Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | De parallaks

De parallaks

De parallaks

Janneke Spoelstra
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2019
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Leeuwarden
Aantal pagina's
131
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • frouljuslibben
  • homoseksualiteit
  • leafde
  • natuer
  • identiteit
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

De parallaks - Janneke Spoelstra | gedrukt boek | Bibliotheek.nl

De parallaks - Janneke Spoelstra | gesproken boek | Bibliotheek.nl

Over de auteur

Janneke Spoelstra waard yn 1962 berne yn Hijum. Spoelstra wurket sûnt 2001 by de Fryske Akademy as redakteur en ûndersiker. Se hat trije dichtbondels publisearre: Goeie is it wachtwurd, Langst fan ‘e dagen en Wij yn é draaimûne. Ek hat se de ferhalebondel In Jikse-libben utbracht. De parallaks is harren earste roman. Op Rôze Sneon, 16 oktober 2021, is de blomlêzing 'Do draachst de leafde oan' presentearre. Spoelstra siet yn de redaksje fan de bondel.

 

Inhoud

Yn De parallaks folgje jo in stikje fan it libben fan trije froulju: Wyb dy’t santich wurdt, Lokke dy’t fyftich wurdt en Famk dy’t tritich wurdt. De libbens fan dy froulju, dy’t alle trije harsels as lesbysk identifisearje, krúse elkoar foar in skoftke.

Leesaanwijzingen

It perspektyf yn De parallaks wikselet yn elk haadstik. Do moatst sels oan it wurk om út te sykjen hokker personaazje yn hokker haadstik oan it wurd is. Ast dat lestich fynst, dan is it handich om oantekeningen te meitsjen wylst it boek lêst. Der bart kwa aksje net sa folle yn it boek: it draait om psycholyske aksje.

Om over na te denken

Is de omjouwing dêr’tst opgroeist wichtich foar dyn wrâldbyld? Wêrom fine guon minsken it sa dreech om allinnich te libjen? Is de wrâld ynrjochte foar setjes/duo’s/echtpearen? Is it yn dizze tiid makliker om te fertellen datsto lesbysk bist as fjirtich jier lyn? Of is dat allinnich mar sa yn dit boek?

Waardering

“Wylst ik de roman De parallaks fan Janneke Spoelstra lies, fielde ik dat it om in echt ferhaal gie. Net ‘echt’ yn de sin fan wierbard, mar wol kin de lêzer werkenning fine of ynsjoch krije yn hoe’t it is ast lesbysk bist. En dan net op in wize dat it der swier boppe op leit, nee gewoan, sa’t it yn it deistich libben giet.” Antje van Schepen op heitenmem.nl.

“Janneke Spoelstra besit de keunst om hiel gewoan en fol faasje oer it normale libben te skriuwen. Foaral de leafde foar de natoer komt gauris yn it boek oan bar.” Wopkje Bergmans op heitenmem.nl.

“De beskriuwingen fan de natoer yn dit boek binne sûnder mear in lust. Selsspot is dêr ek by de rûs.” Doeke Sijens yn ‘e Ljouwert Krante. 

Leestips/meer weten

Podcast oer De parallaks: https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-1-de-parallaks-fan-janneke-spoelstra

Resinsje yn de Ljouwerter Krante fan Doeke Sijens: https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?v2=true&id=LC-20190531-ZU07006004&vw=org&lm=parallak

Eigen website fan de skriuwster: http://www.oerset.nl/fr/skriuwerij.html

Ynformaasje oer de skriuwster: Tresoar - Zoeken

Samengesteld door

Cilla Geurtsen

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Janneke Spoelstra De parallaks
Nûmer2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 oere (of 3 oere as ’t echt op ‘en paad giest)
Wurkfoarmtwatal
Fokusromte
Learst

hoe’t de romte dêr’t De parallaks him ôfspilet ynfloed hat op it boek   

 



 

Opdracht

De parallaks spilet him ôf yn Ljouwert en yn ’e krite boppe Ljouwert oant en mei It Amelân oan ta. Net eltsenien dy’t dit boek lêst, wit hoe’t it er útsjocht yn Ljouwert en omkriten. Spoelstra beskriuwt de omjouwing hiel detaillearre. Jim sille dat no ferbyldzje.

1: Ferdiel de romtes. Ien fan jimme giet op ûndersyk út oer de yn Ljouwert. De oare pakt de omjouwing tusken Ljouwert en It Amelân.

