Fries | niveau 4 | Under wetter

Under wetter

Under wetter

Tiemersma, Koos
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2009
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
239
Genre
  • distopyske roman
  • ideeëroman
  • psychologyske roman
Tags
  • frijheid
  • Fryske beweging
  • klimaatferoaring
  • leafde
  • takomst fan it Frysk/Fryslân
  • identiteit
Taalniveau
C1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Hy die de pedagogyske akademy en wurke sûnt 1975 yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis. Sûnt 2014 is er mei pinsjoen. Foardat er as skriuwer begûn spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Dêrnei folgen noch fiif, de lêste allinne as e-book. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Under wetter is wat de opbou oangiet syn meast tagonklik wurk. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy't de lêzer hyltyd wer ferrast.

Inhoud

Dizze roman spilet oer fyftich jier. De seespegel stiet in stik heger as no en earder al hat 'de Kommisje' besletten de helte fan Nederlân priis te jaan oan it wetter. Der wurdt in grutte nije seedyk boud, Fryslân leit oan de ferkearde kant. In groepke studinten wennet yn Ljouwert, dat al heal ûntfolke is, en wol net samar fuortgean. Se binne fan doel om in oanslach te plegen op ien fan de betinkers fan de plannen. Op 2 oktober 2065 begjint haadpersoan Sil Posset oan in deiboek. Dy dei marsjearje Poalske soldaten de stêd yn om de oarder te hanthavenjen. De lêzer folget Sil yn de lêste trije moannen fan 2065: syn leafde foar Ynke, syn fraach hoe't it komt mei de Friezen en it Frysk, de ferhâlding mei syn freonen dy't hyltyd minder wurdt, allegear tsjin de achtergrûn fan in stêd dy't ferfalt en ûntmantele wurdt. As op 1 jannewaris 2066 alles ûnder wetter komt te stean wit Sil yntusken wêr't syn takomst leit.

Leesaanwijzingen

Koos Tiemersma hat in tige byldzjende en literêre styl en seit de dingen soms oars as sljochtwei. Dêr moatte je op betocht wêze en miskien oan wenne. Sa skriuwt haadpersoan Sil daliks oan it begjin al yn syn deiboek: 'Hjoed foar it earst in oarlochsboek bewenne', as er de Poalske soldaten de stêd ynkommen sjocht. Fierder moatte je wenne oan de sprongen dy't it ferhaal bytiden makket.
Alle wichtige personaazjes wurde yn de earste tolve siden neamd sûnder folle útlis oer hoe't se har ta elkoar ferhâlde. Ek dat kin dreech oankomme. Ast de earste tritich siden lêzen hast nimt it ferhaal dy wol mei, mar it bliuwt los fan gearhing omdat it in deiboek is.

Waardering

'Ik haw dit boek mei in protte nocht lêzen. Tiemersma brûkt sa'n styl dat je hielendal yn Sil syn persoan sitte en de wrâld troch syn eagen besjogge.'
Jetske Bilker yn de Leeuwarder Courant

'Betizing is miskien wol it grutte tema fan Under wetter. It ferhaal spilet him dan wol ôf yn de takomst, de ynstruminten om dy te skilderjen hâldt Tiemersma hiel werkenber.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'Under wetter is, hoewol net sûnder tekoartkommings, lykwols ien fan 'e opmerklikste Fryske proazawurken fan 'e lêst pear jier (…).'
André Looijenga op Ensafh

Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: biografyske skets
Besprekken fan it boek by it boekprofyl
Website fan Froon Akker (Koos Tiemersma)

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen