
Blau fan dagen, griis fan ônrust
- Niveau
- Niveau 5
- Jaar uitgave
- 2022
- Uitgeverij
- Louise
- Plaats
- Grou
- Aantal pagina's
- 197
- Genre
-
- roman
- Tags
-
- bilt
- reis
- syktocht
- identiteit
- Taalniveau
- C1
Over de auteur
Blau fan dagen, griis fan ônrust is it romandebút fan Gerard Marcel de Jong. Hy is neist skriuwer ek sjoernalist en hy úteret him yn it Biltsk, syn memmetaal. Boppedat wurket er as meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke, dêr’t er him ynset foar it Nederlânsk, Frysk, Biltsk en it Stedsfrysk fan Frjentsjer. Dêrneist is hy ek noch bestjoerslid by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en de Stichting Nederlandse Dialecten (SND). Mei syn romandebút hat er de earste roman yn de Biltske taal skreaun. It boek hat yn 2024 de Rink van der Velde-priis wûn.
Inhoud
Dit boek giet oer Sierd Lautenbag, in keunstskilder dy’t mei syn Biltse lânskippen de top berikt hat. Hy is suksesfol, mar op in stuit rint er fêst. De dea fan syn heit hat er ek noch hieltyd net in plak jaan kinnen. It soarget foar spanningen tusken him en syn frou. As er de kâns kriget om trije moannen nei Baskelân te gean yn it ramt fan in útwikselingprogramma tusken keunstners, grypt er dy oan. Der folget in inerlike syktocht dêr’t syn selsbyld, relaasje en hûshâlding mei feroaret.
Leesaanwijzingen
Blau fan dagen, griis fan ônrust is in boek dat ta de ferbylding sprekt. As earste yn it Biltsk skreaune roman hast in bysûnder boek yn hannen. De syktocht fan haadpersoan Sierd bringt dy as lêzer op in tal bysûndere plakken. Dy plakken komme net hieltyd op gronologyske wize foarby yn it ferhaal en dat is wat it lêzen fan dit boek útdaagjend meitsje kin. Ast dy dêr bewust fan bist, dan lêst it goed troch. It ferhaal wurdt oansprekkend ferteld, mei troch de wiidweidige beskriuwingen fan guon lokaasjes en situaasjes.
Om over na te denken
Wat soesto dwaan ast fêstrinst yn dyn eigen wenplak? Hoe kinst omgean mei it gefoel dat alle dagen itselde binne? Kinst loskomme fan dyn eigen ferline?
Waardering
“’Deacon Bildts’ bysûnder betúfte roman” Doeke Sijens LC 7-2-2023
“En no leit de wrâld echt foar him iepen. Wat er dermei dwaan sil? Wa wit sil De Jong ús dat noch fertelle… Mar Blau fan dagen... is in boek dat je faker lêze sille. En dat seit genôch.” Sjueryrapport Rink van der Veldepriis.
Opmerkingen
Dit boek is skreaun yn it Bilkersk, net yn it Frysk.
Leestips/meer weten
Fraachpetear mei de skriuwer troch Omrop Fryslân.27-11-2022
Fraachpetear mei de skriuwer troch de Leeuwarder Courant, Jacob Haagsma, 09-12-22
Fraachpetear mei de skriuwer troch it Friesch Dagblad, Jan Ybema, 31-12-22
Boekresinsje Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant, 07-02-2023
Aanbevolen
Opdrachten
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | styl en oertsjûging |
Learst | om in pakkende beskriuwing te jaan oer de Fryske kultuer |
Opdracht | Op side 134 beskriuwt de haadpersoan hoe’t er in stoomkursus Baskyske kultuer folge hat en wat dêr allegearre oan te pas komt.
|
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Boek | Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | styl |
Learst | om sels in byldzjend stik te skriuwen, lykas de auteur |
Opdracht | Op side 132 kinne we lêze hoe’t Sierd him ôffreget oft ien foar altyd ferwûndere wêze kin oer syn eigen omjouwing.
|
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 3 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resepsje |
Learst | om in miening te foarmjen oer in boek |
Opdracht | Gerard Marcel de Jong hat mei Blau fan dagen, griis fan ônrust de Rink van der Veldepriis wûn yn 2024. De sjuery seit oer it boek: “een beklemmend en louterend boek dat de lezer laat nadenken over identiteit, de plaats waar je bent opgegroeid en het dilemma van blijven of loslaten en weggaan.”
|
Bronnen | Boekresinsje: ‘Deacon Bildts’ bysûnder betúfte roman - NDC mediagroep - De Krant van Toen |
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Boek | Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 3 |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatallen |
Fokus | ferhaalline |
Learst | om te reflektearjen op styl en in oersjoch te krijen fan it libben fan de haadpersoan |
Opdracht | Yn it boek makket de skriuwer faak gebrûk fan sprongen yn de tiid. It ferhaal wurdt net gronologysk ferteld en we lêze faak oer it ferline fan Sierd.
|
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Blau fan dagen, griis fan ônrust is it romandebút fan Gerard Marcel de Jong. Hy is neist skriuwer ek sjoernalist en hy úteret him yn it Biltsk, syn memmetaal. Boppedat wurket er as meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke, dêr’t er him ynset foar it Nederlânsk, Frysk, Biltsk en it Stedsfrysk fan Frjentsjer. Dêrneist is hy ek noch bestjoerslid by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en de Stichting Nederlandse Dialecten (SND). Mei syn romandebút hat er de earste roman yn de Biltske taal skreaun. It boek hat yn 2024 de Rink van der Velde-priis wûn.
