Fries | Nivo start | Tie/Break

Tie/Break
- Niveau
- Niveau start
- Jaar uitgave
- 2024
- Uitgeverij
- Elikser
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 56
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- freonskip
- tennis
- geheimen
- konflikt
- foaroardiel
- Taalniveau
- A2
Over de auteur
Jan Minno Rozendal (1979) is yn De Westereen berne en hy hat skiednis yn Grins studearre.
Rozendal hat ferskate jeugdromans skreaun. Dat die er yn earste ynstânsje ûnder de skûlnamme I.E. Bloem. In skoftlang wie it net dúdlik wa’t I.E. Bloem wie. Mar doe’t er yn 2022 foar it boek it neidiel fan de twivel de Simke Kloostermanpriis krige, moast er him wol bekend meitsje om de priis yn ûntfangst nimme te kinnen.
Oare titels fan jeugdboeken fan Rozendal binne Eudiamoania en De Freon.
Inhoud
It ferhaal giet oer Jelle en Femke. Sy binne binne al jierren de bêste freonen. Se spylje tegearre fanatyk tennis. Mar no op de middelbere skoalle hat Femke ynienen oare ynteresses en siket sy freonskip by oaren. Alles liket wol oars wurden en Jelle fynt it mar neat. Wol Femke eins noch wol mei him dat belangrike tennistoernoai spylje? Hy ferliest stadichoan syn bêste freondinne, it famke dêr’t er alles fan wit, sels har aldergrutste geheim.
Leesaanwijzingen
It boek Tie/Break lêst flot. It ferhaal spilet him op werkenbere plakken ôf: de middelbere skoalle, yn de thússitewaasje en op de sportklub. Freonskip is in wichtich tema yn it boek.
It ferhaal draait om in geheim. Femke hat in grut geheim oan har freon Jelle tabetroud. Mar is dat geheim feilich by Jelle?
Om over na te denken
Hoe giest om mei in persoan dy’t earst dyn bêste freon(dinne) is en letter oare ynteresses kriget?
Wat is in passende straf foar immen dy’t in hiel grut geheim trochferteld hat? Hoe giest mei de persoan om dy’t in grut geheim fan dy trochferteld hat?
Hoe kombinearrest skoalle/hûswurk en de ambysje om topsporter te wurden?
Waardering
Hannah (1 vwo): ‘Ik fûn it hiel spannend om der achter te kommen wat it geheim fan Femke wie.’
Bjoke (1 vwo): ‘Ik fûn it in hiel leuk boek. Ik woe graach trochlêze en witte hoe’t it ôfrûn.’
Leestips/meer weten
Samengesteld door
Ans WallingaAanbevolen
Opdrachten
Niveau start - Opdrachten
Boek | Jan Minno Rozendal Tie/Break |
Nûmer | N0/1 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | kaft |
Learst | om nei te tinken wat it omslach fan in boek oer it ferhaal seit |
Opdracht | A Fraach 1. Wat fynsto fan it omslach fan it boek Tie/Break? Jou dyn miening oer ûndersteande fjouwer punten.
*Wat mei ‘sfear’ bedoeld wurdt, wurdt ûnder de literêre teory útlein. Fraach 2. Stel de útjouwer wol it boek Tie/Break opnij útjaan. Dêrby is it de bedoeling dat it boek in nij kaft kriget. Nim de wurden oer en folje oan.
B Untwerp in nij omslach foar it boek. Tekenje it nije omslach op papier of meitsje it op de kompjûter. It moat passe by de antwurden fan opdracht A, fraach 2. |
Literaire theorie | Sfear kin omskreaun wurde as de emoasjes of gefoelens dy’t in byld oproppe. By dizze emoasjes of gefoelens kinst bygelyks tinke oan bliid, lilk, fertrietlik, ferbaasd, nijsgjirrich, somber, ferheard, freugde, skamte, eangst ensafuorthinne. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Jan Minno Rozendal Tie/Break |
Nûmer | N0/2 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 0,5 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om in miening oer personaazjes te ferwurdzjen |
Opdracht | Opdracht 1.Ik soe wol mei Jelle befreone wêze wolle. Iens/niet iens, want… 2.Femke is in aardich en sympatyk persoan. Iens/niet iens, want… 3. It is hiel begryplik dat Jelle lilk op Femke is, omdat sy net mear mei him tennisje wol. Iens/niet iens, want… 4. Ik fyn it hiel goed fan Femke dat sy yn de pauzes net mear by Jelle-en-dy sitte wol, mar no by Zhanna en Nicole sitten giet. Iens/niet iens, want… 5. Tennis is de grutte passy foar Jelle en syn dream is om proftennisser te wurden, dêrom begryp ik wol dat er net sa bot foar skoalle motivearre is. Iens/niet iens, want…
B. By hokker fan boppesteande útspraak moastest it langst neitinke om te bepalen oftst it der iens of net iens mei wiest? Doch dat sa: Ik moast it langst neitinke by útspraak …, omdat… |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Jan Minno Rozendal Tie/Break |
Nûmer | N0/3 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 0,5 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | gefoelens |
Learst | om foarfallen en gefoelens te keppeljen |
Opdracht | By dizze opdracht moatst gevoelens keppelje oan foarfallen út it boek. Foarfallen
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Jan Minno Rozendal Tie/Break |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | kwestje |
Learst | om nei te tinken wat de gefolgen binne fan it trochfertellen fan in geheim |
Opdracht | Beantwurdzje ûndersteande fragen. Doch dat yn hiele sinnen. Werhelje de fraach yn it antwurd. A.
B.
- Femke? - Jelle syn âlden? - de konrektor?
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Jan Minno Rozendal Tie/Break |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | foaroardielen |
Learst | om nei te tinken oer foaroardielen |
Opdracht | Opdracht A.
B.
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Jan Minno Rozendal Tie/Break |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | Dyn oardiel kinst dúdlik meitsje mei allerhanne wurden. |
Opdracht | A.
B. Skriuw in mail (fan sa’n 100 oant 150 wurden) oan de skriuwer Jan Minno Rozendal fan it boek en jou him tips en tops oer Tie/Break. Bêste Jan Minno Rozendal, Ik haw it boek Tie/Break lêzen en ik wol jo graach witte litte wat ik fan it ferhaal fûn. Ik fûn it ferhaal… - - - - Mei freonlike groetnis,
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Yn 2024 skreau Jan Minno Rozendal it boek Tie/Break yn opdracht fan it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo. Dat projekt hat as doel om literatueredukaasje yn it earste learjier fan it fuortset ûnderwiis te stimulearjen en dêrmei de wille yn it (Frysk) lêzen te ûntdekken en te fergrutsjen. Neist it lêsboek is der oansprekkend lesmateriaal ûntwikkele, in audiomeilêsferzje makke én folje koarte filmkes it ferhaal oan.
Ynhâld
Jelle en Femke binne al jierren de bêste freonen. Se spylje tegearre tennis en binne altyd byinoar. Mar no hat Femke op ’e middelbere skoalle ynienen oare dingen by de ein. Sy wol graach goed leare, wylst Jelle dat mear wat foar nerds fynt. Nerds lykas Zhanna, harren nije klasgenoate út Oekraïne. Alles liket wol oars wurden en Jelle fynt it mar neat. Wol Femke eins noch wol mei him dat belangrike tennistoernoai spylje? Hy ferliest stadichoan syn bêste freondinne, it famke dêr’t er alles fan wit, sels har aldergrutste geheim.
Swierte
Foar de begjinnende (Frysk)lêzer is it in oantreklik boek, omdat it giet oer werkenbere situaasjes. De haadpersoan (Jelle) is mei syn freondinne fan de basisskoalle nei it fuortset ûnderwiis gongen. De freonskip feroaret bot en dêr kin Jelle net goed mei omgean.
It boek is net tsjok en de tekeningen yn it boek meitsje it ferhaal libbener.
It boek is skreaun yn in flotte en eigentiidske styl dy’t makket dat de lêzer net stroffelje sil oer drege wurden of ûnbekend taaleigen.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
Oer it algemien freget dit boek gjin grutte reewilligens fan de learlingen. It boek is net tsjok en it boek befettet tekeningen. |
Ynteresses |
De sport tennis nimt in fernaam plak yn yn it ferhaal. It helpt as de lêzer ynteressearre is yn sport/tennis. It ferhaal is poergeskikt foar dyjinge dy’t derfan hâlde om te lêzen hoe’t minsken mei elkoar omgeane. |
|
Algemiene kennis |
Der is gjin algemiene kennis fereaske. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is hiel tagonklik. |
Sinskonstruksjes |
Benammen koarte en ienfâldige sinnen. Hiel geskikt foar nivo Start. |
|
Styl |
De styl is koart en bûnich en dêrmei tagonklik. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der sit in protte aksje yn it ferhaal. Benammen it geheim dat Femke by har draacht makket it spannend. |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt út it perspektyf fan de haadpersoan Jelle ferteld. |
|
Betsjutting |
De tema's yn Tie/Break wurde eksplisyt beskreaun. De ûntjouwingen tusken ûnderlinge ferhâldingen fan de personaazjes kinne bydrage oan refleksje by de lêzer. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Jelle – in jonge yn de earste klasse fan de middelbere skoalle – is de haadpersoan. Hy reagearret op it ferskil yn it hâlden en dragen fan syn freondinne Femke. Neist boppesteande beide karakters is it tal karakters beheind en is harren rol yn it ferhaal dúdlik. |
Oantal karakters |
It oantal karakters neist de haadpersoan is oersichtlik en goed nei te kommen. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Benammen Jelle makket in ûntjouwing troch. Nei in ympulsive aksje - it trochfertellen fan in grut geheim - moat er mei de gefolgen omgean. En in foaroardiel oer in klasgenoat blykt letter yn it ferhaal net te klopjen. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
https://www.tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bceade |