Fries | niveau 4 | De oerwinning fan Bjinse Houtsma

De oerwinning fan Bjinse Houtsma

De oerwinning fan Bjinse Houtsma

Wadman, Anne
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1962 [3de pr. 2014]
Uitgeverij
A.J. Osinga
Plaats
Boalsert
Aantal pagina's
174
Genre
  • ideeëroman
  • psychologyske roman
Tags
  • doarpslibben
  • jierren '50
  • sjongkoar
  • ûntrou
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Anne Wadman (1919-1997) wie learaar Nederlânsk, earst yn Snits en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert, de foarrinder fan NHL Stenden Hegeskoalle. Al yn syn jongfeintetiid wie er dwaande mei skriuwen; de driuw dêrta soe er syn libben lang hâlde. Hy skreau hiel wat romans en wie jierrenlang kritikus foar kranten en tydskriften. Syn bekendste boek is De smearlappen út 1963, dêr't gâns opskuor om ûntstie omdat er seksualiteit net yn in tradisjoneel kader pleatste. Alle jierren troch wie de muzyk syn passy, sawol klas­syk as jazz.
Wadman is de skriuwer fan it minsklik tekoart. Syn haadpersonaazje is gauris in (manlike, yntellektuele) antyheld dy't altyd twivelet en der net ta komt trefseker te hanneljen en krekt dêrtroch skuld op him laadt. Dêr tsjinoer steane fitalere en minder prakkesearderich ynstelde mins­ken. Syn wurk falt op troch in heldere styl fan skriuwen mei in iroanyske ynslach. De oerwinning fan Bjinse Houtsma ferskynde yn 1962 en waard troch de kritisy útienrinnend beoardiele. Yn 1984 kaam der in twadde, bywurke printing.

Inhoud

Trou bliuwe oan syn eigen frou Wypkje of it avontoer oangean mei in oare, spannende frou? Dat is it dilemma fan Hindrik Visser, haadûnderwizer fan it doarp en dirigint fan it sjong­koar. As de jonge Lutske Westra, 'in frou mei in Mercedes en in ferline', by it koar komt, rekket er hielendal fan har yn 'e besnijing. Hy wol spesjaal foar har in muzyksolo skriuwe en wurdt hyltyd mear fereale. In oare doarpsgenoat, de wat âldere amateurtoanielspiler en frije fûgel Bjinse Houtsma, hat ek in eachje op Lutske. Sy wiist him ôf fanwegen Hindrik. Dy moat dan kieze. It liket derop dat Hindrik der sûnder kleanskuorren ôfkomt, mar is dat ek sa?

Leesaanwijzingen

It boek is yn koarte haadstikjes opdield, dat makket it trochlêzen makliker. De skriuwer hat sa'n tritich siden nedich om de personaazjes en achtergrûnen del te setten, dan begjint de gong deryn te kommen. It ferhaal spilet yn in no foarbye tiid (doe't iderien noch oan in ketting luts om de wc troch te spielen en de radio it wichtichste medium wie) mar dat hoecht de lêswille net te bedjerren. Itselde jildt foar de nammen fan komponisten dy't Wadman neamt.

Om over na te denken

Hoe trou moat ien wêze as er in relaasje hat? Wat soesto dwaan ast ferkearing hiest en fûnst út dat dyn freon of freondin eins leaver mei in oar gie? Hoe belangryk kin muzyk wêze foar minsken? Wat moatte je dwaan as je net genôch talint ha om te berikken wat je wolle?

Waardering

'Masterlik is beskreaun hoe't yn 'e ferhâlding man/frou it egoïstyske seksduveltsje as in slange tusken alle reedlike arguminten trochkrûpt...'
         Steven de Jong yn Ta in hichte

'... dizze werprinting [yn de nije stavering] is in goed middel om Anne Wadman as Fryske romanskriuwer bekend te meitsjen by in jonger lêspublyk.'
         Tiny Mulder yn it Frysk Deiblêd

Opmerkingen

It boek waard yn 2014 op 'en nij útjûn. De tekst stiet yntegraal op de DBNL.




