy as redakteur en ûndersiker. Se hat trije dichtbondels publisearre: Goeie is it wachtwurd, Langst fan ‘e dagen en Wij yn é draaimûne. Ek hat se de ferhalebondel In Jikse-libben utbracht. De parallaks is harren earste roman. Op Rôze Sneon, 16 oktober 2021, is de blomlêzing 'Do draachst de leafde oan' presentearre. Spoelstra siet yn de redaksje fan de bondel.
Inhoud
Yn De parallaks folgje jo in stikje fan it libben fan trije froulju: Wyb dy’t santich wurdt, Lokke dy’t fyftich wurdt en Famk dy’t tritich wurdt. De libbens fan dy froulju, dy’t alle trije harsels as lesbysk identifisearje, krúse elkoar foar in skoftke.
Leesaanwijzingen
It perspektyf yn De parallaks wikselet yn elk haadstik. Do moatst sels oan it wurk om út te sykjen hokker personaazje yn hokker haadstik oan it wurd is. Ast dat lestich fynst, dan is it handich om oantekeningen te meitsjen wylst it boek lêst. Der bart kwa aksje net sa folle yn it boek: it draait om psycholyske aksje.
Om over na te denken
Is de omjouwing dêr’tst opgroeist wichtich foar dyn wrâldbyld? Wêrom fine guon minsken it sa dreech om allinnich te libjen? Is de wrâld ynrjochte foar setjes/duo’s/echtpearen? Is it yn dizze tiid makliker om te fertellen datsto lesbysk bist as fjirtich jier lyn? Of is dat allinnich mar sa yn dit boek?
Waardering
“Wylst ik de roman De parallaks fan Janneke Spoelstra lies, fielde ik dat it om in echt ferhaal gie. Net ‘echt’ yn de sin fan wierbard, mar wol kin de lêzer werkenning fine of ynsjoch krije yn hoe’t it is ast lesbysk bist. En dan net op in wize dat it der swier boppe op leit, nee gewoan, sa’t it yn it deistich libben giet.” Antje van Schepen op heitenmem.nl.
“Janneke Spoelstra besit de keunst om hiel gewoan en fol faasje oer it normale libben te skriuwen. Foaral de leafde foar de natoer komt gauris yn it boek oan bar.” Wopkje Bergmans op heitenmem.nl.
“De beskriuwingen fan de natoer yn dit boek binne sûnder mear in lust. Selsspot is dêr ek by de rûs.” Doeke Sijens yn ‘e Ljouwert Krante.
Leestips/meer weten
Podcast oer De parallaks: https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-1-de-parallaks-fan-janneke-spoelstra
Resinsje yn de Ljouwerter Krante fan Doeke Sijens: https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?v2=true&id=LC-20190531-ZU07006004&vw=org&lm=parallak
Eigen website fan de skriuwster: http://www.oerset.nl/fr/skriuwerij.html
Ynformaasje oer de skriuwster: Tresoar - Zoeken
Samengesteld door
Cilla GeurtsenAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Janneke Spoelstra De parallaks |
Nûmer | 2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 oere (of 3 oere as ’t echt op ‘en paad giest) |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | romte |
Learst | hoe’t de romte dêr’t De parallaks him ôfspilet ynfloed hat op it boek
|
Opdracht | De parallaks spilet him ôf yn Ljouwert en yn ’e krite boppe Ljouwert oant en mei It Amelân oan ta. Net eltsenien dy’t dit boek lêst, wit hoe’t it er útsjocht yn Ljouwert en omkriten. Spoelstra beskriuwt de omjouwing hiel detaillearre. Jim sille dat no ferbyldzje. 1: Ferdiel de romtes. Ien fan jimme giet op ûndersyk út oer de yn Ljouwert. De oare pakt de omjouwing tusken Ljouwert en It Amelân. 2: Eltsenien siket fyftjin foto’s of ôfbyldings fan romtes dy’t Spoelstra beskriuwt yn De parallaks. Skriuw ek op foar hokker fan de trije personaazjes de romte wichtich is en beskriuw yn twa sinnen wêrom’t de romte sa wichtich is. Jou ûngefear likefolle omtinken oan elk fan de personaazje: Wyb, Lokke en Famk. Notearje ek de boarne referinsje. (De opdracht wurdt noch moaier ast do echt op ûndersyk útgiest. Miskien wol dyn heit of mem wol in toerke troch de omkriten boppe Ljouwert mei dy meitsje. Of faaks kinne jim in oere troch de binnenstêd fan Ljouwert kuierje en sels foto’s meitsje.) 3: Beskriuw in fyftich wurden oft dyn ynterpretaasje fan it boek troch it opsykjen fan de bylden feroare is. Bruk ûndersteand skema: Foto Heart by hokker personaazje Wêrom sa wichtich? Wêr yn it boek fyn ik it plak fan de foto |
Makke troch | Cilla Geurtsen |
Boek | Janneke Spoelstra De parallaks |
Nûmer | 2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 oere (ynklusyf presintaasje) |
Wurkfoarm | mei syn trijen |
Fokus | personaazjes |
Learst | Do learst om de ferskillen tusken de trije haadpersonaazjes yn byld te bringen. |
Opdracht | 1: Printsje tegearre trije kear it holle-hart-hannen-fuotte-skema út en ferdiel de personaazjes: eltsenien wurket ien skema út. Set boppe it skema de namme fan Wyb, Lokke of Famk. Wurkje krekt en besykje per ûnderdiel teminsten fiif dingen te beneamen. By de holle beskriuwst wat dyn personaazje tinkt. Fierder tekenest ek hoe’t dyn personaazje derút sjocht. Helje de ynformaasje út it boek en skriuw de sitaten oer yn it skema. Besykje om fiif sitaten per personaazje te finen. Hjir is in linkje nei it skema: alg_hoofd-hart-handen-voeten.pdf (jeugdbibliotheek.nl) 2: Elkenien presintearret syn personaazje oan de hân fan it skema yn in presintaasje fan twa minuten. Ast de presintaasje net foar de klasse of yn in groepke dwaan kinst, dan nimst de presintaasje op.
