Fries | niveau 4 | Quist

Quist

Quist

Koos Tiemersma
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2020
Uitgeverij
Het Nieuwe Kanaal
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
238
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • reis
  • libben en dea
  • skuldgefoel
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Liene by de biblioteek Catalogus (hostedwise.nl)

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hyltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe; útjefte yn eigen hân hâlde; ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat Tiemersma foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 mei Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum op papier út.


Inhoud

Julius Quist, in âlderwetske dosint Dútsk op it gymnasium yn Ljouwert, wurdt wekker op de stoeprâne. Troch de pine hinne besiket hy te achterheljen hoe’t er dêr bedarre is. Wylst syn lichem yn in koma rekket, makket de geast him los fan it lichem en belibbet in mysterieuze tocht troch Fryslân ûnderweis nei de eilannen. Underwilens hat hy bysûndere moetingen mei figueren dy’t bytsje by bytsje it ferhaal fan Quist syn libben sketse. De ûngewoane reis hat alles te krijen mei Quist syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie er better net sizze kind.

Leesaanwijzingen

Koos Tiemersma hat in byldzjende literêre styl (mei in protte metafoaren). Sa no en dan ferwiist Tiemersma nei oare skriuwers: it kin dy mear aardichheid jaan oan it ferhaal om dizze skriuwers en harren ferhalen op te sykjen. Om’t de haadpersoan in soad op it ferline reflektearret, sitte der sa no en dan sprongen yn de tiid fan it ferhaal. Dêr moatst yn it begjin miskien oan wenne.

Om over na te denken

Kinne je de ferkearde keuzes út it ferline bydraaie?


Waardering

Quist is in aventoerlike roman, fernimstich opset, mei prachtige beskriuwingen. Stadichoan wurdt men hieltyd wizer oer hoe’t it no krekt sit mei Quist en dan docht bliken hoe betûft de skriuwer boarte hat mei de ferwachtingen fan de lêzer.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant


‘Het einde van deze voortreffelijke roman is verrassend, met een geweldige climax in het voorlaatste hoofdstuk en een bedrieglijk zoetsappig lijkend laatste hoofdstuk met als titel ‘Sûnder ein sa djip’, waar uiteindelijk heel veel samenkomt wat eerder in het boek een rol speelde.’
Jelle van der Meulen blog

Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: biografyske skets

Koos Tiemersma eigen website

Besprek yn de Leeuwarder Courant

Besprek op Frieseliteratuur.nl

Samengesteld door

Fardau Visser

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Koos Tiemersma Quist
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusplot
Learst

om dyn kreative skriuwfeardigens en ferbyldingskrêft yn te setten

Opdracht

Yn it ferhaal fan Quist hat de skriuwer in ferrassende ûntknoping betocht, dy’t miskien net oerienkaam mei dyn eigen ferwachtingen. Yn dizze opdracht giesto sels oan de slach as skriuwer om in alternative ûntknoping te betinken.

  1. Wat fynsto fan de manier wêrop’t de skriuwer it ferhaal ta in ein bringt yn it haadstik ‘Sûnder ein sa djip’? Jou dyn miening yn likernôch 100 wurden.
  2. Skriuw in koart ferhaal fan sa’n 350 wurden dêr’tst in alternative ûntknoping yn betinkst foar it ferhaal fan Quist. Dit kin in oar ein wêze, in parallel universum, of in flashback of flashforward nei in belangryk barren. Soargje derfoar dat dyn koarte ferhaal oerienkomt mei de tema's en personaazjes fan it oarspronklike ferhaal.
Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Quist
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskarakteranalyze
Learst

De feroaring fan de haadpersoan te begripen

Opdracht

Julius Quist docht troch syn hast-deaûnderfining in soad ynsichten op dy’t him feroarje as persoan. De Quist dy’t de tocht meimakket, en de Quist yn it lêste haadstik fan it boek, binne suver twa ferskillende persoanen.

  1. Meitsje in karakteranalyze fan Quist foar de tocht en Quist nei de tocht. Beskriuw oan elke kant trije eigenskippen. Ien eigenskip is al ynfold as foarbyld.

