Fries | niveau 4 | Anna

Anna

Anna

Meer, Aggie van der
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2017
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
204
Genre
  • famyljeroman
Tags
  • famylje
  • yntriizje
  • leafde
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Aggie van der Meer (1927-2023) kaam út Boalsert en skreau Fryske romans, poëzij en toanielwurk. Doe't se jong wie, koe se gjin oplieding dwaan troch de Twadde Wrâldoarloch. Op lettere leeftyd hat se in oplieding folge ta tekenlearares. Se wie fierders aktyf belutsen by de fredesbeweging en in beweging dy't him ynset foar sosjale en biologyske duorsumens ('Leefbaar Friesland'). De measte fan har publikaasjes binne fan nei 2000, doe't se opholden wie mei har wurk. Yn 2019 hat Aggie van der Meer de meast prestizjeuze literêre priis krigen dy't der is foar Fryske literatuer: de Gysbert Japicxpriis. Se krige dy foar har hiele oeuvre.

Inhoud

Anna giet oer de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. De famylje hat in gruthannel yn stoffen en docht der alles oan om syn namme heech te hâlden. De famylje ûntkomt net oan dôfpotten en ynterne machtsstriid. Twa leden fan de famylje, Anna en Onno, krije in relaasje mei-inoar, dy't troch de rest fan de famylje ôfkard wurdt, omdat Onno in heale neef fan Anna is. As Onno ynienen ferdwynt, begjint Anna út te sykjen wêrom't hy út it sicht ferdwine moast en komme der ferskate famyljegeheimen oan it ljocht.

Leesaanwijzingen

It boek begjint mei in skets fan de famyljeskiednis en de oprjochting fan it bedriuw fan de famylje Fan it Hof. Der komme in soad nammen foarby. Foaryn it boek stiet in stambeam dy't dy helpe kin om it oersjoch te hâlden. Fierderop yn it boek wurdt it tal personaazjes lytser en silst fan dit probleem gjin lêst mear ha. It is lykwols in boek dêr'tst de holle goed by ha moatst, want as lêzer moatst in soad ferbannen sels lizze. 

Om over na te denken

Wat dochst ast fereale rekkest op in famyljelid? Hoe fier giest foar (de goede namme fan) dyn famylje? Hoefolle ynfloed hat famylje op dyn libben?

Waardering

'Aggie van der Meer hat wer in knap boek ôflevere. Knap troch de heldere styl of de oanhâldende spanning dy't it boek opropt en net yn it lêste plak ek troch it moaie idee om de ynkringende tematyk yn te bêdzjen yn in leafdesskiednis dy't sawol lokkich as problematysk begûn.' (Oersetting Gerbrich de Jong)
Jelle van der Meulen (www.frieseliteratuur.nl, 25 desimber 2017)

'Uteinlik falt alles (no ja, it measte) op syn plak, mar dat hat - om't men der sa lang op wachtsje moast - wol wat fan in antyklimaks.'
Doeke Sijens (Leeuwarder Courant, 2 maart 2018)

'(...) in raffinearre roman, dy't skuldfragen útdjipt en ek wol wer treastryk is. Benammen de briefwiksels tusken Anna en Onno binne om meardere redens sawol spannend as oangripend.'
Jelle Krol (Friesch Dagblad, 10 maart 2018)

Opmerkingen

Aggie van der Meer hat yn 2019 de Gysbert Japicxpriis krigen, de grutste literêre priis fan Fryslân.




Leestips/meer weten

Boekprofyl op tresoar.nl

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Meer, Aggie van der Anna
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn ien fan de haadpersoanen

Opdracht

Yn dit boek giet it om in leafdesrelaasje tusken twa leden fan deselde famylje, in taboe yn ús maatskippij. De famylje soarget derfoar dat Onno ferdwynt, sadat der in ein oan de relaasje komt. No'tsto it boek lêzen hast, witsto wa't ferantwurdlik is foar dy ferdwining. Ferpleats dy yn Anna of Onno en skriuw in brief oan dy ferantwurdlike, dêr'tsto iepenhertich yn fertelst watst fynst fan de aksjes fan de famylje. Hjirûnder stiet in begjin datst brûke kinst, ast dat wolst. Lingte fan dyn brief: likernôch 300 wurden.

Bêste ... ,

Nei alles wat der bard is, kin en wol ik my net langer stilhâlde. Doe't ik Anna/Onno foar it earst seach, wist ik fuortdaliks dat ...
No moat ik Anna/Onno al skoften misse. Ik sil dy beskriuwe wat dat mei my docht en hoe't ik de tiid trochkom.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der Anna
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer morele tema's

Opdracht

Hjirûnder sjochst in oantal stellingen oer etyske tema's (sj. hjirûnder foar in taljochting) dy't in rol spylje yn Anna.