Leestips/meer weten

Oer Anne Wadman kinst mear lêze op tresoar.nl. Dêr stiet ek in profyl fan de roman mei in oantal resinsjes.
It boek Ta in hichte, of de balke yn eigen each fan Steven de Jong út 2007 jout in protte ynformaasje oer it literêre wurk fan Anne Wadman.

Samengesteld door

Teake Oppewal

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusplot
Learst

om it plot te analysearjen

Opdracht

Op side 123 is it sneintejûn. Hindrik hat spul mei syn skoanheit en Wypkje leit siik op bêd. Nei it brea-iten giet er it hûs út. 'De jongfeint, de puber, de adolesint waard yn him wekker, de plattelânse seden lieten har nochris jilde: der foel fan alles te belibjen as je de frijheid keazen of krige hiene!'

1.
Stel dy foar, do sitst mei dyn famylje jûns om 'e tafel te iten. Hast krekt De oerwinning fan Bjinse Houtsma útlêzen en it ferhaal gûnzet dy noch yn de holle om. Wolst oan de oaren fertelle hoe't it ferhaal ôfrint. Skriuw op watsto tsjin dy oaren sizze soest; begjin by de situaasje op side 123. Beneam ek it tiidsferrin (dei fan de wike, moarns, middeis, jûns). Brûk minimaal 200 wurden.

2.
Op side 132 seit Lutske tsjin Hindrik dat se fan him hâldt en se freget him har net yn de steek te litten. Hoe wurket dat út op Hindrik? Sjoch de siden 134 en 135.

3. 
Wêrom fertelt Hindrik op side 139 oan de trije manlju fan de âlderkommisje dat Lutske har ferlove sil mei Bjinse? Lit er neffens dy Lutske no yn de steek of net? Motivearje dyn antwurd.

4.
Op siden 149 en 150 spilet in knoop in wichtige rol. Lis út wat de rol fan dy knoop is yn it ferhaal. Fertel ek wat 'Alexander' en 'Gordias' mei dy knoop te meitsjen ha (sjoch boarnen).

5.
Fynst it ferrin fan it ferhaal ferrassend? Jou yn sawat 300 wurden dyn miening oer it ferrin fan it plot nei side 123.

Bronnen

Gordiaanse knoop, Wikipedia
Aleksander de Grutte, Wikipedy

Makke trochTeake Oppewal
Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om in miening te jaan oer de personaazjes

Opdracht

1.
Hindrik Visser wurdt ferlyfd ('fereale') op ien oars wylst er in relaasje hat. Neam in film of in boek dêr't dy tematyk ek yn spilet. Ast it yn yn omjouwing of miskien sels meimakke hast, meist dat ek neame. Hoe rûn dat ôf? Kaam elk der 'sûnder kleanskuorren' ôf of brieken de relaasjes tusken dy minsken ôf?

2.
Fertel yn heechút hûndert wurden hoe'tsto Hindrik Visser typearje soest. Neam minstens trije kwalifikaasjes. Kinst tinke oan de folgjende, mar meist ek noch oare brûke:
minsklik - gefoelich - lef - ûnnoazel - trou - opportunistysk - artistyk - frustrearre - begrutlik - dom - ambisjeus - wifkjend - skynhillich - slop - earlik - hufterich - lytsboargerlik - muzikaal.
Jou op syn minst ien foarbyld per kwalifikaasje (mei sidenûmer) om dyn miening te stypjen.

3.
Op side 11 stiet it haadstik 'In frou fan kwizekwânsje' en op side 142 it haadstik 'Noch ien fan kwizekwânsje'. It earste slacht op Lutske Westra, it twadde op Wypkje Himpenius.
a. Wat is de betsjutting fan de útdrukking 'ien fan kwizekwânsje' ?
b. Yn de eagen fan Hindrik binne sawol Lutske as Wypkje froulju fan kwizekwânsje. Wat is fan elke frou de eigenskip dy't makket dat Hindrik har sa neamt?
c. Wa fan de beide froulju yn de roman sprekt dy it meast oan, Lutske of Wypkje? Lis út wêrom.

