Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 4 | Rimen en teltsjes (seleksje)

Rimen en teltsjes (seleksje)

Rimen en teltsjes (seleksje)

Bruorren Halbertsma
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1871
Uitgeverij
Friese Pers/Noordboek
Plaats
Ljouwert/De Gordyk
Aantal pagina's
622
Genre
  • Samling fan proaza en poëzy
Tags
  • romantyk
  • Fryslân
  • tradysje
  • klassiken
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek
https://bit.ly/33rFpLn

Over de auteur

Rimen en teltsjes is skreaun troch de Bruorren Halbertsma. Der binne fjouwer bruorren: Joast (1789-1869), Tsjalling (1792-1852) en Eeltsje (1797-1858). Der wie ek noch in oare broer, Binnert (1795-1847, mar dy wie literêr minder aktyf. De famylje wenne yn Grou en wie oansletten by de mennistetsjerke (doopsgezind). Se hearden by de rikere, liberale boppelaach fan Fryslân. Twa fan de jonges, Joast en Eeltsje, gongen te studearjen en dat wie bysûnder foar dy tiid. De oare beide jonges waarden bakker en keapman. Joast Hiddes waard letter dûmny yn Boalsert en Dimter. Eeltsje Hiddes waard dokter yn Purmerein en dêrnei yn syn bertedoarp Grou. Sjoch foar mear ynformaasje oer de bruorren op de side oer Fryske literatuerskiednis Salang't de beam bloeit.

Inhoud

Yn Rimen en teltsjes steane mear as 300 teksten. Yn de opdrachten fan Lezen voor de Lijst wurde dêr in stik as tsien fan behannele.
Rimen en teltsjes waard wol it folksboek fan de Friezen neamd fanwege poëzy en proaza yn ‘de smaak des volks’ (yn de wurden fan Joast) mei meast tradysjonele ferskes en folksaardich proaza, mar ek mei ynformative teksten oer bgl. de oarsprong fan it jild en filosofyske ferhanlingen. It waard lêzen troch gelearde en minder gelearde minsken fan hege en legere komôf, Frysk en net-Frysk. It is ek in boek dat meardere generaasjes oerlibbe hat, want yn 2009 wie it oan de 12de printinge ta. It bekendste Fryske liet, it folksliet, is ek te finen yn Rimen en teltsjes en hat de titel ‘De âlde Friezen.’
Foar dizze opdracht silst in oantal gedichten en lietsjes lêze, dy’t dy sjen litte hoe’t minsken yn dy tiid libben en tochten, wêr’t se fan genietsje koene, hoe’t se feesten fierden en watfoar ferhalen se moai fûnen.  

Leesaanwijzingen

Rimen en teltsjes is al twa iuwen âld. It kin lêstich wêze om dy yn de wrâld fan de 19de iuw te ferpleatsen. Dy is ommers sa oars as uzes. Ek it wurdgebrûk is net mear fan ús tiid.

Om over na te denken

De bruorren Halbertsma litte ús in wrâld sjen dy’t allang net mear bestiet. It is de wrâld fan 200 jier ferlyn, dy fan de pakes en beppes fan dyn pakes en beppes en dêr de âlden fan. Binne der dingen fan doe itselde as yn de wrâld fan no? Laken en gûlden de minsken om deselde dingen?

Waardering

“Over het algemeen vind ik de teekeningen gelukt. Natuurlijk zijn ze niet volmaakt. Van de drie portretten vind ik Joost uitstekend, grootvader (te weten Tjalling Hiddes) heel goed; oom Eeltje matig. Hij is te zwart gemaakt. De vrouwen zijn niet erg gelukt. Van Sibbel, die mooi moet zijn, maakt hij een lelijke dikke vrouw. Maar de meeste teekeningen zijn alleraardigst en het geheel is een lust voor de ogen en voor het hart.” dr. S.J.Halbertsma (1919) www.dbnl.org/tekst/_tsj002196201_01/_tsj002196201_01_0091.php

“De Halbertsma’s joegen "it Fryske folk in literêr monumint, dêr't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach.” Anne Wadman (1949), Frieslands dichters.