    Quist foar syn tocht                                                                      

1. Fasinearre troch de lear fan ferneamde skriuwers                              

2.                                                                                                       

3.                                                                                                       

4.                                                                                                       

Quist nei syn tocht

1. Klear mei it geëamel fan skriuwers

2.

3.

4.

  1. Hokker ferzje fan Quist soest it leafst as learaar Dútsk hawwe wolle? De Quist fan foar of nei syn tocht? Lis út wêrom.

  2. By “of dochs net” op s.236 wurdt dúdlik dat it ferhaal oars ôfrint as de lêzer ferwachtet. Wat feroaret, neffens dy, de ein fan it boek oan de feroaring dy’t Quist meimakke hat?
Makke trochFardau Visser

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Koos Tiemersma Quist
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel of tegearre
Fokusmotiven
Learst

Motiven en symboalen te werkennen en beskriuwen

Opdracht

Yn it boek triuwt Quist lange tiid in rolstoel foar him út dy’t net fan himsels is. Dizze rolstoel kin sjoen wurde as in motyf.

In motyf is in foarwerp, ferskynsel of barren dat ferskate kearen yn in ferhaal foarkomt en in mear as gewoane (symboalyske) betsjutting hat.

  1. Skriuw yn sawat 100 wurden op watsto tinkst dat de rolstoel symbolisearret yn it ferhaal. Beskriuw hoe't de rolstoel brûkt wurdt yn it ferhaal en hokker betsjutting it ha kin foar de haadpersoan.
  2. Tink nei oer oare mooglike motiven yn it ferhaal, lykas foarwerpen dy't Quist by him draacht of ferskynsels en dingen dy't hy tsjinkomt op syn reis. Bepraat dizze mooglike motiven mei dyn klasgenoat en fergelykje jim ynterpretaasjes. Kies dêrnei ien motyf út om tegearre djipper te analysearjen. As’t de opdracht allinnich makkest, kiest sels foar in motyf datst fierder útwurkest.

Skriuw in koart ferslach dêr’t jim jim befiningen yn gearfetsje. Lis út hokker motyf jim keazen hawwe, wat jim tinke dat it symbolisearret en hoe't it bydraacht oan it begryp fan it ferhaal.

Bronnen

Wikipedy oer motyf

Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Quist
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokustema
Learst

Tematyk fan it boek út te lizzen oan de hân fan foarfallen yn it boek

Opdracht

Op syn tocht komt Julius Quist ferskate persoanen tsjin. Yn de ynteraksje mei de persoanen, en foaral de refleksje fan Quist dêrop, learst hieltyd mear oer Quist syn libben en de keuzes dy’t hy makke hat.

  1. Omskriuw by elk fan de ûndersteande persoanen yn sa’n 100 wurden de wichtichste tema's dy't nei foaren komme yn de moetingen dy’t Julius Quist mei se hat.

    -Ans en Sierd mei de twilling
    -De dûmny
    -It famke dat frege oft Quist har pake wêze wol

  2. Hat it boek neffens dy in haadboadskip? Beskriuw dizze en fertel watst der fan fynst.
Makke trochFardau Visser

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Koos Tiemersma Quist
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om it motto fan it boek te begripen en yn kontekst te pleatsen

Opdracht
  1. As motto foaryn it boek stiet “Zwei Seelen wohnen, ach! In meier Brust” fan filosoof Goethe. Sykje de betsjutting fan dit sitaat op en lês oer de leginde dêr’t dit sitaat oan ferbûn is.