Makke trochTeake Oppewal

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan it boek

Opdracht

1. Hjirûnder steane fiif sitaten oer it haadpersonaazje Hindrik Visser dy't yn de tekst foarkomme. Tusken kante heakken stiet oanjûn wa't oan it wurd is, wa't it tinkt of oer wa't it giet. Kies twa fan de fiif út dy't yn dyn eagen it bêste fan tapassing binne op it personaazje Hindrik Visser sa'tsto him út de roman kennen leard hast. Motivearje dyn antwurd.

side 93
[Lutske]  - Do bist te goed foar ûntrou
[Hindrik] - Tankje. Te trou foar ûntrou, soe ik leaver sizze.

side 107
[Hindrik]  Hy soe sjen litte dat er nét foarsichtich wie. Nét in lytse, bange, benypte boargerman.

side 112/113
[Hindrik]  It sit him yn 'e muzyk. Dêr sit alles op fêst. It is my no dúdlik wurden, mei en troch dy kantate. Ik hie yn 'e muzyk moatten.

side 116
[Hindrik]  Mar hy hie op it beslissende stuit dy earlikheid net oandoarst. En wêrom net? Gewoan út meilijen, om't er har [Wypkje] sparje woe. Om't er te folle fan har hâlde om har sa'n soad fertriet te dwaan.

side 150
[Hindrik]  Hy befielde de knoop en tocht dat er in leffert wie as er fierder gyng, en dat er in noch grutter leffert wie as er werom gie. Leffert of grutte leffert? Hy draaide him om en kroaske op hûs oan.


2. Wêr slacht it wurd 'oerwinning' op yn de titel? Lês eventueel noch in kear s. 144 'Hy noaske it fakatuerebledsje troch'  oant s. 145  '... doe't ûnder de telefoan gyng.'


3. Skriuwer en kritikus Trinus Riemersma (1938-2011) skreau yn 1962: 'Hindrik Visser hat "neat leard", hy is net feroare, it libben giet syn gong en wat bard is, hie likegoed net barre kinnen.'
Jou dyn miening oer dy útspraak en belûk yn dyn antwurd de twa lêste sinnen fan it boek.

Makke trochTeake Oppewal
Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotiven
Learst

om nei te tinken oer de motiven yn it boek

Opdracht

1.
Lês yn dyn eigen learboek fan Nederlânsk of yn de boarnen wat in motyf is yn in literêre tekst.

2.
Yn De oerwinning fan Bjinse Houtsma komme allerhanne motiven foar. Ien groepke motiven binne de wurden dy't te meitsjen ha mei ferfiermiddels.

Lês de fjouwer sitaten hjirûnder en beantwurdzje dan de fraach fan de opdracht.

   side 21
Mar tsjinstridige gefoelens besprongen him doe't er dochs noch in glim fan har opheinde - út 'e grutte wynreade Mercedes fan har heit, krekt doe't se dy de homeie ynkrieme soe en him foargean litte moast. [...] Mar tagelyk wie yn him it besinnen, dat dit gjin partuer wie, hy op syn âld fyts, sij yn dy mânske, manlike wein.

   side 33
Busproleet en Mercedesdochter

   side 49
Lutske wie op 'e fyts. De Mercedes siet yn Brussel, fertelde se. By de E.G.
- Dan binne no ús sosjale ferskillen weinommen.
- Och, do..., sei se, en joech him in stompke tusken de ribben [...].

   side 94
En by it stasjon naam er braaf de bus, op it nipperke, mar it koe krekt. De bus dêr't er oars ek altyd mei thús kaam. [...]
Mar bitter wie it ek, as er om Lutske tocht, dy't allinne yn har folkswein deselde wiete wegen lâns ried, [...]

Opdracht: Lis út wat de skriuwer neffens dy mei de motiven yn de boppeneame sitaten opropt oer Lutske, oer Hindrik en oer har ûnderlinge ferhâlding.