“Max Havelaar en Camera Obscura. Folle mear hat de 19de iuw as it om de Nederlânske literatuer giet net opsmiten. De konstatearring is basearre op it tal werprintingen. Ferlike dêrmei spilet de folle lytsere Fryske literatuer net swak by. Rimen en teltsjes mei dan noch it iennichste boek út de 19de iuw wêze dat noch geregeld werprinte wurdt. Ferhalen as ‘De jonkerboer’ en ‘Reis nei de jichtmasters’ binne klassyk wurden. Lietsjes as de ‘Boalserter merke’ wurde hjoeddedei noch altiten songen.” Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 11 septimber 2009.

Opmerkingen

It boek ferskynde foar it earst yn 1871 en yn 2009 ferskynde de 12de printinge.

Witst dat it Frysk folksliet ‘De âlde Friezen’ (Frysk bloed, tsjoch op) hast 200 jier lyn skreaun is troch Eeltsje Halbertma en dat it earst net iens bedoeld wie as folksliet? Dat waard it pas jierren nei syn dea.

It taalnivo fan de seleksje (ERK-nivo) ferskilt per sjenre en rint fan B2 oant C1-2.




Leestips/meer weten

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Bruorren Halbertsma Rimen en teltsjes (seleksje)
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokustradysje
Learst

om te sjen wat earder oars wie, mar ek wat noch altiten sa is.

Opdracht

1. Sykje it it fers ‘De Boalserter merke. Fan Hoatse mei syn Wobbel’ op en besjoch de tekening fan Ids Wiersma.

a. Hoe sjocht by jimme de merke derút? Wat wurdt der allegearre dien? Fynst de merke al of net leuk? Sjochst dat werom op de âlde tekening fan de Boalserter merke? Skriuw in fers of koart ferhaaltsje oer de merke yn dyn wenplak.

b. It is in frij lang liet besteande út 12 kûpletten. Skriuw út elk kûplet ien sin oer dy’t neffens dy it bêste de ynhâld fan it kûplet werjout. Foarbyld:

Kûplet 1: Seach ik in famke gean
Kûplet 2: Ik seach har oan, ik seach har nei
Kûplet 3: …
It risseltaat is koarte gearfetting fan it gedicht.

c. Wat betsjut it sintsje: ‘patsje sûnder ein’?

2. Sykje no de tekst ‘Sibbel fan De Ryp’ op en besjoch it plaatsje.

a. Yn watfoar doarp stiet Sibbel op de redens? Hoe witst dat?

b. Wa is de man dêr’t Sibbel om siket? Lis dyn antwurd út oan de hân fan de tekst.

c. Soe hy hjoed de dei ek noch de ‘ideale man’ wêze? Ljochtsje dyn antwurd ta.

3. Sykje it fers ‘De likeblommen’ fan Eeltsje Halbertsma op.

a. Lês it gedicht troch en beäntwurdzje de folgjende fragen:
- De âldste suster fan de ik-persoan hyt Marij. Skriuw Marij har goede eigenskippen dy’t neamd wurde yn kûplet 3-6 op.
- Wat die Marij yn har frije tiid? Lês hjirfoar kûplet 7-12.
- Yn it 13de kûplet giet Marij út te riden, wylst it net mear kin. It begjint ommers teiwaar te wurden en it reint. Heit, mem en de broerkes en suskes binne thús. Dan wurdt der op de doar kloppe. Wa klopje op de doar en wat foar boadskip hawwe se?

b. Wêrom is de titel fan dit gedicht ‘De likeblommen’? Lis út oan de hân fan in fragmint út it gedicht.

c. Wat is it boadskip fan dit gedicht sa’t it yn it lêste kûplet stiet? Wat fynst fan dizze wize ried?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Bruorren Halbertsma Rimen en teltsjes (seleksje)
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
FokusFrysk fielen
Learst

hoe’t Fryske skriuwers fan 200 jier harren fielden.

Opdracht

1. Besjoch it gedicht ‘De âlde Friezen’ fan Eeltsje Halbertsma. De earste strofe fan dit fers silst wol kenne. Eeltsje skreau dit fers, mar hie it net bedoeld as Frysk folksliet. It waard foar it earst songen by in Halbertsma betinkingsfeest yn 1875. Pas koart dêrnei waard it ek it offisjele Fryske folksliet.

a. Wat betsjut ‘tsjoch op’? Sjoch op Taalweb Frysk ûnder ‘optsjen.’ Wat betsjut ‘flean op!'. Sjoch op Taalweb Frysk ûnder ‘opfleane’. Wat soe it Fryske bloed dwaan moatte, neffens Eeltsje Halbertsma? Wat fynst fan dit dichterlike byld? Ljochtsje ta.

b. Eeltsje Halbertsma skriuwt dat de Fryske grûn ‘âlde eare’ ken. Dat betsjut dat de Fryske grûn ryk is oan histoarje. Wat foar earfolle saken wurde neamd yn de kûpletten 2-5?

c. Fielsto dysels in ‘grien en krêftich leat’ fan de Fryske stamme, dat wol sizze bisto grutsk op dyn Fryske ôfkomst? Wêrom?

d. By wat foar gelegenheden wurdt it Fryske folksliet spile? Wat docht dat mei dy?