Jou by elke stelling oan wat dyn miening is oer de stelling en hoe't twa personaazjes út it ferhaal oer de stelling tinke (sels kieze).

  1. Under guon omstannichheden is it better om twa minsken dy't faninoar hâlde byinoar wei te hâlden.
  2. Yn guon gefallen is it it bêste om de wierheid te ferswijen.
  3. It wolwêzen fan in groep (in famylje) is wichtiger as it wolwêzen fan de leden fan dy groep (de yndividuele famyljeleden).
  4. Echte frijheid bestiet net foar wa't famylje hat.
Literaire theorie

It wurd 'etysk' komt fan it wurd 'etyk'. De etyk hâldt him dwaande mei de fraach: wat is goed en ferkeard? It is in streaming binnen de filosofy.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Meer, Aggie van der Anna
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusdyn miening
Learst

om dyn miening te ferlykjen mei dy fan in resinsint

Opdracht

Opdracht
Hjirûnder sjochst in oantal sitaten út in resinsje oer Anna troch Jelle van der Meulen. De folsleine resinsje fynst ûnder boarnen. Jou by de sitaten hjirûnder hieltyd oan oftsto it der wol of net mei iens bist en wêrom. Jou wêr't dat kin foarbylden.

A

  1. "De roman begjint mei in 'ynlieding' fan twa siden, dêr't Anna yn 2001 oan it wurd is. De iepeningssinnen wekje fuortendaliks de lêzer ynteresse (...)".
  2. "It boek (...) is skreaun yn in ljochte, moderne styl (...)."
  3. "Aggie van der Meer hat wer in geweldich boek levere. Briljant fanwegen de (...) konstante spanning dy't it boek opropt."
  4. "De ein fan it boek is bysûnder oertsjûgjend. In koart en wat isolearre lêste haadstik einiget mei tragyske en oandwaanlik moaie slotsinnen."

B

Yn de sitaten ûnder A jout Van der Meulen syn miening troch yn te gean op styl en spanning. In resinsint kin syn miening ek op oare manieren ûnderbouwe, bygelyks troch yn te gean op hoe realistysk oft in boek is of yn hoefier oft er himsels ynlibje kin yn de personaazjes. Lis út watsto fan dit boek fynst, troch yn te gean op ien fan de niisneamde aspekten. 

Bronnen

Resinsje oer Anna troch Jelle van der Meulen (25 desimber 2017)

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der Anna
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

om te reflektearjen op de styl fan in boek

Opdracht

Op Aggie van der Meer har webside (sjoch ûnder boarnen) stiet oer har styl: "Har taalgebrûk is ryk; se skept metafoaren en bylden dy't ferwize nei de bibel, nei oare boeken, nei de natuer en nei de klassiken."

  1. Wie it dy opfallen dat Aggie van der Meer in soad bylden brûkt? Wat fynst derfan as in skriuwer dat docht? Anna neamt har famylje bygelyks 'in aaiber rôfdier'.
  2. Helje út it boek fiif foarbylden fan metafoaren (bylden). Set de sidenûmers derby. Wolst earst mear lêze oer metafoaren, gean dan nei 'literêre teory' hjirûnder.
  3. Binne de bylden dy'tst by fraach twa neamd hast allegearre ferskillend, of hawwe se mei-inoar te meitsjen?
  4. Yn de literatuer wurdt wol praat fan in 'motyf' as in beskaat byld, idee of foarwerp hieltyd weromkomt yn it ferhaal. Yn Anna komt ien spesifyk motyf hieltyd werom: fûgels. Foar hokker personaazjes binne fûgels wichtich? Neam minstens trije personaazjes en fertel hoe't sy yn it boek yn oanrekking komme mei fûgels.
  5. Fûgels kinne brûkt wurde as symboal foar wat oars. In read hertsje stiet symboal foar leafde, in krús stiet symboal foar it leauwen. Wêr steane fûgels symboal foar? Skriuw earst op wat dysels logysk liket (wêr tinksto oan by fûgels?) en sykje dêrnei nei ynformaasje op it ynternet. Jou de ynformaasje yn eigen wurden wer en fertel wat dyn boarnen binne.
  6. Yn hoefier fynst it motyf 'fûgel' passend by it ferhaal? Ljochtsje dyn antwurd ta.
Literaire theorie

'Metafoar' op Wikipedy

Bronnen

Webside fan Aggie van der Meer

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Meer, Aggie van der Anna
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

hoe't dit boek ûntfongen is

Opdracht

1. Jou dyn miening oer Anna mei minstens trije arguminten.

2. Lês de resinsjes op de webside fan Aggie van der Meer (sjoch boarnen). Wat binne neffens de resinsinten de sterke kanten fan it boek? Meitsje in listje fan minstens trije sterke punten. Jou achter elk punt oan yn hokker resinsint dat positive punt neamt. Guon punten komme yn meardere resinsjes werom.