  2. Wat is neffens dy de ferbining tusken it motto en it ferhaal fan it boek? Lis út.

  3. Hjirûnder steane in oantal eleminten dy’t in Faustiaanse fertelling typearje. Kies trije fan dizze eleminten en skriuw by elk fan de trije eleminten op hoe’t dat weromkomt yn Quist, beneam dêrby konkrete foarbylden út it ferhaal.
  • De winsk of it stribjen fan de haadpersoan nei dat wat ûnberikber is.
  • De yntroduksje fan in frjemdling of boppenatuerlik wêzen dat in deal oanbiedt.
  • In oerienkomst mei de duvel en de betingsten dêrfan.
  • It libben fan de haadpersoan nei it oangean fan de oerienkomst.
  • De ûnfoarsjoene gefolgen fan de oerienkomst.
  • De ôfrin fan de oerienkomst en de ympakt dêrfan op de haadpersoan.
Bronnen

Koarte útlis fan it ferhaal fan Faust (Ingelsk)

Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Quist
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst3
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

In miening te foarmjen oer de skriuwstyl en tematyk basearre op literatuerteory

Opdracht

Yn haadstik 8 ‘Experiment versus psychologie: Het proza na de jaren zestig’ út Zolang de wind van de wolken waait (2006) stiet it folgjende beskreaun oer de skriuwer:

Koos Tiemersma (*1952), basisschoolleraar, debuteerde in 2002 met de lijvige roman De ljedder (‘De ladder’), waarin hoofdpersoon Jacob Nauta teruggaat naar zijn jeugdjaren. Hij wordt gekweld door gevoelens van schuld over de dood van een joodse man die enige tijd in zijn ouderlijk huis was ondergedoken. Tiemersma liet met dit debuut duidelijk zien dat hij zowel over compositorisch vermogen als over een beweeglijke stijl beschikte, maar hij vertilde zich ook wat aan zijn onderwerp. Evenwichtiger en beter is zijn tweede roman, De mjitte (‘De maat’, 2004), waarin de geleidelijke maar onomkeerbare neergang van een familie wordt beschreven. Ook in dit boek keert de hoofdfiguur, Mette Dou, terug naar een dramatisch verleden. Tiemersma weet zijn lezers er dit keer echt van te overtuigen dat zijn hoofdpersoon terug in de tijd moet om met zichzelf in het reine te komen. Zijn fantasierijke taalgebruik heeft aan concentratie en persoonlijkheid gewonnen.

  1. Hokker parallellen sjochsto tusken Quist en de omskriuwing hjirboppe fan De ljedder en De mjitte? Omskriuw dizze parallellen yn sa’n 150 wurden.
  2. Werkensto it ‘fantasierijke taalgebruik’ en de ‘beweeglijke stijl’ ek yn Quist? Omskriuw wêrom wol of wêrom net yn sa’n 150 wurden. Brûk dêrby foarbylden út it boek.
  3. Yn de beskriuwing wurdt sprutsen oer it ‘compositorisch vermogen’ fan Tiemersma yn it skriuwen fan De ljedder. Sykje op wat bedoeld wurdt mei compositorisch vermogen. Fynsto dat Tiemersma ek yn Quist syn kompositoarysk fermogen nei foaren bringt? Lis út wêrom wol of net yn sa’n 150 wurden.

Kin Tiemersma dy ek oertsjûgje dat Julius Quist werom moat yn de tiid om yn it reine te kommen? Lis út óf en op welke manier hy dat neffens dy wol of net docht yn sa’n 150 wurden.

Bronnen

DBNL: Zolang de wind van de wolken waait

Makke trochFardau Visser

Docenteninformatie

Yntroduksje
Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hyltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe; útjefte yn eigen hân hâlde; ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat Tiemersma foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 mei Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum op papier út.

Ynhâld
Julius Quist, in âlderwetske dosint Dútsk op it gymnasium yn Ljouwert, wurdt wekker op de stoeprâne. Troch de pine hinne besiket hy te achterheljen hoe’t er dêr bedarre is. Wylst syn lichem yn in koma rekket, makket de geast him los fan it lichem en belibbet in mysterieuze tocht troch Fryslân ûnderweis nei de eilannen. Underwilens hat hy bysûndere moetingen mei figueren dy’t bytsje by bytsje it ferhaal fan Quist syn libben sketse. De ûngewoane reis hat alles te krijen mei Quist syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie hy better net sizze kind.

