De gouden swipe - Brouwer, AbeWês net bang - Jong, Hanneke deDe Reade Bwarre - Riemersma, Tr.De lêste trúk - Jong, Ferdinand deKoartsluting - Veer, Akky van derDe keet fan Annawâld - Scheltema, FreddyOar plak oare tiid - Bilker, JetskeWês net bang - Jong, Hanneke deIn kop as in almenak - Hindriks, ElskeDe Jacht - Ploeg, Durk van derDe keet fan Annawâld - Scheltema, FreddySkamte - Peanstra, AuckIt wurk fan 'e duvel - Ploeg, Durk van derDe keet fan Annawâld - Scheltema, FreddyDe Reade Bwarre - Riemersma, Tr.Skamte - Peanstra, Auck

Wolkom by 'Lezen voor de lijst' Frysk !

 

> Bloch-bydragen: oan de ein >

Ofdieling Frysk
Bist hjir op de thússide (home) fan de Fryske ôfdieling fan Lezen voor de lijst. Dit stik fan de site is bedoeld foar minsken dy't in paad sykje yn de Fryske literatuer. Dat kinne learlingen wêze út it middelber ûnderwiis, mar ek dosinten, âlden, bibleteekmeiwurkers, leden fan lêsklubs en oaren. Mar omdat de site yn it foarste plak foar learlingen bedoeld is, sizze wy hjir 'do' en net 'jo' - oaren dy't op de site komme fine it grif net slim dat wy dookje. 

In boek kieze foar de lêslist
Dizze site helpt dy by it kiezen fan boeken foar de lêslist en it ynskatten fan dyn lêsnivo. Ast langer mei de site oan de gong bist, kinst ek sjen oft dyn nivo feroaret.
Hjirûnder stiet hiel yn it koart hoe'tst mei de site oan de slach kinst.

Sykje út wat dyn lêsnivo is
Der binne seis lêsnivo's. Klik yn it submenu by 'Fries' op de menukar 'lêsnivo's'. Dan krijst in koarte beskriuwing fan de seis lêsnivo's. Lês dy troch en bepaal it nivo dat it bêste by dy past. Dat is fansels in skatting, miskien pasto ek wol in bytsje op twa nivo's. Kinst it ek mei dyn dosint beprate.

Sykje in boek
By de submenukar hjirboppe 'sykje in boek' kinst de list sjen fan alle Fryske boeken fan de site. By titels mei in stjerke is alle materiaal klear, by titels sûnder stjerke komt earstdeis noch mear te stean.

> Boppe-oan dy list kinst mei in tab selektearje op allinne de boeken fan dyn eigen lêsnivo. Elk nivo hat in eigen kleur.
> Besjoch de ynformaasje oer de boeken fan dyn eigen nivo (klik op it omslach yn de list).
> Op it ljochtblauwe tabblêd 'algemeen' stiet koarte ynformaasje oer it boek en de skriuwer en ek wurdearringen fan oare lêzers. Sykje sa it boek út dat dy oansprekt en dat by dy past.
> Op de oare tabblêden steane opdrachten fan ferskate nivo's, en ynformaasje foar de dosint (dy is net geheim...).

Mear ynformaasje
Yn de menu-rigel mei lytse letterkes hielendal boppe-oan by 'leerlingen' en 'docenten' stiet mear ynformaasje.

In eigen akkount
It is handich om in akkount te meitsjen. Dan kinst gebrûk meitsje fan alle mooglikheden fan de site. Kinst bygelyks boeken yn dyn eigen boekekast sette, dyn boekelist Frysk meitsje en dy nei dyn dosint tastjoere. By alle boeken yn dyn boekekast kinst sels noytsjes meitsje en dy bewarje. Ast in boekje yn dyn boekekast in finkje joust datst it útlêzen hast, kinst it boek ek wurdearje (1-5 stjerren).

Wy winskje dy in soad sukses by it boekútsykjen en nocht by it lêzen!

De redaksje fan de ôfdieling Frysk

Ans Wallinga (OSG Singelland, Drachten)
Babs Gezelle Meerburg (NHL Hogeschool, Ljouwert)
Teake Oppewal (Tresoar, Ljouwert)

Blogs

Tsjêbbe Hettinga: Alle wurk yn ien boek

Gepost op woansdei 19 april 2017 door: Teake Oppewal

Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) wie in ferneamd Frysk dichter. It filmke hjirboppe is makke yn Medellín yn Kolombia. Dêr trede er yn 2007 op op in grut ynternajonaal poëzijfestival. It gedicht dat er foardraacht is ‘De krûk’. Hy begjint syn yntroduksje mei in stikje yn it Spaansk: 'Ti amo, Medellín. Ti amo, Colombia. Con mi todo corazón'.

Lees verder


Wat foar boek soest graach op dyn list ha? Fertel it ús!

Gepost op tongersdei 23 febrewaris 2017 door: Teake Oppewal

De lêste wiken binne trije nije titels tafoege oan de list mei Fryske boeken op 'Lezen voor de lijst'. De trije nije titels op de site binne:
De Nova Scotia staazje
(N2) fan Ferdinand de Jong
De dei dat Farah Bezaz ferdwûn (N3) fan Aggie van der Meer
It wurk fan ’e duvel (N3) fan Durk van der Ploeg
Oer dy lêste titel giet it ûndersteande ferrassende filmke út 2012.

Lees verder


Roman 'Paadwizer' wer boppe-oan

Gepost op tongersdei 1 desimber 2016 door: Teake Oppewal

Yn novimber wie foar de  twadde moanne achter elkoar de roman Paadwizer fan Eelkje Tuma it populêrste boek yn de kategory N3-N6.

Tuma Eelkje Jan Kalma 2003

Lees verder




naar het blogarchief