3. Skriuw no de negative punten op dy't neamd wurde en set der wer achter hokker resinsint dat punt neamt.

4. Ferlykje no dyn eigen miening mei dy fan de resinsinten. Komme jim mei deselde punten? Of geane jim yn op oare aspekten fan it boek?

5. Aggie van der Meer krige yn 2019 de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre, dêr't Anna ek ûnder falt. Hjirûnder sjochst twa sitaten út it sjueryrapport. Lês dy troch en lis foar beide sitaten út oft it kommentaar fan de sjuery neffens dy fan tapassing is op Anna. Hast noch mear boeken fan Aggie van der Meer lêzen? Dan is it moai om dy ek by dyn antwurd te belûken. Sitaat 1 is in lestich sitaat. As der begripen ynsteane dy'tst net kenst, sykje dan earst út wat bedoeld wurdt.

Sitaat 1 út sjueryrapport:
"Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby en fanút har ûnneidruklik, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe we folle mear fan ússels en alle oaren om ús hinne."

Sitaat 2 út sjueryrapport:
"Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderbaarlike sit 'm yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit. Wy sjogge der allinne mar echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sjinezen. Van der Meer krûpt yn de holle fan Roomsken, Kalvinisten, Joaden, en wy fiele mei harren allegearre mei. Hoe't dat kin? It is troch Aggie's sosjale, algemien minsklike pinne."

Bronnen

De webside fan Aggie van der Meer

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Meer, Aggie van der Anna
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om yntertekstualiteit te werkennen en te beoardieljen

Opdracht

1. Kaamsto yn Anna faak wurden/begripen tsjin dy'tst net koest of foel dat ta? Ljochtsje dyn antwurd ta.

2. Aggie van der Meer stiet derom bekend dat se in soad gebrûk makket fan yntertekstualiteit. Lês hjirûnder ûnder boarnen wat dat begryp ynhâldt, ast dat net (mear) witst. Wêrom is it wichtich om yntertekstualiteit te begripen ast in tekst lêst?

3. Hjirûnder sjochst foarbylden fan ferwizingen yn Anna. Skriuw op watst fan de nammen/ûnderwerpen witst of wat se betsjutte. Witst it net? Sykje it dan op. Soargje dat achter elk punt yn it listje wat stiet.

it sanhedrin (s. 21)
Bach (s. 24)
Erlkönig (s. 24)
Proust (s. 77)
Flaubert (s. 77)
kening Herodes (s. 92)
Rote Armee Fraktion (s. 131)
Von Bismarck (s. 165)

4. Set achter alle saken by fraach 3 oft it foarbylden fan yntertekstualiteit binne of dat it oarssoartige ferwizingen binne.

5. Skriuw in stik fan 250-300 wurden dêr'tst yngiest op wat neffens dy de mearwearde is fan (yntertekstuele) ferwizingen yn in literêre roman. Ast ynspiraasje opdochst op ynternet of yn oare boarnen, jou dan oan hokfoar boarnen ast rieplachte hast.

Bronnen

Wikipedy, yntertekstualiteit

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Aggie van der Meer (1927-2023) kaam út Boalsert en skreau Fryske romans, poëzij en toanielwurk. Doe't se jong wie, koe se gjin oplieding dwaan troch de Twadde Wrâldoarloch. Op lettere leeftyd hat se in oplieding folge ta tekenlearares. Se wie fierders aktyf belutsen by de fredesbeweging en in beweging dy't him ynset foar sosjale en biologyske duorsumens ('Leefbaar Friesland'). De measte fan har publikaasjes binne fan nei 2000, doe't se opholden wie mei har wurk. Yn 2019 hat Aggie van der Meer de meast prestizjeuze literêre priis krigen dy't der is foar Fryske literatuer: de Gysbert Japicxpriis. Se krige dy foar har hiele oeuvre.

