Fries | niveau 3 | Wolken en stjerren

Wolken en stjerren

Wolken en stjerren

Terpstra, Piter
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
1994
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
256
Genre
  • histoaryske roman
Tags
  • 18de iuw
  • technyk
  • sinnestelsel
  • religy
  • Frjentsjer
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Piter Terpstra, ek wol skreaun as Pieter Terpstra, (1919 - 2006), wie in Frysk sjoernalist en skriuwer. Hy hat wol 125 boeken skreaun yn it Frysk en  Nederlânsk. Skriuwt er yn it earst literêre en fernijende romans, letter leit er him ta op it skriuwen fan histoaryske romans oer bekende persoanen út it Frysk ferline. Wolken en stjerren is dêr in foarbyld fan, lykas de rige fan trije romans oer de dichter Gysbert Japiks. Dy Fryske romans hearre ta it bêste fan syn wurk. Sokke romans berêste op histoaryske feiten, mar, benammen by it útbyldzjen fan syn romanfigueren, moat er syn fantasij brûke. De skriuwer kin knap in tiidsbyld oproppe.
Piter Terpstra hat ek frijwat toanielwurk skreaun. Grut súkses hie er mei it stik De triljende ierde oer it libben fan Piter Jelles Troelstra.
As sjoernalist wurke Terpstra foar it Nieuwsblad van het NoordenTrouw, de Ljouwerter Krante en Friesland Post.                                            

Inhoud

Wolken en stjerren hat as ûndertitel: roman oer Eise Eisinga. It boek beskriuwt in part fan it libbensferhaal fan Eise Eisinga (1744-1828), de makker fan it wrâldferneamde planetarium yn Frjentsjer. De oanlieding ta, it betinken en it útfieren fan de bou fan it planetarium spilet yn it earste diel fan it boek. It twadde diel fertelt oer de politike ideeën fan de patriot Eise Eisinga en de gefolgen dy’t er dêrfan ûnderfynt.

Leesaanwijzingen

Wolken en stjerren is in moai boek oer de betinker en bouwer fan it planetarium yn Frjentsjer. Elk yn Fryslân ken dat hast wol en minsken út de hiele wrâld besykje Frjentsjer om it te besjen. Yn 1774 ha in soad minsken grutte eangst dat de wrâld fergean sil. Eise Eisinga wit better en wol de eangst fan de minsken graach weinimme en dúdlik meitsje hoe’t it sit. Om dat sjen te litten bout er in planetarium yn de wenkeamer fan syn hûs yn Frjentsjer.
Oars tinke as de measte minsken en seker as it om de bestjoerders giet, kin ek tsjin jo wurkje. Eise Eisinga moat as patriot flechtsje, wurdt ferballe, komt yn de finzenis, mar kin werom komme yn Frjentsjer. Dat wurdt ferteld yn diel 2.
Miskien tinkst yn it begjin: ‘wat in drege wurden, dy kin ik net allegearre’. Lit dat dy der net fan tsjinhâlde om troch te lêzen. It ferhaal kinst ek begripe sûnder alle wurden te begripen. En it is de muoite wol wurdich.

Om over na te denken

Hoe tinksto oer in famke of jonge mei in oare godstsjinst en hiele oere tinkwizen oer wat wol en net mei, wat wier is en net wier? Komsto op foar it klimaat of tinkst dat it opwaarmjen fan de ierde wol wat tafalle sil, en wat kin ik dêr no eins oan dwaan? Komst yn opstân ast it ergens net mei iens bist en dochst der dan ek wat oan?

Waardering

"Wolken en stjerren bestiet út twa dielen. Se ferskille bot fan inoar, fyn ik, foaral yn de ynhâld. Ik bin ynteressearre yn technyk, útfinings en útfynders. Yn it earste diel fûn ik genôch dêrfan en it koe my hiel goed boeie. It twadde diel fûn ik in stik dreger en minder ynteressant. Dat kin wol mei komme trochdat ik net safolle wit oer de Patriotten. It hiele boek jout wol in goed byld fan it libben fan Eise Eisinga."
Johannes, 4 Havo.