2. Lês it gedicht ‘De Fryske tsjirlen’. In tsjirl is in ‘kearel.’
a. Fryske helden út de skiednis wiene ûnder oare Redbad, Grutte Pier en Eise Eisinga. Sy steane beskreaun yn de Fryske skiedniskanon 11en30 finster 5, 10 en 20 (http://www.11en30.nu).
Sykje by elk fan dizze trije op wannear as se libben en wat hawwe sy dien hawwe foar Fryslân en de Friezen.

b. Redbad, Grutte Pier en Eise Eisinga – in kening, in kriger, in wittenskipper. Wa fan de trije sprekt dy it meast oan? Lis dyn antwurd út.

c. Binne der hjoed-de-dei ek noch Fryske helden? Stride se ek noch foar Fryslân en it Frysk? Lis dyn antwurd út.

d. Kinne Fryske ‘tsjerlen’ ek froulju wêze? Neam trije bekende Fryske heldinnen fan earder en trije fan no.

3. Lês it gedicht ‘Gysbert Japix’ grutte namme’.
a. Wêrom hat Eeltsje Halbertsma syn boatsje nei Gysbert Japicx neamd?

b. Der stiet yn Rimen en teltsjes noch in gedicht oer Gysbert Japicx, ‘Us Gysbertomme’. Wat betsjut it wurd ‘Gysbertomme’?

c. Beäntwurdzje de folgjende fragen:
- Wêr wenne Gysbert neffens dit gedicht? Helje it antwurd út strofe 1.
- Wat wie syn berop? Helje it antwurd út strofe 1-2.
- Hoe fûn er syn berop, tinkst? Helje it antwurd út strofe 2-6.
- Koe Gysbert libje fan syn dichtkeunst? It antwurd stiet yn strofe 8, 9.
- Wat wie syn taak yn de tsjerke? Helje it antwurd út strofe 10.

d. Gysbert Japicx wie ek dichter (poëet), sa stiet der yn it gedicht ‘Us Gysbertomme’. Gysbert seach de ideale Fries as ‘rjocht en sljocht.’ Wat betsjut dat? Wat fynst derfan dat Gysbert de Friezen rjocht en sljocht fûn, hie er gelyk?

Wat foar foaroardielen besteane der tsjintwurdich mear oer Friezen? Watfoar foaroardielen oer Friezen klopje, watfoar foaroardielen klopje net, neffens dy?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Bruorren Halbertsma Rimen en teltsjes (seleksje)
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfolksferhalen yn Rimen en teltsjes
Learst

dat yn Rimen en teltsjes in soad fertellingen fan it folk opnaam binne. 

Opdracht

1. ‘De Langesleattemer man’ is in spûkferhaal. It is op rym setten troch Eeltsje Halbertsma. Spûkferhalen binne folksferhalen. Se komme yn Fryslân in protte foar en se binne gauris bûn binne oan in bepaald plak. De Langesleattemer man stiet ek bekend as de smid fan Earnewâld.

a. Benammen yn de Fryske Wâlden kin it flink spûkje. Kensto in folksferhaal of spûkferhaal neame dat spilet yn dyn eigen doarp of streek? Freegje oars dyn heit, mem, pake, beppe of in âldere doarpsbewenner der ris nei. Skriuw it ferhaal koart op.

b. Tsjintwurdich jouwe âlders har dochter faak in warskôging mei as se op stap giet. Wat foar warskôging sil dat wêze? Wat is de warskôging fan Eeltsje Halbertsma (sjoch lêste kûplet)?

c. It spûk makke mear slachtoffers as allinne de fiskersdochter yn it gedicht fan Eeltsje Halbertsma. Wat die de smid noch mear om skippers dwers te sitten? Neam trije foarbylden en helje dy út it ferhaal dat hjirûnder stiet.