Ynhâld

Anna giet oer de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. De famylje hat in gruthannel yn stoffen en docht der alles oan om syn namme heech te hâlden. De famylje ûntkomt net oan dôfpotten en ynterne machtsstriid. Twa leden fan de famylje, Anna en Onno, krije in relaasje mei-inoar, dy't troch de rest fan de famylje ôfkard wurdt, omdat Onno in heale neef fan Anna is. As Onno ynienen ferdwynt, begjint Anna út te sykjen wêrom't hy út it sicht ferdwine moast en komme der ferskate famyljegeheimen oan it ljocht.

Swierte

In N3-lêzer dy't fan in útdaging hâldt sil oan dit boek wurdearje kinne dat er oan it tinken set wurdt oer libbensfragen op it mêd fan famyljes en relaasjes. Hy sil it wol dreech fine om it ferhaal goed nei te kommen, omdat it dreech fan opset is. De styl is frij ymplisyt en sil foar de N3-lêzer ek net ienfâldich wêze.
Dit boek past goed by in learling dy't wol wat ynspanning foar in boek leverje wol en is dêrom geskikt foar lêzers op N4. Der wurde in soad personaazjes yntrodusearre en it ferhaal wurdt fragmintarysk ferteld. In N4-lêzer sil dit boek lêze as in yntrigearjend famyljeferhaal en him fêstbite yn de ferteltechnyk en opbou.
Foar de N5-lêzer is dit in nijsgjirrich boek omdat it skreaun is troch in wichtich Frysk skriuwster mei in grutte namme. Der sit in soad byt oan dit boek as it giet om (ferwizingen nei) de kultuerhistoaryske kontekst.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Foar lêzers fan N3 of heger sil der gjin drompel wêze om oan dit boek te begjinnen, as it lêzers binne dy't sin hawwe oan in boek dat wat fan harren freegje.

Ynteresses

In learling mei ynteresse yn skiednis en relaasjes sil nocht hawwe oan dit boek.

Algemiene kennis

Kwa algemiene kennis is it handich om wat te witten fan famyljebedriuwen en famyljerelaasjes.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der sitte aardich wat ferwizingen yn dit boek nei oare literêre wurken en kulturele kopstikken. Ast dy net kenst, is dat net in grut probleem, mar lêzers dy't sokke ferwizingen begripe, sille mear niget oan dit boek hawwe.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is geef en skriuwtalich. Foar in lêzer mei wat ûnderfining yn it Frysk lêzen is it lykwols goed te dwaan, mar it freget wol wat ynspanning.

Sinskonstruksjes

Der wurde gauris bysinnen as haadsin presintearre. De sinnen binne dêrtroch net lang, mar it makket de styl net perfoarst simpeler.

Styl

Der wurde in soad metafoaren brûkt en der wurdt in soad ymplisyt litten. Foar in N3-lêzer kin dat dreech wêze, in N4- of N5-lêzer sil him der better mei rêde kinne.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Dit boek krijt syn spanning troch de relaasjes, net troch de aksje. Foar lêzers fan N3 en heger is dat gjin probleem.

Gronology

It ferhaal is fragmintarysk opboud en spilet yn ferskate tiden. Der wurdt net oanjûn yn hokker tiid ast sitst, dus dat moat de lêzer sels útmeitsje. Foar in N3-lêzer kin dat útdaagjend wêze.

Ferhaalline(n)

De lêzer moat troch de fragmintaryske opbou sels it ferhaal rekonstruearje en dat freget in soad. De N4- en N5-lêzer mei wat mear literêre ûnderfining sil dêr mei út de fuotten kinne. 

Perspektyf

De perspektiven wikselje gauris, mar der stiet by wa't oan it wurd is.

Betsjutting

In N3-lêzer sil betsjutting hechtsje oan dit boek as in ferhaal oer in famyljerelaasjes. In N4-lêzer sil him fernuverje kinne oer de opbou en de styl fan dit ferhaal. In N5-lêzer sil wille oan dit boek belibje kinne omdat der in soad ferwizingen ynsitte en it skreaun is troch in skriuwster mei namme.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters, benammen leden fan de famylje Fan it Hof, steane fier fan de lêzer ôf. De lêzer leart de personaazjes net echt goed kennen, want miskien fral foar de N3-lêzer lestich wêze kin.

Oantal karakters

Dit is in útdaagjend aspekt fan it boek, want der binne in hiel soad personaazjes en benammen oan it begjin fan it boek moat de lêzer in soad nammen ûnthâlde en ferwurkje. De stambeam foaryn it boek is in goed helpmiddel.

Untjouwing fan de karakters

Troch de ymplisite styl kin it foar alle lêzers útdaagjend wêze om de ûntjouwing fan de karakters goed mei te kommen.

Ferantwurding

 

Relevante boarnen foar dosinten

Boekprofyl op tresoar.nl