Opmerkingen

Wolken en stjerren is net beskikber as harkboek mar wol as sprutsen boek yn Daisy format foar de daisyspiler. It boek is ferskynd yn de Gurbe-rige as nûmer 121 en de Kristlike Folksbibleteek as nûmer 381.
Piter Terpstra krige yn 1988 de Piter Jellespriis foar syn hiele oeuvre dat út Frysk- en Nederlânsktalich wurk bestiet. In protte fan syn Fryske boeken binne ek yn it Nederlânsk beskikber.




Leestips/meer weten

- 11en30.nu
- entoen.nu
- Biografy tresoar.nl

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Terpstra, Piter Wolken en stjerren
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusde titel
Learst

om nei te tinken oer de titel

Opdracht

De titel fan in boek ferwiist nei de ynhâld fan it boek. Eins is it in hiele koarte gearfetting. De titel moat nijsgjirrich wêze en de oandacht fêstigje op it boek.
By guon wurken wurdt de (meastal koartere) titel oanfolle mei in (meastal langere en mear omskriuwende) ûndertitel. 

  1. Wat is de titel fan it boek?
  2. Wat is de ûndertitel fan it boek?
  3. Kinst betinke wêr’t de titel nei ferwiist? Lis dyn antwurd út.
  4. Lis de earste twa wurden fan de ûndertitel út.
  5. As sjenre stiet it boek oanjûn as histoaryske roman, dus oars as yn de ûndertitel. Lis de beide begripen út. Wat is it ferskil tusken beide?
  6. Wat fynsto de bêste omskriuwing en wêrom?
  7. Binne der no ek noch minsken as Eise Eisinga, modernisearders dêr’t men bang foar is? Neam in namme en it fakgebiet fan dyjinge en wêrom’t it minsken bang makket.
Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Terpstra, Piter Wolken en stjerren
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusit omslach
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan it omslach

Opdracht

         

Hjirboppe sjochst it omslach, de foar- en achterkant fan Wolken en stjerren. Sjoch hjirûnder by downloads foar bettere ferzjes.
 
1. Lis de foarkant fan it omslach fan Wolken en stjerren út.
a. Ferwiis by de titel nei de ynhâld fan it boek.
b. Wat jout de ûndertitel foar ekstra ynformaasje?
c. Wat fynst fan de ôfmjitting fan de ôfbylding? Lis dyn antwurd út.
d. Wat seit de ôfbylding dy? Lis dyn antwurd út en lis ek it ferbân mei it ferhaal.

2. Nûget neffens dy de foarkant fan it omslach learlingen út om it boek te lêzen? Lis dyn antwurd út.

3. Op de achterkant fan it omslach fan Wolken en stjerren steane skriuwer, titel en koarte ynhâld.
a. Wat fynst fan de beskriuwing fan de ynhâld op de achterkant? Komt dy oerien mei de ynhâld fan it boek. Lis dyn antwurd yn 30 wurden út.
b. Wat fynst fan it lettertype en de lettergrutte fan beskriuwing? Lis dyn antwurd út.
c. Watfoar lettertype en -grutte fynsto it noflikst om te lêzen? Wêrom?
d. Watfoar lettertype en -grutte brûksto sels it leafst? Hast dêr in reden foar?

4. Meitsje in nije foarkant fan it omslach, en doch dat sa:
a. Betink in nije titel, passend by de ynhâld fan it boek.
b. Set de namme fan de skriuwer der op.
c. Meitsje in ôfbylding yn kleur (tekening, kollaazje of sa) oer de hiele foarkant en basearje dy op de ynhâld fan de roman

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Terpstra, Piter Wolken en stjerren
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje

Opdracht

1. Sykje út wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje. Dit kinst dwaan op de site:
https://fy.wikipedia.org/wiki/Fiksje
https://fy.wikipedia.org/wiki/Non-fiksje of troch de tekst ûnderoan te lêzen.