3.
In oare groep fan motiven yn it boek komt út de wrâld fan de muzyk. Lês de ûndersteande oanhalen en beäntwurdzje dan wer de opdrachtfraach.

   side 34
Letter begûn se oer de kantate. Wêrom't er dy fan de wurklist ôfdien hie. It wie oars dochs in knap stik wurk neffens har dom ferstân.
Hy seach fansiden. Wie dit har tinken?
- Ien dy't soks skriuwe kin, hoecht himsels net oan in auto of in rydbewiis omheech te lûken, sei se noch.

   side 49
Lutske wie op 'e fyts. De Mercedes siet yn Brussel, fertelde se. By de E.G.[...] Se rûnen it paad út.
- Ik woe datst ris ophâldest dysels sa leech te lizzen, sei se. Dat past dy net. Komponist (pleagerich). Do hast tsienkear sa folle yn dyn marse as ik (earnstich).

Opdracht: Lis út hoe't de muzyk-motiven in oare tsjinstelling sjen litte tusken Hindrik en Lutske as de motiven op it mêd fan ferfier.

Bronnen

'Motief' op Wikipedia
Basisboek Literatuur, Joke van Balen e.a., Grins 2009, s. 113-114.

Makke trochTeake Oppewal
Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel of yn twatal
Fokustekst
Learst

om op detailnivo de betsjutting fan de tekst nei te gean

Opdracht

A
De tekst fan in roman foarmet in gearhingjend gehiel. Sinnen passe yn in kontekst en de betsjutting dêrfan kinne je meastal ek allinne mar út de kontekst wei begripe. Dêr geane de folgjende fragen oer.

1. Lês de earste twa haadstikken noch in kear.
Ferklearje de beide haadstiktitels.

2. Lis mei eigen wurden út wat de folgjende sinnen betsjutte of wêr't se op slane.
a. Teory wie dit allegearre en dus frijbliuwend en jins tinzen wie men sels baas oer. (s. 11)
b. Sokken ek noch te tantsjen, dêr koe men ienfâldich net oan begjinne. (s. 11)
c. Lang wie se net boppe mjitte en dochs like it sa. (s. 13)
d. Orkaan Lucia yn oantocht oer de Karaïbise See. (s. 14)
d. It fleske wie noch net foar it treddepart leech. (s. 14).

3. De folchoarder fan de wurden yn de sin by 2c is net wat je yn in neutrale sin ferwachtsje soene. Hoe soene je de sin by 2c op in mear neutrale wize sizze? Wat is it effekt fan de sinsfolchoarder dy't Wadman hjir brûkt?


B
Yn de tekst sitte ek in protte ferwizingen nei de eigen tiid (it boek is fan 1962) en de desennia dêrfoar, nei oare literatuer en nei muzyk. Je kinne dy út de kontekst wei wol ûngefear begripe, mar der kinne jin ek maklik saken fan ûntkomme. Mei help fan ynternet is it net dreech om dêr wat mear oer út te sykjen.

4. Lis út wa of wat de skriuwer bedoelt mei:
a. dy't alle hearlikheden fan it Heechliet yn har feriene (s. 8)
b. de âlde dingen fan Onan (s. 9)
c. Bibels en Heidelberchs fundearre wie soks dan by him wol net (s. 9)
d. a.j.c.-ideälisme (s. 9)
e. dat flodderguod fan it Leidseplein (s. 9)
f. crooned (s. 11)
g. Palestrina (s. 11)

5. Op side 11 neamt de skriuwer nei Palestrina noch twa nammen, mei dêrby ek 'Bonkema'. Wêrom neamt de skriuwer dêr de namme 'Bonkema'?

Makke trochTeake Oppewal

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

wat it ferskaat wie yn resepsje fan dizze roman fan Wadman

Opdracht

Oer De oerwinning fan Bjinse Houtsma waarden in protte kritiken skreaun, sawol loovjende as negative. By it boekprofyl ûnderoan op tresoar.nl kinst in hiele rige fine (sjoch boarne). Yn dizze opdracht fergelikest fjouwer fan dy resinsjes.

