Fries | niveau 5 | Blau fan dagen, griis fan ônrust

Blau fan dagen, griis fan ônrust

Blau fan dagen, griis fan ônrust

Gerard Marcel de Jong
Niveau
Niveau 5
Jaar uitgave
2022
Uitgeverij
Louise
Plaats
Grou
Aantal pagina's
197
Genre
  • roman
Tags
  • bilt
  • reis
  • syktocht
  • identiteit
Taalniveau
C1

Over de auteur

Blau fan dagen, griis fan ônrust is it romandebút fan Gerard Marcel de Jong. Hy is neist skriuwer ek sjoernalist en hy úteret him yn it Biltsk, syn memmetaal. Boppedat wurket er as meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke, dêr’t er him ynset foar it Nederlânsk, Frysk, Biltsk en it Stedsfrysk fan Frjentsjer. Dêrneist is hy ek noch bestjoerslid by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en de Stichting Nederlandse Dialecten (SND). Mei syn romandebút hat er de earste roman yn de Biltske taal skreaun. It boek hat yn 2024 de Rink van der Velde-priis wûn. 

Inhoud

Dit boek giet oer Sierd Lautenbag, in keunstskilder dy’t mei syn Biltse lânskippen de top berikt hat. Hy is suksesfol, mar op in stuit rint er fêst. De dea fan syn heit hat er ek noch hieltyd net in plak jaan kinnen. It soarget foar spanningen tusken him en syn frou. As er de kâns kriget om trije moannen nei Baskelân te gean yn it ramt fan in útwikselingprogramma tusken keunstners, grypt er dy oan. Der folget in inerlike syktocht dêr’t syn selsbyld, relaasje en hûshâlding mei feroaret.

Leesaanwijzingen

Blau fan dagen, griis fan ônrust is in boek dat ta de ferbylding sprekt. As earste yn it Biltsk skreaune roman hast in bysûnder boek yn hannen. De syktocht fan haadpersoan Sierd bringt dy as lêzer op in tal bysûndere plakken. Dy plakken komme net hieltyd op gronologyske wize foarby yn it ferhaal en dat is wat it lêzen fan dit boek útdaagjend meitsje kin. Ast dy dêr bewust fan bist, dan lêst it goed troch. It ferhaal wurdt oansprekkend ferteld, mei troch de wiidweidige beskriuwingen fan guon lokaasjes en situaasjes. 

Om over na te denken

Wat soesto dwaan ast fêstrinst yn dyn eigen wenplak? Hoe kinst omgean mei it gefoel dat alle dagen itselde binne? Kinst loskomme fan dyn eigen ferline?

Waardering

“’Deacon Bildts’ bysûnder betúfte roman” Doeke Sijens LC 7-2-2023

“En no leit de wrâld echt foar him iepen. Wat er dermei dwaan sil? Wa wit sil De Jong ús dat noch fertelle… Mar Blau fan dagen... is in boek dat je faker lêze sille. En dat seit genôch.” Sjueryrapport Rink van der Veldepriis.

Opmerkingen

Dit boek is skreaun yn it Bilkersk, net yn it Frysk.




Leestips/meer weten

Fraachpetear mei de skriuwer troch Omrop Fryslân.27-11-2022


Fraachpetear mei de skriuwer troch de Leeuwarder Courant, Jacob Haagsma, 09-12-22


Fraachpetear mei de skriuwer troch it Friesch Dagblad, Jan Ybema, 31-12-22


Boekresinsje Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant, 07-02-2023

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl en oertsjûging
Learst

om in pakkende beskriuwing te jaan oer de Fryske kultuer

Opdracht

Op side 134 beskriuwt de haadpersoan hoe’t er in stoomkursus Baskyske kultuer folge hat en wat dêr allegearre oan te pas komt.