Skriuw de trije belangrykste ferskillen op yn de kolom hjirûnder:

Fiksje

Non-fiksje

 

 

 

 

 

 

2. Is Wolken en stjerren fiksje of non-fiksje? Beskriuw wêrom'tst dat tinkst yn op syn minst 80 wurden op.
3. It sjenre hyt ek wolris 'faction'. Lis dat begryp út en neam trije titels fan faksjeboeken. Dat meie ek Nederlânske boeken wêze.
4. It boek is basearre op libben en wurk fan Eise Eisinga. Sjoch foar in koart oersjoch fan him: de Fryske Kanon of de Nederlânske. De linkjes steane ûnder de opdracht.
5. Hokker trije eleminten út it boek binne echt bard? Beskriuw twa yn op syn minst 30 wurden per elemint en neam it sidenûmer.
6. Beskriuw ek twa eleminten dêr'tst seker fan wist dat it fiksje is yn it boek. Beskriuw dy eleminten ek yn op syn minst 30 wurden per elemint en neam it sidenûmer.
7. Neam trije persoanen yn it boek bûten Eise Eisinga dy’t echt bestien ha.
8. Neam trije persoanen dy’t neffens dy fiktyf binne. Jou yn ien sin fan elk oan wêrom'tst tinkst. Wêrom hat de skriuwer se opfierd yn it ferhaal?

Literaire theorie

Feit en fiksje

In ferhaal is ‘fiksje’ as it foar in part ûntstien is út de fantasy fan de skriuwer. Wat de skriuwer fertelt hoecht net mei de realiteit yn oerienstimming te wêzen. It giet derom dat de lêzer it oannimlik fynt. In skriuwer kin yn syn ferhaal hiel wat feitlike eleminten opnimme, mar as er it ferhaal presintearret as fiksje bliuwt it in produkt fan syn fantasy. Romans binne bygelyks teksten dy’t in fiksjoneel karakter ha, ek as se hiel realistysk binne. De lêzer kin net sizze dat in roman ‘net wier’ is, mar allinne mar dat de roman ‘net oertsjûget’. 
Tsjinoer fiksje stiet ‘non-fiksje’. Yn non-fiksjonele teksten hat de skriuwer de bedoeling om him te hâlden oan de realiteit. Yn sa’n gefal kin de lêzer wol sizze dat de tekst neffens him wier of niet wier is.

Bronnen

Wikipedy: fiksje
Wikipedy: non-fiksje
11&30.nu
entoen.nl
Ensie: faction

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Terpstra, Piter Wolken en stjerren
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 sû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusopbou
Learst

om nei te tinken oer de opset en yndieling fan it boek 

Opdracht

Wolken en stjerren bestiet út twa dielen.

1. Op watfoar side einiget diel 1 en wêr begjint diel 2?
2. Beskriuw yn it koart de ynhâld fan diel 1.
3. Beskriuw yn it koart de ynhâld fan diel 2.
3. Wat fynsto it moaiste diel fan it boek en lis yn 25 wurden út wêrom'tst dat fynst.
4. Stel, in learling is ynteressearre yn Eise Eisinga as bouwer fan it planetarium en wol eins allinne dat diel lêze. Meitsje fan diel 1 in selsstannich boek troch in passend ein te skriuwen. Do meist dêrfoar oan ‘e ein in (part) fan it ferhaal fan it ferstjerren fan de heit fan Eise Eisinga ferfalle litte. Yn it plak dêrfan makkest troch it skriuwen fan ien side in passend ein oan it boek.
Meist ek oan 'e ein fan diel 2 ien side taheakje sadat it foar in boek in passend ein wurdt.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Terpstra, Piter Wolken en stjerren
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuseigen miening en resepsje
Learst

om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan in resinsje

Opdracht

1. Wat fynst fan it boek Wolken en stjerren? Jou dyn miening wer yn in ferslach fan 150 wurden.
2. Underoan stiet in site mei de Leeuwarder Courant fan 4/11/1994 mei op side 24 in resinsje fan Wolken en stjerren troch Jelle Krol. Lês dy.
3. Hoe wurdt yn de resinsje de titel fan it boek útlein? Wat tochtsto by de titel? Bisto it mei de útlis fan Jelle Krol iens? Lis dyn antwurd út.
4. Skriuw fan de resinsje de plus- en de minpunten op dy’t oer it boek jûn wurde.
5. Is dyn miening oer it boek feroare nei it lêzen fan de resinsje? Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