Ynhâld
Dit boek giet oer Sierd Lautenbag, in keunstskilder dy’t mei syn Biltse lânskippen de top berikt hat. Hy is suksesfol, mar op in stuit rint er fêst. De dea fan syn heit hat er ek noch hieltyd net in plak jaan kinnen. It soarget foar spanningen tusken him en syn frou. As er de kâns kriget om trije moannen nei Baskelân te gean yn it ramt fan in útwikselingprogramma tusken keunstners, grypt er dy oan. Der folget in inerlike syktocht dêr’t syn selsbyld, relaasje en hûshâlding mei feroaret.
Swierte
Foar N4-lêzers en N5-lêzers is it in nijsgjirrich boek. It is fansels skreaun yn it Biltsk en dat kin wat swierrichheden opleverje. In lêzer dy’t fan hûs út Biltsk praat, kin nei wat wennen it boek goed lêze. De Frysktaligen hawwe miskien krekt wat langer de tiid nedich om de taal yn skreaune foarm goed te begripen. As de lêzer iepenstiet foar in oare taal, dy’t wol liket op it Frysk, dan went it seker al. Ynhâldlik sjoen is it foar de N4-, en N5-lêzer in oantreklik boek. De fraachstikken dêr’t de haadpersoan mei wrakselet út sawol syn priveelibben as de gruttere fraachstikken dy’t hearre by it diel útmeitsjen fan in minderheid sette de lêzer oan it tinken. De gruttere tema’s lykas de selsmoard fan de heit fan Sierd en it mei in oar gean fan himsels kinne foar guon lêzers dreech wêze. De ferhaalline kin bytiden ek wat betiizjend wêze, bygelyks troch de net gronologyske fertelling.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It boek stiet net yn direkt ferbân mei middelbere skoalle learlingen. Wol komme der sa út en troch passaazjes foarby dy’t oer de haadpersoan syn jongere jierren gean. Dêr kin de lêzer him wol yn werkenne. It jout ynsjoch yn it libben fan in folwoeksen man dy’t wrakselet mei wat er no noch fierder wol yn it libben. Dat tinken oer libbensdoelen, dat kin in learling wol werkenne. |
Ynteresses |
Ynteresse yn it Biltske lânskip en taal stipet de lêsûnderfining. In grut ynlibbingsfermogen docht dat ek. |
|
Algemiene kennis |
Foar it lêzen is it goed om basiskennis te hawwen fan hoe’t it Biltske lânskip derút sjocht. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fan tapassing. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It taalgebrûk fan de De Jong mei as ryk beskôge wurde. De wurdkar is net al te dreech, mar bygelyks omjouwingen, minsken en romtes wurde wiidweidich beskreaun. Foar sawol de N4-, N5- en N6-lêzer in moaie ferdjipping. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne net dreech om te lêzen. Langere en koartere sinnen wikselje inoar hieltyd ôf. |
|
Styl |
De Jong wikselet koarte dialogen ôf mei beskriuwingen fan lokaasjes, flashbacks en de tinzen fan de haadpersoan. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De spanning yn it boek sit him yn ferskate saken. De haadpersoan draacht in oantal geheimen mei him mei en docht sa út en troch dingen dy’t de lêzer beskôgje kin as net winsklik. Boppedat wurdt lang yn it midden holden wa’t de ûnbekende frou op de begraffenis wie. |
Gronology |
It ferhaal wurdt net perfoast gronologysk ferteld. Der wurde in soad sprongen yn de tiid makke. Sawol foar as efterút. Dat kin foar de N4-lêzer guontiden foar betizing soargje. Ek de N5- en N6-lêzer moat de kop der goed byhâlde. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaallinen rinne troch de sprongen yn de tiid troch elkoar. Wol giet it ferhaal hieltyd oer de haadpersoan Sierd. It giet oer syn libben, earder en no. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld fan it perspektyf fan de alwittende ferteller út. De ferteller wurdt ôfwiksele mei in soad dialooch. |
|
Betsjutting |
Troch de sprongen yn de tiid is it dreger om ta in folslein begryp fan it ferhaal te kommen. In N5- en N6-lêzer sil hjir minder muoite mei hawwe. It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen dy’t ferwize nei maatskiplike diskusjes. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De haadpersoan Sierd is it wichtichste karakter. De lêzer kriget hieltyd better in byld fan syn persoanlikheid en de karren dy’t er makket. Fierder hawwe syn partner Ilse, syn dochter Hanna en syn Baskyske kontakt Amaia in grutte rol yn de ûntwikkeling dy’t Sierd trochmakket yn it boek. |
Oantal karakters |
It oantal útwurke karakters is goed te oersjen. It giet oer de lytse sirkel fan minsken om Sierd hinne. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Sierd makket dúdlik in ûntjouwing troch yn it ferhaal. Hy is ûnwis oer syn takomst as skilder en oer syn libben op it Bildt. Hy giet op ûntdekkingsreis en komt efter wat der foar him it meast belangryk is. De oare karakters ûntjouwe harren net sa bot mar spylje allegearre in rol yn de ûntwikkeling dy’t Sierd trochmakket. |
|
Ferantwurding |
||
Relevante boarnen foar dosinten |
Nijsartikel Omrop Fryslân oer earste roman yn it Biltsk
|