Fries | niveau 3 | Wat it is om bang te wêzen

Wat it is om bang te wêzen

Wat it is om bang te wêzen

Schiffart, Sipke de
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2012
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
222
Genre
  • ferhalen
Tags
  • dea
  • eangst
  • ferlegenheid
  • moard
  • morele fragen
  • wraak
  • geweld
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Sipke de Schiffart (1959) is grutbrocht yn in lyts doarp, Longerhou. Hy naam de pleats fan syn heit oer, mar it buorkjen befoel him net. Sûnt er de pleats ferkocht hat, hat De Schiffart alle tiid en romte om him op skriuwen en skilderjen ta te lizzen. It skilderij op de foarkant fan Wat it is om bang te wêzen is syn eigen skilderij, in foarstelling fan Longerhou yn de jierren sechstich. De Schiffart skriuwt al fan syn sechstjinde ôf gedichten. Wat it is om bang te wêzen is syn earste boek.

Inhoud

Wat it is om bang te wêzen is in boek mei tsien ferhalen. De haadpersoanen binne meastentiids boeresoannen dy't har mar krekt steande hâlde kinne yn de wrâld. Se binne bygelyks traumatisearre, freselik ferlegen of se ha in frjemde hobby. Hast altyd dûkt er yn in ferhaal in moaie, mar ûnberikbere frou op. Yn de measte ferhalen komt in fassinaasje foar dea en tsjerkhôven nei foaren. Yn praktysk alle ferhalen wurdt der ien mishannele of giet der ien dea.

Leesaanwijzingen

Ast fan swarte humor en spanning hâldst, dan is dit wat foar dy. Silst fernimme dat de spanning yn de ferhalen dy meinimt. Moatst wol oer skokkende gebeurtenissen kinne. Der sit in soad geweld yn dit boek en de haadpersoanen fan de ferhalen binne frjemde snuters. Oer froulju en famkes wurdt op in seksistyske manier praat en der sitte in soad groffe wurden en flokwurden yn it boek. Nei alle gedachten fynst it geweldich of fynst it niks. Hjir en dêr silst ferwizingen tsjinkomme nei skriuwers, boeken en films. Dêr kinst oerhinne lêze, mar it jout de ferhalen ferdjipping ast sokke ferwizings opsikest.

Om over na te denken

Hoe fielt it om hieltyd bang te wêzen? Meist laitsje om de dea? Is wraak nimme in minskerjocht?

Waardering

'De tsien ferhalen wurde (...) ferteld yn soepele taal en stekke kompositoarysk orizjineel yninoar.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'De Schiffart is (...) tige betûft, it slagget him yn dit boek in pear kear om in perfekt ferhaal te leverjen.'
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

'De Schiffart beskriuwt alle ellinde mei in swartgallige, flymjende humor dy't tagelyk relativearret en ôfstân nimt. In eigensinnich en opfallend debút.'
Sjoerd Bottema yn De Moanne

'It boek is fris, modern, mei sa no en dan in moaie link nei de aktualiteit.'
Ernst Bruinsma

Opmerkingen

De skriuwer hat mei twa ferhalen út dit boek in Rely Jorritsmapriis wûn.




Leestips/meer weten

tresoar.nl, boekprofyl
tresoar.nl, biografyske skets fan de skriuwer

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen

Opdracht

Hjirûnder steane seis stellingen oer it boek. Reagearje op dy stelling troch oan te jaan oftst it der wol of net mei iens bist en lis dyn antwurd út troch foarbylden te brûken út it boek. Doch it sa: 'Ik bin it wol/net iens mei de stelling, want...'. Meist it fansels ek foar in part iens wêze en foar in part net iens.

1. Wat it is om bang te wêzen is in grappich boek.
2. De ferhalen binne realistysk.
3. Oepke hat it oan himsels te tankjen dat er narre wurdt.
4. De ferhalen sette my oan it tinken.
5. De haadpersoanen yn it boek soe ik yn it echt mei in bocht omhinne rinne.
6. Elk minsk hat swarte kantsjes, sa as de haadpersoanen yn de ferhalen.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmfjouwertal (kin ek tegearre)
Fokusmiening
Learst

om dyn miening oer it boek te formulearjen en te beärgumintearjen

Opdracht

1. Elk fan jim skriuwt sels fiif stellingen op oer Wat it is om bang te wêzen. Bygelyks: 'Wat it is om bang te wêzen is in grof boek' of 'Wat it is om bang te wêzen is in grappich boek.'