'Net allinnich dat de smid fan Earnewâld de planke fan it skip skuorde, mar hy lei him ek faak wif. Dêr moast men tige mei oppasse. Dan lei er de planke sa, dat as men der op stapte, dan kaam men tusken wâl en skip terjochte. Hy hie der in hantsje fan en lûk de planke in bytsje skeef, dat presys it iene tipke noch op it skip lei. As men der dan op stapte, kantele de planke.
It wie net sasear dat de smid nachts it skip nei de oare kant ferlei, mar hy goaide de katten en de touwen los en hy liet it fuortdriuwe, want hy woe it fan 'e wâl ôf ha. Dan wie it grutte gefaar, as de skipper der dy nachts út kaam, dat er nei de kant rûn dêr't de wyn wei kaam en dêr't er miende dat de planke lei of de wâl wie. Dan soe er op 'e wâl springe, mar hy sprong yn pleats yn 't wetter en ferdronk.
De smid makke nachts net allinnich de skippen los, mar hy draaide se ek wol ris om, dat se mei de kop de oare kant út leinen. Dan stapte de skipper ek by de ferkearde kant del' (Steven de Bruin).

Bronnen

Jurjen van der Kooi, De nachtmerje fan Rawier. Fryske sêgen oer it boppenatuerlike. Ljouwert, Friese Pers 2000.

http://www.binnenbuitenpost.nl/buitenpost/geschiedenis/volksverhalen3.html

http://www.verhalenbank.nl/items/show/13665

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Bruorren Halbertsma Rimen en teltsjes (seleksje)
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokusramtfertelling
Learst

nei te tinken oer wat in ramtfertelling is en hoe’t in ramt ferskillende ferhalen byinoar hâldt.

Opdracht

1. Sykje de teksten ‘In wurdsje foarôf’, ‘Noch ta beslút...’, ‘De twadde jûn’ der marris by. Dêr hearre dizze fragen en opdrachten by.

a. Rimen en teltsjes is in ramtferhaal (kadervertelling, raamvertelling). Haadfiguer is Gabe Skroar. Wat is in skroar? Lês yn ‘In wurdsje foarôf’ en ‘Noch ta beslút’ hoe’t beppe oan de ferhalen kaam is en hoe Gabe syn libben wie. Skriuw op watst fan Gabe en syn libben te witten kaam bist.

b. Sykje op wat in ramtferhaal krekt is. Besykje ek in foarbyld te finen fan in oar ramtferhaal datst sels kenst. Dat kin in film wêze of in boek. Beskriuw hoe dat yn inoar siet.

Nuvergenôch is it ramtferhaal fan Gabe net oan it begjin en de ein fan Rimen en teltsjes te finen.Yn it boek is Gabe yn guon ferhalen haadpersonaazje, en fierder wurdt er ek noch gauris neamd yn koarte notysjes dy’t diel útmeitsje fan it ramt fan it ferhaal. De struktuer fan it ramtferhaal is net konsekwint. De bysûndere struktuer fan Rimen en teltsjes hat te krijen mei de ûntsteansskiednis fan it boek. De bruorren skreaune der alle fjouwer tagelyk oan en stimden blykber net ôf.

De earste teksten fan de Rimen en teltsjes komme út 1822 en ferskynden ûnder de titel De Lape koer fen Gabe Skroar. Troch de tiden hinne waard dat boek hieltiten op ‘e nij útjûn en útwreide oant útjouwer J. de Lange fan Dimter De Lape koer fen Gabe Skroar yn 1871 ûnder de titel Rimen en teltsjes útbrocht. De nijste útjefte is de tolfde printinge fan 2009.

c. De samling gedichten en ferhaaltsjes dy’t yn 1822 ferskynden ûnder de titel De Lape koer fen Gabe Skroar kamen yn 1871 út as Rimen en teltsjes. Der wie in flink tal teksten tafoege.

It wie de tiid fan de Europeeske romantyk. Yn de earste helte fan de 19de iuw ferskynden mear samlingen fan folksferhalen en mearkes. Kinder- und Hausmärchen fan de Bruorren Grimm wie dêr in foarbyld fan. De samling Märchen der Brüder Grimm befettet 27 mearkes (sprookjes), ek bekenden lykas Hans en Grietje, Sneeuwwitje en Roodkapje. De mearkes wurde ferteld yn de oarspronklike taal. De measte mearkes binne yn it heech Dútsk, mar der is ek in oantal yn dialekt.