1. Lês de resinsjes fan de ûndersteande besprekkers en jou by elke resinsje in belangryk pluspunt en kritykpunt oan dat de besprekker nei foaren bringt.
NB De Nederlânsktalige resinsje kaam út yn 1965 nei it ferskinen fan De overwinning van Bjinse Houtsma, de oersetting yn it Nederlânsk. Wadman wie doe al in bekend skriuwer, omdat syn roman De smearlappen (1963) in protte opskuor jûn hie en al earder yn it Nederlânsk fertaald wie.

Geart Jonkman (1962)
Trinus Riemersma (1962)
B. Roest Crollius (1965)
Steven H.P. de Jong (2007)


2. Set de fjouwer resinsjes op folchoarder fan loovjend nei negatyf, en motivearje dyn kar.


3. Wadman fûn om 1960 hinne dat yn Fryslân literatuer meastal noch neffens morele mjitstêven beoardiele waard. As in literêre tekst net strykte mei de moraal en mei de goede seden, dan wie it in minne tekst, of, op syn minst, in tekst dy't je de lêzers net foarsette moasten.
Wurde yn de resinsjes fan Jonkman en Riemersma ek morele oardielen oer De oerwinning fan Bjinse Houtsma brûkt of net? Lis út.


4. Anne Wadman (1919-1997) en Trinus Riemersma (1938-2011) hearre by de grutste Fryske skriuwers fan nei 1945. Doe't Riemersma syn krityk op 'Bjinse' yn augustus 1962 ferskynde, wie er 24 jier en noch mar amper as skriuwer bekend, it wie syn earste literêre krityk; Wadman wie 42 jier en al in respektearre auteur en kritikus. Yn de krityk fan Riemersma falt de spotske toan op dy't er letter yn syn polemiken ek sa goed hantearje koe. Riemersma hat ien hiel grut beswier tsjin it boek (nêst oare), dat ek ta útdrukking komt yn de titel 'Striepop fan it Wadmanisme'.

Lis út wat Riemersma bedoelt mei de titel fan syn krityk.

Bronnen

Resinsjes by it boekprofyl op tresoar.nl

Makke trochTeake Oppewal
Boek Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusauteur
Learst

wat de betsjutting is fan Anne Wadman yn de Fryske literatuer

Opdracht

It belang fan Anne Wadman yn de Fryske literatuer wurdt oer it algemien grut neamd.
Dêr binne ferskillende redenen foar oan te wizen.

1. Lês de fjouwer stikken oer Wadman dy't by de boarnen neamd wurde.

2.  Hjirûnder steane tsien bewearingen oer it grutte belang fan Wadman yn de Fryske literatuer. Fjouwer dêrfan binne net wier, de oare seis binne wol (min ofte mear) wier. Jou oan hokker wier binne en fertel dêrby yn hokker fan de boarnen dat neamd wurdt.

1. Wadman hat (yn Fryske ferhâldingen) in bestseller skreaun.
2. Wadman hat in ynfloedrike biografy skreaun fan de Nederlânske skriuwer Simon Vestdijk.
3. Wadman wie nei syn eigen miening in belangrike Fryske dichter.
4. Wadman syn boeken (benammen De smearlappen yn 1963) rôpen in protte diskusje op en droegen derta by om de Fryske literatuer te fernijen. Sa kamen de lêzers los fan de agraryske en idyllyske setting fan de tradisjonele 'boereroman'.
5. Wadman wie in skerp literêr kritikus dy't easke dat Fryske literatuer oan it 'Europeesk peil' foldwaan soe.
6. Wadman wie troud mei in wichtige Fryske skriuwster
7. Wadman wie de earste yn de Fryske literatuer dy't folle eksplisiter oer seks skreau as yn syn tiid yn Fryske romans gebrûklik wie.
8. Wadman hat in hiel grut oeuvre skreaun op allerhanne literêr mêd. Syn romans en syn kritiken binne dêr it wichtichst yn.
9. Wadman wie in goede skriuwer dy't psychologyske romans skreau mei meastal wifkjende anty-helden yn de haadrol. Syn styl is iroanysk en wat ôfstanlik en syn boeken binne knap opboud.
10. Wadman wie learaar Ingelsk en in joviale man. Hy hat hiel wat jongere Fryske skriuwers op gleed holpen.