Leeuwarder Courant 04-11-1994

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Terpstra, Piter Wolken en stjerren
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusde haadpersoan
Learst

de ûntwikkeling fan de haadpersoan te pleatsen yn de tiid en de omstannichheden dêr’t hy yn libbet

Opdracht

1. Eise Eisinga en syn komôf.
a. Wat wie it fak fan Eise syn heit en himsels?
b. Wêr hearde hy thús yn de maatskippij fan doe? Kinst yn dyn skiednisboek de lagen yn de 18de iuw opsykje as help.
c. Wêr beheinde Eise Eisinga syn komôf him yn?

2 Eise Eisinga en de Frjentsjer universiteit.
De universiteit hie fjouwer fakulteiten: Godgeleardens, Rjochten, Medisinen en Frije keunsten: filosofy, talen en wiskunde.
a. Oan watfoar fakulteit studearre Eise Eisinga, yn watfoar fak en op watfoar wize?
b. Sil it foar Eise Eisinga in foardiel west hawwe dat er tichte by en letter yn Frjentsjer wenne? Lis dyn antwurd út.
c. Op watfoar wize hie Eise Eisinga profyt fan syn studearjen?

3. Eise Eisinga en de eangst foar it fergean fan de wrâld yn 1774.
Lês de tekst:
Doe't op 8 maaie 1774 Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de moanne gearkamen, skreau de Ljouwerter Krante oer in boekje dat foarsei dat dy gearstân de ein fan de wrâld wêze soe. Dêr ûntstie grutte panyk, te mear omdat de skriuwer fan it boekje in dominy wie.

a. Watfoar byld fan it hielal hienen de measte minsken doe en wêr wie dat op basearre?
b. Hoe koe it dat Eise Eisinga dy’t wol religieus wie net leaude yn it fergean fan de wrâld?
c. Hoe tocht hy neffens it boek oer de eangst fan de minsken en wat die er dêr oan?

4. Eise Eisinga en de Ferljochting.
Lês de tekst:
It wichtichste prinsipe fan de Ferljochting wie de opfetting dat de wierheid oer guon saken fûn wurde koe mei help fan de ratio (de rede, it ferstân), yn stee fan wat bygelyks de tsjerklike gesachhawwers sûnder mis foar wier oannommen. In foarbyld hjirfan wie Isaäc Newton dy't sei dat yn it hielal wetten jilde dy't troch de minske ûntdekt wurde koene.

a. Wêrom sille benammen de ienfâldige minsken de tsjerklike gesachdragers leaud ha?
b. Eise Eisinga leaude yn de opfetting fan de Ferljochting. Meitsje dat dúdlik mei in stikje út it boek; jou it sidenûmer.

5. Patriotten
Lês de tekst:
Patriotten wienen de gearwurkjende, antysteedhâlderlike reginten yn 1785. Trochdat de prins him fan de herfoarmingen ôfkeard hie, stienen de Patriotten no foar him oer, wêrtroch't sy de steun fan it legere folk misten. Yn 1787 waard it gesach fan de steedhâlder hersteld mei help fan de Prusen. In soad Patriotten flechten: de measten nei Frankryk.

a. Wêrom keas it legere folk net de kant fan de Patriotten mar dy fan de prins?
b. Is it logysk ast sjochst nei de ûntwikkeling fan Eise Eisinga dat hy de kar makket foar de Patriotten? Lis dyn antwurd út.
c. Yn Wolken en stjerren diel 2 wurdt by Eise Eisinga syn flecht útlein hoe’t it  safier kommen is. Jou dat yn tsien sinnen wer.