2. Kies yn oerlis mei jim fjouweren (of twaen) de bêste fiif stellingen út.

3. Kies in foarsitter en in notulist en diskussearje meiinoar oer de stellingen. Kom mei foarbylden út it boek om in miening te ûnderbouwen. De foarsitter soarget dat elkenien oan it wurd komt en hy hâldt de tiid yn de gaten (25 minuten foar de diskusje). De notulist notearret yn stekwurden de mieningen oer de stellingen. As jim yn in twatal wurkje, kinne jim dit punt tegearre besprekke.

As jim klear binne, wiist de dosint ien út jim groep oan dy't yn in koarte presintaasje fan fiif minuten foar de hiele klasse de belangrykste punten fan jim diskusje oanjout.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

1. Op side 162 stiet 'Ik gûlde, der wie dochs gjinien dy't it hearre of sjen koe, ik gûlde fan gelok. Fan dit lân hold ik. Dit wie it lân fan ús heit. Myn heitelân!
Nettsjinsteande alles hold ik fan it libben. Ek sûnder leafde hie ik it leaf.'

Wa is der oan it wurd en oer wat foar lân hat de haadpersoan it?

2.  Lês de lêste sin fan it fragmint nochris. Tinkst dat alle haadpersoanen út De Schiffart syn ferhalen fan it libben hâlde? Underbou dyn antwurd.

3. Under boarne 1 fynst in fraachpetear mei de skriuwer. Dêryn fertelt er oer it skilderij dat op de foarkant fan it boek stiet (by de fraach 'bist op it momint ek mei nij wurk dwaande?'). Wat seit de skriuwer deroer?

4. Fynst it skilderij passen by de ynhâld fan it boek? Lis út.

5. Jou oan watst it bêste ferhaal fynst fan it boek. Lis út wêrom ast dat fynst. Fansels meist dyn favoryt ferlykje mei de oare ferhalen. Brûk minstens twa arguminten.

6. Jou ek oan watst it minste ferhaal fynst en wêrom. Brûk minstens twa arguminten.

Bronnen

Fraachpetear mei de skriuwer troch Hedwig Terpstra, Ensafh 13-03-2013

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op in morele fraach

Opdracht

Dizze opdracht giet oer ferhaal nûmer 10, ‘Leafde nei de dea’.

1. Lês it sitaat hjirûnder, dat út dat ferhaal helle is, en beäntwurdzje dan de fraach.

'Der wie neat mis mei wat er hjoed dien hie. Sa wie de natuer no ienkear: ite en iten wurde, deadzje en deamakke wurde. In minske libbe in beheinde tiid.'
(s. 217)

Dejinge dy't oan it wurd is, is Jelle. Wat hat Jelle dien? Beskriuw koart de situaasje. Doch krekt as leist it út oan ien dy't it ferhaal net lêzen hat.

2. Wêrom fynt Jelle dat der neat mis is mei wat er dien hat?

3. Bist it mei him iens? Lis út wêrom wol of net.

4. Lis út wêrom't Jelle 'pervers' neamd wurde kin. Ast net witst wat dat wurd betsjut, sykje it dan earst op yn in wurdboek.

5. Neam noch twa haadpersoanen út de bondel dy'tst pervers neame kinst. Lis út wêrom.

6. Hjirnei folget in stelling. Jou oan oftst it wol of net mei dy stelling iens bist. Tink dêrnei nei oft de skriuwer it mei dy stelling iens wêze sil of net. Underbou dyn miening troch foarbylden te neamen út it boek. Begjin dyn antwurden sa as hjirûnder oanjûn is.

Stelling: humor en dea kinne net njonken inoar bestean.

Ik bin it wol/net iens mei dizze stelling, omdat ...
De skriuwer is it neffens my wol/net iens mei dizze stelling. Dat tink ik omdat ...

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op it karakter fan personaazjes

Opdracht

Yn in resinsje fan it boek hat Sjoerd Bottema skreaun: 'De haadpersoanen binne abjekt of begrutlik of allebeide.' (De Moanne, sjoch boarne 1).