Literatuurgeschiedenis

De wichtichste literêre priis yn Fryslân is de Gysbert Japicxpriis. Yn 2013 waard er foar de 33ste kear útrikt. Trije auteurs krigen de priis twa kear, Anne Wadman is dêr ien fan.
Yn 1952 krige er de priis foar syn bondel mei kritiken Kritysk konfoai en yn 1989 foar al syn Frysktalige romans, yn it bysûnder In bolle yn 'e reak en De frou yn 'e flesse.

Mear oer de Gysbert Japicxpriis op tresoar.nl

Bronnen

[1] Anne Wadman, biografyske skets op tresoar.nl
[2] Joke Corporaal, Grimmig eerlijk, 2009, side 393.
[3] Babs Gezelle Meerburg oer Wadman yn Zolang de wind van de wolken waait, Haadstik 6, s. 160-162. NB De link iepenet by it begjin fan it haadstik op side 130 fan it boek. Moatst sels de oanbelangjende siden binnen it haadstik opsykje.
[4] Jabik Veenbaas oer Wadman yn Zolang de wind van de wolken waait, Haadstik 8, s. 228-230. Haadstik 8 begjint op side 218.

Makke trochTeake Oppewal

Docenteninformatie

Yntroduksje

Anne Wadman (1919-1997) wie learaar Nederlânsk, earst yn Snits en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert, de foarrinder fan NHL Stenden Hegeskoalle. Al yn syn jongfeintetiid wie er dwaande mei skriuwen; de driuw dêrta soe er syn libben lang hâlde. Hy skreau in grut oeuvre en wie jierrenlang kritikus foar kranten en tydskriften. Syn bekendste boek is De smearlappen út 1963, dêr't gâns opskuor om ûntstie. De muzyk wie syn passy, sawol klas­syk as jazz.
Wadman is de skriuwer fan it minsklik tekoart. Syn haadpersonaazje is gauris in (manlike, yntellektuele) antyheld dy't altyd twivelet en der net ta komt trefseker te hanneljen en krekt dêrtroch skuld op him laadt. Dêr tsjinoer steane fitalere en minder prakkesearderich ynstelde mins­ken. Syn wurk falt op troch in heldere styl fan skriuwen mei in iroanyske ynslach. De oerwinning fan Bjinse Houtsma ferskynde yn 1962 en krige in útienrinnende en nijsgjirrige resepsje. Wad­man sette it yn 1965 sels oer yn it Nederlânsk en bewurke it. Dy bewurking wie wer de basis foar de twadde Fryske printinge fan 1984. De skriuwer naam yn de nije ferzy mear ôfstân ta syn haadpersoan; de opbou fan it ferhaal bleau gelyk.

Ynhâld

Hindrik Visser is de muzikale haadûnderwizer fan it doarp en dirigint fan it sjong­koar. Hy hat wol wat ambysjes en folget de learare-oplieding Dútsk. As de jonge en rike boeredochter Lutske Westra, 'in frou mei in Mercedes en in ferline', by it koar komt, rekket hy hielendal fan har yn 'e besnijing. Hindrik sjocht syn frou Wypkje as in sloofke oan wa't er tsjin ham en gram trou bliuwe wol. Hy pakt om mei skuldgefoel. Troch sels in muzyksolo foar Lutske te komponearjen hopet Hindrik har op akseptabele wize syn leafde te bewizen. As se dochs in ferhâlding begjinne, rekket Hindrik noch mear yn de tiis mei himsels, mei Lutske, mei Wypkje en mei de minsken yn it doarp. In oare doarpsgenoat, de net mear sa jonge amateurtoanielspiler en frije fûgel Bjinse Houtsma stiket ek om Lutske. Sy wiist him ôf fanwegen Hindrik. Hindrik moat kieze. It liket dat er der sûnder kleanskuorren ôfkomt, mar is dat ek sa?