Lis mei help fan de ynformaasje hjirboppe út wêrom’t Rimen en teltsjes it folksboek fan de Friezen neamd wurdt.

d. Lês no it ferhaal ‘De twadde jûn’ oant op de tredde side de studint seit ‘Sa as it sprekwurd seit: Gods barmhertichheid en pape-gjirrichheid duorje ta yn ivichheid. Amen.’

Wêr yn dit fragmint dûkt de ramtfertelling fan Gabe op?

Literaire theorie

Basisboek: raamvertelling.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Bruorren Halbertsma Rimen en teltsjes (seleksje)
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotiven
Learst

linen yn de literatuer troch te lûken fan earder nei no.

Opdracht

1. Lês it gedicht: ‘Twa berntsjes yn ’t wâld’ en besjoch it plaatsje. Gean dan fierder nei de fragen en opdrachten.

a. Dit fers hat mar leafst 42 kûpletten. Skriuw yn stekwurden per kûplet de ynhâld op.

b. It taalgebrûk yn de Rimen en teltsjes is datearre. In protte wurden yn dit gedicht wurde tsjintwurdich net mear brûkt. Neam dêr fiif foarbylden fan en jou oan hoe’t it tsjintwurdich sein wurdt.

c. Yn dit hiel lange gedicht komme motiven foar dy’t wy ek út oare mearkes en ferhalen kenne:

  • Heit en mem ferstjerre, bern bliuwe allinne oer.
  • Bern rinne mei in bosk yn om fermoarde te wurden.
  • Bern wurde achterlitten yn it bosk.
  • Man ropt straf boppe himsels ôf en krijt dy straf ek.
  • Gods wraak kinst net ûntrinne.

Neam by elk motyf in oar gedicht, ferhaal, roman, film, liet dêr’t dit motyf ek yn foarkomt. Se meie âld wêze, mar ek resint.

d. Yn it lêste kûplet stiet de moraal fan it ferhaal. Dat betsjut datst der wat fan leare kinst. Formulearje op basis hjirfan in koarte ‘tegeltsjewiisheid.’ Dat wol sizze: fertel it boadskip yn seis of minder wurden.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Bruorren Halbertsma Rimen en teltsjes (seleksje)
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2
Wurkfoarmyndividueel
Fokustekst
Learst

in drege tekst yn biten en brokken te begripen.

Opdracht

1a. Joast Halbertsma skriuwt in brief oan Eölus (sjoch hjir foar de tekst)? Wa is Eölus?

b. De tekst begjint mei in motto fan Vergilius dêr’t hjir de earste helte fan werjûn wurdt:

alia flammato secum dea corde volutans 
Nimborum in patriam, loca feta furentibus austris,

Aeoliam venit. Hic vasto rex Aeolus antro
Luctantes ventos tempestatesque sonoras
Imperio premit ac vinclis et carcere frenat.
Illi indignantes magno cum murmure montis 
Circum claustra fremunt; celsa sedet Aeolus arce
sceptra tenens, mollitque animos et temperat iras.

Yn it Ingelsk:
So debating with herself, her heart inflamed, the goddess came to Aeolia, the country of clouds, pregnant with raging south winds. Here in his vast cave, King Aeolus, keeps the writhing winds and the roaring tempests under control, and curbs them with chains and imprisonment. They moan angrily at the doors, with a mountain’s vast murmurs: Aeolus sits, holding his sceptre in his high stronghold, and softens their the spirits and calms their angers.

Wat foar ynformaasje krijst noch mear oer Eölus troch dit boppesteande motto yn it Latyn en Ingelsk?

De stoarmen fan 1836 binne de boeken yngongen as legendarysk. De stoarm fan 29 novimber 1836 moat de krêft fan in orkaan hân hawwe. Gebouwen, beammen, mûnen, fan alles waaide om. Der foelen ek deaden. Mei de krystdagen 1836 kaam der noch in grutte stoarm achteroan.



Hjirboppe beskriuwt Cornelis van der Vijver wat der yn Ljouwert oan de hân wie. Syn boek hyt Gedenkboek van den orkaan in November 1836. Sjoch hjirûnder ek by de downloads.