1. Lis út wat de wurden 'abjekt' en 'begrutlik' betsjutte.

2. Kies minstens ien ferhaal út mei in haadpersoan dy'tst begrutlik fynst. Lis út wêrom oftst dat fynst troch te ferwizen nei it ferhaal.

3. Kies minstens ien ferhaal dêr'tst de haadpersoan abjekt fynst. Lis út wêrom oftst dat fynst troch te ferwizen nei it ferhaal.

4. Kies as lêste minstens ien ferhaal dêr'tst it haadpersonaazje tagelyk abjekt en begrutlik fynst en lis út wêrom't dat sa is.

5. Hoe kin in personaazje tagelyk abjekt en begrutlik wêze?

6. Sjoerd Bottema seit yn deselde resinsje dat de personaazjes fan De Schiffart misantropysk binne. Sykje út wat dat is. Bist it mei Sjoerd Bottema iens? Lis út wêrom.

7. Lês it fragmint hjirûnder (s. 177):

'Myn hiele libben wize se my al ôf, dy tsjeppe froulju. Altiten joegen se de foarkar oan in oar. Of noch slimmer: oan oaren. As wie it krekt sa fanselssprekkend as ite en drinke of nei it húske gean.'

Men soe yn neifolging fan Sjoerd Bottema ek sizze kinne dat de personaazjes fan De Schiffart 'misogyn' binne.
a. Jou op basis fan it fragmint hjirboppe oan wat neffens dy mei misogyn bedoeld wurdt
b. Sykje út op ynternet oft de betsjutting dy’tst ôflieden hiest yn oarder is.
c. Fynst dat de personaazjes fan De Schiffart earder misogyn as misantropysk binne of net? Lis út.

Bronnen

Sjoerd Bottema, 'Eigensinnich en opfallend debút', De Moanne 2013, nûmer 1, s. 42-43

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de ynhâld oan de hân fan in ferneamde skriuwer

Opdracht

Kwa styl litte de ferhalen fan Sipke de Schiffart jin tinke oan in bekende dichter út de Nederlânske literatuer: Piet Paaltjens, pseudonym fan François HaverSchmidt. Syn bekendste dichtbondel is Snikken en Grimlachjes (1867).

1
Sykje yn it wurdboek op wat een 'grimlach' is en lis de tsjinstelling yn de titel út.

2
Fan de poëzij fan Piet Paaltjens wurdt wol sein dat dy betiizjend is. Oan de iene kant binne syn gedichten nammentlik hiel gefoelich en oan de oare kant hat er de gek mei dy gefoelichheid. Sjoch bygelyks it gedicht hjirûnder:


AAN RIKA

Slechts éénmaal heb ik u gezien. Gij waart
Gezeten in een sneltrein, die de trein
Waar ik mee reed, passeerde in volle vaart.
De kennismaking kon niet korter zijn.

En toch, zij duurde lang genoeg om mij,
Het eindloos levenspad met fletse lach
Te doen vervolgen. Ach! geen enkel blij
Glimlachje liet ik meer, sinds ik u zag.

Waarom hebt gij van dat blonde haar,
Daar de englen aan te kennen zijn? En dan,
Waarom blauwe ogen, wonderdiep en klaar?
Gij wist toch, dat ik daar niet tegen kan!

En waarom mij dan zo voorbijgesneld,
En niet, als 't weerlicht, 't rijtuig opgerukt,
En om mijn hals uw armen vastgekneld,
En op mijn mond uw lippen vastgedrukt?

Gij vreesdet mooglijk voor een spoorwegramp?
Maar, Rika, wat kon zaalger voor mij zijn,
Dan, onder hels geratel en gestamp,
Met u verplet te worden door één trein?


Dat it krekt liket as hat de ik-persoan de gek mei syn eigen gefoelens, komt troch it stylmiddel fan de oerdriuwing.
Lis dat út troch mei ferwizingen nei it gedicht.