  1. Lês side 134 nochris troch.
  2. Soe Sierd him sneller te plak fiele op syn nije plak yn Baskelân nei sa’n stoomkursus?
  3. Tink dy yn datsto oan immen út Baskelân in stoomkursus Fryske kultuer jaan soest. Wat soesto dan oan dy persoan fertelle wolle en wêrom?
  4. Skriuw in stoomkursus Fryske taal en kultuer. Nim de lêzer mei yn dyn miening oer de Fryske taal en kultuer. Bisto bygelyks bliid mei bepaalde stereotypen dy’t bestean by de Fryske kultuer of net? Beskriuw dat yn sa’n 300-500 wurden.
  5. Sjochsto wol of net oerienkomsten yn watsto ien leare soest dy’t nei Fryslân komt en yn wat Sierd leart oer Baskelân?
Makke trochSibrecht Veenstra
Boek Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstyl
Learst

om sels in byldzjend stik te skriuwen, lykas de auteur

Opdracht

Op side 132 kinne we lêze hoe’t Sierd him ôffreget oft ien foar altyd ferwûndere wêze kin oer syn eigen omjouwing.

  1. De skriuwer makket in soad gebrûk fan wiidweidige beskriuwingen fan omjouwingen. Tink bygelyks oan “…’n geluudsdekôr dat feulkleurig is maar niet storend, dat fol is maar niet bombastys, dat delbêdt in ’t plak fan opjaagt?” (s.132) of “Henks huus had wat dat angaat de finger knap an de pols fan de tiid. De klainste erbaaiershússys – niet meer as de eklektise, deur dreunende trekkers en frachtauto’s skeeftrilde, fersamelings rooie baksteen, kompleet met muurskeuren en groen ansloegene krêmewitte kezinen – kwammen foor hallusinante bedragen op Funda te staan.’’ (s. 10-11)
  2. Wat dogge dat soartefan wiidweidige omskriuwingen mei dy as lêzer?
  3. Wat tinksto? Kinsto dy noch hieltyd ferwûnderje oer dyn wenomjouwing?
  4. Beskriuw dyn eigen wenomjouwing en jou dêrby safolle mooglik details. Tink oan lûden dy’tst der hearst, minsken dy’t der wenje en rinne, kleuren dy’tst sjen kinst, it lânskip dat miskien wol feroaret, de gebouwen dy’tst sjochst, geuren dy’t der binne. Skriuw op sa’n wize dat de lêzer nijsgjirrich wurdt nei dyn omjouwing. Doch dat yn sa’n 200-400 wurden.
Makke trochSibrecht Veenstra

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst3
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om in miening te foarmjen oer in boek

Opdracht

Gerard Marcel de Jong hat mei Blau fan dagen, griis fan ônrust de Rink van der Veldepriis wûn yn 2024. De sjuery seit oer it boek: “een beklemmend en louterend boek dat de lezer laat nadenken over identiteit, de plaats waar je bent opgegroeid en het dilemma van blijven of loslaten en weggaan.”

  1. Soesto Blau fan dagen, griis fan ônrust ek in priis jaan asto de sjuery wêze soest fan in literêre priis? Jou trije arguminten dy’t oanjouwe wêrom as’t it boek wol of net in priis jaan soest.
  2. Lês no it sjueryrapport datst fine kinst by de boarnen.
  3. Ferlykje dyn arguminten mei it sjueryrapport. Op hokker wize komme dyn arguminten wol of net oerien mei it sjueryrapport? Beskriuw dat yn sa’n 200 wurden.
  4. Lês de boekresinsje dy’tst fine kinst by de boarnen.
  5. Ferlykje dyn miening mei dy fan de resinsint. Krije de oare figueren út it ferhaal in eigen identiteit? Fynsto Sierd ek in einzelgânger? Wat fynsto de moaiste stikken? Doch dat yn sa’n 150 wurden.
  6. It sjueryrapport einiget mei: “Wa wit sil De Jong ús dat noch fertelle… Mar Blau fan dagen... is in boek dat je faker lêze sille. En dat seit genôch.”. Soesto sels it boek ek nochris lêze wolle? Wêrom wol of net?
Bronnen

Boekresinsje: ‘Deacon Bildts’ bysûnder betúfte roman - NDC mediagroep - De Krant van Toen
Sjueryrapport: FLMD-Sjueryrapport-Rink-van-der-Veldepriis-2024.pdf

Makke trochSibrecht Veenstra
Boek Gerard Marcel de Jong Blau fan dagen, griis fan ônrust
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst3
Wurkfoarmyndividueel of yn twatallen
Fokusferhaalline
Learst

om te reflektearjen op styl en in oersjoch te krijen fan it libben fan de haadpersoan

Opdracht

Yn it boek makket de skriuwer faak gebrûk fan sprongen yn de tiid. It ferhaal wurdt net gronologysk ferteld en we lêze faak oer it ferline fan Sierd.

  1. Wêrom soe de skriuwer gebrûk makke hawwe fan it meitsjen fan sprongen yn de tiid by it fertellen fan dit ferhaal?
  2. Wat is it effekt dat dy tiidssprongen op dy hawwe as lêzer?
  3. Meitsje mei in klassegenoat in tiidline fan Sierds libben dêr’t de meast wichtige mominten út syn jeugd en út it libben dat him no ôfspilet in plak krije. Tink oan it ferstjerren fan syn heit, de ferkearing mei Ilse, de eksposysje yn Amsterdam en de reis nei Baskelân. Fansels kin dêr noch folle mear tusken, foar en efter.
    Betink sels hoe’t de tiidline makke wurdt. Dat kin op de kompjûter of mei papier. Der kinne in soad plaatsjes by of der kin mear mei tekst wurke wurde.
  4. Wat falt op yn de tiidline? Oer hokker perioade(n) út Sierd syn libben komt de lêzer eins neat te witten?
  5. Wat soe de skriuwer berikke wolle mei it iepenlitten fan guon tiidrekken út it libben fan de haadpersoan? Is de skriuwer dêryn slagge? Lis dyn antwurd út yn sa’n 50 wurden.
Makke trochSibrecht Veenstra

Docenteninformatie

Yntroduksje
Blau fan dagen, griis fan ônrust is it romandebút fan Gerard Marcel de Jong. Hy is neist skriuwer ek sjoernalist en hy úteret him yn it Biltsk, syn memmetaal. Boppedat wurket er as meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke, dêr’t er him ynset foar it Nederlânsk, Frysk, Biltsk en it Stedsfrysk fan Frjentsjer. Dêrneist is hy ek noch bestjoerslid by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en de Stichting Nederlandse Dialecten (SND). Mei syn romandebút hat er de earste roman yn de Biltske taal skreaun. It boek hat yn 2024 de Rink van der Velde-priis wûn. 

Ynhâld
Dit boek giet oer Sierd Lautenbag, in keunstskilder dy’t mei syn Biltse lânskippen de top berikt hat. Hy is suksesfol, mar op in stuit rint er fêst. De dea fan syn heit hat er ek noch hieltyd net in plak jaan kinnen. It soarget foar spanningen tusken him en syn frou. As er de kâns kriget om trije moannen nei Baskelân te gean yn it ramt fan in útwikselingprogramma tusken keunstners, grypt er dy oan. Der folget in inerlike syktocht dêr’t syn selsbyld, relaasje en hûshâlding mei feroaret.

Swierte
Foar N4-lêzers en N5-lêzers is it in nijsgjirrich boek. It is fansels skreaun yn it Biltsk en dat kin wat swierrichheden opleverje. In lêzer dy’t fan hûs út Biltsk praat, kin nei wat wennen it boek goed lêze. De Frysktaligen hawwe miskien krekt wat langer de tiid nedich om de taal yn skreaune foarm goed te begripen. As de lêzer iepenstiet foar in oare taal, dy’t wol liket op it Frysk, dan went it seker al. Ynhâldlik sjoen is it foar de N4-, en N5-lêzer in oantreklik boek. De fraachstikken dêr’t de haadpersoan mei wrakselet út sawol syn priveelibben as de gruttere fraachstikken dy’t hearre by it diel útmeitsjen fan in minderheid sette de lêzer oan it tinken. De gruttere tema’s lykas de selsmoard fan de heit fan Sierd en it mei in oar gean fan himsels kinne foar guon lêzers dreech wêze. De ferhaalline kin bytiden ek wat betiizjend wêze, bygelyks troch de net gronologyske fertelling.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek stiet net yn direkt ferbân mei middelbere skoalle learlingen. Wol komme der sa út en troch passaazjes foarby dy’t oer de haadpersoan syn jongere jierren gean. Dêr kin de lêzer him wol yn werkenne. It jout ynsjoch yn it libben fan in folwoeksen man dy’t wrakselet mei wat er no noch fierder wol yn it libben. Dat tinken oer libbensdoelen, dat kin in learling wol werkenne.