Swierte
De Faustiaanse fertelling fan Quist freget in wat hegere literêre kompetinsje fan de learling. N4- en N5-lêzers sille de motiven en yntertekstualiteiten wurdearje, mar N3-lêzers hawwe dêr miskien mear muoite mei. It ferhaal behannelet in pear drege tema’s, sa as de konfrontaasje mei it ferline en fergonklikens en stjerlikens, troch in reflektive fertelstyl.

 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om omtinken te jaan oan details, symbolyk
en de ûnderlizzende boadskippen fan it ferhaal en iepen stean foar
in magysk-realistyske skriuwstyl. In N3-lêzer kin dit dreech fine.

Ynteresses

Quist is geskikt foar lêzers dy’t hâlde fan ferhalen mei meardere lagen
en psychyske en eksistinsjele tema's.

Algemiene kennis

It begripen fan it ferhaal ferget wat kennis fan de Faustleginde en
begryp fan filosofyske konsepten lykas it eksistinsjalisme.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Foar in lêzer dy’t wat kennis hat fan auteurs lykas Goethe en Vestdijk,
sil dit boek ynsichtliker wêze. It is net essinsjeel om it ferhaal te
begripen. De N5-lêzer sil hjir aardichheid oan hawwe.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn Quist steane net in protte lestige wurden. Somtiden steane der
minder bekende útdrukkings yn, sa as ‘spile er net fan ruten’, mar
trochdat dy wurden yn in kontekst stean, hoecht it wurdboek der
net altyd fuortendaliks by pakt te wurden. Dat is oantreklik foar
de lêzer.

Sinskonstruksjes

De sinskonstruksjes sille gjin problemen opsmite. De skriuwer wikselt
tusken tige koarte sinnen en sinnen mei ien of mear bysinnen.

Styl

Kwa styl wurdt it ferhaal tige byldzjend opskreaun en befettet it boek
in soad (grappige) dialogen. Bepaalde monologen steane yn it kursyf
en guon dialogen binne ôfkadere, om oan te jaan dat sy in bepaalde
betsjutting hawwe foar it ferhaal. De skriuwer wurket ek mei de
personifikaasje fan foarwerpen

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Om’t it om in reis giet en de haadpersoan in soad minsken treft, ferrint
it ferhaal aardich rap. It ferhaal behâldt benammen spanning troch de
ferrassende ûntknoping en de saken út it ferline dy’t hieltyd mear oan 
it ljocht komme.

Gronology

It ferhaal yn Quist wurdt gronologysk ferteld, mei flashbacks en
flashforwards, dy’t net altyd dúdlik markearre binne.
Foar N3-lêzers is de gronology in útdaging.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline. De lêzer kin sels ûnderskiede
dat de fysike reis it ramt is fan de inerlike reis fan de haadpersoan.

Perspektyf

Der is ien perspektyf yn it ferhaal. Der is sprake fan in personale fertelsituaasje.

Betsjutting

In N3-lêzer sil him rjochtsje op de emosjonele reis fan de haadpersoan.
In N4-lêzer sil ynteressearre wêze yn de symbolyk en de bredere
betsjutting fan de reis fan Ljouwert nei Harns. In N5-lêzer sil genietsje
fan de ferwizingen en yntertekstuele leminten yn.
Se sille ek ynteressearre wêze yn de eftergrûn fan de auteur en hoe't 
literêre tradysjes en filosofyske ideeën it skriuwen beynfloede hawwe.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer sil him net gau werkenne kinne yn de âldere, autoritêre haadpersoan. 
Oare karakters yn it boek hawwe foaral in symboalyske rol en tsjinje
as in spegel foar de haadpersoan: in N3-lêzer kin dat dreech fine.

Oantal karakters

De hoemannichte fan it oantal personaazjes is goed nei te kommen.
Oare personaazjes stypje de ûntjouwing fan de haadpersoan,
dêr’t de fokus op leit.

Untjouwing fan de karakters

Dit boek is in echte ûntjouwingsroman: op syn tocht reflektearret
de haadpersoan op it libben dat hy oant no ta libbe hat en begjint
hy him hieltyd mear ôf te freegjen oft hy de goede karren makke hat.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Auteursprofyl op Tresoar