6. De Frânske tiid yn Nederlân
Lês de tekst:
De Frânske tiid yn Nederlân is in perioade yn de skiednis fan Nederlân fan 1795 oant 1813. Fan 1795 oant 1810 wie Nederlân beset troch de Frânsen. De lêste fjouwer jier dêrfan as Keninkryk Hollân ûnder Lodewijk Napoleon. Fan 1810 oant 1813 makke Nederlân diel út fan it Frânske Keizerryk ûnder Napoleon.

a. Meitsje in tiidline mei de jiertallen dy’t by Eise Eisinga neamd wurde yn Wolken en stjerren diel 2. Begjin mei 1787 en dêrnei de jiertallen dy’t falle yn de Frânske tiid yn Nederlân. Einigje mei 1821. 
b. Set by elk jiertal wat der mei Eise Eisinga barde en wat dat te krijen hie mei wat der yn de Frânske tiid barde.
c. Der wurdt wol ris sein hy of sy is in echt bern fan syn/har tiid. Is dat mei Eise Eisinga ek sa? Lis dyn antwurd út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Piter Terpstra, ek wol skreaun as Pieter Terpstra, (1919 - 2006), wie in Frysk sjoernalist en skriuwer. Hy hat wol 125 boeken skreaun yn it Frysk en  Nederlânsk. Skriuwt er yn it earst literêre en fernijende romans, letter leit er him ta op it skriuwen fan histoaryske romans oer bekende persoanen út it Frysk ferline. Wolken en stjerren is dêr in foarbyld fan, lykas de rige fan trije romans oer de dichter Gysbert Japiks. Dy Fryske romans hearre ta it bêste fan syn wurk. Sokke romans berêste op histoaryske feiten, mar, benammen by it útbyldzjen fan syn romanfigueren, moat er syn fantasij brûke. De skriuwer kin knap in tiidsbyld oproppe.
Piter Terpstra hat ek frijwat toanielwurk skreaun. Grut súkses hie er mei it stik De triljende ierde oer it libben fan Piter Jelles Troelstra.
As sjoernalist wurke Terpstra foar it Nieuwsblad van het NoordenTrouw, de Ljouwerter Krante en Friesland Post.

Ynhâld

Wolken en stjerren hat as ûndertitel: roman oer Eise Eisinga. It boek beskriuwt in part fan it libbensferhaal fan Eise Eisinga (1744-1828), de makker fan it planetarium yn Frjentsjer. De oanlieding ta, it betinken en útfieren fan de bou fan it planetarium spilet yn it earste diel fan it boek. It twadde diel fertelt oer de politike ideeën fan de patriot Eise Eisinga. Hy moat flechtsje nei it bûtenlân, wurdt foar in jier yn it Ljouwerter Blokhûs fêstset en dêrnei foar fiif jier ferballe. Mar yn 1795 kin er werom komme nei Frjentsjer en syn planetarium, dêrby stipe troch syn nije leafde. 

Swierte

Wolken en stjerren beskriuwt it lêste kwart fan de 18de iuw. Haadpersoan Eise Eisinga is wolkjimmer fan berop. De histoaryske fasetten fan it libben oan ‘e ein fan de 18de iuw binne net ienfâldich te begripen. De wurden en nammen fan it fak fan wolkjimmer en syn ark, de Ferljochting tsjin de religy oer, de polityk fan doe meitsje de roman net ienfâldich foar N2 en guon N3-lêzers. It lêzen fan ynformaasje foarôf, te finen yn byg. de kanon fan Fryslân kin liede ta in better begryp. Foar wa’t in besite oan Frjentsjer bringt kin it boek hielendal ta libben komme. Wolken en stjerren is in N3-boek dêr’t fan alles yn te finen is: de eangst fan ienfâldige minsken foar feroaring, it ferlet nei kennis en dêr wat mei dwaan wolle foar jinsels mar ek foar oaren, de Ferljochting en de gefolgen fan de politike striid yn Nederlân. Foar N4-lêzers sil de histoaryske achtergrûn it lêzen fan it boek in ekstra diminsje jaan. Troch de opbou fan it boek, it wurdgebrûk en de koarte sinnen is it foar N2-lêzers wol lêsber, al binne de tinzen faak fette yn langere sinnen mei in tal bysinnen. Foar N3-lêzers is it technysk lêzen gjin probleem.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn de skiednis fan it lêste kwart fan de 18de iuw en it tinken fan de minsken doe.