2: Eltsenien siket fyftjin foto’s of ôfbyldings fan romtes dy’t Spoelstra beskriuwt yn De parallaks. Skriuw ek op foar hokker fan de trije personaazjes de romte wichtich is en beskriuw yn twa sinnen wêrom’t de romte sa wichtich is. Jou ûngefear likefolle omtinken oan elk fan de personaazje: Wyb, Lokke en Famk. Notearje ek de boarne referinsje.

(De opdracht wurdt noch moaier ast do echt op ûndersyk útgiest. Miskien wol dyn heit of mem wol in toerke troch de omkriten boppe Ljouwert mei dy meitsje. Of faaks kinne jim in oere troch de binnenstêd fan Ljouwert kuierje en sels foto’s meitsje.)

3: Beskriuw in fyftich wurden oft dyn ynterpretaasje fan it boek troch it opsykjen fan de bylden feroare is.

Bruk ûndersteand skema:

Foto              Heart by hokker personaazje                    Wêrom sa wichtich?                       Wêr yn it boek fyn ik it plak fan de foto

Makke trochCilla Geurtsen
Boek Janneke Spoelstra De parallaks
Nûmer2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 oere (ynklusyf presintaasje)
Wurkfoarmmei syn trijen
Fokuspersonaazjes
Learst

Do learst om de ferskillen tusken de trije haadpersonaazjes yn byld te bringen.

Opdracht

1: Printsje tegearre trije kear it holle-hart-hannen-fuotte-skema út en ferdiel de personaazjes: eltsenien wurket ien skema út. Set boppe it skema de namme fan Wyb, Lokke of Famk. Wurkje krekt en besykje per ûnderdiel teminsten fiif dingen te beneamen.

By de holle beskriuwst wat dyn personaazje tinkt.
By it hert beskriuwst en tekenest harren gefoelens.
By de fuotten beskriuwst en tekenest detaillearre wêr’t se allegear west hat.
By de hannen beskriuwst wat se allegear dien hat.

Fierder tekenest ek hoe’t dyn personaazje derút sjocht. Helje de ynformaasje út it boek en skriuw de sitaten oer yn it skema. Besykje om fiif sitaten per personaazje te finen.

Hjir is in linkje nei it skema: alg_hoofd-hart-handen-voeten.pdf (jeugdbibliotheek.nl)

2: Elkenien presintearret syn personaazje oan de hân fan it skema yn in presintaasje fan twa minuten. Ast de presintaasje net foar de klasse of yn in groepke dwaan kinst, dan nimst de presintaasje op.

 

 

 

Makke trochCilla Geurtsen

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Janneke Spoelstra De parallaks
Nûmer3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 oere
Wurkfoarmyndividueel
Fokusiepen ein - sletten ein
Learst

om te reflektearjen op it ein fan De parallaks

Opdracht

1: Lês de teory dy’t útlein wurdt by it blokje (Literêre) teory.

2: Beskriuw per personaazje út De parallaks yn hoe’t se der oan it ein fan it boek foar stean: wat sille se no oanpakke, hoe sil it no fierder gean mei dy trije froulju? Brûk tritich wurden per personaazje.

3: Lês bledside 130 op ‘e nij wêr’t it giet oer it wurd parallaks. Wat is de parallaks tusken de libbens fan de trije froulju?

4: Hat De parallaks in sletten ôf in iepen ein? Lis dyn antwurd út.

 

 

 

Literaire theorie

In boek hat in sletten ein ast as lêzer gjin fragen mear hast. Alle ferhaallinen binne ôfsletten. De auteur hat antwurd jûn op alle fragen dy’t it ferhaal oproppen hat.

In boek hat in iepen ein ast as lêzer noch wol fragen ha. As lêzer moatst sels betinke hoe’t it no fierder giet mei de personaazjes.

 

Makke trochCilla Geurtsen
Boek Janneke Spoelstra De parallaks
Nûmer3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 oeren
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting fan homoseksualiteit
Learst

om nei te tinken oer in wichtich tema út De parallaks

Opdracht

1: De stekwurden dy’t jûn binne by dit boek binne: frouljuslibben, homoseksualiteit, leafde, natoer, identiteit. Beskriuw per stekwurd yn twa sinnen wêrom’t it in wichtich tema is yn it boek.      

2: Op de achterflap fan De parallaks kinst it folgende lêze: “Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich is en Wyb dy’t santich wurdt. Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftyd is it perspektyf hiel oars.” Wurkje foar de trije froulju út wat dat identifisearjen as lesbysk betsjut. Brûk 150 wurden foar dyn útwurking.