3
Wat fynst fan de kombinaasje fan humor en fertriet yn ien tekst?

4
Sjochst dy kombinaasje ek werom yn de ferhalen fan De Schiffart? Gean yn op dy fraach troch foarbylden te neamen út it boek.
Tip: brûk ferhaal nûmer 1 of 2.
Skriuw in reaksje fan minstens 300 wurden.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushumor
Learst

om nei te tinken oer de ferskillende foarmen fan humor

Opdracht

In skriuwer kin op ferskillende manieren soargje foar humor yn in boek. Oftst it as lêzer ek echt humoristysk fynst, is fansels de fraach. In stylmiddel dat faak brûkt wurdt om humor te berikken, is de hyperboal, ek wol: oerdriuwing. In oar middel is de wurdgrap of it understatement. Ast net mear witst wat dy wurden betsjutte, sjoch dan ûnder by literêre teory.

1. Wat foar stylmiddel brûkt de skriuwer yn it sitaat hjirûnder? Lis de humor út.

'Unwillekeurich moast er even laitsje: eartiids, as er har skille, sei se gauris, as it petear har te lang duorre: 'Ik ga je ophangen, Jelle!' om dêrnei op te neamen wat se dy jûn noch allegear dwaan moast. En no wie it presiis oarsom. Foar de feroaring hie er har ris ophongen.' (s. 216)

2. Lês no it folgjende sitaat. Fan wat foar stylmiddel makket de skriuwer hjir gebrûk?

'Jierren lyn wie de mem fan in freon stoarn. Har bern hiene der foar keazen om mem yn stilte te begraven; dat hie ek de winsk fan dy frou sels west. Mar Auke hie der gjin begryp foar hân en hie de freonskip opsein. (...) Dy freon hie him in begraffenis troch de noas boarre. En dat wie net te ferjaan. It wie it slimste wat ien him oandwaan koe. Ferdomme, wat hie er kûgelsk west!' (s. 55)

3. Hjirûnder stiet in tredde sitaat. Lês it en beäntwurdzje dan de folgjende fragen. Wêrom soenen de measte minsken it bitter fine as skoansuster en buorfrou koart neiinoar stoaren? Wêrom fynt de haadpersoan it bitter?

'De bitterste ûnderfining fan de lêste jierren wie dat in skoansuster fan him en in buorfrou ien dei nei inoar stoaren en dat se tafallich beide op deselde dei en deselde oere begroeven waarden.' (s. 55)

4. Lês no de tekst ûnder boarne 1. Lis dêrnei út wêrom’tst sizze kinst dat yn dit boek sprake is fan swarte humor.

5. In resensint (Doeke Sijens) hat oer it boek sein: 'In pear kear liket it him allinnich mar om it skokeffekt te gean.' Bist it mei de resensint iens? Lis dyn antwurd út.

6. Op Wikipedy stiet oer swarte humor dat de reaksje fan it publyk op swarte humor net altyd yn te skatten is, omdat elk yndividu oare morele en etyske grinzen hat. Hoe sit dat by dy? Kinst der om laitsje of giet de skriuwer dy te fier? Lis dyn antwurd út mei foarbylden út it boek.

Literaire theorie

By in understatement wurde hiele swiere, grutte saken folle lichter ôfskildere as dat se binne. Dat hat faak in humoristysk effekt. In foarbyld is prate fan 'in skyteintsje' as it giet om in hiele lange ôfstân.
In tsjinoerstelde dêrfan is in hyperboal: oerdriuwing. In foarbyld is 'it hat ieuwen duorre', as eat lang duorret.
By in wurdgrap wurdt boarte mei de dûbele betsjutting fan in wurd. Op ynternet kinst in soad foarbylden fine.

Bronnen

Wikipedy, Swarte humor

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Sipke de Schiffart (1959) is grutbrocht yn in lyts doarp, Longerhou. Hy naam de pleats fan syn heit oer, mar it buorkjen befoel him net. Sûnt er de pleats ferkocht hat, hat De Schiffart alle tiid en romte om him op skriuwen en skilderjen te rjochtsjen. It skilderij op de foarkant fan Wat it is om bang te wêzen is makke troch himsels. It is in foarstelling fan Longerhou yn de jierren sechstich. De Schiffart skriuwt al fan syn sechstjinde ôf gedichten. Wat it is om bang te wêzen is syn earste boekpublikaasje. Foar twa fan de tsien ferhalen yn de bondel hat er de Rely Jorritsmapriis krigen.