Ynteresses

Ynteresse yn it hielal, de universiteitsstêd Frjentsjer yn de 18de iuw en yn minsken yn dy tiid en hoe’t sy libje, wurkje en tinke, is in fereaske.

Algemiene kennis

Kennis fan de skiednis is net perfoarst nedich, mar it begripen fan it tinken en stribjen fan in patriot makket it begripen fan de ynhâld fan it boek wol makliker.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is maklik útsein de wurden dy’t te krijen hawwe mei wurk, ark, gebrûken en oare saken út dy tiid.

Sinskonstruksjes

It boek is troch koarte sinnen goed nei te kommen troch N2-lêzers, mar byg. gedachten wurde ferteld yn langere sinnen mei bysinnen. N3- en N4-lêzers sille har nettsjinsteande dregere sinsopbou wat makliker meinimme litte yn it ferhaal oer Eise Eisinga en syn tiid.

Styl

De styl dêr’t Terpstra yn skriuwt, docht tinken oan dy fan in sjoernalist. Wat der bart, fertelt er as yn in ferslach: koart, mar krêftich. Skriuwt er oer tinzen, dan liket it as is der hast in oare skriuwer oan it wurd. Dan brûkt er mear wurden en langere sinnen. Foar in N2-lêzer sille tinzen dreger te folgjen wêze as foar in N3-lêzer.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It útfieren fan de bou fan it planetarium en dêrnei de flecht as patriot, in jier finzenis, it ferballen wêze foar fiif jier út Fryslân en it werom kommen yn Frjentsjer, njonken it houlik mei syn earste frou en de leafde dêrnei, makket dat der wol aksje is. Dat past ek by N2-lêzers dy’t sykje om ûntspanning. N3-lêzers kinne troch dit boek nije wrâlden ûntdekke.

Gronology

It ferhaal is gronologysk opboud. It rint fan 1774, as Eise Esinga begjint te tinken oer in planetarium oant 1795 as er werom is yn Frjentsjer. Dat sil foar gjin lêzer swierrichheden jaan.

Ferhaalline(n)

It boek bestiet út ien ferhaaline꞉ dy fan Eise Eisinga. Neist it ferhaal fan it betinken en de bou fan it planetarium yn diel 1, komme de gefolgen fan syn politike kar as patriot yn it twadde diel oan de oarder. It earste is in hiel bekend ferhaal; it twadde diel fereasket wat mear histoaryske kennis fan de lêzers.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it personale perspektyf fan Eise Eisinga wei. Om him te folgjen yn syn prakkesaasjes is foar in N2-lêzer net sa maklik. Foar de N3-lêzers dy’t betûfter binne yn literêre techniken sil it personale perspektyf gjin problemen jaan.

Betsjutting

Dizze histoaryske roman jout in moai byld fan Eise Eisinga, syn bou fan it planetarium en syn tiid. Achterlizzende tema‛s꞉ de opkomst fan de Ferljochting, it patriottisme en de ynfloed en gefolgen fan de Frânske revolúsje. Dat lêste jout in ekstra diminsje en ferdjipping en makket it ferhaal nijsgjirrich foar N4-lêzers.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters binne tagonklik. Foar de N2-lêzer jildt dat er de personaazjes dy’t der ta dogge werkent en foar de N3-lêzer dat er him yn de karakters ynlibje kin.

Oantal karakters

It oantal karakters dat der ta docht is beheind. It draait meast om Eise Eisinga en de minsken mei wa’t hy in direkte bân hat. Mear karakters spylje in rol, mar it oantal karakters yn it ferhaal leveret gjin problemen op foar de lêzer.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Troch alles dêr’t er yn dit part fan syn libben tsjin oanrint, komt er yn konflikt mei de minsken om him hinne en mei himsels. It libben falt foar him net ta en it meitsjen fan in kar hat konsekwinsjes. Foar de N2-lêzers kin dat hjir en dêr muoite jaan. Foar de N3 en N4-lêzers is it net dreech.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

11en30.nu Mei ferwizing nei filmkes en fideo’s; by it planetarium is in DVD te keap oer Eise Eisinga en de bou fan it planetarium.
entoen.nu
Piter Terpstra op tresoar.nl
Leeuwarder Courant