Swierte

It boek is opboud út betreklik koarte haadstikken, elk mei in eigen titel. Sa wurdt de lêsstof oanbean yn hapkleare brokken, wat it (troch)lêzen makliker makket. Yn it earste haadstik wurdt it haadpersonaazje Hindrik Visser skerp delset en is gau dúdlik wêr't it yn it boek om giet. Foar N3-lêzers kin de gearfetsjende styl sûnder in protte aksje fan de earste seis haadstikken dreech oerkomme. Haadstik 3, 'Yn 'e fuotleasten fan Buxtehude', giet nochal sterk yn op de wrâld fan de klassike koarmuzyk dêr't Hindrik him yn beweecht. Dat kin foar net-ynwijden ferfeelsum oerkomme. Pas op side 33 steane alle stikken op it boerd en kin de aksje begjinne. N3-lêzers dy't hjir oan ta komme, sille dêrnei genôch yn it ferhaal meinommen wurde en boeid troch de morele problematyk dy't it boek sketst. Foar N4-lêzers kin it boek net dreech wêze. Sy sille nêst it ferrin fan it ferhaal ek each ha foar de ynderlike striid fan Hindrik, har ynlibje yn de dilemma's dêr't er yn fersylt en de irony fan de auteur wurdearje kinne. De nochal ûnoannimlike ôfrin fan it ferhaal kin krityske fragen oproppe. N5-lêzers kinne der in útdaging yn sjen troch dit tagonklike boek in byld te krijen fan de skriuwer Wadman en de tiid dêr't it boek yn spilet.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om de tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek is mei sa'n 150 siden oantreklik foar N3-lêzers. Wa't daliks aksje wol, moat wol in ekstra ynspanning leverje om troch de earste beskriuwende haadstikken te kommen.

Ynteresses

It ferskynsel dat ien dy't in relaasje hat fereale wurdt op in treddenien is werkenber foar elk; dat hoecht net allinne te jilden foar in houlikssituaasje. Learlingen dy't wat ha mei (klassike) muzyk en/of yn in koar sjonge sille har miskien ekstra oanlutsen fiele ta de setting fan de roman.

Algemiene kennis

It doarpslibben en de kontekst binne net mear fan dizze tiid en binne miskien lestich te pleatsen foar N3-lêzers. Op detailnivo komme wol eleminten foar dy't fragen oproppe kinne foar alle lêsnivo's.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Yn de tekst komme ferwizingen foar nei oare literêre teksten, skriuwers en oare keunstners. De learling moat war dwaan wolle him dêr yn te ferdjipjen. Itselde jildt foar de wrâld fan de koarmuzyk en de byhearrende faktermen. N3-lêzers sille dat gewurde litte; it ferhaal is likegoed wol te folgjen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Wadman syn wurdgebrûk is ryk. De lêzers fan hokker nivo ek sille net alle wurden kenne, mar kinne it measte wol út de kontekst opmeitsje. Foar N5-lêzers kin it in útdaging wêze troch it lêzen fan de tekst har wurdskat te ferrykjen.

Sinskonstruksjes

Der is in grutte fariaasje yn de lingte fan de sinnen en kompleksiteit. Lange sinnen fan fiif rigels of mear komme geregeld foar. Foar N3-lêzers is dat net maklik.

Styl

De dialogen binne libben en goed te folgjen. De styl is direkt begryplik en net ferhullend. Yn de gearfetsjende stikken is de fertelling fan wat der bart of bard is lykwols sterk ferfrissele mei Hindrik syn tinzen dêroer. Foar N3-lêzers kin it boek dêrtroch te saai wurde, mei omdat se de wrantelige irony net pakke. N4-lêzers ha op dit punt gjin swierrichheden.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De echte aksje begjint op s. 33 mei it haadstik 'Busproleet en Mercedesdochter'. Dêrnei sit der wol safolle gong yn it ferhaal dat it ek foar N3-lêzers meinimmend is.