3: Yn 2019 wie yn it nijs dat Fryske jongerein homoseksualiteit noch altyd in taboe fine. Besjoch de útstjoering fan Iepen Up oer dit tema: Homoseksualiteit nog altijd taboe voor meeste Friese jongeren: https://www.youtube.com/watch?v=MkryTIa9GgA

4: Hokker problemen dy’t oankaart wurde yn de útstjoering hast werkend yn it boek?

5: Hat it lêzen fan De parallaks dy in nije fisy jûn op dit tema? Wurkje dyn antwurd út yn 100 wurden.

 

 

 

 

 

 

 

Makke trochCilla Geurtsen

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Janneke Spoelstra De parallaks
Nûmer4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 oere
Wurkfoarmyndividueel
Fokussymbolyk
Learst

om te reflektearjen op de seizoenen wêryn’t De parallaks him ôfspilet.

Opdracht

1: Yn hokker seizoenen spilet De parallaks him ôf? Wêrom soe Janneke Spoelstra foar dy perioaden keazen hawwe? Brûk fyftich wurden foar dyn antwurd.

2: De seizoenen binne ek yn de popmuzyk in hiel wichtich tema. Harkje nei dizze trije popsongs en beskriuw yn tritich wurden per liet wêr’t dit liet oer giet.

https://www.youtube.com/watch?v=W4ga_M5Zdn4 (The byrds – Turn! Turn! Turn!)

https://www.youtube.com/watch?v=qzpPy9hJYA8 (The Zombies – Time of the season)

https://www.elle.com/culture/music/g27076318/best-spring-songs/ (The Beatles - Here comes the sun)

3: De maitiid stiet yn de literatuer faak symboal foar nij libben, nije leafdes. Yn De parallaks binne de leafdes somtiden justjes oan ’e ein kommen. Hie Spoelstra net better kieze kinnen foar de hjerst en de winter? Wêrom soe se dochs foar de seizoenen maitiid en simmer keazen hawwe? Brûk hûndert wurden foar dyn antwurd.

 

 

 

 

 

Makke trochCilla Geurtsen
Boek Janneke Spoelstra De parallaks
Nûmer4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 oere
Wurkfoarmyndividueel
Fokusselsrefleksje
Learst

om te reflektearjen op de betsjutting fan it boek

Opdracht

1: In soad minsken hawwe in saneamde ‘bucketlist’. Skriuw tsiin dingen op dy’tst noch graach dwaan wolst yn dyn libben. (Foarbyld: op fakânsje nei Japan, fleane yn in luchtballon.)

2: ‘En doe hie ik it gefoel dat ik echt libbe’. Miskien hasto dat immen wolris sizzen heard? Beskriuw trije situaasjes wêryn’tst it idee hân hast datsto echt libbest. Dat kin in spannend barren west ha, mar ek in djippe emoasje. Brûk 50 wurden per situaasje.

3: “Ik fûn it ek wol moai om út en troch de wrâld yn, mar ik hie it idee dat ik hjir it libben op ’en djipsten begriep.” (side 71). Dat tinkt Lokke op in dei. Beskriuw yn fyftich wurden wêrom’t Lokke op dat moment it libben begrypt.

4: Begripe de oare twa froulju it libben ek? Beskriuw dyn ideeën dêroer yn hûndert wurden.

5: Moatst altyd de wrâld oerfleane om alles ut it libben te heljen? Of kinst it ek tichter by hûs fine? Reflektearje yn 150 wurden op dy fraach.

 

 

 

 

 

 

Makke trochCilla Geurtsen

Docenteninformatie

Yntroduksje
Janneke Spoelstra waard yn 1962 berne yn Hijum. Spoelstra wurket sûnt 2001 by de Fryske Akademy as redakteur en ûndersiker. Se hat trije dichtbondels publisearre: Goeie is it wachtwurd, Langst fan ‘e dagen en Wy yn ‘e draaimûne. Ek hat se de ferhalebondel In Jikse-libben útbrocht. De parallaks is har earste roman.

Ynhâld
Yn De parallaks folgest in stikje fan it libben fan trije froulju: Wyb dy’t santich wurdt, Lokke dy’t fyftich wurdt en Famk dy’t tritich wurdt. De libbens fan dy froulju, dy’t alletrije harsels as lesbysk identifisearje, kruse elkoar foar in skoftke. It boek spilet him ôf yn in simmerhealjier. De libbens fan de froulju rinne soms mei-inoar op, maar úteinlik folgje se alletrije har eigen wei.