Ynhâld

Wat it is om bang te wêzen is in boek mei tsien ferhalen. De haadpersoanen binne meastentiids boeresoannen dy't har mar krekt steande hâlde kinne yn de wrâld. Se binne bygelyks traumatisearre, freselik ferlegen of se ha in frjemde hobby. Hast altyd dûkt der yn in ferhaal in moaie, mar ûnberikbere frou op. Yn de measte ferhalen komt in fassinaasje foar dea en tsjerkhôven nei foaren. Yn praktysk alle ferhalen wurdt ien mishannele of giet ien dea.

Swierte

Kwa taalgebrûk en skriuwstyl is dit boek oantreklik foar learlingen. De ferhalen sille de learlingen gau gripe troch de goede spanningsopbou dy't der yn sit. It lestichste oan de ferhalen is it neikommen fan it gedrach fan de haadpersoanen yn de ferhalen. Dy dogge dingen dy't de measte minsken moreel sjoen net goed fine soenen. De skriuwer beljochtet de minder moaie kanten dy't elk minsk hat. De ferhalen komme je dêrtroch ticht op 'e hûd: in learling moat dêroer kenne. De ferwachting is dat in learling it óf geweldich fynt, of hielendal niks. De personaazjes binne bytiden rûch yn 'e bek: learlingen dy't dêr net fan hâlde, kinne better net oan dit boek begjinne.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om te begjinnen oan ferhalen dy't geane oer personaazjes dêr't er himsels net yn werkenne kin. Foar N3- en N4-lêzers sil dat gjin probleem wêze, mar in N2-lêzer kin dat dreech fine. 

Ynteresses

Der is gjin spesifike ynteresse fereaske.

Algemiene kennis

Der is net in soad algemiene kennis fereaske om dit boek begripe te kinnen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net fereaske. Der sitte lykwols aardich wat ferwizingen yn nei boeken, skriuwers en films, dy't de ynhâld fan de ferhalen ferdjipping jouwe. It boek is lykwols ek te lêzen sûnder dy ferwizings te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Hoewol't it boek priizge wurdt om syn 'modern Frysk', steane der ek gâns boeketaalwurden yn, sa as 'lofts', 'skilje' en 'abbekaat'.

Sinskonstruksjes

Wat langere sinnen en koarte sinnen wikselje inoar ôf. De sinskonstruksjes smite gjin moeilikheden op.

Styl

De styl is iroanysk en swartgallich. De Schiffart makket in soad gebrûk fan oerdriuwing, wat in humoristysk effekt ha kin. Foar in N2-learling kin it dreech wêze om de irony te herkennen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn de ferhalen en de gebeurtenissen binne faak heftich en dramatysk. De opbou dêrhinne kin lykwols frij lang wêze. Foar N2-lêzers kin dat beskriuwende lestich wêze. It ferhaal oer in politike diskusje (ferhaal 6) sil foar dizze lêzers dreech wêze.

Gronology

De gronology yn de ferhalen smyt gjin problemen op.

Ferhaalline(n)

Der is yn alle ferhalen mar ien ferhaalline, dus ek hjir gjin problemen.

Perspektyf

Der wurde ferskillende perspektiven brûkt, mar dy binne net yngewikkeld en it is hieltyd dúdlik wa't der oan it wurd is.

Betsjutting

In N2-lêzer lêst dit boek as in bondel dramatyske ferhalen mei in soad heftige gebeurtenissen en geweld. In N3-lêzer sil troch dit boek oan it tinken set wurde oer psychologyske en morele fraachstikken. In N4-lêzer kin him fêstbite yn de ferteltechnyk en de toan fan De Schiffart.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It kin benammen foar de N2-lêzer dreech wêze om mei de haadpersonaazjes mei te fielen, omdat dy fier fan syn eigen libben ôfsteane en ûnfoarsisber hannelje. Foar in N3- en N4-lêzers sil it minder in probleem wêze dat se har net identifisearje kinne mei de haadpersoanen.

Oantal karakters

It oantal karakters is goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

It sil foar learlingen net altyd maklik wêze om it gedrach fan de haadpersoanen nei te kommen. Dy gedrage har faak ûnfoarsisber en ymmoreel.  

Relevante  boarnen foar dosinten

tresoar.nl, boekprofyl en biografyske skets skriuwer
Hedwig Terpstra, fraachpetear Ensafh 13-03-2013