Gronology

It ferhaal wurdt sa goed as gronologysk ferteld. Flashbacks fan Hindrik binne organysk yn de tekst opnommen.

Ferhaalline(n)

Der binne gjin swierrichheden, der is mar ien ferhaalline.

Perspektyf

It perspektyf is oer it generaal personaal út Hindrik Visser wei. Rûnom yn de tekst binne kursive sinnen of fragminten opnommen, dêr't men jin fan ôffreegje kin hoe't dy yn it perspektyf passe. Foar N3-lêzers kin dat betiizjend wêze.   

Betsjutting

N3-lêzers sille benammen it ferhaal wurdearje en de betsjutting sjen yn de ymplisite moraal. N4-lêzers kinne de symboalyske eleminten en opposysjes yn it wurk herkenne en it hâlden en dragen fan Hindrik ynterpretearje yn psychologyske termen. Foar N5-lêzers telt ek de betsjutting fan it boek yn de kontekst fan syn tiid en de filosofy fan it eksistinsjalisme.   

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Hindrik Visser is de iennichste dy't de lêzer goed kennen leart. De twa froulju jildt dat minder foar, en dan altyd troch de bril fan Hindrik: Lutske Westra en Wypkje Himpenius. Bjinse Houtsma is hast mear in harseskym fan Hindrik as in personaazje fan fleis en bloed.   

Oantal karak­ters

De fjouwer hjirboppeneamde, en in grut tal byfigueren dy't gjin swierrichheden opsmite.

Untjouwing fan de karakters

Hindrik ûntjout him yn dat er it ynsicht krijt dat er eins in grutte leffert is. Wypkje feroaret fan in sloofke yn in frou dy't krekt seit wêr't it op stiet en dy't Hindrik oermânsk is. It byld fan Lutske as sterke frou fan de wrâld wurdt geandewei it ferrin fan it ferhaal hyltyd minder oertsjûgjend, oan de ein wurdt se ûnsichtber. It hâlden en dragen fan de fjouwer personaazjes oan de ein kin foar de N3-lêzer ûnbegryplik oerkomme. Foar de N4- en N5-lêzers spilet dat minder en se sille de ôfrin en de betsjutting dêrfan kritysk hifkje kinne.

Ferantwur­ding

Steven de Jong, Ta in hichte, of de balke yn eigen each. Monografy oer it literêre wurk fan Anne Wadman, 2007.
Tineke Steemeijer, 'In boartliker Bjinse Houtsma', LC 31-08-1984, part 1 en part 2
Tiny Mulder, besprek yn Literair leven, Rono , 9 augustus 1962,
Tiny Mulder, 'Te trou foar ûntrou', FD 25-08-1984

Relevante  boarnen foar do­sinten

Klaas de Wit en Anne Wadman, 'Brieven oer Bjinse', De teannewâdder 2de jg. nr 3, nov. 1962, s. 73-81 en idem 2de jg. nr 4, april 1963, s. 109-113. In nijsgjirrige diskusje tusken de twa mannen oer it boek, dy't fokust op 'e (ûn)mooglikheit om mei Fryske romans boppe it streekromannivo út te kommen en op de skriuwstyl fan Wadman en syn generaasje. De Wit neamt dy styl 'eksplisyt', dws. dy styl giet yn tsjin wat no [yn 1962] de regel is: 'Show, don't tell'. Hjir is ek Wadman syn opmerking te finen: 'Hindrik Visser en ik binne goede maten'.
Joke Corporaal, Grimmig eerlijk, 2009. In biografy fan Wadman oant 1963 mei as sintraal oandachtspunt Wadman syn fielen in mislearre skriuwer te wêzen. 'Bjinse' komt dêr mar sydlings yn foar.