|
Makke troch | Cilla Geurtsen |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Janneke Spoelstra De parallaks |
Nûmer | 3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 oere |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | iepen ein - sletten ein |
Learst | om te reflektearjen op it ein fan De parallaks |
Opdracht | 1: Lês de teory dy’t útlein wurdt by it blokje (Literêre) teory. 2: Beskriuw per personaazje út De parallaks yn hoe’t se der oan it ein fan it boek foar stean: wat sille se no oanpakke, hoe sil it no fierder gean mei dy trije froulju? Brûk tritich wurden per personaazje. 3: Lês bledside 130 op ‘e nij wêr’t it giet oer it wurd parallaks. Wat is de parallaks tusken de libbens fan de trije froulju? 4: Hat De parallaks in sletten ôf in iepen ein? Lis dyn antwurd út.
|
Literaire theorie | In boek hat in sletten ein ast as lêzer gjin fragen mear hast. Alle ferhaallinen binne ôfsletten. De auteur hat antwurd jûn op alle fragen dy’t it ferhaal oproppen hat. In boek hat in iepen ein ast as lêzer noch wol fragen ha. As lêzer moatst sels betinke hoe’t it no fierder giet mei de personaazjes.
|
Makke troch | Cilla Geurtsen |
Boek | Janneke Spoelstra De parallaks |
Nûmer | 3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 oeren |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | betsjutting fan homoseksualiteit |
Learst | om nei te tinken oer in wichtich tema út De parallaks |
Opdracht | 1: De stekwurden dy’t jûn binne by dit boek binne: frouljuslibben, homoseksualiteit, leafde, natoer, identiteit. Beskriuw per stekwurd yn twa sinnen wêrom’t it in wichtich tema is yn it boek. 2: Op de achterflap fan De parallaks kinst it folgende lêze: “Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich is en Wyb dy’t santich wurdt. Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftyd is it perspektyf hiel oars.” Wurkje foar de trije froulju út wat dat identifisearjen as lesbysk betsjut. Brûk 150 wurden foar dyn útwurking. 3: Yn 2019 wie yn it nijs dat Fryske jongerein homoseksualiteit noch altyd in taboe fine. Besjoch de útstjoering fan Iepen Up oer dit tema: Homoseksualiteit nog altijd taboe voor meeste Friese jongeren: https://www.youtube.com/watch?v=MkryTIa9GgA 4: Hokker problemen dy’t oankaart wurde yn de útstjoering hast werkend yn it boek? 5: Hat it lêzen fan De parallaks dy in nije fisy jûn op dit tema? Wurkje dyn antwurd út yn 100 wurden.
|
Makke troch | Cilla Geurtsen |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Janneke Spoelstra De parallaks |
Nûmer | 4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 oere |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | symbolyk |
Learst | om te reflektearjen op de seizoenen wêryn’t De parallaks him ôfspilet. |
Opdracht | 1: Yn hokker seizoenen spilet De parallaks him ôf? Wêrom soe Janneke Spoelstra foar dy perioaden keazen hawwe? Brûk fyftich wurden foar dyn antwurd. 2: De seizoenen binne ek yn de popmuzyk in hiel wichtich tema. Harkje nei dizze trije popsongs en beskriuw yn tritich wurden per liet wêr’t dit liet oer giet. https://www.youtube.com/watch?v=W4ga_M5Zdn4 (The byrds – Turn! Turn! Turn!) https://www.youtube.com/watch?v=qzpPy9hJYA8 (The Zombies – Time of the season) https://www.elle.com/culture/music/g27076318/best-spring-songs/ (The Beatles - Here comes the sun) 3: De maitiid stiet yn de literatuer faak symboal foar nij libben, nije leafdes. Yn De parallaks binne de leafdes somtiden justjes oan ’e ein kommen. Hie Spoelstra net better kieze kinnen foar de hjerst en de winter? Wêrom soe se dochs foar de seizoenen maitiid en simmer keazen hawwe? Brûk hûndert wurden foar dyn antwurd.