Ynteresses

Ynteresse yn it Biltske lânskip en taal stipet de lêsûnderfining. In grut ynlibbingsfermogen docht dat ek.

Algemiene kennis

Foar it lêzen is it goed om basiskennis te hawwen fan hoe’t it Biltske lânskip derút sjocht.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fan tapassing.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It taalgebrûk fan de De Jong mei as ryk beskôge wurde. De wurdkar is net al te dreech, mar bygelyks omjouwingen, minsken en romtes wurde wiidweidich beskreaun. Foar sawol de N4-, N5- en N6-lêzer in moaie ferdjipping. 
Foarbyld: “Sierd sjoude syn spullen allegaar na bovenen, fia ’n betonnene trap tussen ’n kafee en ’n winkeltsy met soeveniers. De treden waren deur eeuwenlang brúkken diep útsleten in ’t midden, soadat ’t ’n soort halve koemen waren.”

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net dreech om te lêzen. Langere en koartere sinnen wikselje inoar hieltyd ôf.

Styl

De Jong wikselet koarte dialogen ôf mei beskriuwingen fan lokaasjes, flashbacks en de tinzen fan de haadpersoan.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De spanning yn it boek sit him yn ferskate saken. De haadpersoan draacht in oantal geheimen mei him mei en docht sa út en troch dingen dy’t de lêzer beskôgje kin as net winsklik. Boppedat wurdt lang yn it midden holden wa’t de ûnbekende frou op de begraffenis wie.

Gronology

It ferhaal wurdt net perfoast gronologysk ferteld. Der wurde in soad sprongen yn de tiid makke. Sawol foar as efterút. Dat kin foar de N4-lêzer guontiden foar betizing soargje. Ek de N5- en N6-lêzer moat de kop der goed byhâlde.

Ferhaalline(n)

De ferhaallinen rinne troch de sprongen yn de tiid troch elkoar. Wol giet it ferhaal hieltyd oer de haadpersoan Sierd. It giet oer syn libben, earder en no.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld fan it perspektyf fan de alwittende ferteller út. De ferteller wurdt ôfwiksele mei in soad dialooch.

Betsjutting

Troch de sprongen yn de tiid is it dreger om ta in folslein begryp fan it ferhaal te kommen. In N5- en N6-lêzer sil hjir minder muoite mei hawwe. It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen dy’t ferwize nei maatskiplike diskusjes.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan Sierd is it wichtichste karakter. De lêzer kriget hieltyd better in byld fan syn persoanlikheid en de karren dy’t er makket. Fierder hawwe syn partner Ilse, syn dochter Hanna en syn Baskyske kontakt Amaia in grutte rol yn de ûntwikkeling dy’t Sierd trochmakket yn it boek.

Oantal karakters

It oantal útwurke karakters is goed te oersjen. It giet oer de lytse sirkel fan minsken om Sierd hinne.

Untjouwing fan de karakters

Sierd makket dúdlik in ûntjouwing troch yn it ferhaal. Hy is ûnwis oer syn takomst as skilder en oer syn libben op it Bildt. Hy giet op ûntdekkingsreis en komt efter wat der foar him it meast belangryk is. De oare karakters ûntjouwe harren net sa bot mar spylje allegearre in rol yn de ûntwikkeling dy’t Sierd trochmakket.

Ferantwurding

Boekprofyl Tresoar Blau fan dagen, griis fan ônrust – 2022

Relevante  boarnen foar dosinten

Nijsartikel Omrop Fryslân oer earste roman yn it Biltsk