Swierte N3
It perspektyf wikselt en der wurdt net oanjûn yn hokker holle ast sitst. Ek de wat iepen ein kin lestich wêze foar lêzers op N2 en N3. De trije froulju rinne oan ien wei troch te prakkesearjen. Foar lêzers op N2 en begjinnende lêzers op N3 sil dat in útdaging wêze kinne. Yn De parallaks giet it benammen om psychologyske aksje en net om spannende hannelingen of avontueren. Lêzers op N4 sille De parallaks goed folgje en neifertelle kinne. Se kinne de ferhaalline keppelje oan de seizoenen dy’t oant yn detail beskreaun wurde

 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De parallaks is gjin tsjok boek. Wol is it wichtich dat de lêzer
al wat ûnderfining hat mei psychologyske romans: de aksje
sit nammentlik foaral yn de psychology, net yn de hannelingen.

Ynteresses

It boek is geskikt foar lêzers dy’t hâlde fan in boek oer it deistige
libben fan froulju fan ferskate leeftiden. Ek ast fernimme wolst
hoe ferskillend der oer homoseksualiteit tocht wurdt, is dit in
nijsgjirrige roman. Yn it boek spilet de natuer in grutte rol.
Foar lêzers dy’t neat mei de natuer hawwe, sil dit boek in grutte
útdaging wêze.

Algemiene kennis

De algemiene kennis fan learlingen sil tarikkend wêze om dit boek
goed begripe te kinnen. Wol wurde der in protte planten en oare
saken dy’t mei de natuer te krijen hawwe beskreaun. Foar it folgjen
fan it ferhaal is dat lykwols net in beswier.

Spesifike literêre en kulturele kennis

It perspektyf wikselet en der wurdt net oanjûn yn hokker holle ast
as lêzer sitst. At in lêzer gjin ûnderfining hat mei perspektyfwiksels,
dan kin dat dreech en ferfrjemdzjend wêze. Dat sil meast by lêzers
op N2-nivo sa wêze. Ek de wat iepen ein kin dreech te fetsjen wêze
foar lêzers op N2 en N3.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De wurden dy’t Spoelstra brûkt binne net dreech. Op dat mêd
binne gjin problemen te ferwachtsjen foar N2 oant en mei N4.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang en goed te folgjen. It is bysûnder dat
alle sinnen op in nije regel begjinne.

Styl

Koarte sinnen, ynsidinteel dialogen, somtiden wat byldspraak.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn De parallaks giet it benammen om psychologyske aksje. De
trije froulju prakkesearje oan ien wei troch. Foar lêzers op N2 en
begjinnende lêzers op N3 sil dat de útdaging wêze kinne om
troch te lêzen.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. It duorret in healjier: fan
de maitiid oant en mei de hjerst. Der binne in soad flashbacks brûkt.
De opbou is dêrom dochs net ienfâldich.

Ferhaalline(n)

Trije ferhaallinen dy’t inoar somtiden reitsje, mar by eintsjebeslút
geane de trije froulju har eigen wei. Foar lêzers op N2 en ek noch
wol op N3 kin dat yngewikkeld wêze: it boek hat yn dat opsicht gjin
echte plot en gjin sletten ein.

Perspektyf

Ik-perspektyf by Wyb, Ik-perspektyf bij Famk.

Betsjutting

Foar lêzers op N2 giet it boek oer trije froulju dy’t lesbysk binne en
elts dy’t dêr op syn eigen wize mei wraksele hat. Lêzers op N3 sille
besykje de parallellen tusken de froulju te begripen. Foar lêzers op N4
kin it in útdaging wêze de seizoenen oan de ferhaalline te ferbinen.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Der binne trije wichtige karakters yn De parallaks: gjin probleem foar
lêzers op N2 oant en mei N4.

Hoemannichte

De hoemannichte karakters is net in probleem yn dit boek. Foar guon
lêzers op N2 is it dreech om derefter te kommen wa't oan it wurd is.

Untjouwing fan de karakters

Omdat it ferhaal mar in heal jier duorret, is der gjin grutte untjouwing
fan de karakters. Wol is der in grut ferskil tusken de froulju ûnderinoar.
Gjin problemen foar N3 en N4.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-1-de-parallaks-fan-janneke-spoelstra

 Tresoar - Janneke Spoelstra (oer rôze literatuer)

Bespreking van werk van de Friese auteur Janneke Spoelstra (frieseliteratuur.nl)

Resinsje yn de Ljouwerter Krante fan Doeke Sijens: https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?v2=true&id=LC-20190531-ZU07006004&vw=org&lm=parallak

Eigen website fan de skriuwster: http://www.oerset.nl/fr/skriuwerij.html

Ynformaasje oer de skriuwster: Tresoar - Zoeken