|
Makke troch | Cilla Geurtsen |
Boek | Janneke Spoelstra De parallaks |
Nûmer | 4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 oere |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | selsrefleksje |
Learst | om te reflektearjen op de betsjutting fan it boek |
Opdracht | 1: In soad minsken hawwe in saneamde ‘bucketlist’. Skriuw tsiin dingen op dy’tst noch graach dwaan wolst yn dyn libben. (Foarbyld: op fakânsje nei Japan, fleane yn in luchtballon.) 2: ‘En doe hie ik it gefoel dat ik echt libbe’. Miskien hasto dat immen wolris sizzen heard? Beskriuw trije situaasjes wêryn’tst it idee hân hast datsto echt libbest. Dat kin in spannend barren west ha, mar ek in djippe emoasje. Brûk 50 wurden per situaasje. 3: “Ik fûn it ek wol moai om út en troch de wrâld yn, mar ik hie it idee dat ik hjir it libben op ’en djipsten begriep.” (side 71). Dat tinkt Lokke op in dei. Beskriuw yn fyftich wurden wêrom’t Lokke op dat moment it libben begrypt. 4: Begripe de oare twa froulju it libben ek? Beskriuw dyn ideeën dêroer yn hûndert wurden. 5: Moatst altyd de wrâld oerfleane om alles ut it libben te heljen? Of kinst it ek tichter by hûs fine? Reflektearje yn 150 wurden op dy fraach.
|
Makke troch | Cilla Geurtsen |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Janneke Spoelstra waard yn 1962 berne yn Hijum. Spoelstra wurket sûnt 2001 by de Fryske Akademy as redakteur en ûndersiker. Se hat trije dichtbondels publisearre: Goeie is it wachtwurd, Langst fan ‘e dagen en Wy yn ‘e draaimûne. Ek hat se de ferhalebondel In Jikse-libben útbrocht. De parallaks is har earste roman.
Ynhâld
Yn De parallaks folgest in stikje fan it libben fan trije froulju: Wyb dy’t santich wurdt, Lokke dy’t fyftich wurdt en Famk dy’t tritich wurdt. De libbens fan dy froulju, dy’t alletrije harsels as lesbysk identifisearje, kruse elkoar foar in skoftke. It boek spilet him ôf yn in simmerhealjier. De libbens fan de froulju rinne soms mei-inoar op, maar úteinlik folgje se alletrije har eigen wei.
Swierte N3
It perspektyf wikselt en der wurdt net oanjûn yn hokker holle ast sitst. Ek de wat iepen ein kin lestich wêze foar lêzers op N2 en N3. De trije froulju rinne oan ien wei troch te prakkesearjen. Foar lêzers op N2 en begjinnende lêzers op N3 sil dat in útdaging wêze kinne. Yn De parallaks giet it benammen om psychologyske aksje en net om spannende hannelingen of avontueren. Lêzers op N4 sille De parallaks goed folgje en neifertelle kinne. Se kinne de ferhaalline keppelje oan de seizoenen dy’t oant yn detail beskreaun wurde
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De parallaks is gjin tsjok boek. Wol is it wichtich dat de lêzer |
Ynteresses |
It boek is geskikt foar lêzers dy’t hâlde fan in boek oer it deistige |
|
Algemiene kennis |
De algemiene kennis fan learlingen sil tarikkend wêze om dit boek |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
It perspektyf wikselet en der wurdt net oanjûn yn hokker holle ast |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
De wurden dy’t Spoelstra brûkt binne net dreech. Op dat mêd |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne net lang en goed te folgjen. It is bysûnder dat |
|
Styl |
Koarte sinnen, ynsidinteel dialogen, somtiden wat byldspraak. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn De parallaks giet it benammen om psychologyske aksje. De |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. It duorret in healjier: fan |
|
Ferhaalline(n) |
Trije ferhaallinen dy’t inoar somtiden reitsje, mar by eintsjebeslút |
|
Perspektyf |
Ik-perspektyf by Wyb, Ik-perspektyf bij Famk. |
|
Betsjutting |
Foar lêzers op N2 giet it boek oer trije froulju dy’t lesbysk binne en |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Der binne trije wichtige karakters yn De parallaks: gjin probleem foar |
Hoemannichte |
De hoemannichte karakters is net in probleem yn dit boek. Foar guon |
|
Untjouwing fan de karakters |
Omdat it ferhaal mar in heal jier duorret, is der gjin grutte untjouwing |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-1-de-parallaks-fan-janneke-spoelstra Tresoar - Janneke Spoelstra (oer rôze literatuer) Bespreking van werk van de Friese auteur Janneke Spoelstra (frieseliteratuur.nl) Resinsje yn de Ljouwerter Krante fan Doeke Sijens: https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?v2=true&id=LC-20190531-ZU07006004&vw=org&lm=parallak Eigen website fan de skriuwster: http://www.oerset.nl/fr/skriuwerij.html Ynformaasje oer de skriuwster: Tresoar - Zoeken
|
|
|
|