Neam fiif saken dy’tst lêst yn boppesteand krantestikje dy’t weromkomme yn ‘Oan Eölus’ fan Joast Halbertsma.

d. Lês it foaropwurd ‘Friezen!’ troch. Joast hat Eölus in brief skreaun oer it needwaar fan 29 novimber 1836. Hy krige ek in brief fan Eölus werom. Wannear en wêrom presys doe?

e. Lês de earste alinea fan it brief: ‘Mynhear Eölus … syn keukenfaam’ en beäntwurdzje de folgjende fragen:
Wat skriuwt Joast Halbertsma oer Paulus Liger (alias Paulus Scheltema)? Bestie dy man echt? Wêrom neamt Joast Halbertsma Paulus Liger yn ‘Oan Eölus’?

f. Lês no de 7de alinea fan ‘Ik rûn yn ‘e lijte’…. wille mei him’. Joast Halbertsma beskriuwt wat der barde yn de stoarm by De Worp. De Worp is yn syn wenplak Dimter tichtby de Isel. Beskriuw yn eigen wurden wat Joast seach.

g. Lês in pear bledsiden fierder ‘Ik bleau in amerijke … it mochte bekend stean.’
Wat bart hjir? Beskriuw yn eigen wurden.

2. Eölus stjoert ek in brief werom. Dy begint sa: ‘Nommele freonen!…….fan myn bêd sieten’. Wa stekt Eölus hjir de gek oan? Hoe witst dat?

Downloads Knipsel boek
Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Rimen en teltsjes is it samle wurk fan de Bruorren Halbertsma: Joast (1789-1869), Tsjalling (1792-1852) en Eeltsje (1797-1858). Der wie ek noch in oare broer, Binnert (1795-1847). Dy wie literêr minder aktyf, mar fan him is ek wurk yn Rimen en teltsjes ferskynd. De earste teksten fan de Rimen en teltsjes komme út 1822 en ferskynden ûnder de titel De Lape koer fen Gabe Skroar. In ‘skroar’ is in kleanmakker.
Troch de tiden hinne waard dat boek hieltiten op ‘e nij útjûn en útwreide mei teksten dy’t op oare plakken ferskynd wiene (bgl. yn almenakken) oant útjouwer J. de Lange fan Dimter De Lape koer fen Gabe Skroar yn 1871 ûnder de titel Rimen en teltsjes útbrocht.
De nijste útjefte is de tolfde printinge fan 2009. Yn dy útjefte binne ek de tekeningen opnommen Ids Wiersma út de edysje fan 1918.
De teksten binne hast 200 jier âld. Yn dizze karút foar it ûnderwiis is besocht om in ynkykje te jaan yn de wrâld en it wurk fan de Halbertsma’s. Harren fleurige ferskes, tryste lieten, ferheljende balladen, humoristysk proaza en satire binne ek hjoed-de-dei noch it lêzen wurdich. Omdat harren wrâld uzes net mear is en net alle ferwizingen de lêzers no noch wat sizze, is keazen foar in beheinde seleksje út Rimen en teltsjes dy’t brûkber is yn it ûnderwiis.

Ynhâld

Yn Rimen en teltsjes steane mear as trijehûndert fersen, ferhaaltsjes, skôgingen en aforismen. Yn de opdrachten fan Lezen voor de Lijst wurdt dêr mar in oantal fan behannele. Rimen en teltsjes waard wol it folksboek fan de Friezen neamd fanwege poëzy en proaza yn ‘de smaak des volks’ (yn de wurden fan Joast) mei meast tradysjonele ferskes en folksaardich proaza, mar ek mei ynformative teksten oer bygelyks de oarsprong fan it jild en filosofyske ferhanlingen. It waard lêzen troch gelearde en minder gelearde minsken fan hege en legere komôf, Frysk en net-Frysk. It is ek in boek dat meardere generaasjes oerlibbe hat, want yn 2009 wie it oan de 12de printinge ta. It bekendste Fryske liet  ‘De âlde Friezen’ (Frysk bloed, tsjoch op) is ek te finen yn Rimen en teltsjes.

Swierte

De teksten yn Rimen en teltsjes binne tige ferskillend kwa lêsnivo. De N3-lêzer ûntdekt yn folksaardige gedichten, balladen en lieten Fryslân fan de 19de iuw. Yn dy teksten krijt de lêzer gauris in libbensles mei, dy’t soms ek hjoed-de-dei noch ynhâld hat.
De N4-lêzer ferdjippet syn kennis oer literêre klassikers en wichtige skriuwers troch him yn te lêzen yn achtergrûnen en literêr-histoaryske kontekst fan poëzy fan de bruorren Halbertsma oer âldere Fryske skriuwers.
De N5-lêzer ûntdekt mei help fan de opdrachten djippere betsjuttingslagen yn langere poëzy- en proazateksten yn Rimen en teltsjes.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him it 19de iuws Fryslân. Taal, wurdgebrûk, styl, ynhâlden en humor binne oars as wat tsjintwurdich gewoan is.  

Ynteresses

De lêzer moat ynteresse hawwe yn Fryslân yn de 19de iuw (N3), yn de Fryske ferteltradysje (N4) of yn 19de iuwsk proaza mei metafoaren en ferwizingen dy’t foar de hjoeddeiske lêzer dreger te pleatsen binne (N5).

Algemiene kennis

Net fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich, allinne wol it besef dat it giet om âlder literêr wurk. De lêzer sil him soms ûnwis fiele oer syn eigen tekstbegryp.

 

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is op N3-nivo reedlik tagonklik, al komme der yn de teksten wurden foar dy’t tsjintwurdich net mear brûkt wurde. Op de hegere lêsnivo’s wurde Fryske wurden brûkt, dy’t net mear gongber binne en dy moatte miskien efkes neisocht wurde yn it wurdboek (N4, N5).

Sinskonstruksjes

De kompleksiteit fan de sinnen ferskilt fan lêsnivo ta lêsnivo. Yn de N5-teksten binne de sinnen soms kompleks.

Styl

De styl is frij tagonklik. Metafoaren en ferwizingen nei it ferline binne foar de hjoeddeiske lêzer net altiten dúdlik.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der is aksje yn de teksten op N3 en N4-nivo, mar dy sil guon lêzers wat ‘kneuterich’ oandwaan, bygelyks tradysjes om frijerij hinne. Op N5-nivo is der ek aksje yn ‘Oan Eölus’, mar it giet dêrby om ‘yntellektuele aksje’.

Gronology

It ramtferhaal is it ferhaal fan de beppe fan Gabe Skroar dy’t in lapekoer fynt mei snypsels mei teksten derop. Gabe wie kleanmakker. Dêrom wie de titel fan de earste útjeften ek De lape koer fan Gabe Skroar.

De snypsels foarmje de binnenste tekst, dat binne dus de ferskes, gedichten en ferhalen yn it boek.

Rimen en teltsjes is yn fazen ûntstien en ek hat de iene broer langer fêsthâlden oan it Gabe Skroar-ramt as de oare. Hielendal logysk is Rimen en teltsjes dus net opboud.

Ferhaalline(n)

De kompleksiteit sit him net yn ferhaallinen. Dy binne op N3 en N4-nivo meast rillegoed te folgjen. Op N5-nivo (Oan Eölus) is de tinktrant aardich kompleks, omdat de kontekst fan de 19de iuw net bekend is.

Perspektyf

Meastentiids binne yn de ferskes en ferhaaltsjes ik-fertellers en alwittende fertellers oan it wurd.

Betsjutting

Rimen en teltsjes is in klassyk wurk dat heart yn de kanon fan de Fryske literatuer en skiednis. De skriuwers woene dat elke lêzer yn Rimen en teltsjes wat fan syn gading fine koe. Dat ‘elk’ is wol foar de ferskillende bruorren wer oars. Joast hie de yntellinte hegerein foar eagen, Eeltsje de ‘boeren’, wat net altiten de beropsgroep betsjutte, mar ek Frysktaligen yn it algemien. De sammelbondel biedt in spegel fan it Fryske libben yn de 19de iuw. De stikken binne ek wolris wat autobiografysk en ferhelje út it libben fan de bruorren.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De karakters wurde net bot útdjippe. Se bliuwe allegearre flak. Dat wie normaal yn de Fryske 19de-iuwske literatuer.

Hoemannichte

Der komme in soad persoanen yn proaza en poëzy foar, mar dat jout gjin problemen. De persoanen en sitewaasjes neamd yn de skôging  ‘Oan Eölus’ binne yn ús tiid meast net mear bekend. Unbekendheid mei de kontekst fan de 19de iuw is earder in probleem as de hoemannichte karakters.

 

Untjouwing fan de karakters

De fertellers en karakters ûntjouwe harren net. Dat wie normaal yn de Fryske 19de-iuwske literatuer.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten